In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 97]
| |
Twa dagen hear, of in froalike reis nei DrinteTsjibbe Gearts mocht graech reizgje en hy kin ek mei rjocht in foar syn tiden bireizge man neamd wurde. In séreis nei Amearika, sa't er dy yn 1881 makke, hat syn eachweid fansels ek tige forrûme en makke him echt in bytsje ta de ‘wrâldboarger’ of ‘kosmopolyt’, dêr't er himsels neffens syn útlittingen foar oanseach. Dat ek lytsere reiskes wol foargoed oan him bistege wiene, docht bliken út syn forslach fan de tocht, dy't er yn 1851, doe't er noch frijfeint wie, mei in freon nei Drinte makke hat. Twa dagen wiene hja ûnderweis mei it rydtúch en wrâldwûnders kamen hja fansels net to sjen. Tsjibbe Gearts lykwols wie in man dy't it wûnder ek yn lytse en deistige dingen wist to ûntdekken. Hy wie boppedat in man dy't rounom niget seach en syn lêzers neat ûnthâldde fan hwat him ûnderweis op- en ynfallen wie. Hwant dat is it nijsgjirrige ek yn soksoarte ‘reisreportaezjes’: Tsjibbe Gearts en hwat er tocht en fielde steane altyd sintrael, hwer't er ek is, yn Assen, Antwerpen of yn Salt Lake City ... En omdat Tsjibbe Gearts in man fan utersten wie, falt er ek ûnderweis fan Burgum nei de Smilde en Feanhuzen fan it iene uterste yn 't oare, giet er gauris - by wize fan sprekken - ‘by Dokkum om’ en hat oan de ûnnoazelste dingen dy't er yn 't each kriget, soms genôch om syn fantasy (en syn humor) alle bod to jaen. ‘Het ernstige en boertige is hier soms al vrij zonderling afgewisseld’, moat in resinsint skreaun hawwe fan ‘Twa dagen hear, of in froalike reis nei Drinte’. De moderne lêzer sil dat meistimme, mar grif ek de lof dy't Prof. Dr. J.H. Brouwer krekt foar ditsoarte forhalen hie doe't er de lêzers oantrune, dizze skriuwer to foigjen ‘op 'e kronkelpaden fan syn fantasy’. ‘Twa dagen hear, of in froalike reis nei Drinte’ is ûntstien yn 1851, it jier dat de reis makke waerd. De skriuwer hat it ynearsten gauris hjir en dêr foarlêzen, om it yn 1853 yn boek- | |
[pagina 98]
| |
foarm út to jaen. Neffens dy versy is it forhael hjir ôfprinte.
It wie op in joun yn de neisimmer fan it jier 1851, doe't myn freon BGa naar eind1 en ik op it skoallepaed to Burgum hinne en wer kuijeren en in drok praetsje hiene oer hwa wit hoefolle saken, foar de lêzer al likemin fan bilang as foar ús, wie it net dat dit praetsje oanlieding ta ús reis nei Drinte jown hie. Wy sprieken dan oer forfleine jierren, oer ús bernetiid, oer freonen en freondinnen, dy't dat paed sa faken mei ús lâns trobbele en ‘Mol, mol, hwer is de mol?’ of ‘Swarte leider’ mei ús boarte hiene, en nou al lang ús foargien binne yn 't grêf. Dêrtroch kamen wy ek to tinken om dy sibben dy't jit wol libje, mar fan hwa't wy doch al jierren en lichtwol foar jimmer skaet binne, omdat se fier fan ús oer séen en lânnen in nij faderlân yn in oar diel fan de wrâld socht ha. B. tochte it soe wol aerdich wêze, as men onforwachts dizze freonen yn dat greate Amearika ris opsochte. En ik stimde him mei, omdat in reis tusken de Ingelske en Frânske kusten troch, oer de Atlantyske Oséaen hinne, nei it lân fan Washington en Franklin mei syn keaphandel en folkstier my danige ryk yn moaije gesichten talike. Nou rekken wy mear bisonder oer 't reizgjen oan 't wurd en, lykas it mear giet as it praetsje in stik hinne nei de ein rint, fleach it sa hwat 't iene op 't oare. Ik kaem tominsten sonder to witten hoe op HaafnerGa naar eind2, dy greate swalker, hwaens reizen jitte lang de oandacht fan de lêzende wrâld bezich hâlde sille, dy folle en bûtengewoane aventûren, dy libbene styl, dat skildereftige ôfprintsjen der natûr, meitsje har dat, tinkt my, wol wurdich. Alteast, ik hie destiids foar ik wit net hoemannichste kear, syn dichterlike biskriuwing fan Ceylon (ek to finen yn in ‘Bloemlezing van Nederduitsche Prozaschrijvers door N.G.v. Kampen’) lêzen. Ien stik derfan ken ik fan myn bernetiid ôf oan fan bûten en om myn freon, dy't der onbikend mei wie, in blyk fan des mans sierlike styl en in biwiis fan 't moaije fan 't reizgjen to jaen bigoun ik: ‘Gij zijt schoon Taprobanel - Boven andere eilanden die den oceaan omgorden zijt gij schoon! Wijd beroemd zijt gij in de jaren der vervlogene eeuwen! Zooals ik u zag, o liefelijk eiland! vergeet ik u nooit: uw aandenken is mij als een zachte regen op het dorstige aardrijk, als de verkwikkende dauw des morgenstonds die op bebloemde velden neder- | |
[pagina 99]
| |
daalt. Zijt van mij gegroet uit verre gewesten, magtige burg der zee!’ ‘En as jo dan fierder lêze fan dy wylde dieren, frjemde beammen en sierlike fûgels, sa wier!’ liet ik net sonder geastdrift der op folgje hwant rotsen en bergen, bosken en dalen, sels it yslike kanael hwer't op 't lêst dy Portugees yn omkomt, hie 'k foar myn forbylding - ‘sa wier freon! dan soe men jin bikleije, op sa'n lyts hoekje fan d' ierde dit eintsje libben slite to moatten, en ik siz sa wol ris: Hwat wurd soe jin moaijer yn de earen klinke as: reizgje, reizgje?’ ‘Thús bliuwe’, sei myn freon. ‘Och, as jo sa folle swabje moasten as ik, dan soene jo dat wurd wol leaver hearre meije’. Dit andert, hoe ienfâldich ek, kaem my op dat eagenblik hast onbigryplik foar. Doch ik learde der út, dat reizgjen, ek al syn sûre side habbende, faek lang net oan myn hege forwachting foldwaen soe. Lykwol nei safolle forgese muoite om immen fan 't skoane dêrfan to oertsjûgjen, tocht my, soene mear biwizen ek mar oalje yn 't fjûr wêze. Ik swige dus, bleau stil stean, sloech de earmen oer inoar, en seach nei de keninginne fan de nacht, dy't ús moai op it paed biljochte. B. glimke en baude my nei. ‘It docht my nij’, sei er, ‘dat de minsken har jitte net talizze om in reis nei de moanne to dwaen. As men dêr ienkear goed foet oan wâl krige en de loftskippen fleagen vice versa, dat soe mear ynfloed op 'e handel en it bidriuw fan de ierdbiwenners habbe kinne as dy hiele Londenske tentoanstelling’Ga naar eind3. ‘'t Koe wêze’, sei ik ‘mar it liket oant hjoed de dei ta dat dy ondernimming foar de minske to great en to heech is. Dichters litte der wol har helden spylje, ek is de Noarger RúnGa naar eind4 der naturaliseard, mar ik hab mar ienkear fan in dichter lêzen dy't der sels hinne woe, mar fan him is nimmer tynge to lânne komd, dus it skynt net mei to fallen. Doch hoe sit it, sille wy hast ek in reiske ha?’ ‘Leafst net nei de moanne en ek net nei Ceylon; mar as der hwat komt en ik hjir of dêr hinne moat, dêr't jo graech mei hinne wolle, dan sil ik jo warskouwe. Goenacht!’ Sa spriek myn freon en gong hinne. ‘Goenacht!’ sei ik ek en gong nei hûs, suchtsjende oer it djippe proaza dêr't de wrâld al yn forsonken leit. | |
[pagina 100]
| |
Ik dreamde dy nacht fan gjin reizgers noch dichters en tochte yn de rin der dagen allikemin oer ús praetsje as de Goutumer tsjerketoer fan 't simmer, doe't dêr it swierwaer yn sloech, om de Burgumer brânspuit, dy't jitte altyd as de stien der wizen to sykjen is, doe't nei in mannich dagen B. it my wer 't sin brochte. Gysten en hastich kaem er op in jountiid by my ynrinnen. ‘Hoe sit it’, rôp er fan fierren, ‘ha jo ek boadskip nei de moanne? ... ik woe sizze: nei Ceylon? ...och ik mien: nei de Smilde?’ Ik bin 't wol fan myn freon wend dat er him ris forsint en andere dus droechwei: ‘Dat skeelt safolle. Boadskip en boadskip is twa! Ja en né, sa't men 't neame wol’. ‘Ik hear it al’, sei B., ‘jou boadskip is dus mar in heal boadskip, en mines eigentlik ek, nou knotsje wy se beide oaninoar, twa heale is in helen, dan dogge wy dat iene boadskip togearre “en Comp”. Dêrnei geane wy Drinte fierder yn; jo habbe doch altyd sin om ris in bedefeart nei de hunnebedden to dwaen’. ‘Akkoarte!’ rôp ik út; ‘hwannear sille wy fuort?’ ‘Tige bitiid’. ‘Hwannear tige bitiid?’ ‘Moarnier’. ‘Moarnier? Myn gunst! Hoe sil ik sa gau klear wurde?’ ‘Dat moatte jo witte, mar wy moatte moarnier bitiid fuort’. Ik tochte efkes nei en seach der ljocht yn. In pear koffers, hwat huoddedoazen, reissekken, stofjassen, reismantels, paraplúen, gongelstokken, Dútske pipen en hwat mear ta 't reisark biheart, wiene wy net nedich. Allyk as yn de tiden fan Freark de Greate hat men ta reizgjen trije saken fan dwaen. It earste is jild, it twade is jild en it tredde is jild. En omdat dit op in lyts hoekje sitte kin, sa wie it biried flink út. Mei hwat sigaren en in doaske lusifers wie de reisbagaezje yn oarder en wachten wy sliepende de moarn ôf, om dan yntiids fan hûs to gean. | |
Hwat wy al sa selne, tochten en seagen fan Burgum ôf oan Duerswâlde ta.As ik nou de gave fan ThomsonGa naar eind5, dy biromde sjonger der fjouwer jiertiden bisiet, dan hie 'k rjocht nocht om dit earste haedstik to bigjinnen mei in biskriuwing fan de moarn. It | |
[pagina 101]
| |
docht sa'n effekt (forjow my dit wurd) as men sa rymryk hjir en dêr tusken it proaza in ferske printet. It binne blauwe blomkes midden de rogge-ieren, to sizzen, as dat proaza sa nuttich is as: ‘De halmen die van zwaarte schudden’
en dit lêste sil der faek wol oan ha. Nou lykwol ûntbrekke my de forheven geastkrêften en sonder omwegen siz ik, dat wy foardat de sinne de sliep út hie yn de wapens wiene, wol to forstean net yn sokke wapens as de ridders of skobbejakkenGa naar eind6 fan alear droegen, né, net om de fijân fan de hûd to kearen, mar yn wapens tsjin de natûr. De moarnen binne yn de hjerst troch in bank sa, dat men op in rydtúch leaver in buffelske jas oan hat as in siden en earder tinkt om it bont fan Sibearje as om de sinneskerm fan de keizer fan Marokko. Doch koartom, wy wiene klear. Foardat wy op 'e karre stoepen, frege B. my gekjeijenderwize: ‘Hwat tink jo, sille wy ús libbens soargen en lêsten ek meinimme op reis?’ ‘Dat hoopje ik net’, sei ik, ‘ik wol mines tominsten graech thús bliuwe litte’. ‘Nou’, liet B. der op folgje, ‘dan liz ik mines dêr mar yn 'e strieën hoed, dan kin 'k se, as ik thús kom, fuort wer fine, alhoewol dat se der om myn part ek wol yn bliuwe kinne, hwant ik ha se leaver boppe de holle as der yn’. Hjir soe 'k it swurd fan Damokles by to pas bringe, mar mei 't ynstappen yn de karre kaem 't der net fan. Nei 't wy ús torjochte set hiene, waerd de swipe oer de swarte lein en moedich, as hie 't guodlik dier wol sin oan in úttochtsje, gong it fuort. ‘Sisa! dêr sitte wy nou ris rjocht maklik’, sei ik, ‘as ús nou gjin ongelok oerkomt kinne wy, tinkt my, twa dagen hearen wêze. (N.B. Troch 'en dei, lêzerl bihearre B. en ik ek al op 't libbensfartúch ta 't great tal tuskendekspassagiers). “Hearen wêze”, sei B., “ja, dat kin gean as it ús net oan ynbylding ontbrekt; mar hearen to hjitten, dat giet sa maklik net”. “Hwat?” frege ik mei forwondering, “tinke jo dat se ús net oeral hear neame sille?” “Né!” wie 't andert, “tominsten yn Fryslân net. Yn Hollân, yn 't flodderige Hollân, dêr binn” jo mei in wite jas, in portemonné, in sintese sigaer en in Spaensk reidtsje oeral hear, | |
[pagina 102]
| |
hwer't jo mar in stûr fortarre kinne. Mar hjir yn 't stive Fryslân, hjir sjocht men op splint, man! of op in wite halsdoek, hwant yn dit lêste gefal tinkt men om in dominy of oar achtber man, mar tsjin minsken fan ús kliber seit men fan “jimme”. Dit kinne jo licht út it folgjende staeltsje opmeitsje. Ik ried lêsten mei boer N. nei 't Hearrenfean; jo witte hoe 'n knap man as hy is. Wy swaeije by in harbarge op en litte útspanne. N. gong dalik it doarp yn en ik joech it hynzer hwat foer. Nimmen seach my. Dêr kaem de kastlein, dy't ús wol opriden sjoen hie, de gong lâns en rôp oan 'e stâlfeint: “Wie zijn die reizigers?” “Ik geloof het zijn boeren”, wie 't andert. “Ah zo! Ik dacht dat het mensen waren!” sei de hospes en gong brimstich wer yn 'e jachtweide’. ‘O myn gunst!’ sei ik, ‘dat skeelde to folle. Mar dat wie op 't Hearrenfean, in fikse pleats, hwer't de kastleinen ek al leafst ha dat der fiks tard wurdt. Doch boppedien, in bulte Fryske lânbiwenners leare gjin skermjen noch dânsjen; dêrfandinne ontbrekt har dy swierige Frânske hâlding, dat air witt' je, dat deftige air, dat sels oan in forguldene taeiman oansjen jowt. Stimmich en oprjocht giet de Fries syn wegen, en sonder folle mantsjes to meitsjen komt er foar 't ljocht sa't er is, sprekt er in tael dy't hy op memme skurte leard hat, ek dêr faek hwer't men oer dy sprake de skouders ophellet. De titel fan hear jowt er just safolle n't om, as hy mar goed bihandele wurdt. Sadwaende is men mei de namme ek net sa gau klear. Doch wol men 't oars ha, wel nou, dan praet men net allinne Hollânsk, mar in tael mei in alderyslikste bulte frjemde wurden der midden en - met ene goede imaginatie, zonder veel luxe, wordt u effectief perfect seigneur’. ‘Hal hal’ lake myn freon, ‘pas jo dan mar op dat jo 't foarinoar hâlde. Ik sil mei dy frjemde wurden myn holle net brekke, hear of gjin hear, ik hab der frede mei’. Ik joech him gjin ongelyk, en sa kamen wy mei in froalik sin troch Burgum. Burgum, dat lodderige doarp mei syn bosken, wetters, krústsjerke en poppestien, hwer't ienkear yn romfoller tiden hwa wit hwat wichtige stoarjes barden, dy't yn 'e rin der ieuwen forflein, allikemin troch de neiteam achte wurde as in folgjende dy fan ús yn eare hâlde sil. En doch rêst it each graech mel earnst op de oerbliuwsels fan 't forline, in geheime oanlûkingskrêft ropt ús nel de pleatsen hwer't iens om macht, eare of út wrake sa mannich dappere de dea | |
[pagina 103]
| |
foun, of hwer't suchtsjende wezen yn rouwe krieten, freedsume folken Alfader oanbeaën of froalike winners it liet der freugde songen. Doch - wie der oars gjin nocht yn Burgum, allinne om de boufallen fan kleasters en stinzen soene der net folle wenje wolle. Né, omjown fan fruchtbere fjilden, friske streamen en skaedryk beamte jowt de natûr de tsjintwurdige biwenners fan ús doarp stoffe genôch om mei in tankber herte foar 't skoane en goede it swiete fan 't libben to smeitsjen. En boppedat: ‘leder tijd heeft zijn bedrijf’. En it bidriuw fan ús tiid is jild leavjen. In hânfol ryksdaelders glinsterje al likefolle yn de eagen fan 't soun forstân fan ús dagen as de krânse fan lauren om de sliepen fan in dappere yn de tiden des roms. Ek by my kaem dy habsuchte boppe. Ik seach, trochdat it jitte sa ier wie, rjochts en lofts doarren en finsters sletten. 't Liket al dan deadsk en útstoarn. Nou, tochte ik, wie dat sa ris! en wie ik dan bisitter fan 't hele doarp: Nha was het mijn, was alles mijn,
Wat zou ik gauw een Rothschild zijn!
