In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 60]
| |
De dokter-bigamistKin men fan Tsjibbe Gearts syn forhalen (en oar literair wurk) gauris úthâlde dat se kompositoarysk frijhwat kwels geane trochdat de skriuwer him hieltyd op sydpaden fortokje lit, foar dit stik, dat er sels de titel joech ‘Nei 't libben’, jildt dat net. Yn dizze fortelling foarmje de ûnderskate ûnderdielen - de ynlieding, de eigentllke stoarje en it forrassende, suver binearjende slot - in geef, slutend gehiel. Faeks komt dat mei omdat de skriuwer sá fascinearre wie troch it ûn-wier-skynlike yn dit dochs wiere forhael dat er der him nouris hielendal op konsintrearre hat. Hy skreau it yn 1901, doe't er dus al sa'n 75 jier âld wie, mar noch altyd nitige troch de fraech oft it bjusterbaerlik forrin dêr't er fan forhellet nou taskreaun wurde moat oan ‘tafal, needlot of God?’ Wy kinne ús yntinke dat ek de tsjintwurdige lêzer net allinne mei spanning mar ek mei hwat fan huver en mystearje fan dit stik kennis nimme sil. Der kin noch op wiisd wurde dat Tsjibbe Gearts al folle earder ris op 'e tekst west hie oer dy nuvere nije Burgumer dokter, ntl. yn ‘Dy merkefryer eft dat mistribele hinne-ear’ dat yn ‘Swanneblommen’ fan 1850 publisearre waerd. Mar yn ‘Nel 't libben’, hjir oernomd út ‘Swanneblommen’ jiergong 1902, komt der oangeande dyselde dokter noch hiel hwat oars op 't aljemint.
‘Ha jo 't nijs al heard, baes Geart? Wy krije jit in dokter yn 't doarp’. ‘Noch in dokter?’ sei heit. ‘Wy ha oan twa nôch, woe 'k ha, der stjerre safoile al, dat der hoeft gjin trêdde dokter by’. ‘Hwat kinne jo der altyd mâl by komme’, sel Jan W. de farver, dy't heit it nijs meidielde; it wie sa, heit koe soms nuverich in útfal dwaen. ‘Hwer komt dy trêdde dokter wei?’ frege heit. ‘Dat wit ik net goed’, sei Jan, ‘mar ik wit wol fan de klaeikant, | |
[pagina 61]
| |
fan Blije of Ferwert, ik doar it net forfêst sizze, mar ik wit wol dat it jou buorman wurdt. Hy hat it hûs hierd fan Mindert skuonmakker’. ‘Leave seil dat is dochs gjin hûs foar in dokter, en hwer sil Mindert dan hinne’. ‘Ja, dy krûpt der achter yn 't hok, dêr't alear de learloaijerije west hat’. ‘Ik harkje mâi op. Ja, dat giet mei Mindert ek: hoe neijer oan 't ein hoe mear gespartel. Alear in skuonmakkerij, dêr't seis, sawn feinten oan 't wurk sieten, en nou yn 't hok, mei wiif en bern’. ‘Ja, sa giet it baes, 't binn’ sterke skonken dy't de weelde drage. Mindert sines wiene der to swak foar. It sprekwurd seit: ‘Hoe mear gelegenheit hoe mear genegenheit’; as dat mei siik wurden ek it gefal is, dan sil de man wol wurk krije’. Jan lake en heit ek. Sa eindige it petear. In amerij letter kaem buorman Mindert seis om ús it nijs to fortellen. It wie sa tagien: De foarige wike wie der in man by him komd, dy't him útjoech foar in dokter. Hy hie dokter west yn de East, mar syn wiif koe net oer de waermte, dêrom wiene se nei Nederlân torêchkeard, en hiene se har to Blije deljown, mar 't blykte dat syn wijf net oer de klaei koe, nou woene se it yn de Wâlden bisiikje en wie har Burgum oanret. Dat wie yn 'e Wâlden en dat wie sângroun. In great doarp en mar twa dokters, dêr koe wol in trêdde by. Nou socht er hjir om in hûs en der hie immen west, dy hie him sein dat er mûglik mines wol krije koe: op in goune of hwat hier kaem it net oan. It wie him wol to lyts, mar letter koe er, as syn wiif hjir aerdzje mochte, wol in hearehuzinge bouwe litte, as er nou mar in ûnderdak krije koe. ‘Ik sei: Nou, as ik dan foar my it hok ta went ynrjochte, dan koe er myn hûs wol krije, mar 'k moast hûndert goune hier ha. O, dat wie bêst, en om 't fearnsjier bitelje, en altyd foarút, 't kin ommers noait moaijer. Hwat in moaije ynstruijing, alle fearnsjierren flifentweintich goune, dêr kin ik net tsjin skuonmeitsje, en 't hûs kriget der heger oansjen troch, nou't der in dokter ynkomt. Hy hie twa bern, sei er, dus ek in lytse húshâldinge’. Heit, mem en ikke winsken buorman lok mei syn fortúnlikens. Deseide deis brocht Tjeard Oebeltsjes, myn omke, de timmerman, Mindert syn hok ta'n wenhús en mar in dei twa letter makke in arbeidster dokter syn went skjin en jit in pear | |
[pagina 62]
| |
dagen letter lei der in skip op 'e Burgumerdaem mei dokter syn hûsried, en dêrmei kamen de nije dokter syn wlif en twa bern mei de wein. It gong alles sa gau as 't koe. Men wie 't sa net wend, binammen net fan greate ljuwe en dêr waerden fan âids de dokters by rekkene. Der roun dan ek hast gjin oar praet as oer dizze nije ynwenners fan Burgum, d' lene wist der dit fan en de oare tocht der dat fan, en 't fine fan de saek waerd nei ret, sadwaende bleau it in mystearje boppe it bigryp fan ús platfuottige Burgumers. Dit wist men der fan, dat dokter in flinke lange man wie, mei in min of mear taenkleurich gesicht, dat syn wiif in gnap minske wie, dy't har mefrou neame liet, hoewol't se sels sea, brette en wolris skûtelwosk en oan de tobbe stoe, hoewol't se hjir al in faem hierden, dy't mei oan baes en frou har tafel iet. Dat se twa bern hiene, in jonkje en in famke dy't Herman en Nette neamd waerden, mar twa sokke sierlike moaije bern, dat men yn print noait moaijer sjocht. It wie in wûnder, dat wist men der fan, en dat it apteek fiersto great wie, sadat der in stik ôfseage wurde moast, kaem men ek to witten, en yn in nûmer fan 'e Ljouwerter krant (dy't allinne mar op freed en tiisdei yn 't ljocht kaem) fan 1847, it sil yn de moanne april west ha, kaem men to lêzen: Heeft zich te Bergum gevestigd als dokter en verloskundige