Op 'e literaire toer
(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 17]
| |||||
12 April 1958
| |||||
[pagina 19]
| |||||
earste man frou twadde man persoan | |||||
[pagina 20]
| |||||
der wurdt yn it roun spile sûnder rekwisiten
(tsjuster. earste man bigjint, mei de mûle ticht, to sjongen. it docht tinken oan gregoariaensk, indysk en vivaldi, mar sûnder pretinsje, as ien dy't foar himsels sjongt. nei in dúdlike sin falt de frou yn, fugatysk, dêrnei de twadde man. it sjongen is folslein ymprovisearre, de trije stimmen sjonge harren eigen wiis. de essinsje fan dizze polifonaliteit lykwols is dat gjinien fan 'e trije stimmen de boppetoan fiere wol. de meldijen binne opinoar ôfsteld, de sjongers harkje nei inoar, sadat in biskate harmonij fielber is. it karakter wurdt lykwols net dat fan in sjongstik. elts núnderet foar himsels. yn't earstoan wurdt songen mei de mûle ticht. njonkelytsen wurdt it lûd troch de lippen blaesd, noch letter wurdt songen op it lûd ‘eu’, dêrnei op ‘aa’. dochs wurdt it net lûd of mei sin. it sjongen hâldt op meidat immen de foet lûd en oerstjûr op 'e flier stampt). persoan
(ropt mei lulk lûd yn syn hannen)
hadéje rambam fande dêrre, damdamme!) (in doar slacht ticht)
man 1
hwa wie dat? frou
dat wie de buorman. hy kin net sliepe as de oare buorfrou sa snoarket. man 2
hwat hat dat ek noadich. lit him in litsjumaux keapje frou
dat jowt him neat, hwant sij kin net snoarkje as hy sliept. man 1
hoe lang bin se dan troud? man 2
trijehûndert jier. frou
dan betteret it ek net mear oer. (it sjongen bigjint wer, mar bliuwt nou sêft. stadichoan giet
| |||||
[pagina 21]
| |||||
it ljocht op. man 1, frou en man 2 rinne stadich trochinoar hinne, mar rinne inoar net yn 'e wei. hja stappe rêstich oer en wer, sûnder ientoanigens, binammen ek sûnder neidruk en sûnder de yndruk to meitsjen dat se earne mei sin mei dwaende binne.
lykas it sjongen ek hjiryn it harmonieus byinoar wêzen fan trije yndividuën. hja rinne net hyltyd, se geane ek wol sitten of stean stil. faeks sit de frou to breidzjen. it sjongen stjert út) man 2
ik ha in stik klaei en dêr ha'k de wrâld fan makke. mar hy draeide net goed en ik hie de beammen ek forgetten. frou
hoe kinst nou de beammen ek forjitte. man 2
(spitich)
't wie in hele greattenien. frou
hoe great? (man 2 wiist)
(frou biwûnderet lichtjes)
man 1
(is earne drok mei dwaende, hy reparearret miskien in elektryske stekker, of slypt in punt oan in potlead)
hoe kaem dat dat er net draeije woe? man 2
ik hie de beammen forjitten. man 1
(bigrypt it earst net, laket dan, man 2 laket mei)
man 2
ik hie ek in floit en dêr ha'k de fûgels mei floiten. mar se seinen dat it to skel klonk. man 1
hwa sei dat? frou
to skel? hwerom songen se dan net mei? man 2
dat ha se letter ek dien. en de hounen ha der nei harke. se sizze dat hounen net oer musyk kinne. man 1
kin se ek net. se gûle der om. frou
doch ik ek. ik kin ek net oer muzyk. man 1
hastou Tanguy noch lêzen? man 2
ja man 1
hoe founst him? | |||||
[pagina 22]
| |||||
frou
hwat wie dat? man 2
les désirs liquides. man 1
dat hie'k him liend. man 1
hwat in byldzjend formogen, net. man 2
prachtich. frou
Tanguy is in âldehoer. (rêd)
en juster ha'k de hele dei boarte, jong en wy ha lake, earst wie'k sa moai as poes jong, en ús heit en ús mem en myn omke en muoike en omke en oaremuoike en omke en tante, en en en wy hienen sa'n wille allegear jong, en doe bigoun it ek noch to reinen en ús mem har bloeske wie hielendal wiet jong, en ôô jong, en en doe ha'k toudounse en héél fier fuort en móái jong en doe bin 'k op bêd gien. man 1
(lykas man 2 yn stomme biwûndering)
dou kinst alles man 2
kin jim wol op 'e kant om prate? oaren
ne, toe ris. man 2
(demonstrearjend)
ham ham ham hammamammamam. oaren
(laitsje)
nochris man 2
hamammam, ham, ham. man 1
(laket)
sil ik ek ris? frou
(jûchjend)
jaa! man 1
(seit sûnder lûd to jaen mar mei folle mimyk it bigjin op fan ‘der wie ris in âld âld wyfke’. as er is by ‘né, sei de houn’)
frou
aaa, dat is fan der wie ris in âld âld wyfke man 2
(somber)
en dat foun in houten duitsje. (swijen)
man 2
ik bin Siik Engelsma tsjinkommen man 1
(skatteret)
frou
(bliid forwûndere)
hoe wie 't mei him? | |||||
[pagina 23]
| |||||
man 2
syn frou hie in lytse krigen. man 1
in lytse hwat? frou
in lytse poppe fansels. man 1
soa ja, dat sil 't wol, se wie sels ek altyd al sa lyts. mar se sit wol goed yn 't fleis. frou
