| |
| |
| |
Doch net sa flau
men freget jin yn 't bigjin even ôf - de skoalle bigjint earst yn september wer - hwat men dizze hele fakânsje dwaen moat, dy't men yngien is mei in sterk biwustwêzen fan arrivé omt it oergongsrapport tige bifredigjend wie. men is der fansels noch lang net oan ta om al binijd to wêzen nei it kommende jier; hoewol't dat wis fascinearjende nijichheden meibringe sil hat men allinnich even yn jin omgean litten dat it wol noflik is dat men it grykske alfabet al ken, itjinge grif de earste lesûren in net ûnwichtich komfort meibringe sil.
men hat jin dan suchtsjend deljown yn it sân mank de forbjustere ynsekten en men hat jin wolleas oan 'e giele sinne oerjown dy't jin dei yn dei út de lea ûnbarmhertich skroeide, in lotterjende temptaesje oant njonkelytsen alle opheape fragen yn oersjoch njonken jin kamen to lizzen om ien foar ien yn lange ûren preaun to wurden, kôge, fortard, wjerkôge, assimilearre, en allinnich in byld oer to litten:
in fluitist op in skoalkonsert dy't yn in loopke útskeat it spande broekje fan in famke dêr't de petticoats fan opwipten op in roltreppen,
in man yn in toknukele autokabine hij biweegde noch mar letter wie er dea.
men leit dea-ynein yn 'e triljende uterus fan sinne en sân yn in koartseftich koma mei holderjende miggen wylst men dagenlang neipriuwt hoe't jins rol west hat bij de lêste skoalfuif oant men ek dat foar jins eagen oplossen sjocht ta inkelde dizenige bylden dy't as reekslierten troch de sawn lagen fan jins tinzen waeije en in trage leechte neilitte en der is - hoelang - gjin tiid mear.
men leit op 'e hjitte koesterjende groun dêr't de mychhimmels as stege mekanykjes harren rjochting werom bisykje to finen en lange graefbijen harren tunnels meitsje. der is it kideljen fan 'e wyn yn 'e earmsholten, men keart jin sucht- | |
| |
sjend om de nawle to biwûnderjen en de kontouren fan 'e boppeskonken, it leadswier lichem dat stadich in rike koperkleur oannimt en optlêst in djippe tint fan âld nutehout, oanhâldend fyn oerpearele mei in agreabel bitterkrudich geurjende dauwe dy't tûzen forskillende kreveljende bistjes oanlûkt. de harsens wurkje al net mear, allinnich de geast sweeft forwûndere om en konstatearret ynienen in lichte forfeling dy't út 'e flanken wei liket to kommen. it slachte leit as in spande fear yn jins hân men is dan trettjin, dûkt wrinzgjend yn 'e skomjende weagen en hout skatterjend de moanne mei in geweldigen klap út syn baen.
it is dan dat op in dei in greater famke foarbij komt dy't blykber heart bij in fier en oanhâldend roppen dat al lang ûnderbiwust oanwêzich wie. hja hat jin al lang sjoen, hja rint hjir grif mei sin foarbij, pretendearjend dat hja in skûlplak sykje moat dat yn in spul heart stampt hja hurder as dat se foarút komt en bliuwt oan dizkant lûd hymjend op 'e huken sitten wylst men de soepele spieren oer jins skouders glide lit en har eagen út 'e eachshoeken op jin rjochte fielt. dit is de definitive oanlieding ta aksje.
