| |
| |
| |
Natura artis magistra
yn it 23ste jier fan 'e sneonsrepublyk hold Prof. Dr. J.F. Hensen syn ôfskierede. hij wie in namme yn it universitaire jierboek syn opdracht wie: de ynfloed fan erflikens en milieu bij de domesticearre rassen. hij wie ûnbikend sizze se, allinnich syn sawntjin studinten adorearren him. de aula sykhelle hol as wie it in riptysje noch mar de trije foarste rigen wiene likernôch fol der wie gjin parse
Professor Hensen wie in fierhinne forgeastlikt wêzentsje immateriëel men moast jin soms ynspanne om him helendal to sjen nei in skoftsje bleauwen allinnich syn moaije berneeagen oer de rest fordwoun, in bline flek. de mûle fan 'e rector magnificus berne handich in lytse rige freonlikheden dy't even wachten en dan ûnwennich op Hensen syn skouders sitten giene
hij is doe ek dekorearre it lint sweefde fleurich op it podium de professor wie fierder ûnsichtber it moat freonlik west hawwe mar hwat keal
de jouns hold Hensen in foardracht yn it universiteitsgebou. omt de oankundige titel in pear faklju oanlutsen hie wie de kolleezjeseal fol it wie ek net in greate seal. de foardracht soe yllustrearre wurde mei in film en mei lûdsbannen makke yn 'e laboratoria fan Prziç, in ûnbikend en faech terrein dêr't troch de ynwijden soms grapkes oer makke waerden omt nimmen krekt wist hwat dêr ûndersocht waerd
de teare professor Hensen mei syn eagen en syn fleurich nij lint hij moat foaroan yn 'e seal stien hawwe hja seagen him allegear oan syn lytse stim keutele om har hinne. hij bigoun mei syn foargonger Bojokov to bitinken dy't doe al 27 jier dea wie hij spriek oer him as in great learde en in ûnforsetlike geast in bytsje forwûndere, liket út 'e forslaggen, Bojokov de swijsume syn namme wisten noch in pear, de man wie forgetten. de Ijochten giene út, op it skerm flakkere de film in pear nammen earst, in forantwurding it wipte nou en dan even op der easde in swarte rein
| |
| |
der rounen minsken hja songen earst noch en skreauden ah smieten mei stiennen en stookten fjurkes raffelich de klean foelen har fan 't liif en toanden lange hingjende boarsten sûnder bern. dan wiene it allegear bern mei lang hier (close up) hja hawwe ûnbidige greate mûlen en neaken en brún mei pearse littekens hja fjochtsje en stjitte rauwe lûden út ûnfoech hja frieten fan rauwe bisten in bluodderich myn god bihierre fel mei hege gillende lûden in greate aep aeit in jong famke hja pearje as hounen yn it gers stadich waerd de ûntsetting ta de seal yn drukt
de oare deis kamen de kranten út
Prim Professor Breeds Neanderthaler
Tiny Hensen Upsets Auditory
Big Man Bojokov Used Voluntaries
it wie faeks hwat prematuer de saek is delbêdde tonearsten
portret: de noartske snor fan Bojokov hij wie promovearre op de anatomyske forskillen tusken de domestisearre en de wylde kat. op in great terrein sweefden tsientallen forwyldere katten om hja fortoanden al yn 'e twade generaesje dúdlik somlike forskynsels dy't de nuete katten misten. Bojokov wie net sociable hij sleat him op yn syn laboratorium dêr't er krusingsproeven die hij hie twa assisten der waerd amper publisearre
doe hat er kontakt krigen mei it doetiidske Dútsklân dêr't hja proeven diene om selektive eigenskippen bij de kou troch krusing út to skeakeljen. it wie in fruchtbere gearwurking yn inkelde jierren hiene hja de oerokse weromfokt. der forskynde in kombinearre publikaesje fan 'e beide ynstituten en de jonge Nabov promovearre op in detailútwurking
de woartels wiene groeid de stêf wie fascinearre troch it ûnderwerp it moat ûnmerkber trochkankere wêze
der is faeks in punt oan to wizen: Nabov waerd assistent en bigoun psychology to rinnen. is hij de oandruwer? hat hij de
| |
| |
stûrtske Bojokov biynfloede of is it ûnder dy syn izeren biwâld dat it ûndersyk dy kant op gien is? Nabov skreau in yngeand rapport dêr't er it psychysk apparaet fan 'e anthropoïden yn forlike mei dat fan it seisjierrige bern en dat fan 'e folwoeksene minske. wie it yn opdracht fan Bojokov? ûnder ynfloed fan syn briljante learling?