nou, moat jim harkje, doe hie dy dokter sein, dat bern is in bytsje skilich, hied er sein, mar dat komt mei de tiid wol goed. nou, moat je ophâlde man 2
(net slim forwûndere)
hoe witstou dat sa? frou
ik bin him tsjinkommen. man 1
hwa? frou
Siik Engelsma man 2
(skatteret)
frou
ik bigryp net hwat der to laitsjen is oan Siik Engelsma man 2
ik moat altyd gnize om Siik. wy ha togearre ûnder tsjinst west. och, och ... frette man ... hwat gyng 't need, hwat gyng 't need bytiden. tsjong, tsjong, sei Siik... (skatteret)
frou
jaja, en dan komme der allegear manljusforhalen man 2
ja. nou, frouljusforhalen ek wol. frou
(laket sûnder dat se wol)
man 1
Siik is net wiis. earst soed er boer wurde. dat kaem omt er forkearing hie mei in boeredochter (man 2 floitet ‘in dikke boeremeid dy kost in daelder’ en giet troch mei floitsjen)
doe soed er dichter wurde, dat wie doe 't dy faem it útmakke. doe soed er plysje wurde, hwer't dat fan kaem wit ik net. doe is er psychology bigoun to studearjen, en om der in pear kompleksen by to krijen is er troud mei in medika. soa, dus dan is dy nou oan't bern krijen. man 2
né, dit is de medika net mear, dit is ien fan 'e kunstniverheitskoalle (hâldt op fan floitsjen)
| |||||
[pagina 24]
| |||||
man 1
mar dêr wied er al lang mei, dy is noch út syn dichterlike tiid. dat wit ik presys, hwant hy liet syn burd stean. hy hie in tinne, slûke sik, dy't in bytsje nei rjochts ôfbûgde, altyd nei rjochts, dat kaem omt er der altyd sà oerhinne aeide. minsken dy't krekt in burd hawwe kinne der net ôfbliuwe. frou
(is bigoun to praten as man 1 bigjint mei ‘doe soed er plysje wurde’ - hja prate sûnder inoar to oerstimmen trochinoarhinne)
ik ha ris kuijere, ik tink dat it west hat yn 'e omjowing fan Asciano. doe wie it midden op 'e dei en 't wie simmer en der wie gjin minske op 'e dyk. allinnich wie der in âld wiif dy't op har karke ús foarbijried. de âlde froulju hawwe dêr altyd swarte klean oan, en in swarte sjael oer de holle. mar se hie al in greate griene paraplu op foar de sinne. en doe 't se ús al in ein foarby wie kaem der in tropke skoalbern oan dy't har rôpen, ah Mariia Mariia riia iia ii ii, je hearden oars neat mear as iia ii... en dêr net fier ôf libben de minsken noch yn hoalen, samar oan 'e dyk. ha jim wolris in neger sjoen? (man 1 hâldt op fan praten; hja tinke nei)
man 2
né, allinnich mar yn 'e film (it praten giet oer yn sjongen)
(yn in kring om harren hinne is wiles de persoan kommen to rinnen. hy hat oare klean oan as de minsken. yn 't earstoan rint er om harren hinne, wylst er harren forsteurd oansjocht, mar se slagge gjin acht op him. dan rint er dwers
| |||||
[pagina 25]
| |||||
troch harren hinne, wiles ‘pardon’ sizzend en alle trije tagelyk op 'e teannen traepjend. ek dat forsteurt harren net. ûnderinoar forsteane de trije inoarren nou en dan mei in eachopslach, in inkeld gebaert. ien kear tutet de frou man 1 flechtich. de persoan fljocht der op ta, draeit om de frou hinne en bisiket chance to krijen. hja glimket net ûnfreonlik mar is hoeden dat er net wer tsjin har oan rint. njonkelytsen komt de persoan wer bûten de groep tolânne dêr't er mei in nidich troanje omhinne rinnen bliuwt. fan bûten ôf bisiket de persoan nou de minsken ôfsûnderlik oan to sprekken (‘dach juffrou’). hy tikket se op 'e earm en op 't skouder en glimket útnoegjend. de minsken sjogge him soms net ûnfreonlik oan mar jowe fierder gjin blyk dat se harren foar him ynteressearje.
persoan bigjint him op to winen. hy fielt him yn syn eare oantaest en nimt syn uterste middel to baet om de minsken ta oandacht to twingen. hy nimt in patetysk biswarrende pose oan) persoan
(autoritair)
stop! ophâlde mei dat gerin en gedoch (de trije minsken stean stil en sjogge forwûndere nei de persoan)
frou
hwerom? persoan
omt it gjin sin hat. dit is gerin sûnder sin en dat jowt gjin gewin mar kattegespin (pose fan in man út 1880 dy't op 'e kyk komt)
man 2
mar wy binne kattegespin persoan
né frou
(freonlik forwûndere)
wolwier persoan
né man 1
jo skine ús better to kennen as wysels. blaf net sa en forklearje jo neijer | |||||
[pagina 26]
| |||||
persoan
it stiet net skreaun dat wy kattegespin binne. it stiet skreaun dat wy hjirre nou en dan op paste wize sjonge meije, mar dan net mear as ien tagelyk. lykas der skrean stiet: (evangelysk gebeart)
één en één is twee (effektpauze).