H. HubertusGa naar eind1. Nou wist men der alles fan: dy't in dokter nedich wiene en by de hearen dokters, dy't wy hiene, yn 't kryt stiene, hiene nou in nije taflecht, mar dat joech de nije dokter gjin fet yn 'e koal; lokkich, de man skepte him in takomst. Dokter forstoe de wrâld, hy wie yn 't deistich libben gjin Faust dy't in MefistofeiesGa naar eind2 nedich wie, om him yn 't libben roun to lieden; de berch kaem net by Mohammed, Mohammed kaem by de berch. Doe't de toanbank foar it apteek ta 't ein in lessenaer hie, hwerop in great skriuwboek jit yn de kleur fan de ûnskuld klear lei, wist ús esculaep der handich de nammen fan folle klanten yn to krijen. Der giet neat foar de man seis. Doe't de boel thús op stel wie, gong dokter net as suster Anna foar 't glês sitten om to sjen oft der immen oankaem; o, om 't effen net! Dokter klaeide him moal oan as in deftich hear, naem in stôk mei grouwe sulveren knop ûnder de earm of yn 'e hân en gong it fjild yn nei alle wynstreken, east, west, súd en noard. Dan hâldde er him lang altyd net oan de haed- | |
[pagina 63]
| |
wegen, mar kaem ek op by- en efterwegen, hwer't mar minsken wennen. Dan lapte er it sa. Wy sille ien foarbyld biskriuwe, 't blykte letter dat der in hiele buite to Jaen wiene. Wy sille nou mar tinke, dokter dwaelt yn Sumar roun, oan de Efterwei, dêr fynt er in tsjeppe boerepleats. Hjir moat ik it anker mar ris útsmite, tinkt er. Dokter is sa frijpostich om nei binnen to gean: dat folk roppen jowt neat. ‘Dag vrinden! Hoe goat 'et?’ Ja, dit moat ik der jit byfoegje: mynhear en mefrou wienen Grinslânners fan komôf, sadwaende praetten hja ek Grinsiânseftich. Nou, de minsken grommelen dan ek al sa hwat ‘dag’ werom, mar seagen se dy hear foar in keapman oan, dan koe 't ek wol wêze dat er kaem to hearren, dat se niks nedich wiene. Dan glimke dokter sa troch en wer troch freonlik, dat er de lju daelk pakte: ‘Neen, m'n goede beste minsen, ik bin geen koopman, ik bin de nije dokter, die hem te Bergum vestigd heeft, dat út de krante jelui wel bekend zal zijn’. Né, de krante liezen hja net, mar se hiene wol heard dat der in nije dokter komd wie. 't Sprekt dat de man nou al gau in stoel yn 'e rige set waerd. ‘Ja, neem myn vrijpostigheid nijt kwoad. Ik acht 't nodig de environs om Bergum heen kinnen to learen en daarom maak ik wandelingen in de omstreken van Bergum. Ik bin nou in Suameer, nijt woar? Nou wilde ik hier de pyp wel is opsteken en met eens is vroagen, waer die weg links heen loopt, en die rechts om’. Dat waerd mynhear fordúdlike en al helle dokter syn sulveren tabaksdoaze foar 't ljocht, hy moast fan de baes sines stopje; 't wie 'n wûnder hoe eigen men daelk mei dy man wie en de freonskip boaze al oan, doe't dokter fortelde hoe't er om syn bêst wiif de East forlitte moatten hie, dêr't er sa ûnmisber wie, dat de hiele East hast skriemd hie by syn fuorttsjen; nou blykte it dat se net oer de klaei koe en dêrom kamen se yn 'e Wâlden. Mocht syn frou to Burgum wer opfleurje, dêr't er de Hear om bidde koe, hwant har libben wie sines en dat fan har bern, mar mocht syn frou yn 'e Wâlden aerdzje, dan wie er fan plan to Burgum in slot to bouwen, mei koetshûs en went foar in stâlfeint, om't hy woe ek lyk as de oare dokters, eigen rydtúch hâlde, dat wie er wend. Och ja, as God joech dat syn dierbere frou mar wer waerd as se, foardat se nei de East gongen, wie, dan hie dokter ta alles moed, en om syn middelen koe er goddank dwaen hwat er winske. Hoe mear | |
[pagina 64]
| |
as dokter him kenne liet, hoe mear bitrouwen as er krige. Dat biroppen op God de Heare wie 'n biwiis, dat dokter in man wie fan omtinken, en dat er ryk wie, wie in biwiis dat de Heare de rjochtfeardige segene. Wylst dokter him sa treflik trochljochtsje liet, flonkeren syn eagen as X-strielen troch dy fan 't húsgesin dat er seach yn to palmjen. Boerinne: ‘Soa, dan is dokterske in swak minske, mynhear?’ Dokter: ‘Vroeger een beeld van gezondheid, maar de warmte in de Oast, die is heur te machtig weest, wy willen biddende hopen, dat ze in dit gezonde oord hare krachten terug vindt; maar jou zelfs boerin, jou binnen zo op het oog wel 'n gezonde, flinke vrouw, maar jou binnen ook niet van de sterksten’. As dokter sa bigoun, wie er gau master fan 't wiif. Froulju wolle graech biklage wurde en as in dokter it docht, hwat is dat swiet, it presket de man oan om op to passen dat er noed stiet fan syn sydsulver en docht hwat har winsk is. ‘Soa, kin dokter dat wol sjen?’ ‘Met 'n half oog wel, myn goede mins, en ik weet ook wel wat 't jou doet. De zenuwen doen it jou’. ‘Ja, dat hiene de Burgumer dokters ek wol sein’. ‘En doen je 'r nou niks aan?’ ‘Och’, foel de boer der op yn, ‘wy ha wol mear as hûndert goune formastere. Wy hawwe it sels by in prefester to Grins socht, en by in divelbanner to Feanwâlden’. ‘Ja, weet jimme wat 'n ongeluk is hier te lande? Over 't algemeen zijn ze hier met de kennis van de zenuwen ten achter. Wie daarmede op de hoogte wenst te zijn, moet eerst enige jaren in de Oast praktiseren. Daar zijn de nerveuze ziektes epidemisch, ik zou 'r een boek van kunnen skrijven. Ik mag 't door Gods genade zeggen, dat ik honderden tot zegen ben geweest. Weet jullie wat? Zie, als pasgevestigde dokter heb ik natuurlijk zo direct geen praktijk, onbekend is onbemind, zegt het spreekwoord. 't Zal wel veranderen als de lui mij kennen leren, maar ik wil 'et wel eens met jou proberen, boerin. Niet om er aan te verdienen, och nee, ik wil dat doen om Godswil, 't staat mij Goddank niet op de handen, ik kan dat doen. Zegent God myn middelen, dan zal ik blijde zijn, kennis met jullie maakt te hewwen; neem je 't aan, stuur dan vanoavend om 'n uur of zeuven 'n knecht of meid, dan ont- | |
