| |
| |
| |
[Bea]
bea hiet it famke. hja roun nou njonken him.
hwer sille wy hinne? sei er. siz dou it mar, sei se, en doe: dat om? hja wie altyd sa, hja heinde jin altyd op, der wie gjin tiid om jin ûngemaklik to fielen. hast it drok hawn? net slim, dou? né, net mear, sita is werom fan fakânsje. hja lake doe't hja him oanseach. leaf? freonlik? it lêste mear, hja heinde jin op, it gie maklik, it ûntspande.
as hja der net wie roun de spanning op, as er har fan hûs ôfhelle wie 't fuort. yn himsels wie it der noch wol, mar tusken beiden net, it fonkte net, it waerd ôflaet, net ûntspand. hja is in ierding, tocht er, dochs is der gjin kontakt. jouns thús bigoun it wer. it wie in koarts, hij wie wier foreale. ik moat hwat dwaen, tocht er, ik moat it har sizze. hij repetearre, skaefde, wurke bij, mar hij wist dat hja him wer ôfliede soe.
hja rounen bij it wetter lâns. it wetter is moai grien, sei hja (it lûd wie sêft en leaf. ik siz dit allinnich tsjin dij). dat bitsjut moai waer, sei er. ja, sei bea, forline wike wie 't pikswart, en it buorrele. hoe't dy einen it dêr yn úthâlde. en stjonke, as in bearput, sei er. it stike wer. dit wie de fjirde kear dat er har ophelle. hij slokte.
hoe founstou les amants? sei er. doe't hja swei seach er har oan. hja helle de skouders in pear kear op en loek hwat mei de mûle. founst him net goed? mar hja sei wer neat. hwerom dan net? it selde gebeart. (trochbite). founst it to iepen? hja, nei in skoftsje: och, ik wit net. né. hja roun mei ien hân oan in neil to tyskjen en seach dêrnei. (hja kin dit net ôfliede, ik meitsje kontakt)
hij lei syn earm om har skouder. mei ik sa? hja knikte. fynst my forfelend? né, sei se.
hja rounen stadich. hij slokte wer, hij fielde in ier yn syn kiel klopjen. bea? ja? (siz it nou) mei ik it sizze? hja knikte. hij seach skerp nei har antlit. of witst it wol? jawol, sei se. har earm wie koel en licht. hij liet syn hân bij har mul lâns glide oant er op har heup lei.
| |
| |
bea, sei er. har side lei soepel yn syn hân, it joech net mei, hja liet har net tsjin him oan triuwe. hja aeide even mei har hân oer sines.
letter siet hja nei har fingers to sjen, dy't hja bûgde, ien foar ien. hij lei syn hân op harres, liet de fingers bij inoar lâns glide. hja joech net mei, de hân bleau rjocht, net oandien. hij loek sines werom, hja seach him net oan.
hwat skreauwe dy ljippen, sei se. dat bin miuwen, sei er. hja sloech him licht tsjin syn earm: ik hear ek ljippen, sjoch, dat bin ljippen dêrre. ja, dêr bij tsjom, sei er, fleane in pear. pestkop, sei se laitsjend. hja lei wol even de hân op syn skouder, hja steunde net, it wie licht, justjes, de earm fielde koel oan. it is noch to gau, tocht er. allinnich jouns thús tocht er oan forsearjen. it makke him nou mismoedich.
dit wurdt neat tusken ús, tocht er. hwat moat dit nou wurde? neat wurdt it.
witst dat fer forkearing hat? sei se. fer wie de broer. hwat kin mij de broer skele. ik ha myn pânse fol fan dit gepraet. it wie fansels wol fordomde sneu om neat werom to sizzen. hja loek it har oan, hja seach even nei him en swei doe ek. it wie in moai, geef famke, bea. it boppeliif wie fyn, mei in lytse holle (ynfieren), dan ûnforwachte monumintale heupen en swiere skonken, mar goed foarme. in famke foar klean (nou in biskieden boathals, petticoats, slacks), swier hier foar in coiffure yn dikke, huningeftige tressen. it hearde bij har, it moast oan it milieu lizze.