der stiet skreaun hij dy als friend hier binnen gaet komt noait to froech doch steeds to laet (preekgalm)
mar der stiet net skreaun dat minsken kattegespin wêze kinne (toan fan in wittenskiplike lêzing)
ik tink dat jim yn 'e war binne mei spinnen dy't faek mei minsken forgeleken wurde. mar is net wis, it is wierskynlik apokryf. frou
hwer stiet dat dan allegearre yn skreaun? persoan
yn de brieven, minske, dat tsjinje jo to witten jo binne lidmaet fan dizze maetskippij, of net faeks? man 2
maet al, ja, mar lid eins net, né. persoan
(op in toan as sei er stommeling)
dat kin net oars, dat stiet sa skreaun. (forûntweardige)
dat tsjinje jimme to witten, elkeneen wordt geacht de brieven to kennen (hy nimt de kykpose wer oan, dy't lykwols yninoar sakket as in pudding trochdat man 2 en frou him myld mar spotskernôch sitte út to laitsjen. man 1 bliuwt earnstich)
man 1
as ik it dus goed bigryp wolle jo sizze dat dat ûnûntkomber is. mar jo forjitte rekken to hâlden mei de mooglikheit dat wy net yn dy brieven stean persoan
(misledige)
alles stiet yn de brieven man 2
mar dat kattegespin stie der net yn persoan
dat bitsjut dat it net bistiet. der is neat to min en neat to folle skreaun. de keizer is goed en hwat hy docht is wol dien. de keizer is der om de brie- | |||||
[pagina 27]
| |||||
ven to hanthavenjen en een ider is geacht de bryven to kennen (kykpose)
man 2
(koppich)
stiet der dan yn 'e brieven dat wy net kuijerje meije? persoan
der stiet nèt yn 'e brieven dat jimme kuijerje meije. der stiet yn 'e brieven neat oer kuijerjen. dat slút kuijerjen út, kuijerjen bistiet net. frou
(dreamerich)
lijsje learde lotje lopen langs de lange lindelaen persoan
(lilk)
it jowt gjin pas dat jo de brieven spottend oanhelje frou
(forûntweardige)
ik spot net, ik sjong persoan
(harket net)
dat komt op itselde del man 1
(forûntweardige)
òòh! man 2
(forûntweardige)
òòh! frou
(dreamerich-sjongerich)
spòtfûgeltsje, lòkfûgeltsje persoan
(forûntweardige)
òòh! (forheard)
òòh! (forhearlike)
òòh! (hy wiist nei eat efter de frou. de frou en hy rinne inoar foarby, hy wizend. de frou, tusken de beide mannen yn, keart har om. hja steane nou njonkeninoar en sjogge yn 'e rjochting dy't de persoan, foar harren steand, oanwiist. hja steane mei de skouders tsjininoar oan)
persoan
de keizer komt foarby! (hy rint mei de earmen swaeijend yn in kring om de trije minsken hinne, mei de rêch nei harren ta, sijen draeije mei sadat hja deselde kant opsjen bliuwe as hy. hy ropt lûd, mei in earnstich, fanatyk troanje:)
persoan
leve de keizer, leve de keizer hoera hoera! | |||||
[pagina 28]
| |||||
(neidat er sa in pear kear yn in sirkel dounse hat is de keizer foarby).
persoan
(sêft)
hoera (hy keart him om en wiist biskuldigjend op man 1, dan op frou, dan op man 2)
dou hast net hoera roppen, en dou hast ek net hoera roppen, en dou ek net! (de skouder-oan-skouder groep falt útinoar. de trije minsken geane mei de troanjes nei inoar ta yn in lytse kring stean en sizze rêd trochinoar de wurden hoera, dou, hast, net, roppen, sûnder biskate folchoarder. it sizzen wurdt stadiger en lûder. stadichoan oerhearsket it wurdt hoera, it slot is de útrop yn koar:)
hoera, hoera, hoera persoan
(kritysk)
fout. né, né, dit is fout. jimme forsteane 't hielendal forkeard. op it momint dat der hwat barre moat dogge jimme neat en dan letter, as alle minsken de haren snaerje litte jimme de fearren sinke. of op syn moaist de earen toetsje, hwat ek neat om 'e hakken hat. dat kin gjin kant út. as alle minsken hoera roppe en de flaggen útstekke omdat it in nasjonael of in universiel bilang oangiet lizze jimme op bêd, en as alle earlike goede minsken sliepe bigjinne jimme to brulloftsjen. man 2
o, jo ha der gjin idé fan hoe nuttich oft brulloftsjen is foar de prokréativiteit persoan
(hat harke en liket andert to jaen)
mar dat rekket it algemien-ethyske bilang net. myn heit silliger hat trije dagen brullofte, mar hy hat dat dien yn de tiid dat der brullofte hearde to wurden. trije dagen lang hat de hele wrâld brullofte, it wie yn 'e strange winter fan '79, de hynder-en-weinen koenen op it iis, mar der waerd op doun- | |||||
[pagina 29]
| |||||
