Op 'e literaire toer
(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 47]
| |
Trettjin fersen | |
[pagina 49]
| |
ik ha wol skriemd
ik sei tsjin har
astou my mar portûr jaen kinste
mar hja hat har eagen sletten
har sterke hân dy't nei my taestte
hja wol skean troch my hinne flitse
lit ús de fiorituren wêze
yn inoarrens meldij
mem ik hâld fan har
| |
[pagina 50]
| |
jow my in stikje fan dyn wytwalene jûpe
ik hâld sa
fan de genoegelike lûdtsjes dy't út dy komme
ast kofje ynskinkste
of dyn rêch stiest to waskjen
mei ik in stikje fan dyn kanten broekje?
ik sil in stikje foar dy sjonge
en mei ik in tútsje op dyn búk jaen?
o né sei hja
wy moatte joun dounsje
yn 't bleate gat
mar net foar Herodes
dêrom lei ik de kul oer 't skouder
en reizge floitsjend ôf
o leaf leaf
myn sterke hannen sille
ús dyn lichem ûntdekke
dyn hûd dy't de kleur hat
fan pas skylde bjirken
sil him huverjend oan ús fortoane
ús stroeve plastyk sil ûneindich yninoar slute
ik sil dy yn myn earm hâlde
né sei hja, dou leist yn mines
wy mei ús earnstich boartsjen
| |
[pagina 51]
| |
noustou dyn wytwalene jûpe útdien hast
sille wy in mozayk meitsje fan 'e stêd
mei flitsende oerbiljochte kontouren
ik reitsje der sa gau yn bitiisd, jonges,
as ik myn sinnebril net op ha
mar op har patroan mei ik útrêste
hat hja my ûnthjitten
sa is alles fol fan genede
| |
[pagina 52]
| |
hwant dou moast my
mei dyn 63 fingertoppen
oeral efkes oantippe
lit my dit waerm lichem
yn ien hân hâlde
en mei de oare
om genede smeekje
lit my yn dyn marren baeije
mar hja skriemde glimkjend
doe't hja seach dat al myn skippen
sonken yn har sé
(machteleas)
meitsje my greater, myn frou
laitsje my einleas
har tofreden liif
dat sykheljend op mines
ik sei hoe moat dat nou mei
alle lytse fûgeltsjes?
hwat ha dy der dan mei
noadich, frege hja
hearegod mins
liz net sa to âldehoeren
nou freegje ik jo
soms mei ik har net lije
| |
[pagina 53]
| |
net swije
lit ús net swije
as wy wâdzje
sa
troch de tsjinstân
fan ús ûnmachtich ûngâns
dyn skouder yn myn hân hâlde
lit ús net swije
| |
[pagina 54]
| |
ús oerjefte is greater as dy fan 'e lepidoptera
meitsje ús s.v.p. blyn
meitsje ús s.v.p. wurdleas
sa woe hja witte
hoe't it weefsel fan myn
bijnierskoars oanfielde
ik wist it sels noch net iens
mar ik hie wol sin oan thé
sa moatte wy altyd laitsje
kin ik it helpe?
lit ús baeije yn dyn woldiedige marren
oant wy mei barstende sliepen
tusken de koralen rinne
myn kearn splist him
simfonysk
yn dyn optein liif
| |
[pagina 55]
| |
wy ha hjoed 3 poun toarnbeijen opiten
wy ha de hele middei fûgelnustjes plôke
en de printen fan Goya forbettere
sittend yn 'e Prinsetún
letter ha wy earnstich hallelujah songen
mar it aldermoaiste wie
hoe't hja skatterje moast
doe't wy neaken boarten
yn 'e sânbak fan Appelsgea
mar dochs
ús hynders sille oer de strânnen galoppearje
ús caroussels sille sketterjende feesten draeije
ús beammen sille extatysk har stille plicht dwaen
ek as ús soannen al sneuvele binne
| |
[pagina 56]
| |
letter sille wy sizze
ha wy gjin namme foun
foar hwat gjin namme hie
ha wy net songen as de bosken
ha wy net dounse as de fisken
ha wy gjin minsken boetsearre
ha wy de wrâld net skepen?
(september 1959)
|
|