dy middeis nei iten gappe er ris, riek him út en pandere dat út dêr't it famke swier en stampend fordwoun wie. fierderop hearde er it roppen wer. it wie gjin geijen, it wie net sjongsum ek: it wie roppen, meidielen, saeklik. hij roun op it lûd ôf oant er fuortbij wie. der wiene twa jonges likernôch fan syn jierren of hwat âlder, it famke wie der ek bij. hja wie de suster, it wie oan 'e brede kaken to sjen en oan 'e hâlding. ek wie der in keardel, it wie de heit, hij hie de lieding mar bleau hwat apart bij in âldere soan, in man al. hja praetten wittend togearre (men stiet trije sekûnden skrap op jins skonken en priuwt inoarrens aroma de boppelippe hat even de niging om op to lûken)
hja fregen oft er meidie en doe't er ja sei joegen hja kwânsk- | |
| |
wiis oan de heit de gelegenheit om him op to nimmen (hij fornaem dat wol). hja fregen him planút om syn namme (hij hiet fan jouke) mar hja neamden him dêrnei net wer omt hja him net direkt oansprieken - sommige hotels yn it bûtenlân nimme jins pas yn nachts, foar alle wissichheit - it famke gychele en treau doe ien fan 'e bruorren fuort.
it spul wie noch net bigoun. de heit rôp koart en makke in fjildteken - de hân sirkeljend boppe de holle - de soan stie eefkes fan him ôf en eage de groep oer dy't stampend gearroun. jouke gie der ek mar hinne. ien fan 'e jonges winkte him ûngeduldich - kom op jong. hja seagen allegear nei de heit dy't in grien legerhimd oan hie en in koarte broek mei in riem. harren broeken kamen allegear oant even boppe de knibbels. hja hiene swiere spierde kuten mei rûge sokken yn sandalen, jouke hold in lichte skouwens dy't him de hele middei foarsichtich makke dat se him net mei harren izeren hakken op 'e teannen trapen. allinnich de soan stie as in spesiale sergeant fan siden; hij hie in lange broek oan.
hja harken nei de heit en praetten om bar, in eastlik aksint forfoarme de mûlen, hja hiene wûnderlike nammen. de sergeant hie in ryske fan in beam ôf skuord, hij helle syn dolkmês út in skie oan syn riem en snie de bledtsjes fan it tûkje ôf. de lêste trije liet er sitte. hij stie mei de fuotten in eintsje útinoar, de skouders efterút, nei de heit to harkjen mar seach dêrbij nei de oaren. hij joech himsels mei it swypke lytse tikjes op it bil, in centaur dy't syn achterein kalmearret. hij wie de tsjinpartij, hij waerd sa oantsjutten, net mei in namme. hij soe aenst foarút rinne en ûnderweis spoaren meitsje, dan soed er him forstopje. hij hie in kertier foarsprong, dan bigounen de oaren him op to speuren. it wie de imitaesje fan in bisteande gong fan saken, de sergeant neamde it: in oefening. hij stampte syn lofter foet bij de rjochter en saluearde. doe fordwoun er.
myn broer wurdt sergeant, sei ien fan 'e jonges (in déja-vu).
| |
| |
hja bigounen to beamkeklimmen, de heit joech dêr tastimming ta mar sei dat hja yn 'e buert bliuwe moasten. de jonges sieten al triomfantelik op in tûke to roppen. jouke klom ek yn in beam, der stiene âlde dennen dêr't it klimmen mear in birekkenjen wie op hwat tûke oft men de folgjende stap dwaen moast. ik famke klom achter him oan oant hja net fierder koene. ûnder rounen de jonges, hja lieken lyts. jouke fornaem dat er op in útstekkende tûke siet en boppe de beam útseach.
- jimme meije net loere hwer't er hinne giet, sei ien fan 'e jonges en hij seach nei de heit.
- stik, sei it famke sunich, en doe:
- kom dan. hja loek him oan 'e foet en bigoun del to klatterjen. hij klom ek mar wer nei ûnderen ta, mar hij moast hyltyd op har wachtsje en hja hie in deade tûke ôfbrutsen dêr't er him oan beethâlden hie sadat er in oare wei sykje moast. ûnder stiene de beide jonges to gysgobjen. de iene hiet fan eender, de oare wommo, it wie ûnbigryplik hoe't men sokke nammen fiere koe. hja lústeren mei de hân foar de mûle en gnysken troch de noas.
- hwatte? sei it famke sunich en gie binijd laitsjend op harren ta. eender joech wommo in dúst en hja foelen slap fan laitsjen oer de groun.
- smearlappen, sei it famke, ik siz 't tsjin heit, hear.
