In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 89]
| |
Myn freonskip mei Harmen SytstraDe man dy't Tsjibbe Gearts van der Meulen ta it Frysk skriuwen brocht hat is Harmen Sytstra (1817-1862), ien fan de oprjochters en foaroanmannen fan it Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse (1844), dichter en taelman mei útsprutsen romantyske opfettings dy't op Tsjibbe Gearts yndruk makken. Harmen Sytstra kaem yn 1847 as ûnderwizer yn Burgum, dêr't er bleau oant 1853. Der ûntstie in freonsklpsforhâlding dy't Tsjibbe Gearts syn libben lang yn tankberens bitinke sil. It skeel dat der tusken belde freonen ek noch yn Sytstra syn Burgumer tiid ûntstien is docht er it swijen ta; dat kin rekonstruearre wurde út de stikken yn it archyf fan it Selskip 1844. It komt der op del dat, ôfsjoen noch fan it forskil yn aerd, opfettingen oangeande de stavering fan it Frysk (doe ek al in boarne fan skeel en kreauwerije ...) yn dat konflikt en yn dy tydlike forwidering in greate rol spile hawwe. En dêr hong mei gear dat Tsjibbe Gearts net aliinne hwat de stavering fan it Frysk (Sytstra mei syn archaïsearjende Iduna-stavering contra de oanhingers fan de mear moderne s.n. Halbertsma-stavering, dêr't Tsjibbe Gearts yn meigie) mar ek hwat de dêrmei gearhingjende publikaesjemooglikheden oanbilange net de side fan Harmen Sytstra en syn (Selskips-) tydskrift ‘Iduna’ keas, mar fan syn oare hertsfreon, Wallng Dykstra en dy syn blêd ‘De Frysce Huestrjeun’. It forskil yn aerd en karakter sprekt fansels ek út har wurk: Sytstra hie sa it ien en oar tsjin op Tsjibbe syn wyldseauwigens en de mâlle sprongen fan syn boartlike geast. It hjirfolgjende fragmint, dat Tsjibbe Gearts wijd hat oan syn jeugdfreon, is ûntliend oan de blomlêzing ‘Moaije blommen fen ûs Frysce letterkroane’, dy't yn 1879 It ljocht sjoen hat. Nijsgjirrich is it to sjen dat er jierren letter, yn it brief oan Dr. F. Bultenrust Hettema (ek yn dizze bondel opnommen) | |
[pagina 90]
| |
earlik skriuwt dat er dochs better nei Sytstra's krityk harkje moatten hie.
Op 'e foarste april fan 't jier 1847 kaem der, om de berntsjes op skoalle witnis en sin foar it goede yn to printsjen, to Burgum in ûndermaster, hwaens namme foar de tiden nei ús biwarre bliuwe sil. Syn namme wie destiids: Harmen Zyistra, dy't, as skriuwer fan ‘Tsjien tûsen út de lotterij’, jit al formaerd wie. Dêr ik fan jongs ôf oan folle mei it Frysk op hie, wie de ‘Tsjien tûsen’ my wol bikend, hoe forlange ik de skriuwer kennen to learen. Yn in doarp wurdt eitse minske bioardield en bipraet, ek Zylstra. Men sei fan him dat er in man wie, dy't foar himsels libbe, syn plicht knap waernaem, mar dy't him fierders mei neat as mei de letterkunde bimuoide.
Sa sil der amper in wike of fjouwer forroan wêze sûnder dat wy inoar sprieken, mar kuijerjende oan de side fan in goefreon metten wy Zylstra op in sneintojoun, earne op ús wegen, en wy sprieken him oan, en oan myn útnoeging oan him, om mei nei uzes, en dêr de joun to'nein to bringen, foldie master. Dêr sieten wy mei syn trijen ta djip yn 'e nacht, en as 't wier is, dat men forstannich handelt om op 'e libbenswei sa'n freon op side sjen to krijen, dy't, as men him ien tinkbyld meidielt, jin twa dy't better binne werjowt, dan hiene wy in forstannige died dien. Hoe hiel oars waerd ús nou it Frysk en de komou fan 't Frysk foarhâlden, as wy it mienden to kennen. Hwat in rige fan wittenskiplike saken waerden ús meidield, en doe't Zylstra wol fielde dat er tankbre harkers krige, waerd er jit blijhertiger. En op dy joune hearde ik foar 't earst fan myn libben in oar foardragen yn it Frysk. Oan dy tiid ta hie 'k nimmen as mysels heard. Zylstra droech foar: Ate
'k Wol myn leed net fierder drage,
'k Bin myn libben wurch.