Nabov bigoun syn foarbiriedende proeven dy't trije jier namen der waerd net publisearre de aktiviteiten op it wenstige gebiet giene troch it wie in tiid fan heechkonjunktuer der wie genôch jild foar ûnderwiissaken it doel fan 'e proeven waerd net spesifisearre. Bojokov krige de biskikking oer in terrein yn Prziç en boude dêr de ynrjochting dy't er nedich hie
wij witte net hwat ynfloed oft Nabov hjirop hawn hat alle eare komt Bojokov ta. it plan wie rypt de frucht barstte rotsjend iepen (flashback) wij wolle de oerminske werom fokke seit Bojokov, der is in lytse tic nêst syn each. ús útgongsmateriael is tusken 18 en 25 jier wij hawwe de biskikking oer seis frijwilligers út in flechtlingekamp soune en geve manlju en froulju mei in heech yntelliginsjekwosjint dat hja yn lange ieuwen krûpend stadich opboud hawwe út in dizenich Ik in kwetsber flues om har bigearte hinne, fan biskiedende ynfloed op 'e lichemsbou. harren oerfoarm wurdt yn 'e boeken fan Adam neamd it is de Adam fan it paradys, dy't al bonken hie hij waerd twaslachtich syn frou waerd mei mannin oantsjut wij witte noch net oft wij fierder werom gean kinne
de trije manlju en trije froulju displaced hja tekenen in papier hja waerden opsletten op in frij great terrein en seagen bûten inoar nea gjin minsken wer.
de omstannichheden wiene net to swier der wiene lykas to forwachtsjen wie gjin opfallende degeneraesjeforskynsels hja ûnderhâldden har klean, praetten en songen hja hiene in biskate maetskiplike organisaesje dy't ta in soarte fan monogame houliken laette
| |
| |
de bern dy't dêrút ûntstiene waerden nei in jier út dizze organisaesje weihelle it stie yn 'e papieren dy't de âlden tekene hiene hja waerden isolearre hâlden oant it achtste libbensjier hja seagen nea in minske as oare proefeksemplaren. dan waerden hja, togearre mei alle bern fan 'e twade generaesje, los litten op in terrein lykas it earste, mar dêrfan en fan 'e bûtenwrâld skaet troch stielen muorren mei in hichte fan acht meter. dêrachter de observaesjeposten fan Bojokov en syn helpers
portret: de leptosoom Nabov mei syn Nerokapsel hij bliuwt in dizenige figuer hja sizze dat er in forhâlding hie mei Bojokov der binne gjin gegevens hij is der allinnich yn it wurk wij witte him net as minske. doe't Bojokov stoar, de earste bern fan 'e twade generaesje waerden berne, hat hij it professoraet oerkrigen hij hie doe it folsleine programma foar de proeven al klear hij stoar tolve jier dernei oan in ynfeksje syn opfolger wie it forwûndere bern Hensen. der foroare net folle. it wurk bûten Prziç hie nea folle om 'e hakken hawn. de stêf sleat him op yn 'e observaesjeposten achter de kykgatten, de mikrofoans, de thermometers, de fotoelektryske eagen, de filmkamera's, de bânopnimmers. de logboeken binne livich en ientoanich de proef foardere stadich mar net to kearen. Nabov hie birekkene dat it 215 jier nimme soe it resultaet wie yn greate streken foarsein
de twade generaesje hie gjin tael. hja kamen der út harsels amper ta om har mei artikulearre lûden to forstean hja makken gjin wurktugen mar it moat sein wurde dat hja tige handich wiene yn it hantearjen fan stiennen en stikken hout bij biskate wurkingen. it mei ek net sein wurde dat hja gjin organisaesje hiene. der wie in organisaesje men fornaem dat men moast it oanfiele it wie hast net to gripen der binne oanwizingen foar yn 'e logboeken. hja libben foar 't neist polygaem
de proefterreinen yn Prziç binne in kilometer yn 't fjouwer- | |
| |