Doch, sa tocht ik fierder, hâldt ek de greatste skat de rykste Rothschild net yn 't libben, hwat seit it dan ek al, as wy yn de dagen fan ús oanwêzen fine wyn út kristallene romers drinke en it lichem op side en satyn útrekke en in flite fan tsjinstberen foar ús nei de ierde bûgen sjogge. As de ein komt, is hy lokkichst, dy't al is 't ek fan de hurde bultsek ôf, sizze kin: ‘Ik forlit, tankber foar Gods woldieden, it lân der frjemdlingskip, oer it grêf fyn ik myn eigentlik faderlânl’ Sa tinkende wurdt men tofreden mei jins lot. En sa wier! smieten de minsken it tinkbyld oan dead en grêf minder fier, men soe tofredener libje, lokkiger wêze, omt wangunst en bigearlikens soe nimmer stoffe ta kleijen jaen. Troch de foarstreek fan Burgum kamen wy op 'e Legewei, hwerfan, folgens it wiersizzen fan in fromme heidebiwenner, de iene helte ienkear jit forsinke moat, om de groulike sonden dy't der skûlje. O wé myn doarp! Fierderop krigen wy Burgerdaem. De swiermoedige pylders fan de ienkear sa drok bisochte harbarge lykje wol to suchtsjen oer it bytsje leafhabberij, dat der foar de eale marbiwenner liket to bistean. En mei it each op foarige jierren meije de trije bearzen op 't úthingboerd wol sizze hwat wy lêze Kleiliet 5 fs. 16, foarste dielGa naar eind7. Dat de tiid hjir ienkear wer | |
[pagina 104]
| |
de foarige tier bringe, dat it neislachte wer bearsiters opleverje mei, dat winsket wis mei my it great tal minsken, dat dêr yn de lange winterjounen safolle freonlike nocht en wille fynt. Oer de nije draeibrêge, foarby de romme harbarge ‘Vaarten Landzicht’, troch de moalje Bjertsjemuoi-singel, krigen wy gau it romaneske Sumar. ‘Sumar romantysk?’ selt men licht; ‘hwat is dan net romantysk?’ Garyp, lêzers, Garyp, oars in suster fan Sumar, is sa prozaysk as de modder. Lei der efter nin Sigerswâld, it oerbliuwsel fan 't kleaster der trije wite susters en jitte in eintsje fierder oer 't wetter it trochloftich Earnewâld, dan leau ik soe Garyp... Doch lit ik net tofolle sizze, myn omke hat dêr ienkear skoalmaster west, en út syn brieven, dy't ik de Fryske lêzer lichtwol ris meidiele sil, sjoch ik dat men dêr ek wol tofreden libje kin. Mar 't is genôch, yn Sumar sit it sa ‘en ik en weet niet hoe’, sahwat poëtysk. Mei in strjitwei, en in dominy fan 't Grinzer ljocht, soe dat doarpke yn 't forfolch in twadde Hurdegaryp wurde kinne. Nou krigen wy de Lânsbuorren, in fruchtbere boerestreek, hwer't de minsken just net nei de lêste moade binne, mar dat de strjitwei, hwerfan destiids (1851) sprake wie, hjir jitte net lei, koene wy skoan fiele: as yn in boatsje by 't simmer op de weagen fan de mar gong it holderdebolder op en del troch de modder. Doch alle dingen nimme in ein, ek de minne wegen, al duorje se soms langernôch. Hoe neijer oan de Sumarreheide hoe better as 't waerd, en dêrop hiene wy in sljocht fjild en in frij útsicht. Underwilen kleau de sinne al heger en heger en lake blij oer de romte. Sjongende ljurken fleagen om de karre as woene se sizze dat it moai waer wie. It like wol dat wy beiden dêrop ús oandacht hiene, wy seine sahwat neat, ta dat B. it stilswijen ôfbriek mei de frage: ‘Wy sizze sahwat neat, ha jo gjin stoffe ta praten? Witte jo net in teltsje? Witte jo net hwat nijs?’ ‘Och’, sei ik, ‘hwat sil ik folle sizze, de moarn is earnstich. Jouns as nei in wurkbre dei it bloed hwat trochinoar skodde is en nije praetsjes de geast mei nije tinkbylden forrike habbe, dan is de tonge rapper. Dêrfandinne dat men jimmer fan joun- en noait fan moarnpraten heart, en doch bringt de moarn safolle skoans en hearliks mei. Yn it ontweitsjen sels | |
[pagina 105]
| |
- 't mei nea troch dichters birymd wêze -, yn 't ontweitsjen mei al syn gapjen en útrekken sit al dalik in skat fan wiere minskkundige skouwingen. De brave, matige en flitige, mei God troch 't libben geande minske, is by 't to wekker wurden bisield mei tank jin Him, dy't ek yn 't tsjuster de wacht hâldde. Fris en soun stlet er op en fettet mei nije moed en binoeging it wurk oan. Mar hiel oars stiet it mei de idele wrâldling, dy't yn breaddronkene freugde noait ta himsels komt en de stimme fan 't gewisse troch spyljen of drinken siket to fordôvjen. Hy dwaelt fan 't spoar, forfalt fan 't iene kwea yn 't oare, mar fielt it sels net as... moarns. As er mei de akelige nachtgesichten foar de geast to wekker wurdt, dan, dan lit de stimme dêr binnen him dúdlik hearre en wanhope wennet yn 't herte fan de minske, dy hear fan 't skepene, faek djipper sonken as 't redeleas dier. Mei er dan al wer opnij yn forriederlik nocht freugd en wille siedzje, ienkear komt de lêste moarn en siker, dat lêste ontweitsjen sil yslik wêze’. ‘Ja’, sei myn freon, ‘sa moasten wy dit al lâns ride, elk mei 'n faem yn 'e sjeas’. Yn it tinkbyld, dat B. ûnder myn praet mei syn gedachten yn oarwei west hie soe 'k dêroer in útfal dwaen, mar ik waerd ringen yn 't wurd fallen. ‘Hâld mar op’, foege myn freon my ta, ‘'k hab alles hwat jo seine wol forstien en opfette, mar nou kinn' jo fiele hoe weinich ynfloed in dichterlike biskriuwing op in proaza-minske hat. En dêrta boppe, hwerom ek just de swarte side fan de minske to printsjen. Ik wol n't sizze dat elk docht sa't er heart, mar my tinkt, wy allegearre - de bêste der net bûten - sille de planke wol hwat mis wêze. En dêr tsjinoer: de minske sil nea sa djip sinke, of der sil altyd wol hwat hingjen bliuwe dat goed is. Hoe mear as men nou op it folmakke sjocht en dêrhinne wiist as it bigearlikste om foar tiid en ivichheit lokkich to wurden, hoe mear as wy ús op forbettering fan hert en wandel talizze sille. En leafde is de greate wet. Troch leafde formei men mear as troch twang. En in blier gesicht fynt gauwer de wei nei 't herte as in stûf. Mar jo binne sahwat sa swiermoedich as in Ingelskman, skildereftich as Sue, en sa orthodoks as Albert Bakker en Dirk ter WoerdGa naar eind8; alles moat readbont, bloed, bloed, bloed, en ûnder in soart skabot of in galge, brr...’. B. lake. Ik swige en seach swart. Swijende gong it foarby | |
[pagina 106]
| |
Nygeasterhoek, sa neamt men de nederige harbarge mei in stoepe en in linebeam der foar. Allyk as binei oeral, fynt men dizze harbarge tichteby in tsjerke. It skynt dat dit sahwat byinoarren foeget en as men der hwat op neitinkt dan sjocht men der bistiet tusken in tsjerke en in harbarge in bulte oerienkomste. Hjir is 't in geastlike tael dy't men heart;
Dêr is 't in geastrike drank dy't men drinkt.
Hjir wurdt men wiisd op de folgen fan 't kwea;
Dêr komm' jo yn de gelegenheit om it to fielen.
Hjir sprekt de dominy fan 't fjûr dat net útgiet;
Dêr fine jo swevel om it oan 't baernen to krijen.
Hjir jowt men winken, learingen en warskouwingen;
Dêr makket men se jimmer wer nedich.
Hjir skrept men om lessen fan deugd yn 't herte to printsjen;
En dêr om se troch reek en damp to fordriuwen.
Hjir heart men praten fan dea en grêfrêst;
Dêr libbet men om beiden ringen to finen.
En sa fuortgeande soe men dat al mear bifêstigje kinne, mar lit ús mar fierder ride, hwant oan de tsjerke fan Nyegea fynt men neat bisonders, of it moast dy blauwe stien boppe de doar wêze; dizze is fol lêzen, en doch is 't net op rym, en hwat plicht it oars op sokke stiennen rime to wollen. Sjoch hjir jitte sa'n rym út de âlde doaze: Hermanv. Gerbv. heeft mi hier gelecht,
Toen dese kerk is gebovwt naar recht,
Treet binnen - looft ende aenbit samen,
Dat seg ik hier - op dat min broers hier in 't ronde mochten seggen Amen.
Dat wie jitte al kibich, hen? Troch dy bruorren forstie de stien dy blauwe sarken op 'e grêven. Nou fierder. Yn de Pein founen wy fruchtbere bou en greide, heech beamte, knappe huzen en moaije ûlebuorden; alles hat hjir in freonlik en wolfarrend oansjen. Ik tochte om de wurden fan de dichterGa naar eind9: | |
[pagina 107]
| |
Moai sûnder wjergea binne de Wâlden
Smûkskaedzjend beamtegrien oeral yn 't roun,
Blierlaitsjend boulân, tierige greiden,
Sjongende fûgels, sânnich de groun, ensfh.
Neijer oan Drachten hiene wy nocht oan de fikse wegen en paden. Ek it deftige hûs fan de boargemaster, dat in pronk fan dy streek útmakket, bifoel ús. By 't sjen fan de kreaze tsjerke der ôfskiedenen, frege B. my, hwat my fan de ôfskiederij tochte. Ik sei: ‘'t Is mei de tsjerke as mei dy skilderijen dy't fan streekjes papier byinoar plakt wurde. Dy't der fan de iene side yn sjocht seit: “'t Is in camera obsura!” Mar dy't der fan de oare side yn sjogge sizze: “Dat is net wier, 't is in observatorium!” Doch dy't der flak foar steane sizze rounút, “'t Is in prismus”. De nijsgjirrichsten nou skôgje de skilderij fan elke side, glimkje ris om de kunst, doch hâlde har oan de midden en sizze jitte: “'t Is en bliuwt in prismus”. Doch oaren dy't net fierder geane as dêr hwer't se de print earst seagen, hâlde mar fol dat it is hwat se seine en litte har net fan de streek blieze. Sjoch dêr ... dêr ha wy Drachten’. ‘Ja’, sei B., ‘nou sil it ris blykje oft wy ek hearen wêze sille’. Ik tochte fan wol, mar myn freon twivele en ik fornaem al gau mei rjocht. ‘Goeden morgen!’ rôp de hospes, doe't der in hynzer mei in karre foar syn glêzen stil hâldde. ‘Goeden morgen’ rôpen wy werom, hwant it Fryske ‘goemoarn!’ heart men net mear yn ús greate doarpen en stêdden. ‘Noch goed?’ frege de kastlein fierder. Ik tochte, dat is my sibbernôch, mar wy anderen: ‘Ja, hoe giet it mei jo?’ Nou, dat wie fansels idem. Underwilens dat it hynzer brea en gers let, gongen wy yn de jachtweide. Ik bin in freon fan kranten en sa sil 't de measten fan myn lêzers wol gean. Sûnder krante soe men ommers allikemin witte fan 't Frânske keizerryk en fan 't heilsume der Holloways-pillen; koartom, men soe hast tinke kinne dat yn 't libben gjin libben mear wie. Ik gong dalik op in stoel sitten nêst in tafeitsje, hwerop in hele heap nijspompieren leine, sochte it lêste Handelsblêd út en bigoan sunich to krantsjen. Folle wille hie 'k der lykwols net fan, hwant pas | |
[pagina 108]
| |
wie ik tomidden fan de Staten-Generaal, of der kaem in parmantich keardeltsje yn, dy't men wol ôfsjen koe dat er sin oan in praetsje hie. It wie de kastlein fan F., nou krekt in nacht to Drachten mei 'n keapman, dy't er nei de Gordyk bringe moast. Trochdat myn freon wol to sines west hie, wie 't mei in praetsje al gau sahwat âlde kunde en dit joech him fêst de frijens om my - towyl ik mei de kranten yn de hân fansels midden de steatssaken siet - to freegjen: ‘Hoe giet it, habbe se it by jimmes ek al wakker drok mei de kiezerij?’Ga naar eind10 ‘Ja’, wie myn andert, ‘by jimmes ek al?’ ‘De deale ja, dat soe 'k tinke; jonge, se kinne mekoarren sa yn 't farwetter sitte. Ik siz wol ris tsjin myn wiif: ik hjit kiezerij, mar it koe wol tsierderij hjitte’. ‘Hea, dêr hear ik to uzes net fan; wy hawwe dêr in forieniging “Oarder en Rjocht”, en fan dêr silie de kiezers wol trettjin skikte leden foar de gemeenterie oanwiisd wurde en dat sil wol goed wêze, om't mannichien soe gjin bitinke kinne’. ‘Sa, habbe se by jimmes ek al sa'n spul? By uzes is ek sa'n gedoente, dêr hjit it leau ik: “Foarút mar”. Foar my as kastlein hab ik der nou just net tsjin, mar oars siz ik: gekheit, allegearre gekheit. Hja wolle blsunigje, hjit it, doch nou sil 't by de lytse bytsjes socht wurde. Ik siz, se moasten de greaten better neigean, de ministers en sokke bazen yn Den Haech. O! as ik it heft ris yn 'e hannen hie; nou, as ik se ek neiride soe. Dêr habbe jo nou twa kommizen yn Aldegea lizzen; hwat dogge dy dêr? Hja kostje it lân folle mear as de minsken dêrsa bislûkje kinne. Ik siz, dat binne gjin dingen!’ ‘Ja, mar as men nou ynienen al dy kommizen samar bitanke, dan soe't der ek net moai foarstean; dy minsken binne ienkear yn dat fak, habbe faek gjin hantwurk leard en moatte doch ite’. ‘Dit tanket jo den donder. Ik wenje to F. op in hierd spul, hab harbarch en bakkerij, mar as ik nou maeije de hier net skikke kin, sil it lân my dan bystean, ja of né?’ Dizze frage brocht my fansels yn 't leech; hwat wie dêr wol op to anderjen? Ik loek de skouders op en sei sa, om doch hwat to sizzen: ‘Né, dat is sa; mar och, as jo de bui hingjen sjogge, doch dan jit in goatsje wetter mear yn 'e jenever’. O wé! Hoe goed dat wy allegearre fan natûr in bytsje oansichtkundich binne. Sa tûk as LavaterGa naar eind11, dy't alles nei de | |
[pagina 109]
| |
regel wist ôf to mjitten, binne wy troch in bank net, mar dêrta sil in bulte ek wol de deugd ontbrekke, him eigen en foar de stúdzje sa onmisber. Mar genôch, dat biheart ek ta de bisondere - wy kinne ús bihelpe mei de algemiene gelaetkunde. Alteast wy seagen op de foarholle fan de F.ske kastlein in soarte wolke, hwerûnder in pear eagen mei fjurrige strielen, mar ear't it onwaer útbarstte smiet myn freon it jild op 'e tafel en gongen wy flink nei bûten om, nei de hospes it bêste winske en de feint in foantsje jown to habben, op it rydtúch to kliuwen om fuort to riden. ‘Dat is oars as mynhear wêze’, sei B., ‘as men sa praet sil 't wol gean’. ‘Ja’, sei 'k, ‘mar sjoch dêr de steatkundige bigjinsels fan folle minsken. Men klaget, men lekket, men winsket it sa en sa, en it soe yn oarder wêze as men 't sels mar rûmer krige. Dizze man praet wol oer de ministers, doch as kastlein en bakker binne de kommizen him mear yn 'e wei. 't Is lokkich dat boppe minsklike gritsen en lumen in Alwize God - dy't wy mei it each op folle oare riken tankje moatte, hjir sa rêstich en yn frede libje to meijen - it haedbistjûr yn hannen hat. Al seit men: “de stim des folks is de stimme Gods”, wy sjogge to faek dat dy stimme is, neidat folkslieders, ek al troch eigenbilang dreaun, der ynprintsje. Ongelokkich it lân hwer't it folk foar master spilet. Mar om fan 't ien yn 't oar to fallen, hwat is dat Drachten, as jo der sa troch ride, in lang doarp hen?’ B.: ‘Ja en in breed doarp as jo der oars troch ride’. Ik: ‘'t Is ek sa, 't is lang en breed, dat Drachten is in foarname pleats’. B.: (De pong út de bûse heljende om de tol foar de draeibrêge to sykjen.) ‘Dat sil sa wol wêze, mar alles hwat lang en breed is, is net foarnaem, hwant sjogg' je: dizze jildpong is ek lang en breed, en omdat der net folle yn sit kin men ek net sizze dat er botte foarnaem is’. Ik: ‘Né, dat is sa. Mar in lege jildpong sil net yn 't wapen fan in bloeijend doarp as Drachten is hearre, alhoewol dat der nêst oerfloed en weelde ek wol earmoed wenje sil’. B.: ‘Hjir bistiet oars ek in matichheidsnoatskip, hen?’ Ik: Ja, mar ek dit bringt, al hoe goed as it wyt fan sa'n noatskip wêze mei, just gjin romte by, omdat in bulte minsken net matich wurde foar dat de need har der ta twingt. 't Is | |
[pagina 110]
| |