[pagina 65]
| |
vang je een doosje met poeiers en een flesje met vocht, doar ming je driemoal daags 'n poeier mee aan en dan kuier ik met 'n week hier eens weer heen en geleuf maar, je zult my met 'n dankbaar hart welkom heten’. Nou, as dokter der sa oer tochte en om 'e nocht har tsjinje woe, wie 't al slim wegerjen, dan soe de faem joun komme en helje dy heilmiddels. Dan moast dokter de namme fan de boer witte. Dy wie Joan Jelkes de Boer, to Sumar. Dokter skreau de namme op en oer en wer tige mei elkoar yn 't skik, skaette men as freonen, dy't alles foarinoar oer hiene. ‘Hwat in alleraerdichst man’, sei boerinne. ‘Dat is 't’ sei Joan. ‘Sa'n dokter moat opgong meitsje’. Op sa'n wize krige dokter pasjinten, op dy wize makke dokter opgong, hwant it sprekt fansels dat middels om Godswille oanbean probatum wiene. Joan syn wiif forklearre dan ek, dat hja sint dy man syn middels brûkt to hawwen in hiel oar minske wie. Folle dokters dy't har hjirre of dêrre yn 'e frjemdte fêstigje, meije der in foarbyld oan nimme. Dokter Hubertus hie mei koarten sa'n drokke praktyk, dat de oare dokters de stôk jit net yn 'e strôt hoefden to triuwen; och né, se koene wol in stuit útstean, mar hja hiene mei in kollega to rekkenjen, in kollega dy't alhiel gjin gemienskip of omgong mei har socht. De nije dokter bimuoide him mei nimmen as syn húsgesin en syn praktyk, fan mefrou har siikwêzen fornaem men gjin grevel, hja soarge mar dat der goed iten en drinken op tafel kaem, slachters en bakkers hiene der in goeden oan en foar ús wiene it buorlju sûnder folle omgong mei ús to sykjen. Dokter hie 't drok, it skriuwboek op 'e lessener yn 'e apteek lei der net om 'e nocht. Kamen der kontroleurs oer de aptekers, dat fan de nije dokter wie tige goed nei eask en wet, der miskearre neat oan en de faem dy't der wenne, forklearre dat se 't der wol ôfkoe.
lenkear op in sneintojoun fan foarjiers Feanwâldster merke, yn 't jier 1848, siet ik yn frede en rêst mei myn beide âlden, dy't harken nei hwat ik har foarlies, dêr hiene se nocht oan, mar dêr kaem in forsteuring yn. Mefrou H., ús buorwiif, kaem gysten de keamer yn: ‘Buurmanl ik kom er zo maar in, jimme hewwe wei kippen, nijtwoar? Och mani bring ons gauw een levendige kip, hy wordt goed betaald, der kan je op an. Verbeeld jimme, se hewwe op Veenwoudster merk in | |
[pagina 66]
| |
't vechten 'n vent 'n oor van de kop biten, nou moet dokter een stuk levendig kippevel hebben, dat weet er de vent aan de kop te helpen en te naaien, en dan begroeit dat der an, net als was 't zyn eigen oor, moar 't moet gau gaan, och Tjibbe, bring ons gauw een kip’Ga naar eind3. Fansels, dat mochten wy net wegerje, in libben minske-ear is mear wurdich as in deade hin. Ik nei 't nachthok, grypte de hin dy't de minskheit offere wurde soe en dêrmei nei buorman. Ik die as mefrou to uzes, ik roun ek oan 'e tafel ta. Jawol. Dêr siet de maitramtearre jongfeint foar de tafel, hwerop it jounmiel stie. Woarst, aeijen, bûter en bôllespullen en dêr boerekofje by lâns, hwant dy dronken se folle. De hiele keamer rûkte der fan. ‘Kom, hew je 'r al eine?’ sei dokter, dy't my de hin ôfnaem en der mei nei efteren gong. Ik makke in praetsje mei de bluodderige feint, dy't holle en hals bleat hie, en sa kaem ik to witten, hoe't it ûnk bard wie. Doe't dokter wer ynkaem, makke ik gjin haest, ik woe 't oansetten fan in hinnefels-ear oan in minskeholle woiris sjoen ha, mar dat hage dokter net: ‘Tjibbe!’ sei er, ‘ik wil er liefst geen getúgen by hebben’. (Wurdlik wier). ‘Forjefnis dokter’, sei 'k en gong der út. Op 'e strjitte lykwols stienen, al wie 't al tsien ûre, in heap nijsgjirrigen to harkjen en to wachtsjen, ek Feanwâldsters. Ik foege my der by, en doe't de feint der lang om let by kaem, fregen wy hoe't it like. ‘Hy seit, der is neat to dwaen, ik moat oppasse dat ik stil liz en 'k mei net arbeidzje. Mei in wike moat ik wer komme. Ik leau wol dat ik dêr by de rjochte man wie. De hin koste in goune, en hy moast twa ha. Lokkich hie ik wol jild. As 't mar ynoarder komt, dan kom ik de slach wol to boppe’. Wy stimden it ta en winsken de Feanwâldsters goereis. Oft de feint net foarsichtigernôch west hat, of dat de earoanplakkerij net goed yn syn wurk gien is, dat wit ik net, mar 'k wyt wol, dat in fjirtjin dagen letter ien fan ús oare dokters de lapperij wer forwidere, de woune suvere en de feint sûnder ear de reis nei 't grêf ôflizze litten hat. De kunst hat de goede wille fan dokter H. net bikroane, en fan de hin kaem net hwat der fan komme kinnen hie. Harkje mar. De oare deis brocht mefrou ús in goune, mar lake om in grap mei de hin. ‘Dokter, dat kin je wel begripen, had van 't dier niks meer nodig as in stuk vel út de borst; kom, docht ik, van de | |
[pagina 67]
| |
rest kan ik morgen een lekker soepjen koken. Ik doe die kip in een grote beslagpot, doe 'r in stenen deksel over en sette dit een en ander in 't achterhús. Ik kom er vanmorgen bijl en waarlijk, de pot kapot, het deksel kapot en de kip weg. Wat zeg je daarvan?’ Wy achten it, mei mefrou, in wûnder. Dat wûnder waerd letter opklearre, doe't der in forstoppe rioel lepene waerd. In wezeling blykte de deade hin skake hawwe to wollen, mar hie har troch it rioel net krije kind, sadwaende hie fan dat beest minske noch dier wille hawn. Fan folle minsken kin men 't ek sizze.