kant hja brûke fierrekikers en sterke telelinzen de stielen muorre is in gefoelich flues fol sintugen de yndrukken wurde opfongen yn it sintrale senuwstelsel dêr't de stêf him biweecht it is net to formijen dat de lytse lûden yn 'e terreinen trochkringe de proefeksemplaren wenne der nea alhiel oan yn 'e twade generaesje is it in pear kear ta religieuze manifestaesjes kommen yn 'e rjochting fan 'e haedobservaesjepost dêr't blykber it measte lûd weikaem. hja rounen yn in lange raei op 'e muorre ta in wûnder polyfoan sjongen - it is noch altyd in bestseller op in langspylplaet - yn in soarte fan hinkstapsprong de stûrtske Bojokov wie der hwat oandien fan, de iennichste kear dat dat opmurken is hij stoar in pear moanne letter
de trêdde generaesje waerd isolearre en los litten op in trêdde terrein. de stêf wie nou folslein birekkene op syn taek de assistinten hiene har spesialisearre der wie in anatoom, in physiolooch, twa psychologen de isolearre bern waerden ûndersocht der waerden proeven mei nommen. hja wiene it bêst to forlykjen mei bern dy't fan 'e âlden forlern en troch dieren greatbrocht binne binammen bij wolven wurdt der daemsteech grute wolle bern noch wolris yn libben bliuwe yn 'e tweintichste ieu is yn India ris in jonge fongen dy't mank gazellen libbe hie en dy't forbjusterjende fier springe koe. dit materiael wurdt lykwols spitigernôch net âld en koe allinnich mei de bern forlike wurde
ek fan de folwoeksene eksemplaren yn Prziç waerd nou en dan ien fongen om ûndersocht to wurden. prate of op oare manieren meidielingen jaen diene hja net mear yn it brûken fan wurktugen wiene hja net folle handiger as apen hoewol 't hja wol folle yntelliginter en finingriker blieken to wêzen. lykwols wie har harsenvolume ta 3/4 fan dat fan de frijwilligers ôfnommen hja makken harsels gjin klean mear mar hja forsierden it lichem mei fearren en reiden dy't hja los omhongen
| |
| |
portret: lektor Michayl Harahab de grize studint mei folle lippen en in forknukele board om hij hat eat fan it fanatisme fan Nabov om syn mûle leit de ûnútsprutsen forachting foar syn learmaster Hensen dy't de lêste jierren oan neurotyske forskynsels bigoun to lijen. hij is nammers ûnder nuvere omstannichheden stoarn, itjinge net bikend wurden is. de assistinten bipraetten dat ûnderinoar men moat bigripe dat Hensen net de dreaune skepper wie dy't syn foargongers west hiene hij seach allinnich de gefolgen fan 'e proefnimming, itjinge Bojokov bisparre bleaun wie en Nabov kâld litten hie. Hensen wie der mei om bigoun to topjen hij hie steun socht bij Harahab wij hawwe harren skeind Michayl, sei er wij hawwe harren eat ôfnommen dêr't hja rjocht op hawwe mar dou moatst net forjitte Michayl, sei er dat wij de forantwurding der foar drage. Harahab hat winliken pûr west dat Hensen it hiele projekt oan 'e iepenbierens priis jown hat hij bigriep eins wol dat it wie omt Hensen de forantwurding langer net allinnich drage koe mar hij minachte de âlde der om it wie in ûnforjowlike swakkens de publisiteit wie prematuer hij Harahab siet der mei tangele it wie nammers de reden dat de proefnimming yn Prziç fan 'e learstoel skaet waerd en dat der net in professoraet oan forboun is. oars hij hat it bandigernôch mei't er bigoun is alle gegevens nou ek mar to publisearjen yn 'e Prziç Anthropo-biological Review der binne nijsgjirrige en ûnforsjoene wizigingen oan to bringen yn 'e fan Nabov foarseine gong fan saken it proses ûntjowt him yn omkearde rjochting hwat langer hwat hurder de fiifte generaesje hat alle essentiéle eigenskippen fan 'e Neanderthaler de skedels fan 'e jongste, sawnde generaesje forskele mar yn seis details fan dy fan 'e Homo Pekinensis. Harahab komt yn ien fan syn lêste publikaesjes ta de foarsizzing dat yn 'e tsiende of alfte
