en op kosten fan it idéele. En dat net allinnich yn tsjinstelling, mar minstens sa nuodlik ek yn trochkringing en ynfloeijing.’ ja, it lêstneamde gefaer is greater. ‘ek yn Fryslân (wurdt) it libben fan idé en kultuer bidrige troch to sterke streamings fan pessimisme, anarchisme, nihilisme en aof sels ymmoralisme, sa't dy yn kunst, wittenskip en filosofy ynternasionael ta en oer de folken komme. Dat binne geasten, oan 'e iene kant it folk frijhwat frjemd, mar tagelyk troch de populaire wegen en middels fan it moderne forkear datselde folk oantaestend yn syn bistean yn natuerlik en histoarysk forbân, mei it to yndividualisearjen en to ûntgeastlikjen.’
it is dúdlik dat de tendins fan 'e ynlieder is om de steaten oan to trúnjen ta bihâld fan it fryske folk, ‘út in geast fan humanitaire sin en kristlik leauwe’; ‘tsjin de bistriding, de forachting, de ûntkenning troch safolle hjoeddeiske kultuerfilosofyen, wittenskip en skeppings fan kunst yn - en dat mar net allinnich yn it easten, né likegoed yn ús eigen westen.’
hwerom hat it bistjûr fan 'e stichting fryske kultuerried de ynlieding skriuwe litten troch in uterst konfessioneel en like uterst frysknasjonalistysk man as folkertsma? omt er sa moai skriuwt? of omt de opfetting, yn dizze ynlieding ûtlein, oerienkomt mei dy fan it bistjûr?
folget haedstik II, ‘hjoeddeiske situaesje en takomstige ûntjowing’. in slim ûnderwerp en it is de kommisje (it plenum grif?) bij foarrie forjown as der detailfouten makke wêze mochten.
de kultuer yn fryslân - in fryske kultuer? is der bûten de tael in fryske kultuer mei bisteansrjocht? is dy yn forfal? hwertroch? is er to rêdden? wichtige en slimme problemen foar in selsbiwuste provinsje lykas fryslân.
de problemen bistean net foar de kultuerried. yn haedstik II wurdt wiidweidich werjown hoet de ûntfolking fan it