Fan 't foarjier ôf wie 't oft mei 't lingen fan de dagen de namme en rom fan de tredde Burgumer dokter útdijde, as metael troch de waermte, mar dêrtsjinoer, tsjin de hjerst doe't de dagen koartten, wer ynkromp. Mennich pasjint wie 't gien as de feint sûnder ear, en hie baet socht by ien fan ús âlde dokters en de nije forlitten. Yn de moanne novimber kamen wy to hearren: ‘Dokter Hubertus forlit Burgum’. Ik nei buorman, hwant wy libben goed bifreone. ‘Mynhear, se fortelle ús dat jimme forlitte ús, dat is dochs net wier?’ ‘Ja Tjibbe, wy gaan weg. Ik kan 't beter krigen. Wy goan naar Makkum, doar bin ik tot armdokter binoemd op 800 gulden vast traktement en doar wacht my een drokke praktijk, bovendien in een veel kleiner omgeving. 't is dus veel beter’. ‘Nou, ik bin der net bllid ta, wy koenen jit al goed’. ‘Ja, wy konnen 't wel rooien. Hél daar komt my wat in 't sin. Jou kinne nog al goed skriven, nijtwoar?’ ‘Ja mynhear’. ‘En jou broer Anne ook?’ ‘Ja mynhear, dat giet wol’. ‘Weet je wat? Dan motte jou broer en jou by my an hús komme te rekening skriven. Jou bigripe wel, ik hew in iwich porsje geld te goede en 'k moet ook 'n porsje geld gebruken met 'et vervaren en zo, wy willen gauw weg: de winter is voor de deur, 't is nog open water en met januari treed ik in functie. Houd jullie dan voor vandaag en morgen voor mij disponibel. Kom om 10 uur. Inkt en papier heb ik genoeg. Kan ik er op rekenen?’ ‘Jawol mynhear, ik fortrou dat dat myn broer wol foeget’. Om tsien ûre stoepen wy, kreas forklaeid, as scriba's fan in dokter de keamer fan de gelearde binnen. De tafel foar ús stie to wachtsjen, pompier en pinnen gjin gebrek. Omt dokter sa gau gjin rekkeningen printsje litte koe, moasten wy | |
[pagina 68]
| |
bôgen fan gewoan skriuwpapier mar yn achten snije en boppe oan op elts achtste skriuwe, mits mei 't iepenlitten fan 't plak foar de namme en sa: ‘debet aan Dr. H. Hubertus te Bergum wegens gedane diensten en geleverde medicijnen, de somma van f....’ Omt der hûnderten sokke briefkes wêze moasten, gong dêr de earste dei hast mei hinne, mar dat wie neat. It middeimiel moasten wy thús snappe, mar oars soargen dokter en 't wijf foar ús en wy hiene it bêst; wiene wy om tsien ûre kaem, om alf ûre hie mefrou al in rêst aeijen mei twa foarken yn gruzelemint oan 't skomjen en healwei tolven sieten wy mei hearlike boerekofje foar ús. Boerekofje bistie út aeijen, kaniel, sûker en hjit brún bier, dat Grinzer-klún hjitte en brandewyn, dêr krigen wy soeskreakelingen by lâns. Dokter siet wylst yn syn skriuwboeken to snuffeljen en to kladzjen. De twade dei kamen de rekkentsjes tsjinst to dwaen, dokter siet mei de rêch nei 't ljocht mei 't skriuwboek yn 'e hannen foar ús en diktearde, en dy't fan ús fakant wie, skreau. ‘Jolle Ates Staphorsius te Eernewoude, 't binne rike lui, broer en suster, zij liet mij nog een Bibel met goud zien, 't is een heel end, ze haalden en brochten my wel van en aan de Biltpolle, maar er gong meer as 'n halve dag mee heen, drie gulden voor elke visite is niks te veel, ik heb er negen maakt, dat is 27 gulden, de man is beterd, stel voor medicijnen 37, dan is 't f 64. Ik had er meer pasjinten. Eernewoude schat ik op dikke f 200, dus Jelle Ates alleen f 64, daar kan niemand 'n finger achter krigen’. Wy setten hwat dokter ús opjoech. Doe't wy oan Joan Jelkes de Boer ta kamen, de earste dêr't dokter it net útsmiet, om fiskjes to fangen, dêr't er de boerinne om Godswille helpe soe, doe wie 't: ‘Nou hewwe wy Joan Jelkes de Boer te Suameer, wat dunkt dy, Anneke? Die man heit dy vaak genoeg van boerekofje afholpen, want doe er daar de lucht van had, had er telkens weeraan last van maagkramp en daar zijn wyf zo goed hersteld was, moest ik met hem medicineren en myn vrouw wist hem op te monteren met boerekofje, zy kunnen 't nog al goed doen, ik telde er 18 koeien op stal en 3 paarden, wat dunkt dy, Anneke?’ Mefrou: ‘Ja, dat most dou wijten, man. Dou weetst beter hoeveel als 't lijden kan, als ik’. Dokter: ‘Zet zeventig gulden. Nee stil, zet f 68,77 en een | |
[pagina 69]
| |
halve cent, dat lykt wat oardiger’. Sa gong it rekkeningskriuwen by boerekofje, en doe't wy einlings sahwat lâns komd wiene en neisjoen hiene dat de rekkeningen mei 't boek sieaten, waerden myn broer en ik der mei op los stjûrd, mei de oarders der by dat, dêr't it ús talike dat der net folle fan to roppen wie, dêr moasten wy mar tsjin, ‘alle prizen ôfakkedearje’. Dy't wol bitelje koene, moasten wy oantsjinje dat dokter it bidrach binnen in wike winske bitelle to hawwen en oars it yn rjochtshannen joech, omdat er fuort gong en to Makkum biroppen wie. Fan it ôfakkoartsjen kaem net folle. Mennich arbeider dy't in rekkening krige fan 7-8 goune, hie safolle stûren, sels sinten net yn 'e hûs, en de biskieden by de wolstelden? O, dy wiene jamk as flammen fan de hel. Forwinskingen sûnder pardon. Ofgryslik. Op myn reis as ûngeloksboade lei de krite Sumar; sa kaem ik by Joan mei de groetenis, en hwat der mear folge. ‘Hwat, is dy keardel gek? Siz mar dat ik hjir lang net mei tofreden bin. Sawntich goune amperoan? It roait nearne nei. Ik kom sneon to Burgum en dan wol ik de rekkening spekkefykGa naar eind4 ha, siz him dat mar’. ‘Bêst boer, ik sil 't boadskip oerbringe’. Kaem nou sa'n man, dan foun er dokter oan 't ynpakken. Dan gong it sa: Dokter: ‘Hé, de Boer! benne jou doar? Hoe goat it? Kom in. Wy sitten drok in de herrie met vervaren. Ze wollen my absolút to Makkum hebben. 