se dat it kreake. trije dagen oan ien tried wei is der iten en dronken en songen en dounse. yn gjin sawn jier wie der safolle brandewyn skonken as doe op ien joun, sûnt '35 ha safolle keardels inoar net oer de bek snien. de slachters slachten de hele dei troch, de bakkers bakten de hele dei troch, de krudeniers krudenierden de hele dei troch. oeral yn it lân binne de minsken mei keppels tagelyk troud. dy't gjin breid hie dy socht deselde jouns noch ien, ien wie der dy troude by forsin mei syn muoike, mar dat hindere neat, hy wie dochs séman. hah, dat wie in tiid, sa'n tiid hat der noait wer west. en doe yniens wie't út, de tiid fan trouwen wie foarby, it wie oer. sûnt dy tiid bin der gjin fatsoenlike minsken mear troud. myn heit syn jongere bruorren hienen to jong west en se binne net troud. frou
hwat freeslik sneu persoan
se ha de rest fan har libben yn konkubinaet libbe man 2
en de susters? persoan
dy bin non wurden. of húshâldster. alles better as de dingen op 'e forkearde tiid to dwaen frou
mar as se trouwe wòllen hienen? persoan
(forheard)
fansels hienen se trouwe wollen, mar hwat docht dàt der nou ta hwat se woenen. it wie gjin tiid om to brulloftsjen man 1
(foarsichtich)
faeks hienen se dan trouwe kinnen sûnder to brulloftsjen? persoan
(uterste forbazing)
trouwe sûnder ... (lulk)
is it by jimme wenst om der obsceniteiten út to smiten dêr't froulju by binne? frou
ik soe my dochs foarstelle kinne dat se leaver ... persoan
(strang)
leaverkoekjes waerden doe noch net bakt yn Fryslaân. man 2
(yn 'e winkel)
ien âld wiif en twa keallepoaten | |||||
[pagina 30]
| |||||
frou
(winkeljuffer)
astublyf. dankuwol. 't is wol aerdich optheden, nou man 2
né, neat oan, nou frou
dóóch man 2
(winkelbeltsje)
tyngg persoan
hwerom hawwe alle winkeljuffers rea hier? frou
(ûngeduldich)
alle winkeljuffers ha gjin rea hier persoan
(noch neitinkend oer syn fraech)
jawol, dat ha'k earne lêzen, ik wit net mear hwer man 2
ús winkeljuffer hat grien hier persoan
dan is it gjin winkeljuffer man 2
wolwier, se stiet yn 'e winkel persoan
dan is it gjin winkel man 2
mar se forkeapje der sûker en margarine persoan
(fan syn stik brocht)
en stiet dêr in juffer mei grien hier? man 2
ja persoan
forkeapje se der ek kofje? frou
ja persoan
dan komt it dêr fan. mar it is net yn oarder, ik soe mar oppasse mei dy juffrou. hat se forkearing? man 1
né persoan
né, sjo' je wol? man 2
mar se is troud persoan
(sjocht harren fornuvere oan)
ik bigryp it net rjocht. jimme sprekke my tsjin, jimme spotte mei de brieven, jimme roppe net hoera foar de keizer. jimme koenen wol net rjochtlinich wêze (wantrouwich)
bin jim wol normael? man 1
wy binne folslein normael. wy hawwe ús eigen noarmen, wy libje neffens ús eigen noarmen normael persoan
(forheard en skokt)
o né. o né, dat kin net, gjin sprake fan, (bringt himsels yn 't lykwicht mei de
| |||||
[pagina 31]
| |||||
absolute wierheit)
wy hawwe in keizer dy't de brieven biwarret, dêr steane de noarmen fan it goede en it kweade yn. een igelik wordt geacht de brieven to kennen. as jo de noarmen net kenne kinne jo net normael handelje. man 1
mar, goede man... persoan
(harket net)
né, né, né. ik bin nammers gjin man. ik bin (falsk biskieden)
in persoan man 2
(droech)
dat is gâns in opjefte tinkt my frou
ja (hja proestet efkes heechop, laket dan forûntskuldigjend en ûtwapenjend noch hwat nei)
persoan
(alhiel fan 't sjapiter)
dat is 't ek, ja (nei dizze fêststelling fielt er him hwat wisser. hy draeit om de frou hinne, dy't net ûnrêstich wurdt mar net mear laket)
man 1
sjoch, persoan, ús noarmen... persoan
(deadsbang foar arguminten, harket net)
né, né, né man 2
(hâldt him net mei persoan dwaende, skrikt fan syn geblaf en blaft earnstich werom, wylst er syn lûd imitearret)
wàf wàf wàf persoan
(akseptearret dizze torjochtwizing en bynt him yn)
frou
hàhà, bitende hounen blaffe net man 2
(fljocht op har ta, hja krijboartsje roppend en laitsjend om man 1 en persoan hinne en skuorre dy oan. dy twa steure harren dêr net oan en fiere in petear dat hwat langer hwat heftiger wurdt:)
man 1
ús noarmen... persoan
jim noarmen hielendal... man 1
normael noarmen normael persoan
fan 'e hwat doch noarmen man 1
doch noarmen normael ús persoan
keizernoarmen keizer keizernormael man 1
blafhoun normael keizer | |||||
[pagina 32]
| |||||
persoan
keizerkrijboartsje man 1
normael hoera keizer persoan
hielendal blafnormael hounkeizer man 1
dochnoarmen fan 'e hwathounhwat persoan