oars wonder dat, by safolle rampen en onheilen dy't it misbrûk fan sterke drank nei him sleept, de minsken net ophâlde faek alle lok en wolfeart dêr oan op to offerjen. It is to winskjen dat de leden fan dizze forieniging hjir, troch in goed foarbyld to jaen, goede neifolgers fine meije’. B.: ‘Nou, as se hjir it nuttige sa goed neifolgje wolle as it moaderige, dan sil 't wol gean. Sjoch ris hwat moaije winkels. Men koe hast tinke dat men to Amsterdam wie.’ Ik: ‘Of to Londen, dan koe dy feart de Theems wêze’. B.: ‘Ja, mar dan ontbrekt har de tunnel, dy't se hjir, mei sa'n ein feart sonder draei der oer, ek wol nedich habbe’. Ik: ‘Wol hwa wit, hwat der ienkear makke wurdt. Hjir is al safolle kaem dêr't de foarâlden nea fan dreamden. Sa fine jo hjir nei de geast des tiids bûten it matichheitsnoatskip in great Nut, in fikse bibliotheek, in steat- en lânhúshâldkundich selskip, in sparbank, in bigraffenis- en sike-fonds, in knap sjongselskip, in liberale partij, in...’ B.: ‘Licht mear forieningen hwer't men, troch der jin mei by to foegjen, meiwurkje kin ta lok en segen foar 't minskdom. 't Is al frjemd hoe fier as dizze algemiene minskeleafde soms socht wurdt to bifoarderjen. Langlêsten hearde ik yn Grinslân praet fan in noatskip ta forbettering der sâltsekken. Men gong fan dit bigjinsel út: Sâltsekken waerden skôge as fan hjidde makke; hjidde komt fan flaeks, flaeks is it fuortbringsel fan lânbou; lânbou is in boarne fan bistean; hoe fleuriger bistean hoe mear tier en weelde; hoe mear weelde, hoe mear keaphandel, koartom: hoe better sâltsekken, hoe mear flaeks, en hoe mear flaeks, hoe mear lân as men nedich habbe soe, en sa roun it fansels op lânontginning út. Om it wichtige fan dizze saek hiene forskate leden, mei 't skriuwen fan forhandelingen en sa, har eigen yn 'e war fleane litten; mar men sei it wie great, it algemiene foar 't eigen bilang to stellen’. Ik: ‘Sokken joegen tominsten in learsum foarbyld. De folle ôflieding wurket yn greate doarpen en lytse stêdden, trochdat de iene om de oare meidwaen wol, faek neidélich foar de boargerman, en foaral as sa immen om hwat lof of byfal to biheljen him der tige mei ynjowt. Mar boppedit bistiet der jitte slimmer kwael en dat is it pronkjen, it tsjin inoar útheljen. Sa wurde der soms moaije klean op rinte dragen, doch hjiryn is Drachten allinne net fan de foarfaderlike | |
[pagina 111]
| |
wenst, doe't it in eare wie mei 't lyk op 'e dyk to kommen, ôfwykt, mar hiel ús lân troch is 't bynei allyk. Lit ús hoopje dat in ienfâldiger sin ûnder dit folk komme, en dat it dit doarp, in pronk fan 't Fryske lân, jimmer wolgean mei’. Op it Urterper forlaet - it earste hwat wy oan de oare kant fan Drachten krigen - foel ús oandacht op it biromde skipGa naar eind12, dat to wetter is hwat in hurddraver is op 't lân. As in teken fan gloarje floddere de flach fan de mêst, alhoewol dat it, nou't der gjin prizen of rom to biheijen wie, fol sied laden waerd. B. tochte, it wie dêryn better as in bulte minsken, dy't om hwat rom of eare just in pear ûren yn in dei wurksum, al de oare tijd forslampampje sonder fan om de spreuk to tinken: ‘Al wie zijn tijd onnut verslijt, verkort zijn leven’. ‘Ja’, sei ik, ‘en witte jo, hwer't it skip méar better yn is as in hopen minsken? It swiget fan har dieden, wylst mannich lytse geast, dy't mient hjir of dêr yn út to muntsjen, oan elk dy't mar stân gripe wol it wonder taropt, allyk as Don Quichotte mei syn dichterlike ynbylding: “Puf nou, poëetjes, 'k ben de baas van de ganse remie” tinkende’Ga naar eind13. Doe't wy dêr kamen hwer't de sânnige wei oprint nei de Weibuorren, sei ik: ‘Hwat is 't hjir moai hen? hwat skaedryk beamte en fruchtber lân; de natûr spraet oeral segen en lok yn 't roun. Hoe sil it minsklik libben hjir in rêst...’ ‘O! o! o! hwat slacht er my dêr’, hearde ik ien efter de karre kermjen. It wie in skoaljonge dy't efteroan bongele en nou fan myn freon in fikse lawibus mei de swipe krige. Mar dat makke ús saek net better, hwant nou wie 't oft de bern út de groun opkamen, en dat gûlde mar: ‘Der is ien efteroan! Der is ien efteroan!’ ‘Jo wiene oan rêst ta’, sei B. ‘Al genôch’, wie myn andert, ‘ik fornim dat mannich hûs hjir syn krús ek wol habbe sil’. Lykwol bifoel ús, in ein foarby de skoalle, de Weibuorren, al hoe stil as 't der wenje mei, danich, mar doe't wy jit in ein fierder nei Duerswâlde opswaeiden en neat as heide seagen, doe forlangen wy nei de ein. De earste de bêste harbarch fan dit doarpke wie honk en mei in freonlik: ‘Goemoarn!’ fan de kastleinske stoepen wy ôf de karre en lieten wy it hynzer brea en ús - hoe'n krêftich biwiis, dat de minske mear geastich, minder dierlik as in dier is - hwat kâld wetter bringe. | |
[pagina 112]
| |
Mei't wy dêr omtrapen seach ik troch de foardoar hinne, dat men der ek in winkel hie; kofjebeane, klûntsjes, katoen, potjiske, alles lei sahwat yn 't gelid. ‘Jo habbe gâns in winkel, frou’, sei ik, ‘dat liket hast in Turkske bazar’. ‘Ja, it leit der tsjintwurdich raer hinne, wy habbe jit al frijhwat oanrin en dan heistert men de boel ris trochinoar’. ‘Mar dy frjemde krusen en krollen fan kryt, dêr op dat blauwe sket’, frege ik, ‘hwat binne dat? Dat lykje wol egyptyske hiëroglifen’. ‘Och hearinken né!’ andere it sloof mei in laitsjend wêzen, ‘dat binne gjin dieven, dat binne arbeiderslju, dy't it guod hjir op 'e wike heije; dy kras ik dêr dan mar oan 't sket, dan witte se fuort hwat it bitsjut’. Nou, tochte ik, as in bulte keaplju dy moade opsette, dan sil 't papier wol goekeap wurde, mar ik twivelje of it húshimmeljen dan net út de moade gean sil; om hoefolle sille yn in wrâld, hwer't forkeapjen hast praktyk en it foldwaen faek theory is, wol nea alles ôfwiskje en fan foaren ôf oan bigjinne kinne? Bûten it roggemountsje fynt men to Duerswâlde weinich forhevens, alles is der nederich en lyts, bihalve it fjûr fan de smid, dat doe tominsten heislike gleon baernde. Mar dizze smeijerij ha wy net bisjoen, omdat der oars sa'n bulte smeijerijen binne; steat- en dichtkunde, godstsjinst en liberalismus, alles hat syn smeijerij. Ek dit earste haedstik, ha wy, tinkt my, al frjemd oaninoar smeid. Mar 't is sa gien, en 't is sa roan,
Us beiden, jit op Fryske groun;
Foldocht dit staeltsje jimme nou,
Dan giet et sou noar Drinte tou.
Forfeelde ik mooglik, dan: hadyGa naar eind14
Forjow it my, forjow it my.
| |
In haedstik, hwer't wy hast gjin namme foar witte, mar de reis wurdt forfolge oan Assen ta.Efter Duerswâlde kamen wy ringen wer op 'e heide. Myn each foel sa op de hutsjes dy't hjir oer 't fjild forspraet stie- | |
[pagina 113]
| |
ne, hutsjes hweryn fêst djippe earmoed en gebrek wennet, altaest as forbliuwen fan minsken seach ik selden minder. Sels yn 'e Westerein net, hwer't de boekweitstrieën gevel, mei 't seadden muorwurk en 't reiden tek, soms sa út it lead hingje kin, dat men jin by 't sjen dêrfan neat mear oer de hingjende toer fan Pisa hat to forwonderjen. ‘Freon’, sa bigoun ik, ‘hwat libbet men hjir al folle ontankber, troch net to birêsten yn it lot, ús taparte, mar stees to sjen op har, dy't mei wrâldske goederen rykliker bijefte binne. Dy oerfloed en dat gemak stiet tsjin ús soargjen en kommernis oer as de dei tsjin de nacht. Wy miene dat ús ó! hwa wit hoefolle ontbrekt, en sjedêr: wy misse de greatste skat fan 't libben, de tofredenheit en: “zonder tevredenheid wordt dit leven tot een wilde onstuimige stroom, waarop men door de golven heen en weer geslingerd wordt zonder ooit in de veilige haven der ruste aan te landen”, seit in Dútsker, “en”, sa giet it fuort, “wat zoude u ontbreken, zo gij geleerd hebt te derven? Wat zoudt gij beven bij ieder ongeval, gij die gene andere vreze kent dan die voor God, en wenen waar slechts de dwaze weent. Moge dan ook al niet immer de Hemel u zacht en liefelijk toelachen; niet altijd de zoele zefir der vreugde omwaaien, mogen ook nu en dan of dikwijls stormen en onweders beproeven uw hart te doen versagen. Sta vast, bestookte aangevochten mens, sta vaster als een rots te midden van 't geklots der baren en uw toekomst zal heerlijk zijn”. En hoe soene wy dy greate geastkrêft, dy stille birêsting yn ús lot, dy sillige tofredenens better forkrije kinne as troch mear op 'e earmoed, sa as se bygelyks yn sokke hutsjes wennet, to sjen? Dan sille wy fiele dat ús it kleijen foaral net past’. ‘Mar sokke minsken’, frege B., ‘hwer moatte dy dan op sjen om tofreden to wurden?’ ‘Alwer op har dy't it jitte minder ha’, wie myn andert, ‘men sil dan op 't lêst sjen dat ... dat...’ ‘Dat oan 't minsklik lijen gjin ein komt’, sei B., ‘Fij! as dat dan de bêste wel is om tofreden to wurden, fyn ik it net moai. 't Wie better dat elk mei iver skrepte om foarút to kommen, mar dan ek - it mocht op of del gean - mei stil fortrouwen it lot Him yn hannen joech, dy't mei krekte mjitte ús stân en wurkpleats yn de maetskippij ôfbeakene hat. Dan sille wy har dy't boppe ús binne de oerfloed net forgunne, | |
[pagina 114]
| |
en as wy har dy't earmer binne dan mei leafde trachtsje fan tsjinst to wêzen en it bittere fan har lot forsêftsje, dan sille wy, as wy oars reden ha oer ússels foldien to wêzen, fiele dat it sankje dat wy sa faek songen wier is: Hij die met het heden
In alles tevreden
De toekomst niet vreest,
Die blijft wat het leven
Hem immer moog’ geven
Steeds vrolijk van geest.
Lêzer, hie 'k gjin gelyk, op dit sizzen mar to swijen? Om fan 't praetsje ôf to kommen, helle ik Stillings ‘Jeugd’ út de bûse en bigoun sunich to lêzen.Ga naar eind15 Underwilens fluite B. de ‘Marseillaise’ en sa kamen wy to Donkerbroek, in doarpke allike kreas en kein as in boeretsjinstfaem, dy't op 'e sprong stiet foar it oergearre lean in gouden earizer to keapjen. Hwerom as it Donkerbroek hjit, biken ik net to witten, mar de man dy't ús de wei nei Easterwâlde wiisde hat der fêst gjin oanlieding ta jown, hwant dy droech in readen. Wy seagen hjir in moai hûs, omjown fan in tún mei blommen en beammen, de wite muorren omheech stekken, en de namme ‘Ontwijk’, dy't ik op 'e hikke lies, foun ik sa krêftich, dat ik der wit hoefolle oer sizze sillen hie, hie B. net sein, dat er leaude dat der in ûntfanger wenne. Nou tochte my koe 't hûs better ‘Kom over’ hjitte. Mar myn freon sei, ‘Ontwijk’ wie hjir sa folle as: ‘Wacht u voor de kwade hond’. En by slot fan rekken tochte ús beide, dat it hûs, stil en efterôf lykas it dêr by de feart stie, de namme dy 't hie ek mei alle rjocht drage koe. Fierder roan ús wei njonken de feart lâns en omdat der oars gjin wegen wiene rekken wy net fordwaeld (in ding dat jit al maklik to bigripen is) mar wiene wy ringen sonder ongelok to Easterwâlde, hwer't ús hynzer op 'e stâl brocht waerd fan de foarste, greatste en lichtwol iennichste harbarge fan 't doarp. Stoere kastleins binne foar de reizger dy't mar efkes stilhâldt en gjin tiid ta in lange kennismeitsing hat, onoangenamer as freonlike, dy't jin mei safolle iver as se kinne alle nocht oandwaen wolle. By beiden rekket men it jild kwyt, mar 't is aerdich as men sizze kin: ik hab it mei plesier | |
[pagina 115]
| |
fortard. Dizze kastlein joech ús sonder efterhâldenheit golwei in útlizzing fan it ringheakjen en 't stopnulleblazen, twa leafhabberijen, dêr fan 't jongfolk útfierd. Ik krige hjir in lyts Frysk krantsje yn 'e hannen en foun der in anekdote, út ‘De Huisvriend’ oernomd, yn. Eva sit mei har jonkje Kaïn op 'e skurte. Om to witten of de lytse boi hast stean kin set hja him, him beethâldende, op syn fuotsjes. God, dit bldriuw fol memmeleafde skôgjende, sei: ‘Lit rinne!’ ‘O frede né’, sel Eva, ‘dat kin net, as ik him losliet soed er falie’. En sjoch, om it bytsje fortrouwen op har Skeppers Almacht en it net folbringen fan syn Heitewille moatte de Eva's (dat wol sizze alle memmen) fan dy tiid ôf oan mei folle wurk en muoite de bern it gean leare. ‘De hear J.J.A. Goeverneur’, sei ik, ‘klaget dat men, sonder de namme hwer't men it wei hat der by to setten, sa faek en folle de lytse en bêste stikjes út syn tydskrift kaept, mar hy hat der wol rjocht ta’.Ga naar eind16 ‘Dêr ha jo wol gelyk yn’, sei ús hospes. Doch as hy dat ek sizze sillen hie as ik rjocht oars sein hie, dêr wol ik ôf wêze; mar sokke kastleins binne der wol. Bûten de romme, wite harbarge fynt men dêr nêst in deftich wyt hûs. Ek binne hjir knappe winkels, koartom it hiele doarp falt to midden fan lânlike stilte ynwindich net ôf. As alle minsken by frede en iendracht in fleurich stik brea winne meije, dan kin men 't hjir wol skipperje. Underwilen dat wy it doarp ris delkuijeren waerd it hynzer foar de karre slein en ringen rieden wy wer by de feart lâns. De wei wie goed, de sinne skynde moai en de geselligens dy't men altyd yn de neibyheit fan huzen en minsken fynt, alles stimde ús ta blijmoedigens en froalikens. By 't sjen fan de hege sândunen dy't wy mei har fan de sinne forgulde koppen lizzen seagen, sei B. dat him tochte as men dêr by 't winter, as der in bulte snie lei, op wie, soe men jin forbyldzje kinne op de Montblanc to wêzen. Ik bifêstige dit troch to sizzen, dat as men jin der dan fan boppen ôf bydel rôlje liet, soe men sels wol in snielawine fortoane kinne. ‘Mar yn earnst’, liet ik der op folgje, ‘Schiller seit: op 'e bergen wennet frijheit, en it sil dy oanberne frijheitssin wêze, dy't ús jimmer nei dat hege útsjen docht. Dêr hwer't wy mei in eachwink lânnen en wetters oerskôgje, sille wy ús ontdien fiele fan dy klústers, hweryn de moade of kunst ús hjir faek mei safolle kommernissen bynt. Ja, al rint der folle tinkbyldichs mei onder, | |
[pagina 116]
| |
folgens alle reizgers fynt men by de berchbiwenners de frijheitssin it skoanst ontwikkele’. ‘Dan is 't muoilik!’ sei B., ‘dat wy yn ús neibyheit gjin bergen habbe’. ‘Ja’, sei ik, ‘en foaral foar de bern as dy yn 't opwaeksjen binne, hwant by dizze wol men tsjintwurdich de frijheitssin tige kweke. Hear hwat in dichter seit: Holland, dat aan duizend wonden, mat en kwijnend nederligt,
Zie, uw balsem is gevonden, in de handjes van een wicht,
Geef uw kroost naar 't lichaam krachten, giet het vrijheidszucht in 't bloed.
Sels seit er tsjin de bern: 'k Zou het gieten in uw ziel,
hwant: Neen, geen leiband om de lenden; neen, geen dwangbuis voor de geest.
Vrij te woelen en te wenden, voegt aan ziel en lichaam meest.
Vrije ontwikkeling geve kracht aan 't beminde nageslacht.
‘Ei’, sei myn freon, ‘as men oars yn sommige huzen, hwer't de tajowelike heit de frijheitssin ier en bitiid by syn bern dije litten hat, sjocht hoe't dy leave herten, as heit har net mear nei 't sin docht, ienparich tsjin him opsteane en “leve de republiekl” roppe, dan soe men sizze, wy kinne it sonder bergen en frijheithjitters wol rêdde’. Dizze nuvere tapassing op in gedicht hwermei't de skriuwer in goed wyt biëaget brocht mear oare fuort en ûnder in froalik petear wiene wy to Appelskea ear't wy 't wisten. De namme fan de man mei hwa't B. hjir saken hie to forrjochtsjen brocht my in great learde en dichter fan ús lân foar de geast, dy't syn bêst docht om de Nederdútske Muze út de dodde, hweryn se sa lang slomme hat, wekker to skodzjen.Ga naar eind17 Men soe mar hoopje dat it lokt en dat de sanggoadinnen mei nije lust en moed wer farske, net forwyllende en doch natûrlike blommen op it fjild der letterkunde struije, omt wy sizze mei OudshoffGa naar eind18: | |
[pagina 117]
| |
‘Zonder zang, wat is dan 't leven aaklig’.
Yn in feanhoeke as Appelskea is hie men dizze sangerige gedachte licht net forwachte. Mar it wol graech - en hjiryn giet de natûr ús foar - dat it ongelike byinoar foege wurdt. Doch sonder in wiisgearich ûndersyk nei 't forbân der dingen sille wy hjir ek al oerienstimminge fine. Sa soe men al dalik op 'e frage: ‘hwat oerienkomste is der tusken dichtstikken en turf?’ anderje kinne: ‘dat fjûr oan beide de moaiste glâns jowt’. Wat windt gij 't zintuig op, en dwingt het brein te gloeien,
Verdoolde, die de dichtsnaar spant!