- dat sistou wol litte, sei eender ynhâlden, gemiene klikker. hij joech har in stomp, sadat se de siken troch de tosken ynsûgde, mar hja seach nei de heit, dy't fierderop ienlik en rjochtop syn pas perdus makke, en doarde net lûdop to moartsjen.
- dou hâldst de bek, hear, sei wommo. hja soe noch hwat sizze, doe't de heit ien kear koart op in floitsje blies en it selde teken fan strak makke. hja draefden op him ta.
- it kertier is om, sei de heit, wij moatte nou de spoaren sykje dy't hij makke hat, pylken fan tûkjes en sa, krekt as altyd, dou silst it wol leare.
| |
| |
- hij rint dochs efteroan, sei it famke der oerhinne, jimme sjogge se altyd earst.
- wij moatte 't nou leare foar letter, sei eender. hja seach him nochris gemien oan en bisocht him efter de heit om in skop to jaen.
hja rounen yn in wide v-formaesje, eender foarop, oan wjerskanten in pear meter skean efter him wommo en de heit, dêr efter jouke mei, in heel ein fan him ôf, it famke, dat soms hwat oan 'e heit rôp en dar skean eage oft jouke wol nei har seach. hja waerd net opnommen troch it spul, de bruorren bisochten om de pylken it earst to finen, de heit kontrolearre, de efterhoede folge dangeljend. - bistou al fan skoalle ôf? frege hja. né. ik al. yn hwat klasse sitstou? yn 'e fjirde. ik yn 'e seisde. dat lychstou, dat kin net. ik bin net op skoalle, ik bin séman. ik bin filmstjer. filmstjerren ha 't hier oars. hoe ha dy it hier dan? skeef, mei hjir in slach. sa ha ik it hier ek, as ik foar de film spylje. ik ha nou fakânsje.
- heit, se rinne to praten, se binne hielendal út 'e formaesje, sei ien fan 'e jonges. de heit seach om. dogge jim mei of net? sei er.
- godfordomme, sei it famke sunich. hja roun in ein nei
links en bleau op har plak stean.
- hwat seistou? sei de heit. hja krige in kaem.
- neat, sei hja.
- hwat seistou? sei de heit.
- neat heit, sei hja.
- jimme binne de efterhoede, sei ien fan 'e jonges. jimme moatte ús fan achteren biskermje.
it stadige dangeljen bigoun wer. jouke hope dat se soms oare spultsjes dienen. it famke skopte stientsjes fuort.
ynienen rôp wommo hwat. hij wonk nei de heit, dy't nei him ta gie. hja moasten allegear komme en stil wêze, de tsjinpartij hie in spesiael teken makke dat er him hjir yn 'e buert
| |
| |
forstoppe hie. nou bigoun it folgjende part fan 'e oefening, lei de heit út. hja moasten de tsjinpartij omsingelje en bislûpe. dêrta moast men jin kamouflearje, seine de bruorren, hja hiene ûnmooglike nammen, tocht jouke. men moast jins kop swart meitsje mei modder, seine se, en tûkjes omdwaen dat er jin net opmurk hja neame dit in oefening hja boartsje dat it earnst is of faeks is it gjin spul hja oefenje al foar letter de sergeant hat him forstoppe hij moat opspeurd wurde en ûnskealik makke hij hat him yn 'e modder groeven hij hat wer tûken ôfsnien en him der mei bidutsen faeks hat er ús oankommen heard en sit er al to loeren om de earste biweging to folgjen yn syn vizier in lichte druk fan syn finger sil him de foldwaning jaen fan de klap dy 't it gewear him yn 'e skouderholte jaen sil mannen dit is in gefaerlike patrouille seit de kolonel tsjin 'e lytse groep frijwilligers hja steane swijend de ynstruksjes oan to hearen. gjin bipakking, seit de kolonel, alle metael thúslitte, in doaske lúsjefersen kin al to folle rammelje, allinnich it gewear men moat slûpe op hoasfuotlingen de oaren binne al bigoun it blank fan harren fel mei modder yn to smarren hja hiene ûnsjogge, brede koppen.
