De twade kear is er better bij de tiid en sadré't it tellen bigoun is stout er mei de hele kloft fuort dy't him forspriedt en lústeret en weiwurdt yn 'e skimer sommigen rinne noch gau oer hja wurde ófward of meilokt nei noch bettere plakjes dan hâldt it skufeljen op en it is wer stil
ditkear lei er in heel ein fuort yn in droege sleat it wie eins in beamwâl en oan alle kanten ticht strewel strategysk folmakke en njonken him lei in famke dat er al in pear kear sjoen hie joun. hja wie like âld as hij of efkes jonger dit is wichtich lykas it feit dat hja tafallich deun njonkeninoar tolânne kommen wienen
earst leinen se plat op 't liif tsjin it wâltsje op om út to sjen mar hja wienen to fier fuortroun om opnommen to wurden yn it libben dat dêr al wer bigoun wie. der barde net folle jinsen ientoanich dêrtroch forslapte de oandacht opnij en hij naem in gersraeike en loek it út 'e groun it hie in pearsige plom. hij stiek it sappige ljochtgriene ein yn 'e mûle en biet mei lytse stikjes tagelyk
hja sei:
- bistou hjir al lang?
- fan 't midje kommen, sei er en hij seach mei oandacht nei de droege pearse krommeltsjes dy't er fan 'e gersplom ôfritste. hja rôlle har om en lei op 'e rêch en loek har knibbels op en sei bidachtsum:
- ik wie hjir juster al. ik hie dy noch net sjoen. hast fan 'e midje ek net mei kuijere?
- né, sei er koart en doe, rejael:
- ik bin pas om fiif ûre kommen.
- fiif ûre? (in úthael) doe wienen wij al wer werom.
It ûnderwerp wie dêrmei ôfdien hja núndere in mambo en bisocht om ien skonk rjochtstânnich omheech to krijen wylst de oare op 'e groun bleau
- de knibbels rjocht hâlde, sei se, mar se roun al hwat rea oan.
hij seach nei har, rêstich. de oaren rôpen yn 'e fierte dit