Wat waant gij 't weigrend hart aan d' ijle klank te boeien,
Die van gehuicheld kunstvuur brandt?
Vergeefs Tyrteën en Pindaren!
De gloed ontwoekerd aan uw snaren,
De wiek gedoopt in Oosters goud;
Vergeefs of brein en ader zwellen.
Waar 't hart het vuur niet op doet wellen,
Zijn geestdrift en verrukking koud.Ga naar eind19
Sa soe men fierder de swiere, goed baernende, gloed en waermte forspriedende baggeler forgelykje kinne by it wurk fan wiere dichters, lichtere en mindere soarte by dat fan neimakke. En de rikrige sponturf? Ja, dy forgelykje wy by dy jellenlange fersen, dy't by it to wrâld kommen of stjerren fan dizze of jinge hege persoan, of sa hwat, it ljocht sjogge. Hwant dizze lizze faek al lang yn birie ear't se flam fetsje. Om dit dúdlik to meitsjen, hjir de oanfang fan sa'n masterstik. Men makket sokke rimen mei beitel en bile yntiids klear, dan hat men as 't fan pas komt mei gjin dichtfjûr to meitsjen. Och né, men folt it yn lykas de siktaris de patinten.Ga naar eind20 ... Galm,
eene harp ... Dichtlover geplant bij (hwer't it dan by is.)
Wat...maar klinkt ons in d' oren?
| |
[pagina 118]
| |
Wie zag ooit ... morgen gloren?
Wie maalt ... ons toegebracht,
Voor tijdgenoot en nageslacht,
Met englentonen, nu naar waarde?
Zo ... bescheen geen zon ooit d' aarde,
Vanaf de schepping aan, als thans,
Nu 't al ... glans
... wegzinkt.
Komt dit krêftich geasteswurk, dat fansels yn dizze foegen hondert en len bledsiden lang wêze moat, jin it earst by in bllde saek fan pas, dan set men de folgjende moaije wurden yn it iepenbleaune: ‘Vreugde, klank, blijde, schoner, het heil, schoon, in onverdoofbren, En luister’. Mar yn 't oare gefal - dat wol sizze by in droevige saek - moat men doffer wurden brûke: ‘Treur, toon, droeve, banger, de ramp, droef beroofd van gloed en, In 't duister’. Dan kriget men in hiel oare sin, mar men seit yn elts gefal al gau: 't is mooi gerijmd, hady. En al komt der mei folle blazen jitte minder flam fan as fan de smeulende sponturf, men hopet doch mei sok wurk in lintsje of it ... brea to winnen. As dit lykwol lokt is in twadde frage.Ga naar eind21 Mar lit ús de reis forfolgje. Omdat der to Appelskea safolle turf makke wurdt is der mei de skipperij wol tier. Ek wiene hjir sommige plakken mei boekweit biboud, mar oars leit it doarp sels der al hwat kâld en keal. In moai en smaekfol gebou, sa as men hjir licht net sykje soe, en dat it Kompanjonshûs neamd wurdt, makket it sieraed fan dizze streek - dy't ús oan de grinzen fan ús provinsje brochte - út. Fuort oan de oare side fan in tolhek liezen wy op in great boerd safolle wol as dat Drinte bigoan. B. tochte, it waerd jin fuort al hwat oars om 't herte, en sa wierl by 't sjen fan dy swarte turfheapen kriget men ús fruchtber Fryslân, Dat âld, skier lân, fol skiente en greatheit,
Dat foar elts each as pronkbyld bleat leit,Ga naar eind22
tige leaf. ‘Sjoch ris, hwat in turf. Men seit wol dat “in Nederland 't kind zijn eigen moer verbrandt”, mar hjir soe men sizze dat it foarearst wol hwat lije koe. Mar dat is ek goed, hwant as dat klyn ienkear ris oprekke dan wie 't net bêst’. ‘'t Koe foar ús wol in bêst spul wurde’, sei B., ‘trochdat de | |
[pagina 119]
| |
beammen dan wol djûr wurde soene’. (B. is beamkweker, lêzer! Sa driuwt jimmer by de minske it eigenbilang boppe.) ‘O! dat egoïsme!’ suchte ik. It like dat myn selskip dat wurd net forstoe, om hy frege my hwat gelove as dat wie. Ik andere: ‘Dat binne oanbidders fan 't gouden keal, minsken dy't it jild foar it kostlikste goed fan de ierde en it blsitten fan jild foar de heechste sillichheit fan 't libben hâlde. Stekke sokken kwânskwiis in hân út om wol to dwaen, dan rikke se mei de oare helte fierder om nei har ta to skrabjen. It binne kâldbloedige dieren, dy't allike folle nocht oan it skoane en goede ha as in baerch oan in skilderij fan Hobbema. Hja witte net dat hy de bêste baen lâns giet, dy't by it libben fan syn neisten mind wurdt, en op hwaens grêf ienkear de triennen der tankberheit rôlje!’ ‘En rekkenje jo my dêr ek ûnder?’ frege B. Ik soe ‘ja’ sizze, mar ik koe myn freon to goed, en boppedat, myn omke plichte folle to sizzen: ‘Denk als gij spreekt, hoe gij spreekt, wat gij spreekt, waarover gij spreekt, opdat gij u in geen kwaad lijden steekt’. En hjir hie 't fansels liike gefolgen jaen kinnen, om B. koe my gau ris forsocht habbe fan de karre to stappen, en dan hie 'k dêr stien midden de turfheapen, hast as John Franklin lichtwol tusken de iisklippenGa naar eind23, mei dit ûnderskie dat hy bliuwe moat dêr't er is en ik gean koe hwer't ik woe. Mar genôch, ik swige, en swijen is folle tiden de baes. Toch swijen winne wy in duorsum fortrouwen en freonskip; mei praten reitsje wy beide faek kwyt. ‘Hwer is hjir in harbarge’ rôp B. tsjin in jonge, dy't de strjitwei dy't wy opswaeiden delrinnen kaem. ‘Doar’, sei er, ‘bi gindske brugge’. En by dizze brêge, hwer't de wei fan de iene side fan de feart op de oare springt, founen wy in knappe harbarge. Underwilen dat it hynder útslein waerd fornamen wy al gau dat in profeet yn syn eigen lân net eard wurdt. Hjir wie 't tsjin ús ‘menheer’ foar en ‘menheer’ nei. Ja, hie men mei dy titel yn Fryslân net rom omsmiten, hjir roan it ús hast oer 't meuch. Wy hâldden ús mar as wiene wy Frânske útgewekene dy't incognito reizgen en seine dat wy efkes it doarp út soene en strak wer kamen. Neidat ik myn saken forrjochte hie, siet ik al gau wer yn de moaije seale fan de harbarge, dêr't ik bûten de kastlein jitte twa minsken foun. De iene wie in bijierre man, dy't danige mistich seach; ik fornaem dat er ûnder tsjinst wie, to sizzen | |
[pagina 120]
| |
as frijwilliger yn it leger fan Bacchus. Dy man focht dapper, flink en bihindich; in folle romer hie yn syn macht ringen de geast jown, en as der ienkear ridderoarders ûnder de jeneverkeningen útdield wurde, dan sil dizze fêst net foarby parte wurde. De oare like in ienfâldige boargerman, dy't - neidat de kastlein my brocht hie hwat ik easke - syn praet mei de hospes forfolge. Earst roan it oer de hurddraverij fan Grins, dy't as eare fan 't ontset fan de stêd (yn 1672) pleats habbe soe, en dêrôf kamen se (it rint soms al bjuster) op 'e rattelslangen, hwer't de kastlein fan lêzen hie yn 't Nederlandsch Magazijn. Rattelslangen hie dy boargerman net, mar wol oare greate slangen sjoen, bisonder yn Fryslân. Yn Fryslân! Ik tochte, hy mient der de moaije Fryske fammen mei, omdat dy soms sa forliedlik binne, mar né, yn Fryslân. wiene se soms sa lang as de heale breedte fan de seal ('t sil fêst yn 't dierespul west ha). Dy kastlein tochte, sokke bazen wiene mar gefaerlik. ‘Gevaerlik? Wat praat i van gevaerlik’, sa bigoun nou ús soldaet út Bacchus' leger, ‘mien moeders oldste broer heft soldaet geweest, in de Oost of West, doar wil ik òf wezen; (tsjin de kastlein) doar, geef mi nog ris voor een dubbeltien klare, hoor! Nou, die heft met een slang in 't gevecht west, wel zo groot als deze kamer, en ok zo breed.’ (Ek sa breed, dat like it frjemdste; dy boargerman wie onforsichtich genôch om to laitsjen). ‘Waarom lachste, bl ..., ik zeg ok zo breed, moar dan rond en plat net als een schol’. (Wel, it waerd sa onbigryplik as de Kantiaenske wysbigearte foar in Hottentot; dy boargerman lake jitte lûder). ‘Wie denkst daste voor hefst? Kom met, steinbok! Ik zal it dij voelen loaten, kereltien! Ik hef nog wel geld inne buul, en kan mien gelag ...’ en yn dy foegen roan it tsjin 'e boargerman fuort. Ik makke mei de frage oan 'e kastlein, hoe fier Rolde fan Assen lei, ter goeder ûre in ein oan de kwestje. ‘Mot menheer te Rolde wezen?’ frege ús dappere man my nou. Ik sei, it wie just gjin moatten, mar it wie ús winsk de hunnebedden ris to bisjen, hwerop hy de freonlikens hie my foar to stellen, dat as ik der frij gelach foar oer hie, dan woe hy mei my troch Drinte ride, en ik koe nea better weiwizer krije, omt hy wie de provinsje yn alle hoeken ‘doorkropen’. Dit lêste soe, as men op sa'n hichte as hy wie, licht ek | |
[pagina 121]
| |
better wolle as gean, mar ik bitanke de man foar syn bileefdens en sei dat ik al selskip hie. En hjirmei kaem myn freon, dy't nou ôfdiene saken hie, by ús en dêrmei sochten wy ús forheven setel op twa tsjillen wer op. Doch pas binne wy op 'e strjitwei, of wy sjogge de man dy't my troch Drinte liede woe foar ús út bongeljen. Hie 'k him to foet folgje moatten dan hie 'k fêst yn 'e miening kaem, dat hiele Drinte in Ingelske tún of in keattingregelGa naar eind24 wie, sokke gieren naem er fan de iene side fan de wei nei de oare. Njonken him kommende, skeelde it weinich of hy hie siker ûnder it tsjil fan de karre rekke. Man, tocht ik, dêr wieste licht gefaerliker as dyn omke by de roune platte slangen yn de East of West. Doch it sil mear sa gean, dat it Skiedammer fenyn mear minsken yn 't fortriet bringt as dat der slangen.
Forwachtsje nou net, lêzer, dat ik hjir folle fan de Smilde sizze sil. De streek, hwertroch in feart en in strjitwei rint, sil licht in ûre of fjouwer lang wêze, alles sjocht der knap, nijeftich en neat net âlderwetsk Drintsk út. Fan de fiif tsjerken, hwerûnder ien foar de ôfskiedenen en ien foar de joaden dy't men hjir fynt, is dy, dy't wy foarby rieden, de greatste. 't Is in hiel moai achthoekich roun gebou. Doch omdat ús hynzer nei de ein forlange draefde it dier sûnder driuwen sa hurd, dat wy de Smilde lâns wiene en Assen yn 't gesicht krigen foardat wy 't wol winsken. En dizze stêd, dy't 'k my altyd foarsteld hie, dat der útsjen soe as Nineve, Pompeji of Herculanum, dat wol sizze dat de huzen mei reiden tekken hast sljocht mei de groun wêze moasten, hie my mei syn greate huzen en rûme strjitten oangenaem to fiter. By 't sjen fan in harbarge hwerop mei forgulde letters to lêzen wie: ‘Koninklijke paardenposterij’, makke B., omdat er miende dat dat spul oan immen takaem dy't, mei biezembinen bigoan, sa fortúnlik yn de wrâld foarútrekke wie, dat er nou harbarge en fuormanderij hie, de opmerking dat in minske hjir al bare lokkich wêze koe. Ik koe him just gjin ongelyk jaen, mar sei doch sa: ‘Achter onze grote ruiten
Heerst zo veel vermomde nood,
| |
[pagina 122]
| |
Die men buiten wist te sluiten
Achter 't vensterglas van lood,’
trochdat ik tochte hoe't soms ek troch de greatste glêzen gjin sinnestriel fan lok en frede de wei nei binnen fine kin. Wy rieden ûnderwilen fierder en einliks op in great en heech hûs oan. En jongel it wie oft de poarten der eare har iepenen doe't wy de romme stallinge fan de hear Hofstede ynrieden. Freonlik klonk it: ‘Goeden avond, mijne herenl’ En dêrmei rikte de hospes ús sa golwei de hân, as wiene wy syn rike neven west fan hwa't er ienkear erve koe. Sa binne wy dan yn Assen.
De reis is, wol is wier,
Net frjemd en bûtenspoarich,
En dêrby ek net fier.
En doch, as men sa neitinkt,
Op hwat men heart en sjocht;
En hwat de wurkbre minske
Al seit en skrept en docht:
Dan kin men oeral leare,
Dat godstsjinst, mei forstân,
It folk yn lok docht bloeijen
En segen spraet oer 't lân.
| |
In joun to Assen. In moarn to RoldeIt earste hwat wy to Assen opsochten en hwernei wy it measte langst hiene wie it Stjerrebosk. Earst gongen wy ûnder in brede oerskade loane, mar ‘weldra ontwaarden wij andere dreven, wier hemelhoge dennen ... een ondoordringbaar gewelf vormden, dat zich met het blauwe zwerk scheen te willen paren. Van verbazing opgetogen, ziet men hoe die forse stammen schijnen te wedijveren om zich in de lucht te verheffen; doch men ontwaart door het dichte loverdak, dat hunne toppen boven u spreiden, het gewelf des hemels niet. Als zuilen, wier zilvergrijze schors het gepolijst marmer nabootst, rijzen zij opwaarts, en doen u denken aan een dier geheiligde wouden uit de tijd der Druïden waarin schier nooit het zonlicht binnendrong. Het | |
[pagina 123]
| |
sinds jaren vergaderde loof verdringt zich bij hopen aan de voet van het geboomte; de ene laag verdroogde bladeren vermengt zich met de andere, die reeds tot verrotting is overgegaan; de door de herfstwind goudgekleurde of langgespaarde, geelbleke en uitgedroogde bruine bladeren schakeren door hunne kleurmengeling dit lovertapijt, en vormen zich allengs tot een mos, hetwelk verscheidene ellen de boomstam omgeeft, om hem als 't ware’Ga naar eind25 jimmer wer nije groeikrêft to jaen. Dêr gongen wy hinne en de hillige stilte der natûr dy't ús omjoech, makke nei it gewoel en gepraet fan de dei hast in yndruk op ús, allyk as dat men by 't winter as it moai lis is fan in drok biriden baen ôf, út de swevende minskewrâld wei, yn in lyts doarpstsjerkje giet, hwer't de oandachtige gemeente mei fromme sin nei dominy harket. Soks haw ik ienkear ûnderfoun. It wie (hwat men maklik bigripe kin) by in dominy fan 't âlde ljocht; hoe soe oars op in sneintomiddei, by moai iis, de tsjerke fol folk komme? En nei oanlieding fan ‘Zondag 31’, gong dy man danich op de ‘ketters’ los, dy't mar seine dat de doarren wiid iepen stiene, as stoe it mar oan jin om nei binnen to gean, hwertroch de minsken op helte gefaerliker banen rekken as it iis meibrochte. ‘O, gij jonge dochters daar’, sei dominy ûnder oaren mei it each nei in bank fol fleurige fammen, ‘met de bloeiende kleur der gezondheid op de wangen: heden zijt gij, maar wie weet of met weinige dagen de koude winter niet over uwe graven zal waren? En wee ul zo de deuren daar boven dan gesloten en de sleutelen te zoek zijn’. ‘Ik wit net’, sei B., doe't wy, fier yn it bosk út, op in bank sitten gongen, ‘as de âlden jit gjin gelyk hiene, it heechste wêzen yn bosken to forearjen, hwant hwat is in kunstige tsjerke, ja Salomo's timpel sels, by de earnst fan dizze skoane natûr?’ ‘It eigenbilang derbûten’, sei ik, ‘kin ik jo just gjin ongelyk jaen, mar nou't ús troch syn Wurd de Godheit neijer bikend makke is, kinne wy it sûnder offers en plechtichheden mei 't ienfâldich forklearjen fan de Skrift wol rêdde.’ ‘En doch jowt it forklearjen fan 't Wurd faek oanlieding ta safolle twadracht yn steat en húsgesin. Wie 't net better dat men de minsken sijochtwei it neiste paed nei it wiere lok, as it doel fan ús bistimming, wiisde?’ | |
[pagina 124]
| |
‘Troch op syn tsaer Peters, miene jo, de les to jaen: “denk wel, spreek wel en doe wel”. Witte jo hwer't de oast sit? De minsken hâlde troch in bank folle fan 't onbigryplike en 't wondere. It wurdt jin tsjuster foar de geast, men siket in útwei en dalik roppe der guods dy't neat mear witte en ek al by de fiel rinne: “Hjir is 't! Hjir is 't!” En folle binne goedernôch om it to leauwen en der hinne to gean. Struide men nou jit, lykas Tomke, stientsjes lâns 't paed, dan wist men lokkich hwer't men weikomd wie, mar nou dwaelt men al fierder en fierder, en sa siket de iene hjir en de oare dêr syn treast en oanhâld, en heistert men trochinoar as wie men fordwaeld yn de ûnderierdske gongen fan de St. Pietersberg to Maastricht’. ‘Soa’, sei B. opsteande, ‘of lykas wy yn 't Stjerrebosk fan Assen. 't Wie goed as wy ek stientsjes lâns 't paed struid hiene; ik wit tominsten net hwat wy út moatte’. En sa wier! ik wist it likemin, Rjochts lofts, lofts rjochts, alle paden waerden ynslein, om jimmer wer op in krús to lânne to kommen. Ik tochte hast al om de nacht yn de wyldernis - hwer't ik bûten de herten, dy't luftich yn it har ôfbeakene kamp omsprongen, gjin wylde dieren sjoen hie - troch to bringen. Mar né, einliks rekken wy út de beammen wei en forlieten wy sonder ús forfeeld to habben dit hearlik ûtspanningsoard, hwer't de stille rêstpleats der deaden, sa alhiel yn harmony mei de donkere wegen en loanen fan 't bosk, jin hast forjit by 't sjen fan de freonlike harbarge ‘De earste stien’, yn de wandeling ‘De flikkerij’ neamd. Nou trapen wy it jit net troch gas forljochte, mar heech feestfierende Assen wer yn. Dat it der merke wie seach men net op greate oanplakbiljetten fan Boas en Judels of WölslägerGa naar eind26; och né, allinne op in lantearnepeal siet in lyts briefke plakt, dat jin bikend makke dat men foar ‘muziek uit Groningen’ de folgjende joun op 'e seal fan Hofstede oan 't dânsjen komme koe. Wy gongen ris tusken de kreammen troch en founen dat it útnoegjen fan de kreamwiven, it slaen fan de koekhouwers, de geur fan de oaljekoeken dizze merke hast al oan in doarpsmerke yn Fryslân lyk makke. RollebollenGa naar eind27, of har mei it: ‘Houd hem in het oog, zwijgen die wat ziet’, of: ‘Hier heb ik hem ondergestopt, vlak onder den deze’, founen wy der net. Dit woe- | |
[pagina 125]
| |
lich bidriuw nei de stille iensumheit, hwer't wy út wei kamen, koe ús net lang haegje en dêrom gongen wy leaver dêr hwer't wy yn nocht en wille ús tiid slite koene, om einliks ús harbarge wer op to sykjen, hwer't ik, neidat wy ûnder froalik petear ús jounmiel dien hiene B. it fers foarsizze soe: De donkre nacht daalt neer,
Geen kleur verrukt ons meer,
De stilte heerst alom ...