- ik fordom it, tocht jouke. sa wyt as sûpe fordom ik it. hij seach nei de heit dy't al smoarge fegen op 'e holle hie. hij draeide him ôf ear't de heit him oansjoen hie en bigoun fuort to rinnen.
- ho, ho, wachtsje oant de oaren klear binne, sei de heit. jouke bleau stean (deserteurs wurde op 'e flecht delsketten)
- hij hat him net kamouflearre, sei it famke, dat fûleinich oan in tûkje stie to draeijen oant it optlêst helendal mei in kwast fan 'e beam ôf kaem. har neils wiene oant fier yn 't libben ôfbiten.
- ik fordom it, tocht jouke. hwa bin ik, ik desertearje. hij naem in hânfol gers en liet it oer syn holle rûgelje. der roun ek hwat sân oer syn troanje sjoch ik toan myn goede
| |
| |
wol al ik strui mij moude en jiske oer de holle kyrie eleison as ik nou dochs myn goede wol toan.
de heit ynspektearre de kamouflaezje. de bruorren seagen der as wylde bosknegers út hja hiene mei tou greate tûken omboun. koppen hiene hja net mear, hja praetten net. de heit seach nei jouke, dy't gerskes achter syn earen fielde. der hong in tûkje op syn noas. de heit seach, hij skynde eat fan 'e ûnwol troch to sjen, it wurdt fan lijdelik forset neamd it is in freesd forskynsel yn 'e militaire wrâld it wol in inkelde kear foarkomme dat se der in ôfdwaende middel op fine. de heit krige ynienen hwat op fan 'e groun en striek jouke doe mei de folle hân oer syn troanje. - godfordomme, tocht jouke. de oaren skatteren. hij fielde oan syn wang dêr 't in skras bigoun to gloeijen. - kyrie eleison tocht er (ik haw myn goede wol toand ik haw jiske oer myn holle struid hja hawwe mij húnd en tamtearre)
de heit gie mei wommo nei rjochts, eender en it famke en jouke giene de oare kant op. hja moasten tsien meter fan inoar ôf bliuwe en dan stadich troch it strewel krûpe de tsjinpartij leit op 'e loer hij mei gjin kâns hawwe om to ûntkommen hij hat in bûsdoek om 'e earm dy moatte wij him ôfpakke dan hat er it forlern.
hij seach de oaren net mear. it wie waerm, it jokke him dêr't it sân ta syn klean yn rûgele wie. der dripte brún swit fan syn kaken ôf fierderop hat de sergeant him weistoppe hij leit plat op 't liif it libben hinget him as in smoarge bûsdoek om 'e earm men hoecht der mar oan to lûken dan is er 't kwyt. jezus ik hoopje net dat ik him fyn hij sil him forwarre hij sil roppe dat ik net earlik doch hij sil mei syn stjonkende skuon op myn teannen traepje kolonel der is ien man bûten gefjocht steld.
it kreake en snúfde achter him út it strewel kaem it famke. hja kroep en bitsjutte him dat er stil wêze moast. hja gie njonken him lizzen, it fel fan har foarholle glom fettich.
| |
| |
hja sloech in earm om him hinne en drukte har langút tsjin syn side oan. hij fielde har siken yn syn hals, der roun in forlamjende opwining troch syn búk. PARALYSIS stie yn reade letters foar syn eagen. ik bin forlamme, tocht er, ik kin neat dwaen ik pulsearje allinnich noch mar aenst bounzet myn yngewant my ta de kiel út har hân moat it ûnder myn hûd fiele ik kin neat dwaen as ôfwachtsje.
hja drukte syn skouder oerein dat er op 'e side lei en har hân yn syn broek fielde. paralysis, tocht er, parálysis paralysis fierderop rint har heit nei de sergeant to sykjen as er dit wist joech er har mei syn riem op 'e hûd en mij derbij. fuortbij skreauden se. hij tocht dat se ûntdutsen wiene. hja treauwen inoar fuort en stommelen oerein. der wie gjinien to sjen. fierderop stie de sergeant, hij hie ek swarte fegen op it troanje. ien fan 'e jonges hold in bûsdoek omheech; de oefening wie ôfroun.