rjochtlinich de keizer hoera normael man 1
krijboartsje de keizer hoera helendal hoera persoan
wafblafhoun hoera waf blaf blaf man 1
hoerahoun hoerahounkeizer persoan
hoera normael wafblaf man 1
persoan hoera persoan
man normael man 1
blaf keizer persoan
hoera hoera hoera man 2
persoan, persoan, jo ha in losse fiter (hy bigjint oan persoan syn fiter to tyskjen. dy lit him gewurde en seit glimkjend: tanke)
persoan
hwat binne jimme foar lju? it liket wol oft jim jim der op talizze om ûnrjochtlinich to tinken! man 2
en as wy nou net rjochtlinich binne? persoan
fansels binne jimme rjochtlinich, hwat in ûnsin frou
(forlegen)
né, né, wy binne gjin... ik wol sizze, ik bin net rjochtlinich persoan
(wol net harkje)
ûnsin, ûnsin, hwat in ûnsin. hoe soenen jo nou net rjochtlinich wêze, it kin wêze dat jo nea yn 'e Harmony [of oare semi-kulturele ynstelling] komme, ik ken mear minsken dy't net mear yn 'e Harmony komme en dat bin dochs goede rjochtlinige minsken. mar om to sizzen ik bin gjin ... fuoi (lêste argumint, sa fanselssprekkend dat it as grap miend is)
jo binne dochs skeard? nou dan frou
(tige forlegen)
né, ik bin net skeard persoan
(fortrout syn earen net)
net... binne jo net... (uterste skrik en ôfkear foroaret yn nijsgjirrigens)
mar binne jo dan helendal ... binne jo dan net | |||||
[pagina 33]
| |||||
... lit ris ... (bynt him op tiid yn)
persoan
(tige ûnder de yndruk nou)
òòò, dan is sij hielendal net rjochtlinich man 1
(rêstich)
wy ek net (persoan sjocht om hâldfêst nei man 2, dy't glimkjend fan né skoddet)
persoan
(wanhopich)
mar dit is ûnmooglik (gûlt hast om harren to oertsjûgjen)
dit kin net, wier jonges, dit kin hielendal net, as jim net skeard binne dan komme jimme ... dan komme jimme nearne man 2
hwer soenen wy hinne moatte, it is hjir fierstogoed persoan
mar jim passe net by ús man 1
wy dogge gjin minske oerlêst oan (lulk)
steure wy jo faeks? persoan
(ek lulk)
ja. jo jowe oanstjit frou
oanstjit hwermei? persoan
mei 't it ûnseedlik is om net skeard to wêzen (draeit om har hinne).
frou (stil foar har útlaitsjend)
hy hat eagen krigen mar hy kin it net sjen persoan
(machteleas lulk yn 'e kaert sjoen)
jimme jowe oanstjit man 1
grif omt wy sneintomoarns net útsliepe kinne troch it gegûl fan jimme televisyantennes? persoan
(harket net)
dêr net om, dêr net om (man 2 bigjint hwat to sizzen, mar hyltyd as hy bigoun is mei ‘hwat fan ...’, letter ‘en fan ...’ en ‘mar fan ...’ falt de persoan him yn 'e rede)
persoan
mar omdat jimme net rjocht binne (hwat fan)
omt jimme de brieven net kenne (mar fan ...)
omt jimme fan gjin noarmen witte (fan...)
en jim | |||||
[pagina 34]
| |||||
eigen noarmen meitsje wolle dy't liede nei Sûnde en Gomoarra. frou
(bitrouwend)
mar wy libje ommers yn in frij lân. persoan
nétwier! wy libje yn in frij rjochtlinich lân en dêr is gjin plak yn foar net rjochtlinigen. man 2
hwat bart dêr dan mei? persoan
dy wurde krusige (pathetyske, biswarrende hâlding)
(de trije minsken steane hwat forslein. de frou sjongt sûnder wurden op do-re-mi in flaemske folkswize:
man 1
(rint op persoan ta. dy sil de selde truc úthelje mar de man is him foar. earnstich:)
jo moatte om jou hert tinke. (persoan giet gewoan stean en knikt bisoarge en tankber nei man 1)
man 1
(ûnrêstich. hy bisiket lyk to kommen mei de fallene wurden)
it liket ûnûntkomber. it liket wol absolút. (huverjend)
is dit absolút? persoan
(plechtich)
de brieven binne de keizer absolút man 2
mar wy falle der bûten. hwat wy dogge stiet net yn 'e brieven persoan
hwat net yn 'e brieven stiet is der net. frou
(strykt mei har fingertop fan it skouder by har side lâns)
binne wy der net? | |||||
[pagina 35]
| |||||
man 1
as wy der net wienen soe dat absolút wêze persoan
(biswarrend)
dat kin net. yn dat gefal soenen jimme it absolute neat wêze (frou lústeret man 2 hwat yn 't ear)
man 2
(oertsjûge knikkend)
absolút man 1
(bisoarge op him ta)
absolút? frou
(ûngeduldich)
né, né, ik frege him hwat man 1
de keizer is normael, de keizer is absolút man 2
absolút man 1
absolút? persoan
jimme net, jimme net man 1
(ûngeduldich)
mar dan ek absolút net frou
absolút en absolút net is it selde (biwûndering fan de mannen)
man 1
dat bitsjut dat de keizer der net is omdat wy der binne man 2
(profetysk)
it folmakke godsbiwiis! persoan
(great en steatlik, tsjin 'e frou)