Mar hy die him gjin geduld; by de trêdde rigel makke hy al tarissing om op bêd to gean en fol fan itjinge dat folgje soe slepten wy ringen beide yn. Tsjuster, piktsjuster wie it jit de folgjende moarn by ús to wekker wurden, mar op ús skeljen klonk des hospes' machtwurd: ‘Daar is licht!’ en mei wie ús keamer forljochte. Flink hiene wy ús toilet makke, en foardat de klok fjouwer sloech hiene wy Assen al efter de rêch en wiene wy op reis nei Rolde ta. De strjitwei dêrhinne roan nou ris troch loanen en dan ris troch greate bosken, mar einliks oer heide. ‘Men moat jin forwonderje’, sei ik tsjin B., ‘as men dizze romte oanskôget, dat de minsken safolle nei frjemde lânnen geane to wenjen; hwat in groun leit hjir jit onbibrûkt’. ‘Ja’, sei myn freon, ‘en as jo jit fierder nei 't suden útkomme, dêr is jit mear, dêr fine jo ûnder oaren it Ellertsfjild, hweroer in strijitwei rint fan wol tredheal ûre geans lang. Op dat fjild is yn foarige jierren in nuver gefal bard; as jo harkje wolle sil ik dit meidiele sa as 't my forteld is’. Omdat wy ús oars doch yn skimermoarn forfeelden hie 'k der neat tsjin. B. bigoun: ‘Alear roun hjir gjin strjitwei lâns. Dy wei roan doe oer it fjild sa as de natûr it skepen hie en om de ûnsljochtens fan 'e groun rieden de rydtugen al folle yn 't selde spoar. Sadwaende wie dit, lykas it mear op min ûnderhâlden wegen giet, wonderlike djip en makke it meitsjen fan in omwei, allyk as it foarby riden, op sommige plakken hast ondwaenlik. Nou, doe wennen op it Ellertsfjild, of leaver der yn - hwant har went wie yn in greate sândún -, twa minsken, faer mei in soan, yn de omkriten bikend as twa keaplju, mar fan hwa't men fierder | |
[pagina 126]
| |
neat ôfwiste. Hja diene in bare foardielige handel, omt de ynkeap koste har neat en hja wisten har waer goed oan 'e man to bringen. Lykas ik sei rieden de rydtugen altyd yn 't selde spoar lâns. Kamen de frachtweinen nou fan Grins ôf nei Swol ta en fierder op, dan rieden dy, omdat dit meastal by nacht barde, al folle om de feilichheit yn selskip, hast as in karavaen yn 't easten, en dêrtroch kamen de twa biwenners fan 't Ellertsfjild oan in hoarn des oerfloeds. Mei bihelp fan in kroade of sa wisten dy goede lju yntiids in greate balstien yn 't spoar to lizzen, en dizze stien, licht hûndert poun swier, wie foar har de kaei fan de jildkiste, hwant as de frachtweinen by jountiid út Grins ridende op it Ellertsfjild kamen, dan wie 't foaral by 't hjerst al tige tsjuster, doch omdat men net út it spoar komme koe pangele it swietsjes fuort, krekt sa lang dat de foarste wein, kreak! foar in balstien to stean rekke. De fuorman, net yn steat om him út 'e wei to rearen, rôp syn makkers to help en wylst men inoar dan frege hoe't dy der komd wie en skrepte om him der wei to krijen, namen ús heit en syn soan har trekken waer. Hja sochten de lêste of efterste frachtwein op en burgen op syn BambergsGa naar eind28 “hokus pokus” der ôf, hwat mar to gripen en to rapen wie yn har ûnderierdske went. Sa kamen se oan har keapmans waer en al koene de fuorlju net bigripe hoe't dit spul foarinoar siet, der kraeide nimmer in hoanne nei. Doch alle goede dingen nimme in ein, seit men, mar de kweade net minder. It barde op in kear dat ús keaplju nei âlderwenst to rie geande, op de efterste frachtwein, boppe it bulte guod, ek in libben minske founen en wol in tsjep jongfaem, dy't útfanhûs soe en mei dy wein ried. Bidroefd! hwat sieten ús rôvers, doe't de faem har en hja dy faem fornamen deryn. Ut 'e wei komme koene se n't mear. Der moast in koart ein oan makke wurde of de faem soe wol oan de fuorlju roppe en it wie dan ek mear út needtwang, as wol út leafde, dat de soan har de earm om 'e middel sloech, in doek yn 'e mûle treau en mei bihelp fan syn heit fan de wein ôf yn 't hûs tôge. Dat it weiwurden der faem de fuorlju kjel makke kinne jo tinke, doch al rôp en roan men ien lang en twa breed oer 't fjild, der kaem gjin faem mear opdaegjen. Mar wiene de fuorlju òm, de dieven wiene hast mei it minske forlegen, hwant alhoewol't men | |
[pagina 127]
| |
to folle meilijen hie om har dea to meitsjen, doarst men har doch net wer rinne litte, omt hja soe gau forklappe kinne hwat se sjoen hie en dan wie des keapljus handel to niete roan. It bêste wie dus har mar yn 't libben bliuwe to litten en to bisiikjen, of de faem har ek net ta 't frije libben bijaen koe. En de soan sil der faek ek wol hwat sin oan krige ha, hwant in rôver is ek al fan fleis en bloed. Mar in liuw is makliker to temmen as in tsjinstribbelich faem. It wie ûndwaenlik har allinne thúsbliuwe to litten, of leaver: thús to hâlden, en dêrom gongen heit en soan fuortoan elk syn bar út to negotiearen, towile de oare by de faem thús bleau. Sawn jier lang heukere dit dêr mei inoar sa hinne, mar doe briek foar de faem it ûrke fan forlossing oan en wol op in rare wize. De soan wie fan honk en de âldman mei syn húshâldster thús. Hy soe him gau ris skeare; hy hie him al ynwosken, strykt it mês hwat, en set it dêrmei op it kin. Mar krekt as tochte ús faem, dat de âldman de hannen wol trilje koene, springt hja fan efteren op him oan, grypte de hân dêr't it mês yn wie, mar jit helte onhandiger giet dit nou, o wél as wie 't in woartel troch de hals fan de âlde. It bloed fleach lâns de groun, sielleas foel de stumper foar har del. Mar nei sa'n fyt die de faem har net lang tiid mear. Sûnder birie nimt se de flinkGa naar eind29 en rint se oer de heide troch puollen en strewellen op it hûs oan, dêr't se foar sawn jier wei reizge wie. Doch dêr is se jit net oan ta, of de jongste rôver, dy't ek op dy hichte wie, wurdt har gewaer en nou fljocht er har, as wiene se oan 't krijoanboartsjen, nei, komt se al mear en mear by, hellet in dolk út 'e bûse en smyt ... yn 'e doar fan in hûs, dêr't ús faem lokkich krekt efter is. Alhoewol danich foralterearre, fortelt se ringen oan de biwenners hwat it gefal is en meiinoar binne se de jonge keapman gau master. It rôvershoal op it Ellertsfjild waerd ûndersocht, de deade bigraven en de soan, leau ik, ophinge. Doch yn hoe fier dit alles wier is, lit ik oan har oer, dy't de stoarje yn dizze foegen meidiele’. Underwilen dat myn freon dit teltsje die kamen wy Rolde neijer en wie it net bigoan to reinen, dan hiene wy licht ús oandacht langer gean litten oer dit mei sêft ôfrinnende hichtsjes foarsjoen lân, dat men - to mear om't hjir wol fazen mei jiske yn 'e groun foun binne - foar in bigraef- | |
[pagina 128]
| |
pleats út de âlde tiid hâldt. Nou gongen wy mar it doarp yn en seagen ta ús blydskip dat yn sommige huzen it ljocht baernde, in teken dat men libbe en warber wie, en yn it ‘hulpkantoor der brievenpost’ founen wy in fiks ûndertek. Op ús forsyk hie dizze hospes de freonlikens, sûnder soarch foar in bytsje rein ús it doarp troch it paed nei de hunnebedden to wizen. Wy tanken him hertlik foar syn muoite en mei in rep wiene wy op de pleats fan ús winskjen. Hunnebedden.Ga naar eind30 Zo noemt men naar het gemeen gevoelen van geleerde oudheidkundigen, begraafplaatsen of rustbedden der doden onder de oude Hunnen, een volk dat in vroeger eeuwen ook in ons land, en wel in de landschappen Groningen, en voornamelijk in Drente, en ook elders in Overijssel en Gelderland zijn verblijf schijnt gehouden te hebben. Immers, in ons land treft men, voornamelijk in Drente, die zogenaamde Hunnebedden, zijnde enige in de richting van het oosten tot het westen op elkander gestapelde zware stenen, aan. Men vindt of althans men vond vroeger dergelijke Hunnebedden, sommige in bossen, andere op de ruime en woeste heide; op de bouwlanden enz. te Anloo, Ballo, Borger, Hune (omtrent de oorsprong van het Hune riviertje), Onnen, Rolde en op andere plaatsen. Verder treft men dezelve niet slechts in ons land, maar ook elders in Duitsland, in Hessen en Saksen enz. aan. Deze gedenktekenen noemt men in Noord-Duitsland Hunnebedden of Hunnegraven; in Zuid-Duitsland reuzenstenen in dezelfde betekenis; ik geloof dat deze rotsstenen werkelijk grafplaatsen zijn en dat dezelve tevens tot oude Duitse altaren gestrekt hebben, weshalve zij de gedaante ener tafel hebben, en daarom met een platte steen bedekt zijn. Het Hunnebed is de rustplaats van een voornaam of aanzienlijk man, die door zijn verdiensten de mensen als het ware op een reusachtige wijze overtreft; de grafheuvel is voor de vrije man, doch slechts zulken die in de slag of onder de wapenen stierven, schijnt een gedenkteken opgericht te zijn geworden. Daarom komen de meeste Hunnebedden in Hessenland, Saksen en het voormalige Friesland (waaronder Drente) voor; naardien aldaar bloedige gevechten geleverd werden, en het volk dat deszelfs woonplaats niet verliet, hunne doden vereren kon; om die- | |
[pagina 129]
| |
zelfde reden vindt men er zo weinig in Opper-Duitsland, hoewel het hier even zo krijgshaftig toeging, naardien de Sueven minder een vaste verblijfplaats hadden, maar onder de voorttrekkende Germaanse volkeren behoorden, die geen tijd hadden om voor hun gevallenen gedenktekenen op te richten en bovendien de meeste van hun oorlogen in vreemde landen voerden. Bij elk Hunnengraf betekent de grote deksteen de dode zelve, de onderlagen zijn het bed waarop hij rust enz. Mei dizze wurden fan in Dútsker sil ik dit haedstik mar eindigje, yn de hoop dat sokken, dy't dit earnstigernôch wie, yn it folgjende mear wille fine sille. 't Is oars wol hwat in nuvere skiedingspleats dêr op 'e romte, op dy stille rêstpleats. Doch op plaggen, gers of stiennen
Meij' wy 't fochtich each ris slaen;
Och, gjin suchte, klacht of triennen,
Sil oan 't minnend hert wer jaen
Hwat de deasliep komt to sliepen,
Hoe 't forlies ús smerte mei.
Komt in nije rêstpleats iepen,
Ek wy folgje ringen nei.
Komme, prate, kennismeitsje,
Ite, drinke op 't libbensmiel,
Suchtsje, en libbens swiette smeitsje,
En wer skiede bliuwt ús diel.
Wol him, dy't by 't hinnereizgjen,
Sil'ge rêst fynt foar de siel'.
| |
Ofskie fan de Hunnebedden, fan Assen, en it bisyk to Feanhuzen.Bernefeesten, brulloften, stjerren en grêfpleatsen, sjoch dêr de fjouwer poëtyske dingen fan de wrâld. Alteast ik wit net dat der hwat is, hwerom faker, nou ris skoane, mar soms ek falske, nou ris hertlike, mar soms ek flaeijende toanen út de liere lokke binne. Doch hoefolle grêfdichten, oermjittich útweidzjende oer de deugden der forstoarne, soene folle neijer en better ta de saek komme, of it wêzen dêrfan bleat lizze, as men ienfâldich de wurden brûkte fan GellertGa naar eind31: | |
[pagina 130]
| |
Hoort eeuwen, hoort! Hij werd geboren,
Hij leefde, nam een vrouw, en stierf.
Mar oan de oare kant, hwa forjowt it minnend freonehert net graech de wémoedige lof, dy't er syn foargonger nei 't onbikende lân tabringt? Om nou mar ta de saek to kommen: as men op in doffe, wiete, mistige, reinige, treurige augustusmoarn by dy tsjokke, op inoar heappe, ûnder it skaed fan in mannich âlde krûme ikebeammen biskûle stiennen, dy't de hunnebedden útmeitsje, is, is it tinkt my net frjemd, dat men sûnder krekt to witten oft dit wol grêfpleatsen binne, mei earnstige tinkbylden oer it lang forline, oer it forgeanbere fan 't ierdske ensfh. forfold rekket. Fol fan forheven idéen kleau ik, mei de paraplu yn de hân, op de greatste stien en sette ûnder it swaeijen mei de earmen (in ding dat de masters de bern jit n't heal genôch leare, nou't it har by ús tiden, sa ryk oan kathederale byienkomsten, sa folle fan pas kaem, mar dat op dit eagenblik foar my oars tige syn kweade side hie omdat ik, mei de paraplu de reindrippen fan de beammen ôfreagjende, safolle to gauwer trochwiet rekke) mei de folgjende wurden yn: Sjong op, sjong hjir, myn sjongster, hwer't de sigen
Fan 't wyntsje sels wémoedich troch de twigen
Fan 't ikelôf, de siel ta sjongen stimt.
Hjir past in sang it reuzenfolk ter eare,
Dat ieuwen lyn hjir mocht forkeare,
En dat gjin tiid de namme of rêstpleats hat ontnimd.
De jeugd dy't foarfaersdeugd en moed steld' op weardije,
Koe 't flaeijend opskrift net, mar dreger teken flije,
En stiennen freeslik great, sa as natûr dy joech,
Bidekten ringen 't grêf. Dit earebêd der gloarje
Koe tiid noch eigenbaet foroarje,
En 't swiere stienwurk wie 't, dat 's helden byltnis droech.
En samle him it folk soms om de rêstpleats hinne,
Iendrachtich klonk it dan: ‘Wy sille stjerre of winne!
En wêze allyk as hy, hwaens stof de rêst hjir foun!’
Sa joech it heldenmoed, dit earnstige gestiente,
En moedich wreekte men 't gebiente
Der dapp're, focht en woun, hwant heilich wie dy groun.
| |
[pagina 131]
| |
't Is pryslik, ja, 't is skoan, des âldfaers deugd to romjen,
Mar skoaner jit, yn pleats fan op har greatme slomjen,
Is 't as de neiteam har yn deugd to boppe giet.
Dit wie, o eale Hun, dyn doel wis yn dit libben,
En dêrom bouden dy dyn sibben
Fan rots in prealgesticht, dat weisinkt noch forslyt.
Sa freedsum as dit fjild sil fêst dyn slieppleats wêze;
Al mei men fan dyn dwaen net yn de skiednis lêze,
Wis trijris lokkich hy, dy't it lot hjir ûnder brocht.