- kom jonges, sei de heit, it klonk fleurich:
- wij geane werom. opstelle mei twaën.
de oaren giene mei twaën achterinoar stean, hja wiene smoarch en switten en hymken en snúfden.
- né, tocht er. it wie gjin tinken, it wie ek gjin wegering, it wie ûntkenning. né. né, minhear dan hawwe wij inoar net goed bigrepen ik bin net fan doel om hjir oan mei to dwaen mocht ik al even de skyn wekt hawwe dan birêst dat op in misforstân ik bied dêr dan jerne myn ûntskuldigingen foar oan ik kin hjir net oan meidwaen
- kom jonge, sei de heit. de sergeant stie wer neist him. né.
- kom nou jonge, rôp eender ûngeduldich.
jouke seach nei de heit. hij woe it útlizze.
- né, sei er sêft. de heit fronsele even.
- toe nou klier, doch net sa flau, sei de sergeant. jouke krige in kaem. hij soe fuortrinne mar hij gie yn it gelid stean, op syn plak.
- geef, acht, rôp de sergeant. hja stampten allegear mei
| |
| |
de linkerfoet op 'e groun en seagen foar har út. it hâldde even oan wylst der fûgels songen en blêdden risselen god hwerom rin ik net fuort ik wol helendal net.
- voorwaarts, mars, rôp de sergeant, en doe fuortdaelks: één, één, eehntweehdriihfiehr, één.
hja strampelen yn 'e pas oer de ûngelikese groun. de sergeant praette mei de heit. jouke tocht net, hij fielde him siik as lyts bern ha ik ris in optocht sjoen der wie makaber gedroan fan trommen en ientoanich trompetsketterjen der rounen heelsoad mannen yn rjochte rigen hja swijden en seagen foar har út der rounen ek minsken omhinne dy't laken en praetten mar ik wie deadsbinaud foar dy earnstige mannen hja hienen allegearre deselde klean oan hja rounen rjocht de selde kant út en seagen nei it selde punt ja heit alle jonges wienen bliid doe't se in gewear krigen ik sei jim bin net wiis om sa bliid mei dy spuit to wêzen jim kinne him aenst alle jounen poetse en dan prate wy wolris wer sei de kaptein hwant jim hawwe 't oan jim eigen maten to tankjen dat jim nou strafkorvé hawwe ja jonge letter sist wol ynsjen dat it de moaiste tiid fan dyn libben is hja sizze geef acht en dan stiet it hele bataljon yn 'e hâlding as ien man it is machtich MACHTICH en al dyn maten mar der wurdt foar jin tocht fansels en sjochst nochris hwat fan 'e wrâld hja tinke ek oan 'e geastlike forsoarging alle wiken dat is in bêst ding al dy mannen seagen de selde kant út hja tochten allegear it selde jonges it is foar in goed doel der wie miskien ien bij dy't oan syn frou roun to tinken linkstweehdriifiehr nou ja kankerje fansels hwat hurder oft se kankerje hwat better oft it is ja jonge pikobello jonge en dan it lêste ein even model jonges dat se sjen kinne hwat wij wurdich binne.
jouke seach nei it famke dat njonken him roun. hja seach stiif foar har út.
- aenst bigjinne se to sjongen, tocht er. Jov pater sjoch op mij del ik haw mij út myn djippe rêst yn dizze wrâld bi- | |
| |
jown ik haw it bisocht mar hja hawwe wij húnd en de hûd iepenskuord en hja hat mij bikoard troch myn lichem to streakjen kyrie eleison ik haw myn goede wol toand en hja hawwe mij útskolden.
doe't se bigounen to sjongen draeide er him om en roun fuort. hij bigoun mei de holle foarút to draven. ien fan 'e jonges rôp him hwat efternei. hij tocht: nou kin ik mij dêr net mear fortoane. even spiet it him, mar net bot.
(maeije 1961) |
|