knibbelje. dit wurdt in oardiel frou
(bang mar weardich)
en hwa sil oardielje? persoan
ik bin de steedhâlder fan de keizer man 1
ik bin syn neat persoan
dit is in oardiel (persoan en man 1 stelle har op om to fjochtsjen. hja steane rjochtop, foarinoar oer. harren hannen slaen mei hurde klappen yn inoar: rjochter tsjin rjochter en lofter tsjin lofter op eachhichte, rjochter tsjin lofter en lofter tsjin rjochter op earmtakke-hichte. it fjochtsjen duorret efkes. man 2 en frou stoarje fascinearre nei de beide tsjinstanners. allinnich it ûnregelmjittige klappen is to hearren
| |||||
[pagina 36]
| |||||
man 1 mist in klap en sinkt op ien knibbel persoan stapt, it liif foarút en de broek opheljend, om, syn blide forwûndering oer dizze ûnforwachte oerwinning min kamouflearjend)
man 2
(forûntweardige)
in misse slach, dou hast it net echt woun, dit jildt net persoan
(wol hjir perfoarst net op yngean, hy is fiersto bliid dat it sa ôfrint)
neu, neu, dit jildt wol (frou giet nei man 1 ta, dy't noch op ien knibbel leit, en leit in hân op syn skouder. hy komt oerein)
man 1
(somber)
jo hawwe woun. jo sille ús helpe moatte om normael to wurden persoan
(autoritair)
ja. jim sille fansels it measte sels dwaen moatte. mar ik sil jim leare hoe't it is. (se gean sitten, de persoan is skoalmaster)
persoan
jonges, ik roun lêsten op strjitte en doe seach ik in lyts famke rinnen. hóé ... tinke jimme dat dat famke hiet? man 1
(earnstich syn bêst dwaend)
Veronica persoan
(lulk)
is dat in goeije fryske namme? man 1
né, mar ik tocht ... persoan
stil! hoe tinke jimme dat dat famke hiet? frou
(gesellich skoaltsjeboartsje)
klessebeske persoan
né man 2
Pitertsje persoan
né man 2
fitertsje persoan
né man 2
sipeltsje persoan
né frou
fladderakje persoan
né | |||||
[pagina 37]
| |||||
frou
Aeltsje persoan
(forheard)
né, hoe tochtst dàt sa? frou
(forlegen)
nou, dat ha 'k ris lêzen, dat foun 'k sa'n leave namme persoan
(ûngeduldich)
ach né, mar jim riede ek mar hwat, sa komme jimme der noait út. dat famke dat hiet gewoan fan Gryt man 2
hwerom man 1
(lulk)
stil nou! persoan
ja, hwerom, hwerom, dat moat' je witte, dêr moat' je net nei riede, dan kom' je der noait efter frou
nou ja, dat wisten wy net persoan
né, dat is 't him nou just, sokke dingen witte jimme net. fierder. in jong frommeske hâldt fan in haedkommys A trêdde klasse. mar se forwachtet in bern fan in adjunctreferendaris B. mei hwa trout se? man 1
mei de haedkommys A trêdde klasse persoan
né, netwier, netwier, dy wie al lang troud man 2
dy skoft persoan
(pûr)
hwàt? man 2
(docht syn bêst om krekt to dwaen oft er neat sein hat)
hwat? persoan
sjoch, ik sil it jim útlizze. de kwestje is, jimme witte net. it witten is jim net jown. nim nou, bifobbeld, eh ... nou ... ja, ... as sadanich ... de wrâld ... eh ... nou ... as sadanich sikmasizze ... dat is fansels ... eh ... ìs bifobbeld wol sa natuerlik, mar hoe fierder as sadanich as je komme, hoe ... mear ... einlik ... as it is. gean foar myn part nei Spanje ... nou, ... of ... nou ... foar myn part yn yn yn afrika ... nou né, net yn afrika ... mar hwer dan ek mar ... nou ... oeral dêr't je komme ... dêr ha se dat. en it is krekt sa mei de polityk. ek altiten, tink der | |||||
[pagina 38]
| |||||
mar ris om, ... dat sil' je altyd sjen. einlik kin' je gjin krante opslaen of it stiet der hast wol mei safolle wurden yn. en oars wol foar de radio ... nou, ... net dat se't nou altyd rjochtút sizze, hwant wy binne al safier hinne dat soks net mear rjochtút sein wurde kin, mar it is foar immen dy't der skerp om tinkt altyd wol to fornimmen, altyd, .... oan ien stik troch. nou? (de minsken wolle net rjocht witte dat harren blykber krekt ûntgien is hwer't it om giet en sjogge inoar foarsichtich oan)
persoan
ik sil jim in foarbyld jaen: as ik, hjoed oan 'e dei, nei de menister fan âlderdomssaken tastappe soe, en ik sei, excellinsje, sei ik, nou moat' je ris harkje. nou? ik siz, excellinsje, jo moatte hinne gean en smyt fiif persint op A.C.Z. hwat soe de man sizze? hy soe sizze, hwant de menister is ek mar in minske, hy soe sizze: (iepenbierjend)
ik wit it net. (evangelysk)
hy wit it net (de minsken sjogge inoar wer foarsichtich oan)
en dêrom, it witten is de minske forgien (hy stapt matador-eftich om, yn 'e hannen wriuwend en wilens bitinkend hwat syn folgjende set wêze sil)