it slagge jehannes net om him har oars foar to stellen, waerm en bitiisd nei in frijpartij, de petticoats knukele? hoe't hja der yn bikini út sjen soe, oars, in oar faset, forraskjend altyd, it aparte-sliepkeamers-ideael. dêr't ik sa'n wurd om siz.
fan in sydreed kaem in fint op in bromfyts oanriden. hij stoppe en lake: jehannes, net? net ûnfreonlik. flikkerje op, tocht jehannes. de kop koe er (breed, rea), ien fan it soadtsje dêr't er wolris mei biljerte hie op 'e sânboarch.
| |
| |
oan 'e kuijer, jong? frege de fint. ja. de bromfyts wie crème mei ljochtblau, hij bleau der op sitten, geweldich yn mansjester, de klompen slierden oer de groun.
komst noch wolris op 'e sânboarch? né. de bromfyts wie krekt boartersguod. de fint bleau stadich neist harren riden. flikkerje op, tocht jehannes. soademiterje op. hij hearde it net. hij klaude noflik ûnder syn mansjester en lake nei bea. is dat dyn faem, jehannes? ja. tocht ik. (bij it sydpaed freegje ik hwat kant oft er op giet en wij geane de oare kant op). roun bea hwat tichter bij him as niis?
om 'e hoeke op it sydpaed sieten trije knapen op bromfytsen. harren machtige donkerbrune rompen drukten op 'e blikkerige fiertugen, beige, tomaetrea en turkoas, in hybride op klompen. ha jelmer, ha jehannes. it wiene de biljerters fan 'e sânboarch. ien hie in ûnbidich bosk goudkarperkleurich hier, hij miste twa tosken. de oare hiet fan 'e wite geit, hij waerd sa oansprutsen, hij hie gjin namme. der wie noch in blekenien, mei flapearen.
de bigroeting wie lûdroftich en bolbjirken, de stimmen sloegen oer. hja fregen jehannes hoe't it kaem dat se him net mear op 'e sânboarch seagen. hoe nou, komst der net wer? (dat wit ik net). of bin wy dy to min? meist net fan 'e faem? net oan tajaen, jong, moatst dy net troch de wiven op 'e kop sitte litte, hwat seistouris, eade. de bleke skuorde syn mûlsgat iepen, noait in kear, rôp er. hwat kant moatte jim op? sei jehannes.
wij rinne in eintsje mei jim op, jong, sei de reade, dat fynst wol goed, net? mei 't wol, dame?
bea roun nou dúdlik tichter bij jehannes as earst. der waerd in bromfyts tusken harren yn riden en de reade bisocht, jehannes oan 'e oare kant, in petear mei bea, dy't net andere. se is noch hwat skou, jong, sei de wite geit. siet er oan har? siet er godfordomme oan har? jehannes bleau stean, in joviale earm waerd om syn skouder lein, it gie ûnder it praten troch, hij waerd frijwol ûnmerkber meitreaun. hja hiene de hast
| |
| |
freonlike ûnforsetlikens fan 'e machtigen. der bigoun jehannes in wyske troch de holle to spyljen fan piccolo's en trommen. it is mis, tocht er.
hoe is dat, jehannes, rôp de wite geit oer bea hinne, soenen jim aensten even yn 'e boskjes? ho, ho, rôp de reade, dou moatst net sa mâl, jonge, hwat moat de dame wol fan dy tinke. helendal net raer, âlle de wite geit, dat moatte se sels witte. ik hie der ek wol sin oan. ègègwol, flibe de flapear, ik bliuw der in bytsje bij, dan mei'k miskien strak ek noch wol even. it sukses wie stoarmeftich.
mannen, skreaude de reade, sa moatte wy net. jim moatte hear bliuwe, hwat seistouris, jehannes. jehannes moat it ek goed fine.
der kloppe in ier tsjin syn lofter kaeibonke, fielde jehannes. de reade is it gefaerlikste, dy is de situaesje master. hij bigoun sels oer oare dingen to praten.