Ongelokkich foar de lêzer en my yn 't bisonder en foar de Fryske letterkunde yn 't algemien, moast ik hjirmei de liere oan de takken fan de beammen hingje, trochdat B. my danige prozaysk yn 't wurd foel. Mei twa bûsdoeken - syn eigen nammentlik en mines, dy't er ek mei Napelske gauwichheit út myn bûse helle hie - oaninoar knotte, woe hy mjitte hoe tsjok as dy stien wie. Hy liet der him dus by delsakje en kroep der ûnder troch, doe't ik de lêste rigel opsei. ‘Trijris lokkich?’ sei er. ‘Neam der ek mar trije ôf. 't Is my hjir siker wiet en smoarch genôch. Wolle jo dy tippe efkes beethâlde?’ Wurktugelik foldie 'k oan dat forlangen en nou kaem ik to witten dat dy stien likernôch seis jellen yn de rounte wie. Alle wurden dy't in yn it wurd fallen poëet mar bitinke kin, sa as: deales, misrabel, sijocht, heislik, muoilik, freeslik, fleagen my yntusken yn ien amerij fan de lippen, mar mei de koelbloedichheit fan in stoïsyn foroare B. der net fan, om't him tochte, sokke dichtstikken hiene folle fan de fiters yn 't lân: se namen in bulte plak wei en wiene nearne goed foar; hoe minder dus hoe better. ‘Hoe iepenhertich, hèn? En hoe wier!’ soe 'k sizze, mar dit lit my myn eigenleafde net ta. Mar lit nou de iepenhertichheit romje hwa't wol, ik hâld it mei de komplimenten en de tankjes. Dat moedicht in jonge dichter oan, sadat er de wjukken al wider en wider útspraet, om mei Ikarus boppe de wolken to kommen. Falt er... wolnou, de wierokers keare de holle om en sizze dat se soks wol tocht hiene. Dat it hunnebed-bisykjen sa nuverich eindigje soe hie 'k | |
[pagina 132]
| |
net dreamd, mar it wie net oars, ik wie de tried bjuster en doarst boppedien om in nije fornedering foar to kommen doch net wer bigjinne. Dêrom forlieten wy, mei de winsk dat gjin jildsucht of eigenbaet se slope mochte, dizze bilangrike oerbliuwsels út de grize âldheit en trapen wy Rolde mei syn âlderwetske wetterputten en nederige huzen wer yn. By ien hûs. hwer't ik de lytse skildere gleskes jit yn leaden roedtsjes sitten seach, tochte my koe men de wurden ‘Achter onze grote ruiten, ensfh.’ wol omsette en sizze: Achter deze kleine ruiten
Heerst zo veel gebrek en nood,
Die men buiten weet te sluiten
Achter glazen voeten groot.
Mar doe't wy dêr foar de doar in wein mei ‘stoeten’ laden seagen, om nei de merke to Assen fierd to wurden, krige dat ding hwat better oansjen. Flinker as wy der wei reizge wiene stoepen wy nou de haedpleats fan Drinte wer yn, biseagen it wurk- of earmhûs hwer't de lju, leau ik, net to kleijen hawwe, it stêdshûs, it rjochtshôf, de tsjerke, de latynske skoalle, en founen it iene al knapper as 't oare, namen ôfskie fan ús freonen en gongen dêrmei wer nei ús hospes. To oardielen nei de strykstôk dy't wy mei mear oare ynstruminten yn de jachtweide op de tafel lizzen seagen, sil it muzyk dêr de jouns wol moai west ha, om dy wie simpele kreas mei parlemoer en goudtried ôfmakke. Wy lieten ynspanne en nei in bihandeling dy't alle rekommandaesje fortsjinnet winske de kastlein ús goereis. Sa rôllen wy wer út Assen, dat freonlike stedtsje mei syn bosken, blommen en pleinen. Oangenaem as dyn oansjen is, wiene de eagenblikken dêr fan ús sliten. Nocht en wille, frede en lok, moat mei wolfeart, bloei en tier (sil 't nei ús winsk gean) dy jimmer taparte wurde! Nei safolle freugde dêr smakke to habben, makket it tobinnenbringen dêrfan ús froalik. En wurdt ús winsk om jitris wer yn dyn midden to wêzen forfold, dan sil dyn selde gastfrije freonlikens ús wol op 'e nij de soargen fan 't herte tille. Assen, oangenaem Assen, farwol! | |
[pagina 133]
| |
Wy jagen nou de strjitwei wer del, om oer de Smilde op de wei nei Feanhuzen to kommen. By in tolhek, hwer't wy troch rieden, naem men ús yn pleats fan acht sinten, sa as wy 't op ús Ljouwerter strjitwei wend binne, mar in stûr ôf; 't liket dus dat dêr de sloai ek al yn komt. Omdat elk graech it minste jaen wol, wie ús dit fansels tige goed, mar wy binne oars gjin freonen fan sloaijerij, omt it bringt mannichien yn forfal en earmoed. ‘Mar it giet langer sa: dêr't ien wêze moat, binne faek tsien’, sei baes, en hy jage de protters út de hage. By in draeibrêge swaeiden wy op en kamen wy op wegen, sa yslike min, dat ik hast net twivele of wy soene oer de side reitsje. ‘Donkere wegen’, deklamearre ik, ‘waar ik ook staar’. ‘Ik bid jo, och meitsje gjin great misbaer!’ rymde B. dêr op. Lykwol yn tûzen eangsten fan om to wippen en yn in wide sleat to lânne to kommen, tochte ik wol ris om der mar út to gean, en B. foar altyd it bêste to winskjen. Mar né! Mei oerliz en forstân hâldden myn freon en 't hynzer foarsichtich op it midden fan de wei alles yn evenwicht, en nei in pear ûre riden seagen wy troch in dizenige wiette, dy't it ierdryk yn in nevel klaeide, de muorren fan it earste gesticht fan Feanhuzen. Dêrmei krigen wy oer de heide better paed, alhoewol't de karre oan de tuollen ta troch 't wetter brûsde. Njonken dit foarste mei grêften omjowne en fan in binei oard'heal tûzen minsken biwenne gebou kommende hiene wy in oandwaenlik gesicht. Twa berntsjes - en yn dit hûs binne it meast bern - wiene bûtendoar oan 't boartsjen; ûnforwachts komt der jit in lyts jonkje skriemende om in hoeke fan in doar wei, licht hie 't fallen of in oar ongelok hawn. Pas wurdt it fan de beide earste opmurken, of hja rinne it treastfol en meilijend tomjitte. Ien fan har, just in âld belle yn de hân habbende, wisket it dêrmei de trientsjes fan de wangen; forfolgens namen se him hân oan hân tusken har yn en forgeaten ringen mei har trijen alle leed en soarch fan 't libben. Mochten de minsken sa mear wêze en klear stean om mekoarren to treasten, to helpen en de triennen ôf to druijen, it libben soe faek safolle bitters net opleverje as nou, nou't de lene syn dwaen of sizzen de oare soms de triennen út 'e eagen parset, en de hurdfochtichheit net fielt, hoe't mannich troch hertsear en fortriet weikwinend | |
[pagina 134]
| |
herte mei in bytsje bilangeleaze help wer oplibje en nije fleur en libbenstier krije soe. Dizze berntsjes, yn it forbliuw fan earmoed ûntbleat fan heitesoarch en memmeleafde, makken yn har onskuld mannichien biskamme. Tusken it twadde en it earste gesticht fynt men de tsjerke der kolonisten, in nederich gebou, goed oerienkomstich it wyt, dêr't hja ta pleatse is. It twadde gesticht wurdt mear biwenne fan greate minsken, hwerfan de iene binnen- en de oaren bûten-kolonisten neamd wurde. Binnenkolonisten binne hja, hwaens útgong út 'e hûs nei binnen op it plein is, en de oaren hwaens foardoar oan 'e bûtenside is. De binnensten binne meastal minsken, dy't yn de maetskippij gjin stek hâlde woene, in soartsje by hwa't SalzmannGa naar eind32 syn idéen foar ‘De himel op ierde’ net opdwaen soe. Mar de bûtenste binne foar in great part amtners, opsichters, gepensionearde soldaten, ensfh. Wy seagen hjir kûpers en smidden flink en handich arbeidzjen, en de manlju mei har touwen petten op liken jit al libbenslust to habben, towyl't de blommen en frjemde gewassen, dy't men hjir en dêr foar de sindlike glêzen seach, it al in freonlik oansjen joech. Wy jagen mei safolle haest as de suterige wei dit taliet, mei it hynzer danich nei in harbarge forlangjende, fierder. Ik leau, dat as wy alle trije sjonge kinnen hiene, nei sa'n lang ein riden op ougryslik minne wegen, it earste dat wy ophellen wêze sillen hie: Hoog omhoog en mijn keel is droog.
Doch nou swigen wy geduldich, om't wy seagen dat wy it hûs fan ús bistimming - hwerút mei great gestamp in swarte reekwolk omheech fleach - al neijer en neijer kamen. En jawol, einliks, lang om let, seach B. fuort by it greate gebou, foar in jierrich hûs, mei in greate skuorre der efter, in hynstekrêbbe stean en omdat der oars gjin úthingboard wie hâldden wy dit iennichste foar in teken dat men der harbarge. ‘Is dit in harbarch?’ frege myn freon oan in man mei in touwen pet op, dy't dêr by de efterdoar stoe. ‘Jawel mijnheer!’ sei de man op tige démoedige toan. ‘Hearre jo 't?’ lústere ik B. yn 't ear, ‘wy binne hjir yn de | |
[pagina 135]
| |
rjochte hoeke’. Mei hâldden wy stil en koene wy op ús plak komme, dat ek hege tiid waerd, omdat wy ('t is net sûnder forgreating sprutsen) hast oan 'e ankels ta yn 't wetter sieten; it like wol dat it wetter fan 'e kape en it skoatkleed der beide yn ôfroun. En as men ienkear jit in priisfraech útskriuwt, hoe bêst fan in sjeas in reinwettersbak to meitsjen (in ding by 't simmer foar de froulju fan bilang), dan kin uzes wolris oanlieding ta in bikroaning-wurdich andert jaen. Dy man like ús miening wol to bigripen, dat wy nammentlik dêr hwat winsken to bliuwen. Hy sloech dalik hannen oan 't wurk om út to spannen en wylst B. en hy dêr mei skrepten, trape ik, tinkende dat de hospes of syn wiif komme soene om nei't men it oeral sahwat wend is in praetsje to meitsjen, dêr hwat om. Mar lak! alles bleau stil en allike ticht as Noachs arke, bihalve de efterdoar; dêr rekke ús hynzer yn, op in waerme stâl mei in krêbbe fol bêste klaver. It hynzer wie dus gauwer forsoarge as wy (mocht de wiere fortsjinste altyd mar sa'n gunstich lot barre!). Mar doe't de man dy't ús holp sei: ‘Ga maar in huis, mijnheer’, woe ik dy rie mar opfolgje en draeide, yn it tinkbyld dat in âld en jichtich kastleinske my yn har nederige went mei in liemen flier wolkom hjitte soe, de foardoar iepen. Mar o hea! hwat hie 'k hjir al wer tige forkearde rekkening makke. It hûs hie in bulte fan dy minsken, hwaens greathertichheit stees mei it kleed fan nederigens omhinge wurdt; sokke lju binne yn 't boargerlike libben al folle lêstich foar inoar en yn 't godstsjinstige gefaerlik foar harsels. Yn pleats fan samar yn de keamer to gean, kaem ik earst yn 'e mei kunstige matten bileine sulverskjinne gong. In eintsje der yn opkommende seach ik oan myn lofterside in moai keammerke mei fine stuollen en oar deftich húsrie. Ik seach, om Yntsje Jans'Ga naar eind33 sizwize to brûken, oer myn rjochterskouder nei it... de oare kant út, en dêr blonk my in glêdde kachel, greate spegel, skilderijen en oar moai guod tomjitte. Ik tocht: to dinder, dat is hjir lang gjin Noarger ‘Hoorenblazer’ (in loazjemint, yn de merke fan dat doarp wiidforneamd), dat liket gjin smeldoek. Wacht, hjir is jit in doar; dêr efter sille faek minsken en sille ek wol hwat nederiger saken wêze, dêr is fêst de jachtweide. Mar alwer mis: dêr wie it jitte moaijer as yn | |
[pagina 136]
| |
de beide foarkeamers. Op de kleurde tapiten dy't hjir oer de flier leine stoe in mahoanjehouten sekretaire, hwerop allyk folle hwat to pronk stoe, fierders in greate tafel en nijmoadrige stuollen. It wie net oars - ik tochte, dat is siker it paleis fan 'e tovergoadin; hwa soe oars safolle moais yn de koloanje ha? Ik gong - omdat ik gjin minske fornaem, as hie 'k yn 'e swarte spegel sjoen - allike gau tobek wer nei bûten ta as ik der ynkomd wie. ‘Wol freon!’ sei ik tsjin B., dy't nou by it hynzer wei kaem, ‘dat is hjir lang net in drintske boel. Folgje my mar, jo sille nuverich opsjen’. Ik draeide dryst de doar wer iepen en soe de gong yn, mar greater skrik kriget gjin jongfaem, as se op sinteklaesmoarn in strieman op it hûs sjocht, as ik, doe't ik yn de sydkeamer gjin âlde kastleinske, gjin tsjoengoadin, mar in tsjeppe jonge juffrou stean seach. ‘Juffrou’, sei ik, net sûnder myn iene helte fan ‘tegenwoordigheid’ fan geast to forliezen, ‘juffer rekwesteerGa naar eind34, ik dacht dat hier ene herberg was’. ‘Jawel mijnheer’, wie it freonlik en bileefde andert, ‘dat is het ook, gelief maar binnen te komen’. Nei't wy ús jassen yn de gong ophinge hiene, gongen wy yn it aerdige keammerke en it earste hwat ik seach wie in gesicht op de harbarch ‘Kraantjelek’, dúdlik op in skilderij ôfprinte, en de jonges dy't dêrop fleurich ‘Piet gaat hoger als Jan’ boarten liken frijer as wy hjir, mei ús wiete klean oan. Wy wiene nou wol hearen mar trillen lykwols fan kjeld en hiene leaver in goed fjûr yn de kachel sjoen as de rûker fan dahlia's der op. Wy gongen sitten en forsochten de juffer - hoewol't wy gjin tapkast seagen - ús mar brandewyn to bringen. Mar dit wie dêr al wer de planke mis, hwant brandewyn, sei se, hiene se net to keap, mar wol madeira, rum, punch, persiko en al sokke likeuren mear. Dêr lieten wy ús nou fan bringe, dit wie ek mear oerienkomstich ús titel. Jenever en brandewyn is langer sa alledeisk, sa boersk; jan en alleman drinkt it. Wy hiene de fine romers gau leech en nou fregen wy de jongfaem oft men de steammasjine dêrnêst maklik komme koe to bisjen, en doe't hja dit bifêstige en sei dat wy mar oan 'e foardoar hiene oan to draeijen wachten wy der ek gjin amerij mei. ‘Wille de here mij dan ieder maar acht stuivers betale’, | |
[pagina 137]
| |
sei de portier fan it gebou, doe't wy him ús langst om 'e spinnerij to bisjen to kennen jown hiene. ‘Alsjebleaft’, sei B., ‘mar as ik sechstjin foar beide jow, dat sil fêst ek wol kinne?’ ‘Ja’, wie 't andert, ‘dat zal wel op hetzelfde neerkomen’. Ik hie onderwilen myn aerdichheit oan de man, trochdat ik seach hoe lyk as de iene portier op de oare is. 't Binne meastal minsken dy't der goed útsjogge, alle dagen skeard wurde en boppedat al in goede mjitte ynbylding bisitte. In lege stoel hâldt har meastal selskip. Nou waerd in jongfaem fan har wurk roppen om ús, as wie it in waeksenbyldenspul, de eksplikaesje fan it wurktúch to jaen. Hja makke 't goed en bigoun fan ûnderen op (in wize fan dwaen, dy't men by 't bisunigjen fan 's lâns útgaven ek al op it each hat). Earst seagen wy hoe't katoen, rûch en rou yn greate balen oanfierd, yn in greate tsjettel of izeren tonne troppe waerd en dat wie in biter mei skerpe tosken, hwant helte finer as it deryn gongen wie kaem it der fansels wer út. Dan lei men dat katoen op in soarte fan mangel, hwer't in hiele bulte rêdden it fansels op greate rôllen brochten. Dizze rôllen tôge men nei boppen, en sette se dêr op hwa wit hoefolle wielen, dy't wol in bytsje op draeibanken liken, dy spounen dan fan eltse rôlle in stik of fiif triedden, elkmis wol in hân breed. Dizze triedden rôllen op greate pipen, dy pipen sette men wer op oare wielen, dy't dan fan eltse tried wer ytlike lytsere spounen. Fan dizze kamen se alwer op oare wielen, roune fan likernôch in pypstalle tsjok; dizze waerden sa al fuortgeande al finer en finer, en op it lêst sa fyn, dat it weefd wurde koe. En al dy wielen, rêdden, redtsjes, pipen en rôllen, al dy biweging en dat bidriuw gong ienfâldich troch wetter en fjûr. 't Fjûr moast stookt wurde, de manlju kroaden stadich oan ien wei turf nei de stookpleats, mar it wetter kaem der sa goed as fansels. Dêr hwer't de steamkrêft bigoan, wie in machtsjes great rêd, hwer't yn 'e midden in spille siet, dy't de hiele bringst yn rep en roer brochte. Doch al hoe fornuftich en kunstich as it wêze mochte, en ús in biwiis fan 's minsken skranderheit joech, ik leau dat wy der mear nocht oan hiene as dy oard'heal hondert manlju en froulju dy't dêr, jier út jier yn, altyd stean of sitte moatte to rôlle opsetten, to triedknoopjen en | |
[pagina 138]
| |