't Unk hat langernôch my pleage,
Weislynd flêsk en murch.
| |
[pagina 91]
| |
Ik kin Sets dochs net bilêze
Dêr 'k sa rinks om roun,
Och, hja wol net by my wêze,
Hat my in blauke jown.
'k Sil der joun in ein oan meitsje,
Wrammels joun nei 't miel.
Mar hwat soe wol 't swietste smeitsje,
Wetter, himp of stiel?
Snije en hingje soe 'k hast tinzje,
Dwaen in minske wé,
't Bêst is dat ik my fordrinzje
Dat 's de sêftste dea.
Dan gûlt Setske fêst: ‘Och Ate!
Wie 'k mar by dy krûpt’,
Mar dan kin 't gjin grevel bate
'k Bin dan al forsûpt.
Mar lit sjen as ik my deide,
Sels my holp yn 't grêf,
En as Sets dan net ris kleide,
Dan wie 't nocht der êf.
'k Bin wol gek soe 'k my forsûpje,
Om in faem? dat net.
'k Sil dat fet wol oars bikûpje,
Better bin 'k biret.
Deaker, ik lit Setske strike
Keart hja my de rêch,
As ik heite better sike
En by Swobkje seach.
En as Swobk my net bitanke,
Sa dat Sets it heart,
Dat ik frij sa'n nommel fanke,
Wit hoe hja dan beart.
| |
[pagina 92]
| |
Seit se dan: ‘O! hie 'k dat witten,
'k Hie gjin blau him jown,
En net heal him rinne litten’,
'k Ha myn sin dan foun.
Swobkje ja! by dy allinne,
Sil ik wille ha
'k Wol, der moat gjin tiid oerrinne,
Moarntojoun nei har ta.
Sûnt dat Zylstra ús dat fers foardroech en nou, binn' der al trijeëntritich jierren forroan. 't Kin wol wêze dat de lêste fersen fan boppesteande rym hwat oars binne (hwa kin alles sa lang en sa krekt ûnthâlde?) mar ‘Ate’, in ferske fan Master WindsmaGa naar eind1 dy't mear oannimlike rymkes en stikjes yn ûnrym makke hat, it wie - doe't Zylstra it foardroech - yn ús each in wonder, sa wist Zylstra syn wurden to bisielen. Sa slieten wy nou de earste joun mei Zylstra, om fan dy tiid ôf oan in rige fan de moaiste libbensjierren byinoar troch to bringen. Hwant hiel oars as de wrâld sei, wie Zylstra wol tige by tige de man fan 't freonsklplike libben, doe't er syn soarte mar foun. Nea sille wy dy kostlike jierren forjitte, dy dagen fan 't jongfeint-wêzen, hweryn eltse minske hast in dichter is en libbet yn in wrâld fan idéalen. Zylstra struide it Fryske ûnder ús roun, en hie 'k it oan dy tiid ta lêzen, en koe 'k de wurken fan Halbertsma binei fan bûten, Zylstra brocht my der ta om Frysk to skriuwen, hy rjochte mei ús njonkenlytsen de krite Burgum fan 't Selskip foar Fryske tael op, en it wie oft de wille en tier oer 't libbenspaed glânzen. Hwat ús bisûnder oaninoar boun, wie in soarte fan krânske, dat út seis, soms sawn freonen bistoe, en dat yn 'e winterjounen om bar, by de rige ôf, forgearre. It gong der net sa troch as by de pleijaden, dêrfan van Lennep yn ‘Klaas Zevenster’Ga naar eind2 skriuwt, mar it wie in treflik ploechje. Dan hellen wy op ús selskipsliet (wize ‘Rinaldine’): ‘Hwer wy hjoed in jier ris binne?
Fier hjir ôf of tichte by?
Man en wiif of jit allinne?
Droef to moed of tige blij?’
| |
[pagina 93]
| |
Of it moaije liet fan Zylstra, nei de wize fan ‘Muntere Jugend’, út ‘Figaro's Hochzeit’: ‘Moai sûnder wjergea binne de Wâlden’.