persoan
lit my it jimme leare, ear't it to let is. hwant it is samar to let, ear't jim der om tinke is it to let man 2
(bliid-hastich)
zoals het klokje thuis tikt tikt het nergens persoan
(freonlik-hastich)
just! jo bigjinne it to bigripen, wy binne leau'k op 'e goede wei frou
bijt uw tijd persoan
(even neitinke, dan opljochtsjend)
ja ... ja, sa soenen je 't sizze kinne. ja, ja, dat is skerp op- | |||||
[pagina 39]
| |||||
murken, en goed útsprutsen. ik leau dat wy al wol fierder gean kinne. wy moatte ris sjen hoe't it mei jimme forantwurdlikheitsbisef stiet. (tsjin man 1)
jo nou bygelyks, hwat is jou birop? man 1
(bigrypt it net, as hie persoan in frjemde tael praet)
nim my net kwea ôf, forklearje jo neijer? persoan
hwat is jou birop? birop (siket om in oar wurd)
jo witte dochs hwat in birop is? in birop? men hat dochs in birop, eltsenien hat in birop, men is filosoof, of men is habitué, of bustehâlder man 1
ik bin timmerman, soe dat faeks helpe? persoan
dat freegje ik jo net, dat hat der neat mei noadich. hwat dogge jo foar de kost? man 1
(fornuvere)
hoe, hoesa? foar de kost? persoan
(grap mei goedkeap effekt)
ja, kost, of hoeve jo gjin kost? man 1
ja fansels moat ik de kost ha. hwat ik der foar doch? neat, dat... (tinkt nei)
...giet... man 2
gewoan... frou
(blik fan forstânhâlding tsjin persoan)
.......foar de baet út. persoan
(tsjin man 2)
en dou, hastou gjin snor? man 2
(hellet ien út 'e bûse)
jawol, (set him foar)
mar se miene altyd dat er falsk is persoan
lit dan earne oars ien stean, dan kinne se forgelykje (man 2 hâldt de snor ûnder de earm, docht him dan wer yn 'e bûse.
persoan keart him nou nei de frou, dy't him rêstich oansjocht. hy sil har ek bigjinne oan to fallen, stiket dan en sjocht nei har lichem. hja strykt ûnbiwust even mei har hân oer it plak dêr't er nei seach, har lofterboarst. hja wurdt net ûnrêstich mar laket net persoan draeit him rûch fan har ôf en raffelet hastich in bi- | |||||
[pagina 40]
| |||||
swarringsformule ôf:)
waer werd oprechter trouw dan tusschen man en vrouw ter waereld oyt gevonden? (achterom sjocht persoan skean nei de skonken fan 'e frou)
man 2
(foarsichtich)
en nou soenen jo it ús dus leare frou
(freonlik)
lear it ús dan persoan
(wer wichtich)
lit ris sjen, kinne jimme dounsje? (de minsken sitte hwat forslein)
nou, kom kom, jim kinne dochs wol dounsje? man 1
(hoopfol)
jawol persoan
kom, lit ris sjen (man 1 dounset rjochtop, de hannen op 'e rêch, mei lichtfuottige hupkes, op in fluch ritme)
persoan
mar dat is net gewoan! jo moatte gewoan dwaen, man man 1
dat is àl gewoan, dat bin ik sa gewoan persoan
dat binne jó net gewoan, dan moatte jo jo neisjen litte man 1
ja...ja, dat tink ik dan ek wol frou
(sjongerich)
dou bist net wiis, hy is net wiis, jim bin net wiis... persoan
(bisiket har to negearjen; tsjin man 2)
en dou, dounsje dou dan sa't it heart (man 2 dounset, hannen yn 'e siden, chargearre in polka, tige mei de skonken gebearend, mar net ûnelegant en himsels bigeliedend mei de opseine wurden: hoeplakee en fan je hoeplakee, ralderalderaldal, dellebellebel)
persoan
(forheard)
mar dat is net goed, dat is fout, dêr tsjinje jo de keizer net mei | |||||
[pagina 41]
| |||||
man 2
(hat noch wille fan syn dounsjen)
doch it mar better. persoan
(krôllet om de frou hinne)
earst sij (frou leit de hannen yn 'e nekke en dounset mei har bekken. wilens draeit de persoan ticht om har hinne, har nou en dan oanreitsjend wylst er de selde biwegings bigjint to meitsjen as sij, mar krôlderiger. de frou bliuwt kalm mar glimket net. de biwegings wurde feller, oant de persoan trije stappen efterút springt en de frou hymkjend en lulk oanstoarret)
persoan
slange frou
(sjongerich)
it wie de slange net dy't de apel iet man 1
né, stil persoan
(sist)
slet! (frou sjocht forwitend nei man 1 dy't biskamme foardel sjocht)
man 2
dounsje dou dan stichtlik (persoan keart him mei in stûrtsk troanje fan 'e frou ôf en stelt him yn postuer, de rjochter hân op it liif, de lofter wiisfinger yn it ear. in pear kear sil er hast bigjinne mar kin sa gau net yn 'e (tinkbyldige) wiis komme. hy giet dan wer yn 'e hâlding stean en bigjint op 't lêst. hy dounset as in soldaet nei it bifel ‘markeer de pas’, lûd stampend it ritme en lûd tellend ‘slo, kwikwik slo’.