to hispeljen. En doch - al hoe great as it gedrûs ek wêze mochte - hearden wy nou en dan in sankje opheljen, mar dat dalik wer ophâldde. De arbeiders seagen der goed út en de froulju mei har sindelike wite boarstrokken en klompen oan hiene oer 't gehiel moaije gesoune kleuren. De opsjenners kaem my foar in eftertochtich folk to wêzen, en ja, as ik alles hwat wy hjir skreppen seagen by inoar nim, wie 't de droefgeastige side 't neist. Doe't wy dus de spinmasjine sawol as it gasfabryk bisjoen hiene, joegen wy ús liedster, in aerdich Amsterdamsk famke fan twa-en-tweintich jier, in bileanning foar har muoite. Bliid mei de jefte bitanke se hertlik en sei, dat se har jild byien gearre, om takomme jier soe se nei har bertestêd torêch keare. Och, dat se dan mar yn rjochte hannen komme mochte. ‘Wel, hoe is het de heren bevallen?’ frege de juffer, doe't wy wer yn 't weardshûs kamen op biskieden toan. ‘Dealske moai’, sei B. der sa mar ynienen hinne. Ik skamme my om syn lompichheit en sei: ‘Juffer, verriggesteer him; alderliefst, dat zal denk ik wat jild kost hewwe’. ‘Bij de zeventig duizend gulden’, sei har heit (dy't nou ek ynkaem) dêr op. Dit foel ús beide net ôf en ús tochte as 't net mear koste, wie 't wol aerdich dat men to Burgum en mear oare greate doarpen ek sokke spinderijen hie; as de froulju dan gjin kantsjes to haken en to knoopjen hiene, koene se op sa'n fabryk gean, dan koene se himdkes spinne yn pleats fan mansjetsjes om 'e hannen to turelueren. Wy kofjedronken nou jit mei dy minsken. En doe't it einliks oan 't biteljen ta kaem, founen wy dat wy foar in tsjeppe bitsjinning weinich hoefden to biteljen; mar dy man sei ek, hja hiene de harbarge net foar harsels om gewin, mar mear om in oar ûndertek to forskaffen. In bytsje foar ús hiene se de minister Thorbecke dêr hawn. ‘Hwa wit oft se ús der oars net foar hâlden hiene’, sei B. neijerhân. Foar it hynzer, dat nearne better plak foun hie, naem men neat, dêr moasten wy de feint mar hwat foar jaen. Dit founen wy bilangeleas en eal, en wy tochten dus dat dy feint in bjuster bêst steed en it danich nei 't sin habbe soe. Un- | |
[pagina 139]
| |
der it ynspannen frege ik him dêr nei. ‘Menheer’, sei de man mei djippe earnst, ‘menheer, al wie hier komt en aan een fatsoenlijk burgerlijk leven gewoon is, kan het hier onmogelijk uithouden. Och, als u die scharen bij tijden eens hoorde, u zou zich de hel kunnen verbeelden. Het wezen dier mensen op de fabriek wordt dierlijk; jaar uit jaar in, als de ijzeren machines zelf altijd hetzelfde doen, gaat de geest er uit. Door vlijt en goed gedrag heb ik het een beetje beter, maar wee de kolonie!’ Wy fregen him oft dy huzen dêr yn 't fjild wenten wiene foar sokken dy't danige bêst oppast hiene en nou mear in eigen bidriuw jown waerd. ‘Wel neen’, wie 't andert, ‘dat zijn wachthuizen, weet u; men beproeft wel eens te deserteren, en zo op avontuur de wijde wereld in te gaan, en deze weglopers hun voornemen te beletten dat is het, waarvoor de bewoners van die huizen te zorgen hebben’. Wy joegen de man in goed foantsje en winsken dat er skielk better hinnekommen fine mocht. ‘Dat geve God!’ sei er, bitanke freonlik en winske ús goereis. Wy jagen fuort sa hurd as wy koene, hwant siker, it wie ús yn dy hiele lânstreek, al hoe moai, regelmatich en knap as 't ek like, net nei 't sin. De yndruk fan 't ien en 't oar wie foar ús frijheit- en natûrminnend herte allesbihalven oangenaemGa naar eind35. Wy misten it skiene Assen, it ûnderskie wie to great en leaver wiene wy op it frije en romme fjild as midden dizze forbliuwen fan bikleijensweardige earmoed of... sonkene deugd. Nei in eintsje riden op oanleine wegen wie barre heide, nou jit troch de rein helte ûnsjogger, al gau wer it útsicht. Wy seagen huzen, minsken, dieren noch beammen, sadat wy yn de iensumheit aerdich oer itjinge wy sjoen hiene prate koene. ‘Lytsgeastige habsucht en eigenbilang, fan har dy't oerfloed bisitte, bifoardert wis de earmoed’, sei ik. Gearjen en gjirrich wêzen skilt in ein fan ûnnut trochbringen en forslampampjen, mar hjirtusken leit in gouden middenwei, dy't to faek foarby roan wurdt. Hoe folle dy't skatten bisitte, soargje der tsjin oan om in earme bodder in goed deihier fortsjinje to litten, ja, skamje har net om, as hja kâns sjogge, him hjir of dêr jitte hwat ôf to knipen. | |
[pagina 140]
| |
Earder sjogge se de minske fan gebrek swak wurden, of ta forbeane dingen oergean, as dat hja har kostlik jild oandwaen sille, om fortsjinje to litten en ryklik to leanjen. It oangename fan 't woldwaen, troch it bifoarderjen fan flyt en niverheit, is har onbikend, hwaens heechste nocht bistiet om de klinkende jildheap, hweroan de liskâlde siel mei in heime krêft forboun is, fan dei ta dei to forgreatsjen. Hwat lok bringt sokke minsken it jild en it jild troch sokke minsken oan de wrâld? Sawntich of tachtich jier mei men der mei boartsje, lykas de bern mei de knikkerts, mits oppassende dat alles yn 'e pot bliuwt, dan hâldt it op. En skielk sil men yn de grêven de rike en om syn jild earde frek net fan syn troch hertsear en kommer weitarde broer ûnderskiede kinne. Dan hat in nij geslachte, in nije team bare blide erfgenamen op 'e nij wille fan it soarchfâldich, soms oneal byinoar hâlden jild. En binne dizze dan as har foargonger, dan giet it letter alwer yn nijere hannen. En sa kin in kaptael in hiele famylje troch in skat wêze, yn de ierde bidobbe, dy't gjin frucht fuortbringt, of rinte dy't yn der ivichheit fuortduorret. Seagen folle riken it nietige en 't idele fan 't onnutte wrotten en slaevjen mear yn, hja soene leaver, as de sinne ljocht en waermte, frede en wolfeart yn 't roun spriede, mear fortsjinje litte, better leanje en oer dizze en jinge lytsichheit hinne stappe. Dan kaem der mear fleur en tier, minder earmoed en fan stellen en roven soe selden heard wurde. Hoe fiks soe 't wêze as foarname lju de hannen ynien sloegen en lit de faek om wurk forlegene minske Drinte's greate heidefjilden ta lân meitsje. It soe lân en folk mear heil oanbringe as dat men de greate heap - hast as yn pakhuzen - opslút, omdat men der oars mei forlegen is. Mar lit ús net to folle fan ús en op in oar sjen en lessen jaen of paden wize, foardat wy ússels skjin wosken of suvere ha fan it kwea dat wy yn ús bimerke. Lit ús sels it eigenbilang mear op de eftergroun stelle en jimmer klear wêze hwer't wy kinne, sa graech en sa gau in oar to helpen as ússels, en dat sûnder ûnderskie fan persoan, hwant ûnder de pels fan in earme slacht faek tankberder hert as ûnder de mei ridderoarders binaeide rok fan in steatsman. Lit ús mei leafde en lust de minske minne, tsjinje en earder yn need en leed om de ús omjaende lijers tinke as om ússels. | |
[pagina 141]
| |
‘O!’ rôp ik, net sûnder geastfjûr, ‘ik fiel dat dit ús in jimmer treastende balsem wêze kin op 'e smertlike wounen dy't it bittere libbenslot ús tabringt. En ik fiel ek dat wy dit kinne. Forûnderstel: wy binne hjir nou togearre by de oanfang fan in yslik great heidefjild, hwer't gjin hûs, gjin beam, gjin minske sjoen wurdt, en ik doar sizze, kaem ús hjir in ongelok oer, ik soe, ja, foar mysels soargje, mei de greatme fan siel, dy't jo fan my forwachtsje kinne, mar ek mei safolle dielnimming yn jou lot, dat ik gauwer om jo bitocht wêze soe as om mysels, ja...’ ‘Hoe is 't mei de linsGa naar eind36 dy't oan jou side foar it tsjil sit?’ frege B. Ik seach bûten de karre en sei: ‘Jit goed, hoe is 't mei jouwes?’ ‘Ik sjoch har net’, wie 't andert, ‘wacht, ik sil der efkes út gean’. Dat die myn selskip, mar - frjemder seach gjin generael op to Parys, doe't by de bikende coup d'état fan Napoleon III har op iens it heft út 'e hannen nomd waerd, as B. doe't er foar it tsjil stoe. Jonge, it sil my nea forjitte! ‘Dêr ha wy 't al’, sei er, ‘dy hiele bl ...mse boel der foarwei’. ‘O fredel frede!’ gûlde ik, ‘hoe sil ik my nou rêdde en wer thús komme!’ ‘Ei’, foege B. my ta, ‘hwat ha jo in misbaer, wy binne fuort net dea, en ik miende dat jo mei greatme fan siel earder om of foar my bisoarge wêze soene as foar josels’. ‘Ja’, sei ik, ‘mar, mar, hjir wie 'k net op biret’. Dan moast ik der my mar op biriede, tochte B., en út 'e karre weikomme en foar 't hynzer stean gean, dan soe hy de dyk út om to sjen oft er it spul wer fine koe. ‘Mar sjoch sa sûr mar net’, liet er der op folgje, ‘'t is oars al mistich genôch’. Nou kroep ik - al reinde it ek as de sé en waeide it dat it rûsde - dêr oer dat neakene fjild nei bûten. Myn freon hjitte my it tek út 'e sjeas to krijen. Dat die 'k en slingere it my sûnder praetsje om de lea. ‘Nou jitte briker!’ rôp B. laitsjende wei, ‘sa miende ik it net. Liz dat tek it hynzer oer de lea en gean der sels foar stean om it beet to hâlden, wylst ik de dyk út gean!’ Myn freon fluite en ik suchte: | |
[pagina 142]
| |
Als iemand verre reizen doet,
Dan kan hij wat verhalen.
Mar wie ik mar stil to Burgum bleaun,
Dan stie ik hjir net to malen.
Mar it duorre net lang, of dêr kaem myn freon wer foar de wyn ôf waeijen. ‘'t is foun, 't is foun!’ rôp er, en swaeide mei de earm yn 'e loft. ‘Ja’, sei ik, doe't er oan my ta wie, ‘dat rôp Archimedes ek ris en koart dêrnei wie er dea’. Ik koe B. gjin ongelyk jaen dat er dizze forgeliking foar tige ongepast hâlde, wy hiene ommers alle reden om bliid to wêzen. Mar ik bin 't allinne net, dy't ontankber, ek by segen en foarspoed klaechliederen sjongt of swiermoedige opmerkingen en bitingsten makket. De lins kaem wer foar 't tsjil, wy wer to plak, en dêrmei gong it: foarút mar! De heide op en de heide oer,
't Is allegearre heide.
Men fynt der just gjin blommen op,
Mar fikse skieppeweide.
‘Hwat tinkt jo der fan, Petrarca?’ frege B., dy't dizze prozayske poëzy ex tempore opdreunde. ‘Opperbêst, Gysbert-om’, wie myn andert, ‘it wie to winskjen dat jo jo mear op de dichtkunst taleine, de konkurrinsje wurdt hast, ek dêr yn, to great; mar o! it is oars sa'n hearlike wittenskip, neat makket it swiet fan it libben swieter en jowt ús yn 't ûnk better moed en libbenslust as it útstoarten fan syn herts oandwaningen yn forhevene melody: Al is uw rots met nacht omtogen,
Al zinkt uw voet op doornen neer,
Al maakt de bliksem keer op keer,
Een afgrond zichtbaar voor uw ogen...
‘Ja’,, foel myn stalke der op yn: Al is de lins van 't wiel gevlogen,
| |
[pagina 143]
| |
dan jit habbe se moed en sjongerslust, mar leau my, al lizze hja by 't winter ek in talhout op in froalik baernend skimerjounsfjurke en roppe se dêrby út: ‘Dat nooit! dan liever de lont in het kruit’, och dêrom binne it jit lang gjin Van Speyken: Greate lju op wite blêdden,
Fjochtersbazen op 't pompier,
Dogge hja, by bange tiden,
As de need komt, faek gjin sier.
'k Woe myn freone tael werlizze,
Mar hy sei: ‘Ik win it fier!
'k Koe 't sa daelk fan jo jit leare,
De ûnderfining makke 't wier.
De ûnderfining makke 't wier.’
| |
Oer de heide, Duerswâlde en Beetstersweach nei BurgumOer hichten en lichten, frijhwat hobbelich, lykas ús stoere libbenswei wol mear rint, gong it mei ús oer it heidefjild hwerfan it ein net to sjen wie. Heide! och, hoe faek komt dat wurd net yn dizze reis foar, en doch, hoe sil 't oars? Heide is heide en bliuwt heide, salang as de minsken it jild leaver op in bult hâlde en tsjin swiere rinte útsette as dat se iendrachtich mei mekoarren dy greate wyldernissen ta sok fruchtber lân meitsje litte lykas op de Burgerheide to finen is. Mar dêrom net, alles moat syn tiid ha. Licht dat men yn letter dagen mear op Drinte opmerksum wurdt en troch dêr kanalen to graven de tafier en trochfier fan alles makliker makket. Fynt men dêr al gjin Californië, 't kin en sil in fruchtbere oarde wurde, hwer't yn pleats fan in skieppekudde, kij yn fette klaver weidzje en hynzers it nôtripe sied nei hûs lûke, wylst hûnderden fan minsken fleurich libje, hwer't nou pas in minske sjoen wurdt. 't Moat fansels folle muoite kostje en licht dat it oanwêzige slachte dêr de fruchten net fan rispet. Mar ek dan jit, as it de neiteam heilsum wie, wie it neat mear as ôfbiteljen fan âlde skulden; ús foarfaers habbe ommers folle mear foar ús dien. Mar it leit net op myn wei om hjir yn fromme winsken to forfolgjen; by de tanimmende forljochting en biskaving kin 't net misse of alles sil wol yn | |
[pagina 144]
| |
'e heak komme, en ús joech dy oneachlike heide swiete nocht. ‘Hea’, sei B., ‘it soe wol aerdich wêze as wy togearre op sa'n wyldernisse wennen en elk in fikse kudde skiep hiene en dy deis mei de skeppe yn 'e hân, heuveltsjes op en del, weiden; dan koene jo Damon wêze en ik Pithias’.Ga naar eind37 ‘Jonge jal’ sei ik, ‘en dan moasten wy elk in hutte habbe fan roazen en kamperfoelje, mar boppe-al elk in Chloë dy't ús moarns wekker song. Mar fan Damon en Pithias sprutsen, der komt my it folgjende fers yn 't sin, dat ik sahwat frij út it Dútsk oerbrocht ha: ‘Hwa hat de greatste skat op 't ierdske roun,
En siz, hwer earne wurdt er foun?’
Sa frege, as men it leauwe mei,
Yn Grikelân ris Damon yn de tsjerke
Fan Delphos oan Apollo, en dy sei:
‘Dousels, koest dat jit net bimerke?
O, leau my, Damon, foar dyn doar,
Dêr fynst him wis en stellich foar’.
Hoe flink rint Damon nou; hy twivelet lykwol,
En tochte jit, 't is ek mar gekheit mei Apol.
Mar oan der Godheits tael wie nea nin stekje los.
Sa komt er foar syn hûs, dêr fynt er Pithias.
‘Myn stalke!’ rôp er him tomjitte,
‘In skat, de greatste skat ha wy,
Hjir, yn 'e groun, kom, graef mei my!
En d'iene helte is dan foar dy’.
Hja nimme 't ark, hja dolle en litte
It wurk sels yn 'e nacht net sitte.
Mar hoe 't men rêstleas skrept en docht,
Der komt mar hiel gjin skat foar 't ljocht.
Op 't lêst smiet Damon mei in laits de lodde 'er hinne.
‘Ho!’ rôp er, ‘bin ik net in gek?
Freon, staekje dou it graven ek!
Wy, dy't troch deugd sa lokkich binne,
Myn dielgenoat yn freugde en smert,
O, Pithias, kom oan myn hert!
Mei dy foriend troch 't sillichst lot,
Forstean ik skoan de spreuk fan Delphos' god:
In trou biproeve freon, dat is de greatste skat!’
| |
[pagina 145]
| |
‘Knap sein fan Damon’, sei B., ‘mar om der wer op torêch to kommen, as wy dan op sa'n wiid fjild wennen, hwerop wy deis as herders rounpanderen, om jouns wer nei ús hutte torêch to kearen, en as dan ús herderinne ûnder it skaed fan in linebeam of ûnder in stoepe it jounmiel klear hie, towyl in heal dozyn lytse herders en herderintsjes as cherubyntsjes ús tomjitte wjukkelen, dat soe in aerdich aertsfaderlik libben wêze, hen?’ ‘Ja!’ sei ik, weisleept troch safolle poëzy, ‘dat wie stellich in hearlik Arcadië; kostlik moast it libben der dan hinne rôlje yn de skoane hearlike natûr; frij fan soargen en kommer, net birabbe troch oaremans niid’. ‘Né’, foel B. dêrop yn, ‘allike min as bifeilige foar de heilstiennen, dy't my tsjintwurdich mar ynienen to folle yn 't oansicht fijogge. Blikstien! span de paraplu út, dan binne wy klear; it hynzer kin net út it spoar weikomme’. ‘Asjebleaft!’ sei ik, en dêrmei wie de reinskerm útspand foar de karrekape en sieten wy yn 't tsjuster as twa douwen op 'e matte. ‘Wol ik jo nou ris hwat sizze?’ lústere B. my ta. ‘Mar it moat tusken ús bliuwe; 't is in nuverich geheim, mar omdat nimmen ús hjir hearre - en nou ek net sjen - kin, doar ik it sizze. Ik haw lêsten oan 't rimen west en sil jo myn wurk opdisse’. ‘Utmuntend!’ foege ik him ta, ‘mar as jo mei de hannen slaen wolle sil ik myn sigaer út de mûle lizze, wy mochten oars ris brân krije en dat wie net aerdich, foaral yn sa'n tsjusternis as wy nou forkeare’. Mar né, myn maet hâldde de hannen oan de leije en bigoun: Voorjaarsmorgen-mijmering
Niet slechts om ijdle vreugd te rapen,
Hier waar de wieg vaak grenst aan het graf
Heeft God alleen de mens geschapen,
Was 't dat Hij mij het aanzijn gaf.