't is komen en goan met de minsen.’ De Boer: ‘Ja, mar jo hawwe my der in rekkening stjûrd dy't nearne nei liket. Myn wiif namen jo oan om 'e nocht to helpen, dat sille jo dochs gjin ligen hjitte’. Dokter: ‘Hoor eens, de Boer, ik duid geen belediging in myn hús. Hoe zou ik wat woar is, liegen heten. Zie me daar niet voor aan. Er staat van die hulpvaardigheid geen cent op rekening. Maar bedenk je eens, wat is er later gebeurd in 't laatst van mei doe je vrouw op de kraamvisite van Schelte Tryntje, te diep in de brandewynkop had geschept en by 't naar hús gaan by Kobes wever in de dobbe liep, en wat gevolgen as dat had’. De Boer, ‘Mar dat hiene jo yn in amerij wer klear’. Dokter: ‘Was 't jouw wens dan, dat ik er enige weken over | |
[pagina 70]
| |
gewerkt had? Je moogt je schamen het te zeggen, en reken er dan bij, wat hebt gij zelf niet genoten?’ De Boer: ‘Trije of fjouwer kear hwat maechdrippen en twakear in potsje mei salve, doe't 'k de skonk biseard hie’. Dokter: ‘En dan jouw beide Jongens?’ De Boer: ‘Nou ja, dy ha elk in pear kear hwat guod hawn tsjin 't hoastjen. Mar man, dat kin noait gjin rekkening fan sawntich goune Jaen’. Dokter: ‘Hoor eens, de Boer. Ik kan je wel 'n drank leveren zo groot als een emmer, voor één gulden, maar als je - zoals jou voor de maag - goed moet hebben, dat 70 à 80 gulden 't gram kost, dan verandert de zaak. In elk geval, ik kan je 'n specifieke rekening leveren, maar dit zeg ik jou vooraf, dat kost je geld, want 't blijkt mij, dat ik de rekening tien gulden te laag heb opgetrokken. Ik heb geen tijd meer aan jou te wijden, wil je enige korting, 'k zal - als je nu direct betaalt - tegen f 65 kwiteren en doe je 't niet, dan moet je onder protest, dus ook nog de kosten voor je, de rekening voldoen met f 78,77 en een halve cent. Je kunt dus, met nu te betalen, nog een gulden of vier úthoalen’. De Boer: ‘It is mei jimme slim fechten, mar o man! Praet sa't je wolle, ik sjoch yn dit bidriuw ûnrjocht, mar foldoch. Ik sil de 65 goune jaen. Freegje ús noait wer nei 't paed, ik fornim dat jo de wei wol fine kinne’. Dokter foldocht en seit: ‘Dank je wel, de Boer! 'k Hoop dat het je goed gaat, de groetenis aan je vrouw!’ Hm!!! grånzget de Boer yn 't fuortgean en dat grånzgen follen mei him, dy't it amper allyk ôfgyng. Dokter hie yn in amerij hûnderten binnen. Folle lytsen liet er ús hâlde, mar dêr is neat fan thús kaem, mar fan dy't 't to krijen wie, dy moasten bliede. As 't moast, stie dokter syn rekkening op poaten. Myn broer en ik waerden knap leane. Minne krige boppe de hier folle saken dy't dokter net mear nedich achte en sa teagen de lju wei, troch follen forwinske, troch oaren segene, mar mei koarten by de measten forgetten, út 't each, út 't hert, sa giet it dan en doe jit gauwer as nou: trochdat der gjin kunst- of spoarwegen wiene, minder kanalen en gjin stoomboaten der op, wie elts doarp en eltse stêd mear op syn eigen en op himsels. Makkum lei fiersto fier fan Burgum om dokter Hubertus nei to printsjen. | |
[pagina 71]
| |
Yn de jierren dêr't ik fan fortel, bistie der yn ús lân in desdanigen striid oer tsjerkeleare en gelove, allerillindichst. Op lêst fan de synoade waerd yn de gereformearde tsjerke it sjongen fan de nije gesangen ta wet steld, men woe de minsken mear forkristlikje. Dêr kaem de frije geast tsjin op. De lju dy't oan bibel en testamint har hâldden, omdat it Gods wurd wie, woene fan de nije gesangen net witte. Sa ûntstie der in geastlike en heilige oarloch, hwer't synoade en regearringe har ivich foar skamje moatte. Sa binne afgeskeidenen ûntstien, dy't jimmer oanspraek meitsje op ús achting. Hja lieten de tsjerken mei har bisittingen farre en stichten út eigen jild in gemeente; mar foar't dy fêstige wie, gyngen hûnderten mei dominy van Raalte en H. Scholte oan 't haed, nei Noard-Amearika. De earste boude foar him en syn kudde de nou sa greate en treflike stêd: Grand-Rapids, yn Michigan, en de oare Pella yn lowaGa naar eind5. In swager fan myn broer gong mei de famylje Viersen, fan Driezum, mei Scholte. God wie mei har. Mei 'e tiid kamen der sokke tidingen út Pella, dat myn broer mei syn wiif en twa bern, him oan mear oaren fan Burgum oansleat en ek de reis nei de Nije Wrâld ûndernaem. Dat barde 9 maeije 1849. Harmen Zijlstra (moast wêze: H. Sytstra)Ga naar eind6, wie doe ús ûndermaster, dy hat der jit in rym op makke. Hja binne dy master tankber bleaun, hy hie har earst safolle Ingelsk leard, dat hja der har mei rêdde koene. Eare myn ûnforjitlike freon, hwaens byltenis ik altyd foar my ha en hâlde wol, o my tinkt wy fine inoar wer, hoe lokkich ha wy mei inoar west. Forjow my de tuskenpausearinge; men tinkt as men âld wurdt en folle forlern hat, sa graech wer oan hwat jin yn jins blide jierren en tiden lokkich makke.