Ja! Ja! dat krânske fan seis, sims sawn freonen hat hwat in nocht yn 't leave libben foun, en it to binnen bringen is my nei sa folle jierren jit oangenaem, en dochs ek wer stimt it my, en mei en njonken my jit ien, dy't mei yn dy wille dield hat, de hear J. Kramer to Burgum, tige wémoedich, hwant bûten lêstneamde en myn persoan binne der fan de sawn sa nau forboune freonen gjinien mear yn wêzen. Al dy oaren binne hinnetein nei dat onbikende lân, hwerfan nimmen torêch keart. Zylstra, hwaens namme by syn trouwen Sytstra waerd, rêst to Baerd, in oaren fan ús ring to Terherne, en de oare trije to Burgum. Hwannear, hwannear? freegje J.K. en ik jit yn 1880, flijt men ús njonken dy't ús foargongen? En hwa sil fan ús de foarste wêze? Mar hwerom dit forhael? freget men. Doe't de útjower fan dit boek my útnoege om in blomlêzing to jaen fan Fryske skriuwers, seach ik dêr gjin biswier yn, as de bisitters fan har wurken (de útjowers) it tastean woene. De útjower fan dit boek frege it de hearen De Lange en Eekhoff en ek mear oaren, en fan de hearen De Lange en Eekhoff kaem de gunstichste tastimming, de hear W. EekhoffGa naar eind3 winske der lykwols by om dan foaral ‘Maike Jakkeles’Ga naar eind4 net to forjitten, hwat wy dan op oanrieden fan dy ús dierbre Fryske lânsman, dy't nou ek al fan 't wrâldske toaniel roppen is, dien ha. Dêrtroch oanmoedige weage de útjower him fan wâl. De útjefte koe trochgean, en hwat my nou bisonder moai talike, dat wie dit: dat ik ta syn eare en lof de greatme fan in Fries oantoane koe, op hwaens freonskip ik ienris bôge, dy't as man út it folk syn gelike net foun, yn kennisse en wittenskip. H. Sytstra's namme great meitsje ta eare fan him en syn neisieden, dat fitere my oan om de biwurking, of leaver it sammeljen fan moaije blommen op my to nimmen. It moaiste dochs hwat Sytstra neilitten hat, is to Burgum makke. Sytstra wenne to Burgum yn in keamer fan in hûs (nou | |
[pagina 94]
| |
harbarch) dat ‘Folle hân’ hjit, en dageliks wei roanen wy byinoar yn. Mar soms waerd ús 't hûs forbean, en dat wie dan as S. òf (dwaende wie) om ‘Iduna’Ga naar eind5 fol to krijen, òf as er oan de Fryske spraeklearGa naar eind6 arbeide, òf as er in rymstik makke. Ienkear tsjinne it forbod fan de tiisdei ta de sneontojoune. Hie ien, dy't 't geheim iepenlein wie, net klapt, dan hiene wy net witten hwat ús to hearren jown wurde soe, mar dochs harken wy mei net minder biwondering, doe't wy de sneontojoune byien wiene, nei Sytstra's foardracht fan syn, doe just klear wurden, fers: Bern
Traepje súntsjes, stil ei stil,
Súntsjes, súntsjes moatste komme,
Bergje fluite, bos en tromme,
Hwer se nimmen fine sil.
Lit de berntsjes bûten boartsje,
Mei har weintsje, hoep en kroadtsje,
Licht wol siept myn lytse in hoartsje
Djoeije d'oare net sa skil.
Bern! it wurd omslút in Eden,
Bern! o! hwat in sillichheden,
Neamt dy namme 't ûngelyk,
Memmeleafde, hillich is se,
't Jonge moskje kin se n't misse,
Ingelleafde is net sa ryk.