Maar om de wondren Zijner werken,
Zo onnaspeurlijk groot en schoon,
In 't gans heelal steeds op te merken,
Gaf Hij alleen ons d' aard ter woon.
| |
[pagina 146]
| |
En wie denkt niet aan hoger Wezen,
Wanneer de zon met majesteit,
Des morgens uit de nacht verrezen,
Haar glanzend licht in 't rond verspreidt?
Wanneer haar koesterende stralen
Met stille majesteit en pracht,
In 't blijde voorjaar nederdalen,
En de aarde voedsel geeft en kracht.
Dan spruit het zaad, in de aard verborgen,
Of rijpt de vrucht naar 's landsmans wens.
't Juicht al in 't rond, en elke morgen
Aanschouwt, aanbidt en dankt de mens.
'k Hoor hoe daarginds het eendje snappert,
Dat rustloos zwemmend heen en weer,
(Gelijk de vis in 't beekje) klappert,
Pluist, wast en reinigt wiek en veer.
Zie 't zachte lammetje in de weide
Springt naast de moeder in het gras.
En paard en koe, het lijkt hun beide
Zo ruim of 't alles 't hunne was.
Het vooglenheir, 't gebrek ontkomen,
Zingt, fluit en fladdert om mij heen;
Of zoekt, om in het groen der bomen
Een nest te bouwen, mos bijeen.
Ja, 't ademt alles vreugde en leven;
Elk rept zich, zoekt en vindt het brood.
En ik, door dankbaarheid gedreven,
Zeg: ‘God, wat zijt Gij goed en groot!’
'k Zie bloempjes schoon van kleur, maar teder,
Zo rijk door Flora's hand bedeeld;
Zij wieglen zachtjes heen en weder,
Door 't morgenwindje zoet gestreeld.
Wellicht wordt straks één neergebogen
Der stengeltjes, zo broos, zo teer;
En dan, daar eenmaal aan onttogen,
Vindt het in de aarde een rustplaats weer.
| |
[pagina 147]
| |
Hoe menig bloem, die 'k in mijn leven
Zo trots in schoonheid bloeien zag,
Moest dikwijls, eer de nacht kwam, sneven.
Het leven duurt nauw enen dag.
Hoe menigeen, die heden rustig
Nog stond gelijk een eik in 't woud,
Verdween ... verdween...
‘Nou bin 'k der ôf! “verdween” ... 't is oars jit lang net út’. ‘Lit ús dan mar rekkenje dat it út is’, sei ik. ‘Sjogge jo! de bui “verdween” ek’. Mei striek ik de paraplu wer yn en bitanke B. foar syn fers, dat my net forfeeld hie. Wylst wy sa yn 't tsjuster sitten hiene hie ús hynzer op goed gelok it paed socht, mar allyk as Tomke op it ljocht roan it guodlik dier op it earste hûs oan dat it stean seach. Yn in goed gelove dat it 't rjochte paed wêze soe lieten wy ús ride, ta ticht oan dat hûs ta. Mar nou hearden wy dat dit de smelle wei wie, dy't ta forderve roun. Wy moasten hurd werom, dwars de oare kant út, mar hoe? Falt it yn 't seedlike muoilik fan 't dwaelspoar ta de rjochte wei torêch to kearen, dat gong foar ús yn it natûrlike ek biswierlik, hwant lykas ik sei wie dy wei smel en it spoar mear as in foet djip. Wy gongen beide út 'e karre wei, en mei Simsons krêften tilde myn selskip de hiele karre fan 'e groun, towile ik tuike, tuike moai! it hynzer yn 't rounte laette. ‘It doel heilicht de middels’, sei ik tsjin 't hynzer. It spul kaem wer rjocht foar inoar, wy wer to plak en dêrmei wie alles richtich. ‘Dat rimen, dat rimen!’ suchte B., ‘bringt al in bulte jonge minsken fan 't spoar’. Dy't de skoech past, tsjocht him oan. Dizze like wol foar my makke to wêzen. Nou, hy slútte goed. It wie doch troch my kaem, dat B. it weage hie de liere to bispyljen. Ut syn aerd is myn freon der lang net oan ta, om in dichtbundel yn 't ljocht to jaen, of de ‘Aurora’ of ‘Vergeet mij niet’Ga naar eind38 mei syn bydragen to forrykjen. Sûnder fierdere tsjinstribbelingen kamen wy einlings, troch lânnen en loantsjes, lâns diken en heide, wer to Duerswâlde. ‘Goendeil’ sei de kastleinske allike freonlik as juster, doe't wy wer foar 'e doar stil hâldden. ‘Kom, binne jimme der al | |
[pagina 148]
| |
wer?’ ‘Binne jimme der al wer?!’ tocht ik. Us mynhearskip is wer forflein. 't Is hjir doch lang gjin Drinte, hwer't men, sa't it liket, better op 'e hichte fan 'e tiid is: Kom yn Hollân, kom yn Drinte,
Reizgje hiel ús lân yn 't roun,
Oeral wurdt de earetitel
Fan ‘mynhear’ dy licht wol jown.
Mar yn Fryslân, och yn Fryslân
Fij, o fij! hoe kin 't der lâns?
Wês dêr hearskip sûnder duiten
Fan de firma Skriele Hâns,
Ringen sil dyn greatme wykje,
Likest oars al folle mânsk.
Hjir, hjir sjocht me op greater wearde,
Net op glëd fernis en glâns.
Lykwol, ik liet my tsjin de kastleinske neat merke. ‘Ja!’ rôpen wy beide en stapten út 'e karre wei. Myn freon loek it hynzer in bytsje foarút, sadat it hast mei de kop yn 't foarhûs kaem. ‘Hearink!’ sei ik, ‘jo meitsje it sloof op sa'n wize de nearring staf’. Mar hja lake ris en tochte dat soe sa lang net duorje. Fierder bitsjutte hja ús it paed nei de Sweach en koart dêrop wiene wy alwer op 'e heide. Underwilen klearre de loft ôf; de sinne briek troch en it waerd ien fan de moaiste jounen dy't wy yn augustus hawn habbe. En doe't wy nei in reedtsje oer freeslik sânnige wegen op 'e Sweach oankamen hiene wy beide bare folle nocht om ris to kuijerjen. It hynzer waerd dus flink yn de harbarge ‘De trije Pylders’ op 'e stâl set. Wy namen in bittertsje en neidat B. syn saken forrjochte hie biskôgen wy dit simpele moaije doarp mei syn deftige huzen en sierlike bûtenpleatsen. Mar neat hage ús mear as dy moai oanleine tún fan Lyndenstein. Hjir gongen wy ek yn 'e iiskelder, dy't ik forgelike mei de catacomben fan Parys. B. sei, ik wie net botte lokkich yn 't forgelykjen. Nou dat is 't selde, it wie der dan mâlle tsjuster ûnder de groun, mar dy kelder wie doe tige droech en de túnman mei der winters blommen, sieden of sahwat ha, iis leau ik net dat der mear yn hâlden wurdt. Doe't wy de trekkasten mei de | |
[pagina 149]
| |
sierlike kaktussen, aloë's en oare frjemde gewassen bisjoen hiene gongen wy wol foldien nei ús harbarge torêch. Mei as wy dêr sieten kaem der in wonderlik rydtúch foar 'e doar. It wie in lyts leech karke, op lege tsjillen, suterich yn de grounferve en it waerd lutsen fan in hynzer ek net de greatste soarte. It hâldde stil en der kaem in man ôf wippen mei in greate roune wite hoed op, in wite jas en in ljochte broek oan, sadat hy troch al dy wite kleuren wol op to merken wie. Ek dat hynzer rekke op 'e stâl; sadwaende kaem dy man by ús yn 'e jachtweide. Syn blinkende gouden oerhimdspjeld en greate gouden ring om 'e finger, alles joech him in foarnaem oansjen. Hy groete bileefd by 't ynkommen en wy diene dito fan dito werom. Nei't dy hear hwat by ús sitten hie rekken wy mei mekoarren oan 't praten. Doe't hy wiste hwer't wy wei wiene frege er ús nei dizze en jinge fan de doarpsnoaten, sadwaende krigen wy it tige drok. Ik sei, my tochte dat mynhear al hwat in frjemd rydtúch ried. ‘Ja’, sei er, ‘daar heb je gelijk in. U moet weten, ik heb nu in veertig jaren al drie zadels doorgereden. Ik zei, jonge, gij zult het gemakkelijker hebben. Nu heb ik mij zulk een karretje laten maken, met een bakje waarin ik klisteerspuit, aderlatersgereedschap, kies- en tandtrekker enz., heb. Kom ik er nu aanrijden, dan roepen de kinders in de verte al: “Mem, mem! fordomd, dêr komt de dokter oan!” Vreemd moet het wezen, dat is waarachtig waar’. Us tochte ek, dêr hie mynhear gelyk yn. B. frege oft er geneeshear wie. ‘Ja’, wie 't andert, ‘U ook?’ ‘Soms rint it der al om, mar dan allinne foar 't plantenryk; as beamkweker, moatte jo witte’, sei B. ‘Ha, ha, ha!’ lake dokter. ‘Dus professor in de botanie. Dat heb ik liever als dat gij dominee waart, want ik vrees dat ik dan een les zou ontvangen hebben. Want wilt U wel geloven - ik ben een christen - dat ik maar weinig ter kerk ga? Wat is uw geloof?’ B. wist net hwat er dêr sa gau op sizze soe; ik foege der dus mar tusken, dat de natûr ús tsjerke en 't geweten ús dominy wie. ‘Mooi, zeer juist!’ rôp de hear, ‘de mijne ook, weet U. Daden spreken luider als woorden. 't Is 't hem waarachtig | |
[pagina 150]
| |
niet, zó te zitten (mei hâldde dokter de hoed foar de eagen) en “Here, Here!” te zeggen. 't Is beter te geven als te wensen. Ben jelui ook getrouwd?’ Wy anderen fan né. ‘Ook verliefd?’ Ek dêr koene wy jit wol om sliepe, seine wy. ‘Wil ik je wat zeggen? Als je verlieft, verlieft dan nooit op schoonheid, hoor! Want die is als een verlakte tabaksdoos, hoe meer gij die buigt, hoe spoediger de verf er afspringt. Maar als gij verlieft, verlieft op splint! (Hjir knipte dokter mei de tomme yn 'e hân). Want waar liefde woont gebiedt de Heer zijn zegen, maar waar het geld ontbreekt gaat de liefde het venster uit’. Wy bitsjûgen ús tank foar de wolmienende ried, mar makken ús, omdat it joun bigoun to wurden, ré om wer op reis to kommen. ‘Nog een woordje’, sei dokter. ‘Zeg mij, behoort U tot de behoudende of liberale partij?’ Wy hâldden beide fan ‘vooruitgang’, seine wy. ‘Bravo!’ rôp dokter, ‘mooi zo! Laat U nooit verrieflen van dominee of schoolmeester! Leve de vooruitgang, hier op de Zwaag!...’ ‘Holla, kastelein!’ rôp dokter nou oan 'e hospes, dy't fêst oer syn steatkundige bigjinsels ûnderhâlden wurde soe. Mar wy pakten ús bizen, winsken farwoll, lieten ynspanne en rieden nou yn 't moaije waer troch beamriker oarden op Drachten oan. ‘Dêr ha wy wrychtsjes langernôch plakt’, bigoun B. ‘It bigjint sawier al to skimerjen; mar it forfeelde my net, al hoe nuver it praet fan 't iene op 't oare roan. Hwer soe dy hear thús hearre?’ ‘Ik wit it net. Mar minsken mei in goed hert en in woldiedich sin, al sit dy stien soms ek yn in rouwe skulp, binne oeral thús en oeral wolkom. En ûnder dy soarte soe 'k dizze man wol pleatse wolle. Mar der binne ek minsken dy't oeral thús binne, yn 'e harbargen in steil wurd dogge, mar de gesteldheit fan har eigen hûs sa min kenne as in bulte skoaljonges de ierdrykskundige fan Fryslân. Mar der binne ek wol manlju, dy't bûtendoar foar stek noch daem to hâlden binne, bjuster opswetse, greate saken dogge, en dy't thús har pas forroere doare, sa suchtsje se ûnder de tof- | |
[pagina 151]
| |
fel fan 't wiif’. ‘Dat lêste is, tinkt my, lyts’, sei myn freon. ‘It wiif moat de broek net oan ha’. ‘Alsjebleaft! Dat is faek in ding dêr't it wiif gjin hân om útstekt. 't Wurdt har yn de earste leafde al folle oanbean. Pas fynt Jozef de rjochte Leentsje, of hy bringt har in serenade op dizze manear: Ik woe dat jo myn wyfke wiene; ik soe jo sa tsjinstich wêze.
Ik soe jo wetter helje; ik soe jo piterseelje lêze;
Ik soe jo habbe to sitten op in stoel mei in kjessen altyd.
En nou en dan soe 'k freegje: ‘Hoe giet it, myn lamke, myn allerswietste byt’.
Ik soe jou hoaskes moarns waermje ear't jo se oanteagen;
Ik soe súntsjes bitiid opstean en fan de souder de spinreagen,
En fan de flier it túch feije. Sette de bêdsdoarren iepen;
Meitsje de thé ré en dan soe 'k sizze: ‘Moarn wyfke! ha jo goed sliepen?’
Koartom, ik soe jo haegje, knipe, to wacht nimme, frije en
Jo soene wol sizze: ‘Sa leaf hie 'k yn 't trouwen nea tocht to krijen’.
‘O frede, hâld op!’ sei B. laitsjende. ‘Hwa soe sa sljocht wêze? Dat wie my al to oandwaenlik’. ‘En it stiet doch sa yn 't Hollânsk yn in âld boek, en âlde boeken binne de bêste, freegje dat mar oan de lju dy't hjir nei tsjerke gean’, sei ik. Wy wiene wer njonken de tsjerke der ôfskiedenen fan Drachten. Omdat it nacht bigoun to wurden woene wy yn dat doarp net stilhâlde. Under de greate linebeammen fan Nijtap pleisteren wy en - om moed to hâlden, yngefal as der op de Sumarreheide wolven wêze mochten - op Nygeasterhoek jitris. Mar doe wie 't ek nacht; de stjerren blonken, doch om't it gjin ljochtmoanne wie koene wy neat foar ús sjen. ‘Hwat sille wy nou dwaen om ús net to forfelen?’ frege myn selskip. ‘Witte jo net in moal teltsje of in riedling?’ Ik hie soarch dat B. by beide yn 'e sliep falle soe en dan as it hynzer yn 'e sleat roan wie de lêste dwaling wis de slimste. Mar nou wiste myn selskip better rie. ‘Lit ús’, sei er, | |
[pagina 152]
| |
‘tsjin inoar rime. Sjoch, ik siz earst in rige en dan jo. En dan moat it net allinne op inoar rime, mar ek op inoar foegje. En dan elk syn bar earst. Pas op nou!’ B.: Oprjochte freonskip is des libbens medisyn, Ik: Mar ûngelokkich komt der faek de skimmel yn.
Ik: Tink jimmer hoe 't hjir rint en fljocht. B.: De deugd jowt altyd heilsum nocht.
B.: Us hynzer is net wurch, mar sjocht doch út nei rêst, En draeft al hurder oan om gau it ein to krijen. Ik: 't Giet ek mei 't minske sa, 't draecht ek syn libbenslêst, Mar 't klaget frijhwat mear by 't him taparte lijen. B.: ‘Ik hie net tocht dat jo dat sa goed opskippere hiene.
Ik: Hoe treft de braven faek it wrâldske leed frij mear,
B.: De diamant wurdt earst fan 't slypjen klear,
B.: Ik hab nou op ús reis, 'k leau, alles hast bitelle,
Ik: Jo binne in liberael, soks ha jo my forhelle,
Ik: Bihâldsman, liberael of hoe men ek mei hjitte,
B.: Mar tink altyd, mei dit in steatsman soms forjitte, Syn holle sit fan 't heil fan alle minsken fol.
B.: Gau is ús twadeisk reiske dien; moarn is 't al wer it âlde;
Ik: Doch sille wy forwis dizze úttocht lang onthâlde.
Under sok petear, hwerby it altyd net allike flot roan, de Lânsbuorren lâns, troch Sumar, foarby ‘Vaart- en Landzicht’ en dêrmei wiene wy wer to Burgum. Wy hiene ús | |
[pagina 153]
| |
nearne forfeeld, folle wille hawn; de soargen fan 't libben hiene ús net yn 'e wei west. En doch rôpen wy mekoarren it ‘Wolkom!’ ta. ‘East west, thús bêst!’ sei ik, en hie de kastlein yn ‘De trije kroande bearzen’ op west, wy hiene wis op ús blide thúskomst dronken. Mar allyk as by ús útriden, lei alles yn ús doarp wer yn slomme of djippe nacht bidutsen. As de minsken yn de tuskentiid op in baen west binne, is my nea sein wurden. Ik naem ôfskie fan myn freon en winske him, ûnder hertlike tank foar syn selskip, goenacht, en stoep dêrmei by myn bliidwêzende âlden ús nederige went binnen. En nou: ik tankje al myn lêzers,
Dy dizze reis bifoel,
Foar d'oandacht dy't men my woe skinke.
Formeitsjen wie myn doel,
En mocht ik lykwols doch forfele:
Men moat it my forjaen.
Ik wol en sil 't net maklik weagje
Dy toan wer oan to slaen.
Né! tankber, rêstich en tofreden
Liz ik de pinne dol.
En hjirmei, Friezen en Friezinnen,
Farwol! far altyd wol!
|
|