Yn de tiden hwer't ik fan skriuw wie 'r jit bilêsting op de feantsjerije. Ek in skandael dêr't wy nou lokkich ôf binne, mar as 't klyn plat lei, kaem de turfmjitter mei syn roedestôk, om it op to mjitten. To uzes kaem in turfmjitter fan Wolvegea, dy hjitte Douwe Winkler, in tige kreas en gnap jongfeint, ja heareftich, mar dêrfoar wie 'r ek lânsamtner, al wie 't in weinmakkerssoan. It wie tige bêste jonge, mar trochdat der hwat to folle kwik yn siet, slagge it him net by 't jongfolk yn achting to kommen, men hie de gek der mei en just dêrom hellen wy, myn trouwe makker H. BosgraGa naar eind7, in beamkwekers- | |
[pagina 72]
| |
soan en Ikke, Winkler oan. Hy fortsjinne ús freonskip en wie der tankber foar. Winkler rekke to Koatstertille foreale op in tsjeppe, sêftaerdige kastleinsdochter, tige gnap folk wie de famylje Eldering, en Sytske boaske mei Winkler. Mar doe't dy kûgel troch de tsjerke wie, waerd Winkler oerpleatst nei Wolvegea, nei syn berteplak, dêr't er mear ynkommen krije koe. Hy naem ofskie fan ús en yn 'e rin fan 'e jierren wie 't mei ús ek al wer: út it each, út it hert.
Wer forroannen der in jier oardeheal. It waerd winter. Nou kin de winter him soms sa dwers en mâl kenne litte, sa woest en wyld dat men hast sizze soe: bist wol goed by de sinnen? Dat is dan, as 't fel snijt en de stoarmen rûzje, sadat houn noch kat bûten doar bankje kin, de weinen net ride, de post net rinne, de finsterbanken, ja de glêzen fol snie jeije, yn 'e smoutte dunen fan snie opheapje, dêr't men oan de earmen ta yn sakket as men der troch wol. Nou, sa'n snein bilibben wy ris; elk dy't in goed fjûr op 'e hurd hie (kachels wist men net fan) en syn gerak goed hie, mocht tankber wêze en bleau binnendoar. Mei myn goede âlden mocht ik dat lok smeitsje, mar, doe't eftermiddeis de wyn hwat lizzen gong en it snijen ophâldde, krige ik de gekke ynfal om út to kuijerjen to gean. Ik redenearre sa: wy sjogge ús moaije Wâlden by 't simmer sa leaflik, lit ús dy ek ris biloaitsje as hja der sibearysk útsjocht. Mem en heit achten it dwars en forkeard, hwant it wie net to gean, mar ik de learzens oan, ik snie der út, ik koe dochs ek werom keare. By de Burgumertsjerke (ik gong nei it easten út) hie 'k de earste kearewearGa naar eind8: in dún sa heech as ik sels. Mei in omwei en der heal troch kaem ik fierder. Ik birikte de beamkwekerije fan de widdou - nou de firma Bosgra - ik foun der myn thús by myn stalke Hindrik Bosgra, de soan fan de widdou. De lju seine dat ik wol op Don Quichot like, in held, mar mei in streek troch de harsens; mar mâlder harken se op, doe't 'k Hindrik seach oer to heljen mei my nei 't BoskhûsGa naar eind9 to kuijerjen, it leaflik Boskhûs, hwer't wy by 't simmer snein op snein yn 't bosk sieten, dêr woe 'k nou ek wol hinne, nou't de natûr sa'n woestenij like. ‘Oft ik sijocht wie?’ Né, ik wie goed by myn sûp en stút, it wie ljochtmoanne, it waerd stilder, wy moasten nei 't Boskhûs. Ik praette sa swlet en sa lang dat | |
[pagina 73]
| |
Hindrik sei: ‘Hawar, ik weagje 't, der oer of der troch, wy sille wol wer by honk komme’. Sa gongen wy as weachhalzen op paed, soms sieten wy ta oer de mul yn 'e snie, soms moasten wy, lykas ik by de tsjerke, in omwei meitsje. Fan Burgum nei 't Boskhûs is in heal ûre gean. Wy skripten der oer fan twa ta great fjouwer ûre, en dan jit fan de Nijstêd ôf rekkene, dat amper toalf minuten neijer oan 't Boskhûs leit as de kom fan 't doarp. Ja, ja, it wie in reis, in dollemansreis, en doe't wy einlings it Boskhûs yn stapten, sei de kastlein mei rjocht, dat ús nammen moasten mei kryt oan de balke, wy wiene hjoed de earste klanten dy't syn jachtweide yn stapten. Atse syn wiif, Tryntsje, en syn beide famkes, syn suster Poai en syn feint Tsjeard, kamen ek yn om ús to biwûnderjen en allegearre wiene se it iens dat wy helden wiene, mei oare wurden sljochte tjirken, hwaens namme yn almenak of krante koe. Wy laken der ris om en sochten gau in plak by de hurd, hwer't in freonlik fjûr baernde. Hwat al in gekke ynfal: yn sok miswier nei 't Boskhûs. 't Is my oan't hjoed ta in riedsel, ús yn 't swit baggelje, troch sniedunen en kjeld, wylst wy beide sa'n kostlik thús hiene. Wie 't God, dy't ús der hinne fierde? Wie it Needlot? Wie it tafal? Hwa jowt andert op dy frage, ik doar it oan hjoed ta net dwaen, it bliuwt foar my in riedsel, mar dy reis krige in greate bitekenisse, ja, wûnderbaerlik, selde sil men sahwat lêzen ha.