generaesje in stadium birikt wêze sil dat ús út 'e âldheitkundige fynsten net bikend is; it is to forwachtsjen dat yn it fjirtjinde oant sechtjinde slachte in oerwêzen rekonstruearre wêze sil dêr't de minsken
| |
| |
en somlike minskapen har mienskiplike ôfkomst yn fine. dizze generaesje sil yn it fiifte jier slachtsryp wêze de froulike bern derfan sille amper to ûnderskieden wêze fan dy fan 'e chimpansee
út de koarte gids: wilens is it materiael yn 'e proeffjilden fan Prziç sa oerfloedich wurden dat yn in ynternasjonale konferinsje bisletten wurde koe om trije dependances to foarmjen en dy foar publyk iepen to stellen. Sa is Nederlân de greate eare tafallen om seis eksemplaren fan 'e sawnde en fjouwer fan 'e seisde generaesje oer to krijen; trije jier forlynd binne hja oankommen en it lit him oansjen dat it transport net yn it minst biswierlik west hat. Wij priizgje ús lokkich dat wij yn Drs S. Andringa in wittenskipsman hawwe dy't, nei in stúdzje fan trije jier yn Prziç, folslein op 'e hichte is mei it forrin fan it proses en dy't as konservator fan dizze ôfdieling de stúdzje forfetsje sil útjefte fan 'e Bojokov-stifting priis f 1,25
de foarseal dy't it museum is de ynrjochting is smaekfol der is rêstich ljocht. der is net folle materiael it binne meast noch greate foto's dy't oan 'e muorren opset binne en der-foar in pear vitrines mei hjir en dêr in inkeld stik ta fordúdliking en ta direkter bilibjen. de portretten: Bojokov, Nabov, Hensen, Harahab, yn in lange vitrine even der foar steane fiif bonkerakken nûmere I, II, III, IV, V, hja binne de konkrete fortsjintwurdigers fan 'e generaesjes, yn it laboratorium fan Prziç montearre ivoar prachtich, perfekt, de skouders sakje net ôf de skeletten steane as libbene ûnwerklikheden to stoarjen út harren mankelike eachkassen as hja aenst útsjoen binne keare se har om en bigjinne op it glês to bounzjen. de earste is in gewoan minske it is aristokratysk smel en rjocht mei fine eachkassen in frou. om gjin falske forskillen to suggerearjen hawwe hja foar dizze skeletten allegear froulju nommen. de oare fjouwer wurde hwat langer hwat lytser, krûmer, swierder, in prachtige demonstraesje- | |
| |
kolleksje, to skoalsk, to regelmjittich men woe earne in lyts detail rebellearje litte. de forbylding rekonstruearret it fleis, de útdrukkingen fan de koppen binne as stadia fan tanimmende ûntsetting op ien troanje skrik en ûnbigryp forbjustering is it wurd: de alteracion fan Ortega y Gasset. de eagen sperre iepen, wurde dan nei binnen ta drukt, de mûle giet iepen en lit de tosken sjen de noas wurdt omheech drukt en rimpelet, de kop wurdt yn 'e skouders lutsen de hânnen ôfwachtsjend iepen it lichem bûcht even troch de knibbels, ré foar ûnmiddellike aksje
it groulikste is de skedel, it hert slacht jin even dûbel om dizze triomf Hensen moat skriemd hawwe om dit sukses men sjocht it barren yn in film, Jekyll en Hyde, de harsenpanne falt del oer de skrompeljende harsens as in hoed dy't to great is hij stekt út en bliuwt as in swiere richel boppe de eagen stean, ek boppe-op rint in oerlangse kaem en de kaken wurde prachtich breed hallelujah hwat in dentuer
