de omjowing wie der prachtich en earlik sizze se wienen rij mei de jenever. de oare deis hiene wy stipe fan 'e àtjery doe wie 't fansels gau bisjoen hoewol op 'e slachfjilden de gewearen en prachtige samuraiswurden mank de kameraden lizze mei raffele unifoarmen hawwe de holle achteroerlein mei útstekkende wangbonken de lippen mei de burdstoppels strak oer de tosken lutsen hwat sille wy sizze der wienen deaden genôch der wie jenever genôch en swarte wiven genôch men praet dêr net oer men biwarret de photographyen dêr't men mei de sjako op posearret tusken de ôfbrânde huzen in warrige heap forkoald earst njonkelytsen tekenje har neakene famkesliken ôf mei de knibbels wiid útinoar forstive it hat altyd weistoppe lein yn in âld plunjekiste (forkrongen) hij hat in soan krigen yn fryslân it is in arbeidersmantsje hij hat dit alles earst sjoen doe't de ynsjegast giel en toar boppe de ierde stie in ûngrypber objektivearre forline
noch in hantsjefol seis lytse kikkertsjes stienguod hm nijsgjirrich, súdchineesk?
de bisiker hie myn biwegingen nuodlik folge. it binne floitsjes, sjocht minhear wol, blaes der mar ris op. ik koe it net opbringe, ik mompele dat ik it wol bigrepen hie. dat wie rottich fansels, efterôf. ja ja, alderaerdichst (hij wol it forkeapje) woene jo it eh, forkeapje?
och né, sei de man. fader is overleden en wij ha der nou neat mear oan. wij tochten it moast mar in goed plakje ha yn 't museum. it is in goede man tocht ik wist net rjocht hwat ik sizze soe. dat is prachtich, dat is in aerdige oanwinst, dan mei ik jo wol tige bitankje (dy floitsjes, tocht ik, súdchineesk, dy bin wol gek)
hij moast mar wer ris fierderop, in lytse man dy't gau wer út 'e stêd wei skarrele. doe't er fuort wie tocht ik: ik bin syn namme forjitten. ik tocht: ik hie hwat freonliker wêze moatten. esprit d'escalier. ik hie hwat mei him prate moatten. hwat moat ik mei dy rommel?
(november 1961)