Wy - de twa ûnwaersfûgels - de earste klanten op dy snein op 't Boskhûs, dat in wikselpleats wie, hwer't de postweinen en postkarren fan Grins op Ljouwert en fan Ljouwert op Grins, nlje hynsders foar spanden, dêr't in drokte wie sûnder ophâlden, wy moasten traktearre wurde. Nou, dan elk mar in goed kop kofje. Dan wist Atse it wol, hy bringt de koppen kofje, mar lapt yn elts in glês Curaçao, dat wie lekker sei er, dat hie mynhear Westra fan Kollum him leard. It wie sa, it smakke goed. Ik haw it letter ek wol kocht. Fan de foardoar ôf nei de strjitwei hie de kastleinsfeint in paed skept en nou en dan roun Atse dat paed op om de strjitwei út to dikerjen oft der libben yn de brouwerij kaem. En ja, dêr kaem er yn mei de tiding, dat der in trijehoek mei fjouwer hynsders der foar oankaem | |
[pagina 74]
| |
Mei koarten hiene wy dizze lûkmartigeGa naar eind10 foar 't Boskhûs, hwer't de hynsders wiksele waerden, de fuorlju in snaps namen en ús meidielden dat der in ‘bij-wein’Ga naar eind11 yn 't kommen wie. In ‘bij-wein’ neamde men in rydtúch dat de tsjinst die, as de postwein de passagiers net bergje koe. ‘Bij-wein’ wie in Hollânsk en Frysk keppele wurd, ‘by-wein’ sei men net, jimmer ‘bij-wein’. Mar in ‘bij-wein’ wie yn 't kommen, dy koe mei trije hynsders derfoar, nou't de trijehoek rom baen makke hie, der troch, tominsten dat waerd bisocht om de post, en der wie ek in passagier yn. Dy bij-wein woene wy ôfwachtsje en dan soene wy wer sjen thús to kommen. Lang om let, doe't de trijehoek al lang wer fuort wie, dêr kaem de bij-wein foar de doar, de ienichste passagier dy't der yn wie stoep der út en, wûnder boppe wûnder, dat seagen wy daelk, dat wie nimmen oars as ús âlde freon Douwe Winkler fan Wolvegea, de turfmjitter. Wiene wy forraske, hy net minder, doe't er ús yn 'e jachtweide foun. ‘Goede gunst’, sei er, ‘keardels! jimme hjir? Hoe is 't mooglik? Hoe komt dat?’ Wy wiene to kuijerjen, seine wy. Doe lake Winkler en foun dat wy al hjit op kuijerjen wêze moasten yn in waer, hweryn elts der út soarge. It wie wrachtich gjin tiid to kuijerjen. Wy seine: ek gjin tiid om nei de faem to swabjen. Hy joech ús gelyk, mar it wie sa. Hy waerd joun op 'e TilleGa naar eind12 forwachte. Nou wie er fansels justerjoun to Ljouwert kaem, dat die er altyd, oars miste er de Grinzer postwein. Nou rekke er to Ljouwert yn de snie. Hy koe fuort noch tobek, mar doe't der om de post in trijehoek oanslein en in bijwein ynslein waerd, wie er dêr mar ynkrûpt, birikte er Koatstermoune, dan moast er sjen op 'e Tille to kommen. Wy wiene bliid mei inoar en omt de bijwein folle hurder koe as de trijehoek, hiene wy wol tiid to kâltsjen en frege 'r ús nei syn kostfrou Atsje Goslinga en Felje, dat sokke bêste minsken wiene en oer hwa wit hwat mear praetten wy, doe't er sa sel: ‘Hea, Van der Meulen, jo ha my doe wolris forteld fan dokter Hubertus en hoe nuver as dat gien wie, wit jo wol dat dy nou to Wolvegea wennet en yn 't foarjier nei Amearika giet?’ Ik harke der raer fan op. 'k Wist fan neat en 'k mocht sizze, dat in dokter dy't sa jamk fan plak wiksele wol in waffelkream der op nei hâlde koe. ‘Earst nei de East, doe hjir fan oarde ta oarde, en nou | |
[pagina 75]
| |
nei Amearika. Hy kaem út de East wei omt Anneke koe net oer de hjitte. Hy kaem fan de klaei omt Anneke koe net oer de groun, hwat biweecht Anneke nou?’ ‘Neat mear’, sei Winkler, ‘jo binne de tiid alhiel ta 'n efter. Anneke rêst wol in healjier op it tsjerkhôf, dy is ûnforwacht stoarn, dokter is in toarn letter foreale rekke en boaske oan in widdou Glastra, in boerinne, hja trouwe yn nije wike. De famylje wie der tige tsjin, mar hy hat it wlif alhiel yn syn macht. Hja is sljocht nei him. Hja hat sawn bern, mar hja hat in eigen pleats. Alles wurdt earstdeis forkoft en dan geane se wolsteld nei Amearika’. ‘Libje dokter syn beide bern jitte?’ ‘Ja, jo ha der doe sa op romd, dat it sokke moaije bern wiene, dat binne se bleaun, 't is in lust. Mar dy bern by de sawn fan har, dat is njoggen. It is in húshâlding; lokkich dat frou Glastra oer kaptael biskikke kin’.
Moast ik, om dat nijs op to dwaen, troch sniedunen en kjeld út leafhawwerij nei 't Boskhûs? Of barde it om ús, de bêste freonen dy't er to Burgum hie, jit ien kear en wol foar 't lêst by Winkler to bringen? Wy hawwe him noait wer yn 't libben sjoen, mar 't is him skoan gien. Hy is lokkich troud mei Sytske fan de Tille. Hy is op in foarname pleats yn Grinslân ryksûntfanger wurden, dat en mear net kin ik der fan meidiele. Wy toefden sa lang op 't Boskhûs dat de hynsders wer foar de wein wiene en Winkler syn frijers-reis forfolge; doe swalken B. en ik wer troch de sniedunen of der oer, op hûs oan. Wy hiene nocht hawn, mar dat ús ûnwaersreis folle mear to bitekenjen hie of krije soe, dat foarseach gjin ien fan ús.
Sa't 'k sei, 9 maeije 1849 gong myn broer nei Noard-Amearika en festige him to Pella yn Iowa, dus yn de stichting fan dominy Henry Scholte en 't wie mei ús net út it each, út it hert, wy hâldden trou briefwikseling en in brief wie destiids 6-7 wike ûnderweis. It wie myn bar wer fan skriuwen. Ik skreau fan heit en mem, fan deaden en libbenen, fan alles, en nou skreau ik der ek yn dat ús buorman fan alear, dokter Hubertus, neidat er Anneke forlern hie, wer troud wie mei in rike boerinne to Wolvegea, mei sawn bern, hwerby dan dokter syn eigen kamen en dat er mei dit greate gesin nei Amearika teach; foar de grap foege ik der jit by: ‘Licht komt | |
[pagina 76]
| |
er jitris by dy’, mar ik tocht der gjin hier fan op myn holle, Pella lei hast 500 ûren it lân yn en dokter fêstiget him, woe ik ha, folle earder en better yn in greate stêd! Dy brief mei dat nijs, troch my opdien op ús dollemanskuijer nei 't Boskhûs, waerd ôfstjûrd. Mei in fearnsjier koe 'k andert ha.