it is mis, tocht jehannes. (hij fornaem bea net, de reade wie enoarm tusken harren yn, hij doarde al net mear bij him lâns to sjen. bea praette net. de reade wie joviael en ûnforsetlik) hij tocht heelskoft allinnich mar: it is mis. hiene se harren opwachten? omlûkende biwegingen makke? it is dúdlik mis. stadichoan bigoun er rêstich to tinken.
it is om bea to rêdden. fjouwer man sterk. fjouwer kear, en dan wer. earst mei syn fjouweren tsjin mij.
it is to dwaen, ik ha neat to forliezen. hij fielde him nou tige kalm.
it is to dwaen. ik bin linich. bea moat hurd fuortrinne (hoe bring ik har dat oan 't forstân?) it is to dwaen. gjin fair play, mar efficient. wol fluch reagearje, fansels. geweldich hurd traepje, kloaten tomoarzelje, in milt spjalte, in kaek skeefslaen, in rêchbonke brekke. it is needwar, gjin fjochtsjen.
as it mis giet? ien haw ik bliuwend forminkt, hja binne mei syn fjouweren, hja sille my murf houwe. ik sil bloed spuijend yn it sân lizze to gûlen, de bonken sille troch myn fel hinne
| |
| |
stekke, jezus, hwat sille se my sear dwaen. ik kin net tsjin fjouwer tagelyk op, ik moat flau fan 'e pine yn myn bonken tasjen. bea sil bij eltse kear sêft gûle en har skonken biwege. ik sil se traepje, ik traepje se godfordomme dea. it is to dwaen, as ik fluch reagearje. in geweldige, ûnforwachte sprong yn in ûnderbúk. dan as in rôfdier boppe op 'e oare, in hakke yn syn haetlik troanje, of yn syn nekke.
ik helje 't net, se springe tagelyk op my ôf en skoppe my as in sânsek oant ik jammerjend om genede rop. se sille razend wurde as ik fjochtsje, se sille my mei sin sear dwaen. ik bin gjin man dy't him deafjochtet, it ynstinkt is der net mear, ik tink der bij. it moat in ûntsettende pine wêze as se jin skoppe.
hja wiene bolbjirken en mâl, mar net kwea. hja soenen it wurde as jehannes harren fel oanfoel. it wie mar as in grap bidoeld, it wie om bea to rêdden. harren woede soe geweldich wêze. hja tjirgen harren hwat, as jonge bollen, it dikke bloed kaem yn biweging, it gêste.
ik ha gjin skyn fan kâns, se hoeve net to fjochtsjen, se hoeve my mar guodlik gnyskjend fuort to traepjen. se hawwe ek messen.
bea sil net folle pine hawwe, hja is folwoeksen, it is in foars famke. it is biroerd. it is rottich foar in famke, soks. hja sil har skamje foar mij, omdat ik it meimakke ha.
it sil in foroaring towei bringe. it sil har út har pantser bifrije, in wrede manier, it is rottich. mar ik sil mei har prate. bea, harkje nei mij. bea, ik hâld fan dij. it hinderet neat, ik hâld fan dij. ik wol mei dy trouwe. (hij koe wol gûle) de smearlappen. de greate swiere bisten. hja soene steune en flybje. hja soene jehannes der maklik ûnder hâlde kinne. hja soene him faeks wol oanpoene om it ekris to bisykjen. bea harkje nei mij se presten my der ta. jezus. dat die er fansels net.
bliuw fan my ôf, sei bea koart. hja bleau stean en dûkte
| |
| |
ûnder de earm fan 'e wite geit troch. ik wol werom, jehannes (in smel, krankyl lûd). it wie in sekûnde stil. doe rachte jelmer: ê, lit se forrekke, kom mei, jonges. hij trape syn brommer oan (crème mei ljochtblau) en ried fuort.
de oaren folgen, de reade ek. deade lullen! flibe de bleke út 'e fierte.
jehannes stie bij bea. hja bigounen stadich werom to rinnen.
bea, sei er. ja? (it smelle lûd, bernlik). hwat tocht ja?
witst hwat ik tocht? hja skodholle.
siz it nou, tocht er, siz it nou.
(november 1961) |
|