op 'e muorre hingje wer foto's mei sterke telelinzen opnommen in bern fan 'e fierde generaesje libbensgreat sjocht jin tafallich oan de eagen binne enoarm en sêft, fochtige harteeagen der is in sterke konsintraesje yn men soe sizze dat it sjongt, of onanearret. de sawnde, jongste generaesje is dy útdrukking net mear yn to finen, ek net bij de bern dy't mei djiplizzende ape-eagen om har hinne loere der is gjin foto bij fan in bern dat op himsels konsintrearre is it is faeks tafallich, de eagen binne dochs wol great it sil strak yn 't echt better to sjen wêze. de forgreattingen hjirre binne meast aksjefoto's, in man, in stôk yn 'e hân hij stiet mei de rêch tsjin in beam oan en fret roppich oan in deade fûgel. in kopulearjend pear fan 'e fiifte generaesje de foto is net heel dûdlik mar nijsgjirrich om de posysje, de gesichten binne net to sjen. in laitsjend famke fan in âldere generaesje hja is geef en sterk genôch mar hja hat gjin appeal dit is al gjin minske mear
yn in vitrine lizze noch reliken hja binne op harsels net nijs- | |
| |
gjirrich hja hawwe tekst nedich: in himd fan 'e earste generaesje bijinoar hâlden mei spliste reidtriedden, in stien dy't troch in man fan 'e twade generaesje hwat biwurke is hij smiet der in rinnende hazze mei dea. skeletûnderdielen fan bysûndere ôfwikingen en in pear preparaten as geizich sear op sterk wetter. fiif ûnderkaken mei tosken en kiezzen nûmere I, II, III, IV, V, forbjusterjend
it binearet, dizze fragminten parmantich fan 'e kadavers nommen en biskreaun mei in ynventarisnûmer. de dûbele doar is in lûdslûs der stiet op: STILTE en in langere tekst om sa stil mooglik. yn Prziç wiene de proefterreinen greater itjinge net weinaem dat de proefeksemplaren de lûden fan achter de muorren opfongen yn 'e twade generaesje moat it ta in soarte fan kollektive útbarsting kommen wêze. de lettere generaesjes komme net mear oan dit soarte fan groepsmanifestaesjes ta mar hja heare de lûden likegoed wol hja binne der hwat bang foar de stielen muorren wurde oer 't miene mijd, yn Prziç moatte hja meast fan 'e fiersjenners brûk meitsje. der hat yn forskate kranten al krityk west op 'e ynrjochting fan 'e dependances dy't neffens de stikjeskriuwers net genôch op suver wittenskiplik ûndersyk ynsteld binne mar to folle konsesjes dogge oan it publyk. de terreinen hjirre binne lytser mar binammen smeller, ien fan 'e stielen muorren is forfongen fan glês dat sa biwurke is dat men fan 'e terreinen út neat sjen kin yn 'e tsjustere gong foar it publyk dy't der efter rint. mar it is net perfekt de proefeksemplaren heare dempte lûden: skufeljen en lústerjen, hja sjogge soms fage skimen troch it glês yn it bigjin hawwe der forskriklike woede-oanfallen west bij de mannen, dy't har ûtrieken en op it boarst sloegen as lûde pauken dêr bij gie it hier oerein stean de bek gappe rose it slachte rjochte him op. hja chargearren net, njonkelytsen binne hja wend hja komme oer 't miene net ticht bij it glês mar de ôfstân is oer to eagjen sadat der altyd genôch to sjen is
de gong fan 'e bisikers is tsjuster, rjochts is de muorre mei
| |
| |
de maklike djippe banken antrasytkleurich fluwiel it nijste is dat de bisiker in lichte swarte cape útrikt wurdt om sa min mooglik sichtber to wêzen. links binne de greate finsters mei in meter der fan ôf in stek strang forbean strengstens verboten