hymkjend en triomfantelik sjocht er om him hinne) man 1
dat is dus alles hwat yn 'e brieven stiet? man 2
forfelend | |||||
[pagina 42]
| |||||
(man 1 sjocht him oan en skodhollet. hy giet stean op syn manier, hannen op 'e rêch en tripket licht it ritme fan 'e persoan. man 2 en frou skatterje ynienen lûdop)
man 1
net mear? man 2
(pose fan man út 1880 dy't op 'e kyk komt)
né (man 1 birêstet, dounset noch efkes troch, dan is it sin der ôf. hy stiet stil, de holle hwat foardel. de frou leit har hân op syn skouder mar hy sjocht har net mear oan)
man 1
(holle foardel, dof)
lear ús mear man 2 en frou
(fleurich)
ha, ja, mear leare persoan
(earnstich mar net ûnwollend)
kenne jimme spultsjes? (minsken swije hwat forslein. man 1 stiet noch yn 'e selde hâlding. frou bisiket him ta aksje to krijen mar hy keart him ôf. de frou glimket wémoedich en seit tsjin man 2:)
frou
hy skammet him foar my. hy hâldt dus net mear fan my persoan
ik skamje my net foar dy man 2
hwa soe dy leard hawwe dy to skamjen? persoan
(strang)
ik frege oft jim spultsjes koenen? frou
(hinget licht op man 2; op in toan dat persoan der wit hwat efter siket)
o, wy kenne sokke moaije spultsjes... persoan
doch dan ris ien? frou
(skodhollet glimkjend)
man 1
de spultsjes bin net goed, persoan. der sit gjin regel yn, of de regels binne net rjochtlinich genôch. ik tink dat jo ús nije leare moatte persoan
(hat net folle oandacht foar him)
ik wit net, ik wit net, ik wol se earst wol ris sjen | |||||
[pagina 43]
| |||||
frou
wy kinne dat spultsje wol dwaen datstou útfoun haste man 1
né, né, dat is net goed, dat wol ik net lije persoan
is dat in grounspultsje of in springspultsje? frou
in grounspultsje, héél moai, jong, ja wier (man 1 protestearret)
persoan
lit my dat mar ris sjen (man 2 en frou demonstrearje it spultsje. hja sitte plat op 't gat en smite om bar flessedopkes by ienen en twaën op in hoopke. nou en dan ropt ien fan beiden: hoffe knop
de oare anderet: op 'e kop en hja bigjinne in nij hoopke op to smiten. persoan bigjint it hwat langer hwat nijsgjirriger to finen. ien kear yn it fjûr ropt er sels) persoan
hoffe knop frou
netwier, dat wie in trijehael (njonkelytsen docht persoan oan it spul mei, de útroppen en hanlingen wurde komplekser)
frou
hoffe knop op 'e kop man 2
net op 'e kop frou
wolwier (it spul duorret)
man 2
griene sij frou
sûkerslakkerij persoan
hoffe knop man 2
trijkear oer de kop frou
pas (smyt net)
(it spul giet swijend troch)
| |||||
[pagina 44]
| |||||
frou
(pakt alle dopkes)
hoffeknop op 'e kop kilebrij en hew ik dij fan een twee dry persoan
(springt oerein, huppelet om)
ik ha't woun, ik ha't woun! (de persoan dounset; earst yn syn âlde hâlding en mei de folle foet op 'e flier stampend. njonkelytsen lykwols komt der folle mear variaesje yn 'e ritmyk. stadichoan komme de hannen frij en hy knipt de maet mei de fingers. it hâldt it midden tusken in spaenske douns en jive. man 2 en frou krije der nocht oan en klappe de maet mei de hannen.
man 1 dounset yn syn eigen hâlding slow-quick-quick-slow yn 'e rounte om 'e groep hinne. syn troanje stiet nei forbazing en ûnbigryp. persoan winkt him, hy sil meidwaen, mar man 1 bliuwt om de groep hinne sirkeljen. hy bisiket it ritme fan 'e groep to folgjen, mar hy forfalt hyltyd wer yn it skema. it dounsjen wurdt minder útbundich en forflaut ta rinnen; man 2, frou en persoan rinne nou op 'e manier fan yn it bigjin rêstich trochinoar hinne. man 1 rint yn in kring om harren hinne. dat duorret efkes. wylst it ljocht stadich útgiet ropt) man 1
it stiet net skreaun dat jimme kattegespin binne persoan
blaf net sa en forklearje jo neijer man 1
né frou
(freonlik forwûndere)
wolwier man 1
né man 2
mar wy binne kattegespin man 1
it hat gjin sin frou
hwerom? man 1
stop!! | |||||
[pagina 45]
| |||||
(it sjongen set yn lykas yn 't bigjin en duorret efkes, in doar klapt ticht
it ljocht yn 'e seal giet op) (november 1958) |
|