man en it famke oantrof yn in sfear dy't har net oanstie. it like har ta dat Hinne har net alhiel rjocht oanseach of har hielendal hwat út 'e wei gie; ek dat er it tsjinstfamke hwat oars, hwat minder ûnbifongen bijegene; en dat it famke hwat bleek wie en de jouns earder as wenstich nei har keamer gie
wij moatte hjirbij fuortdaelk fêststelle dat dizze yndruk alhiel falsk wie en wierskynlik op folslein tafallige omstannichheden birêstte; faeks dat it famke hwat út stel wie, wylst Hinne yn dy dagen omroun mei in frij nuodlike ûndernimming yn syn wurk.
hoe't dit wêze mei, Pop wie sûnt dy middei ûngerêst. hja bitocht hoe't de omgong yn 'e hûs wie. der kamen har lytse yntimiteiten yn 't sin dy't tusken Hinne en it famke foarfallen wiene. hja hie se glimkjend oansjoen en der net ûntofreden mei west. nou lykwols formoede hja dat it út 'e hân roun wie. hja ûndergie it net as katastrofael mar it makke har ûngerêst dat der blykber bûten har om eat barde en hja wie bang foar in al to greate rjochte affiniteit as it famke troch Hinne har ûnskuld kwyt rekke wie.
hja bigoun (tige diskreet, it moat sein wurde) it famke to observearjen mar, hoewol 't hja in pear nuances miende to fornimmen dy't har net earder opfallen wiene, krige hja gjin hâld, en direkte fragen doarde hja noch net to stellen.
oant hja op in middei dat hja, faeks mei sin, earder as wenstich thús kaem, Hinne bitrape wylst er mei de cello op bêd lei. de ferniste rêch fan it ynstrumint lei neaken nei har ta keard; in lege toan bromde sêft en heas.
hja bigoun der net earder oer as doe't hja jouns, trijerisom, al gâns in skoft swijend oan it miel sitten hiene. hja wachte mei sin net oant it famke nei har keamer gien wie omt hja nou ek klearrichheit ha woe hwat dy har rol wie
de man Hinne reagearre normael. hij seach nei syn iten, woe net prate en helle oeral ergere en ûngelokkich syn skouders