En sa rint dat aldertreflikste fers, dat net heal nôch algemien bikend is, der hinne. 't Is bywilen oft it de kunstprint is yn Cats' pracht-útjifte,Ga naar eind7 dy print hwer't amperoan alle boartersspullen fan de bern op foarkomme, mar Sytstra jowt mear as print; de djippe wiisgearige, ta jins hert sprekkende sin, makket it stik ta len fan dy dichtstikken dy't boppe de tiid steane. Nou, dat fers, en mear oare fan Sytstra's tinsbylden en ûnrymstikken fan syn hân, dy soene troch my opnij myn lânslju oanbean wurde, en Sytstra de eare wijd, dy't er fortsjinnet, dat wie myn wille en myn winsk. Sytstra's wyt wie altyd om - as de Fryske spraekleare oan 'e kant wie | |
[pagina 95]
| |
- in Frysk wurdboek to meitsjen, en wiene dy beide saken klear, dan soe de libbensjoun wijd wurde oan it meitsjen fan in heldedicht. It ûnderwerp soe wêze de komst fan de Friezen hjir to lânne. Gjin neifolginge of sa hwat, fan Van Harens ‘Friso’,Ga naar eind8 o né. Hy woe yn 'e skimering fan de tiid Odin, Wodan en Baldur mei de wrâldbiwenners yn oanreitsjen bringe. Goaden en minsken soene troch Loke forret wurde, en op dy wize in wykpleats nei 't ûnbikende lân siikje. Al dy plannen wennen yn 't moedige feintebrein, mar hja fortoarren njonkenlytsen doe't Sytstra as man en heit to soargjen krige foar 't deistich brea. Smertlik kin 't jin oandwaen, as men tinkt hoe Nearlân jamk minsken fan greate fortsjinste oan har lot oerlit, en net, lykas yn oare lannen, fuortheipt en stipet. Sytstra wie to great foar skoalmaster. Syn geast en syn kennisse moasten in rûmer ijocht hawn ha, as tusken de skoalmuorren op in doarp. Der lei safolle yn him dat ta ear fan syn lân en folk tsjinje kinnen hie. Hy wie bûtengewoan, as taelkundige, stjerrekundige en as dichter. Bêste freon, sliep de deasliep yn 't grêf to Baerd; ik, dyn learbern, biwûnderje en forearje dy nei de lange skieding, like goed as doe't wy njonkeninoar by it deafet stoene fan ús sibben dy't ús foargongen nei 't grëf. Om Sytstra, en njonken him syn bêste freon T. DykstraGa naar eind9 jitris foar myn weireizgjen yn al har minlikens en greatme to skilderjen, dêrom like my it biarbeidzjen fan ‘Moaije blommen’ moai ta, mar - 't bistjûr fan 't Frysk selskip, dat it wurk fan Sytstra ensfh. as eigenaresse takomt, wegere my it oernimmen. Dy wegering is in slach dy't my sear docht, omdat myn goede wille, just oarsom, helpen wurdich wie. Mar troch dat wegerjen moasten wy in hiel oar boek leverje as wy tocht hiene to jaen. Oan har, dy't my stipen, om tominsten ouwikseling yn 't boek to krijen, en dêrom har dichterlike jeften oustiene, moat ik freonlik tank sizze. De ynhâld seit hwa't de dichters fan dy stikken binne, en dat de makker fan 't minlike fers ‘Yn 't wâld’ as de soan fan de heit dy't 'k in earekrânse wije wollen hie, my stipe om it boek fol to krijen, is my oangenaem.Ga naar eind10 Ja, om it boek fol to krijen: Sa is hjir pleatst dat hwat der yn 'e fierte net yn soe, en ek net yn moatten hie, sa as al itjinge dat der fan de samler sels yn is. En doch krige er oer syn | |
[pagina 96]
| |
‘Oratorium’ moaije brieven. Mar ek oanmerkingen. Op allegearre kin hy gjin acht slaen, mar komt fan dat fers by syn libben in nije útjefte, dan sil de forbettering net útbliuwe. Mar 't wie myn earste bitingst om neat fan my yn dit wurk op to nimmen. Troch de tsjinkear en de winsk fan 't publyk en de útjower is 't foroare. Nim it foar bledfolling, foar misdruk; och ja, nim dit hiele wurk as fan immen dy't heger fleane woe as de wjukken him drage koene, sadat er yn 'e doele bleaun is, wiis flaters oan, missetten dy't fan ûnkunde tsjûgnis jowe, neam it boek mei al syn goed en tsjoed sa't men it wol, nimmen sil ea sizze kinne dat ik net mei hillige oertsjûging pleite ha foar de eare fan ús tael en ús dichters. Mei dizze treast jow ik myn wurk oer oan de tiid, dy't alles op 'e wanne nimt, en 't tsjêf fan 't sied skiedt, better as dizze of jinge, troch foaroardiel blyndoeke wurkman fan 't eagenblik. |
|