der binne twa terreinen yn gebrûk fan 'e seis; de middele leeftiid is net heech en tsjin 'e tiid dat de eksemplaren foar it toalfte jier bigjinne to formannichfâldigjen sil der sa'n bytsje minsklikens oer wêze dat de komplete ôfskieding der minder ta docht; tsjin dy tiid sil nammers in oerfoarm ûntstien wêze dy't men net ta primitiver foarmen werombringe kinne sil it sil de ein wêze fan 'e proeven de forwachtingen binne dat it noch hûndert jier nimme sil
de finsters binne greate fjouwerkanten ljocht mei it ûnregelmjittige terrein, heech gers en lege boskjes hja hawwe dêr harren nusten makke fan blêdden. fierderop is in groep to sjen der is gjin aksje hja sliepe meast oerdeis de ôfdieling is in pear jounen yn 'e wike iepen. men fielt bigryplikerwiis in fage opwining bij dizze earste konfrontaesje. ûnmiddellik dêrop is der toloarstelling: in troepke wylden yn 'e fierte ûnmiskenber primitiver as alles hwat wij oant nou ta kenne so what. de lju-dieren meitsje stadige loaije biwegingen men siket details it is to fier ôf men soe in film meitsje kinne mei prachtige navrante close-ups
der is in suppoast hij skynt der op tasjen to moatten dat de bisikers net to ticht bij it glês komme en dat se net lûdop prate. de man forfeelt him, hij lústeret mar mei nou en dan in skel útsjittende falsettoan, it sist irritant it is to lûd men soe dit oan 'e stêf rapportearje moatte it kin it materiael ûnrêstich meitsje. hij komt njonken jin to stean en fortelt mei syn penetrant gelúster oer syn erfaringen hjirre. doe't se hjir oankommen binne, minhear, nou fjouwer jier lynd, se wienen net to brûken der wie in wyfke bij dat woe net frette se is lizzen gien en stadich stoarn har harsens steane yn 't museum hjimeist in foto is der ek fan. ja, de kadavers wur- | |
| |
de altyd forwidere om ûndersocht to wurden fansels it is forskriklik in pear assistinten wurde yn dik lear en wattearre jassen pakt en geane mei in skermmasker foar op it terrein se blaze op skelle floitsjes en se hawwe alarmpistoalen om de razende mantsjes op in ôfstân to hâlden dat bart ek as de bern nei in jier fuorthelle wurde, it is in healjier lynd foar de trêdde kear bard de wyfkes gûle dan de hele dei in sêft polifoan gejammer mar de oare deis binne se 't wer forgetten de mantsjes kuolje harren drift ôf yn skyngefjochten soms wurdt der echt fochten yn Prziç is koartlyn in jonge man deabiten jo moatte tinke, seit de suppoast, it binne bisten hij hat hjir dingen sjoen dêr praet er mar leaver net oer
de man is net it type dat der op út is om jin foar in sygret smoarge forhalen to dwaen mar hij makket jin nijsgjirrich
fierderop rêstich sitten gean en it jin oan tiid dwaen om de bisten yn har hâlden en dragen to observearjen (Portielje). flak foar jin, in meter of fjouwer fan jin ôf, sit in frou, in wyfke, suterich, it hier is roastrea de earmen binne tin en sinich it fel tin bihierre en rudich hja sit skean fan jin ôf biwegingsleas allinnich har linker ear giet efkes platter lizzen as de suppoast to lûd lústeret of mei syn learen soallen slifferet. hja sit op 'e huken deastil men freget jin ôf oft se sliept mar né hja stekt foarsichtich in hantsje út de neils bin koart en rose hja tekenet mei de finger in gersraeike út. der sakket ynienen in wée skamte op jins skouders en men flechtet sûnder de suppoast to groetsjen
bûten, forbline, wurdt men oerfallen fan lûd, tinteljend en tsjotterjend. der binne bern dy't bij alle papegaeijen stean bliuwe en geduldich stikjes koekje fuorje om se oan 't praten to krijen. de fûgels sjogge de oare kant út mei harren kâlde eagen hja grânzgje bijtiden even en de bern jûchje: hij seit forrèk!
(november 1960) |
|