Hoefolle wiken der krekt forrounen, wit ik net, mar 'k wit wol dat ik op in moarn in brief út Amearika krige, lykas ik net wend wie. In brief út Pella, mar net fan myn broer. In folle deftiger brief. In brief yn in tsjok brieve-omslach, mei op 'e efterside in roun wapen, hwerop ik yn bas-relief lies yn 't rounom: Henry Scholte, Sheriff. ‘O hea’, sei ik tsjin myn âlden, ‘nou is myn broer, tink ik, dea, dit is in brief fan de boargemaster-frederjochter’. Hoe raer harken wy op, doe't wy de ynhâld hearden:
Aan Mr. T.G.v.d. Meulen, Bergum. Pella...... Voor een week of vier is hier gearriveerd een bij uw broeder wel bekend persoon, dokter Hubertus, die zich uitgeeft te zijn weduwnaar en vader van twee kinderen. Hopende dat uw broeder, die hem kende, omdat hij bij U dokter was geweest, hem in Amerika vriendschappelijk ten dienste zoude willen zijn, is hij naar hier gekomen. Door uw broeder geintroduceerd, won hij al ras vertrouwen en wel in die mate, dat hij een verkering aanknoopte, met een welbemiddelde boeredochter uit onze environs. Dit engagement zou leiden tot een huwelijk, dat huwelijk zou heden morgen 12 uur door mij worden gesloten. Een talrijke stoet van bruiloftsgasten was er bij tegenwoordig, maar - terwijl ik nog bezig was het trouwformulier te lezen, stormt uw broeder Mr. A.v.d. Meulen de rechtszaal in en roept uit, over alles heen: ‘Meester Scholtel Schors dit huwelijk, die man is geen weduwnaar, hij is voor de tweede maal gehuwd met ene weduwe Glastra van Wolvega, een welbemiddelde vrouw met zeven kinderen. Hier is een brief van mijn broeder uit Bergum, zo juist ontvangen!’ Dat dit intermezzo een hele beweging gaf in en om de rechtszaal, kunt gij denken. Dokter heet alles leugens, maar Ik heb mij verplicht geacht, het huwelijk alhier te schorsen. Indien 't waar is, wat gij schrijft, licht dan te Wolvega een hu- | |
[pagina 77]
| |
welijksattest, laat het legaliseren en viseren bij de Amerikaanse Consul te Amster- of Rotterdam, zendt het dan met de meeste spoed aan mij. De kosten worden U ruimschoots door mij vergoed. Hoogachtend, Uw Dv. dienaar HENRY SCHOLTE
Ik krige in skrik. Men heart soms nijs, dat men leaut en wer fortelt en dat letter blykt dochs net wier of heal wier of hiel oars to wêzen. O to deale, hie Winkler alles mar goed witten! Hie 'k destiids nei Wolvegea komme kinnen sa maklik as nou, ik hie der gau west, mar in reis nei Wolvegea wie fan Burgum ôf in reis fan twa dagen en tsien goune kosten. Ik moast klearrichheit ha, foar't ik my by 't gemeentebistjûr forfoege; ik tocht, lit ik in brief skriuwe oan de dominy, in dominy kin men ornaris bitrouwe, ik rieplachte in seissintersk almanak mei klasjes en de dominy, dêr't 'k oan skreau hwat ik winske to witten, hjitte Meijer. Oan dominy Meijer to Wolvegea gong myn brief en gauwer as ik forwachte hie 'k andert. De brief bigoun sa:
De heer T.v.d.M., te Bergum. Mijnheer! Hubertus, dat monster der hel, is hier gehuwd met een zekere weduwe Glastra, een onbesproken knappe vrouw met zeven kinderen en tamelijk wel bemiddeld. Hij heeft het gedaan weten te krijgen, dat al hare vastigheden verkocht werden - ze was boerin - en toen is hij met het gezin via Engeland naar N.-A. vertrokken. Te Cincinnati heeft hij de weduwe met haar zeven kinderen van alle geldswaarden beroofd en is daarmee en met zijn beide voorkinderen verdwenen, niemand wist tot heden, waar deze onmens gebleven was. Door u weten wij 't nu. Gelukkig dat uw bericht nog juist tijdig genoeg Pella bereikte om een tweede gruwel te voorkomen. Ik vervoeg mij met uw schrijven bij 't gemeentebestuur en zal wel zorgen, dat gij spoedig in 't bezit zijt van een huwelijks-attest en handel er dan verder mee naar de eis der wet. Gij zijt in Gods hand een middel geweest om een gevaarlijk individu te ontmaskeren. Gans Wolvega is u dankbaar, al is de weduwe ook, door behulp van de Neder- | |
[pagina 78]
| |
landse Consul, in kommervolle omstandigheden nu ten laste van hare familie te Amsterdam, te weten dat haar verderver zijn verdiend loon zal ontvangen, bevredigt het wraakgevoel van alle weldenkenden. Met hoogachting, (was get.) MEIJER, predikant Wolvega, Dy en dy 1851)
Nou wie der my in stien fan 't hert. Nou koe 'k gerêst wêze dat de tongerslach, dy't myn wurden yn 'e rjochtseal to Pella west wiene, heard wurde mochten. Meikoarten hie 'k it houliks-attest en waerd dit troch de Amearikaenske Consul wettige, en 't is de hear Scholte to hannen steld, mar tsjinst hoefde it net to dwaen, hwant doe't it oan 't adres wie, wie dr. Hubertus sels al oan 't lêste adres, op 'e deadsikker to Pella. Hoe't alles yn syn wurk gien wie, bin ik folle letter, net troch myn broer, mar troch in swager fan him gewaer wurden. Myn broer woe 't my leaver net sizze of skriuwe, en dochs woe 'k it wol witte. Doe't myn broer myn skriuwen yn 'e rjochtseal útgjalpte, die er dat wrychtich nei mei blydskip, mar as in plicht dy't him swier foel to folbringen. Ek foarseach er wol dat it nuvere gefolgen ha soe, dat hie er wol sjen kinnen út de eagen dy't dokter op him sloech. De hiele stêd wie yn rep en roer, en ringen wie 't yn 'e kranten. Dokter wist myn broer ûnder fjouwer eagen to witten to dwaen, dat dolk, brân of forgif him ringen d' ivige sillichheit jaen soe. Myn broer brocht dit drigemint oer oan Mr. Scholte. Dizze bilei de rie en de rie die in birop op it folk, foar safier dat de boargerij ynienen bûten de rie om, in wacht ynstelde foar dr. Hubertus. By nacht of dei koe dokter him net bûten syn went sjen litte of hy waerd biluorke. Hwat in akelik libben foar sa'n man en dat moast duorje tadat de biwizen fan syn houlik mei de widdou der wiene en hwat dan? De wide wrâld waerd dokter to nau en to near. Hja founen him op in moarn op bêd dea en in leech fleske, dêr't morfine yn west hie, njonken him. Fan 't kaptael dat er sa skandelik bimastere hie, wie weinich of neat mear, dêrfoar hie er, om de rike boeredochter to bimasterjen, fiersto folle swé slein. | |
[pagina 79]
| |
Nette en Herman wiene wezen, mar doe tochten myn broer en syn wiif wie 't net mear as plicht as dat hja dêr as heit en mem op taseagen en de bern omheech holpen. Hja hawwe der eare fan hawn, tank mei bihelle. In soan fan Nette ha 'k jitte as feint yn de winkel fan myn neef de hân jown to PellaGa naar eind13. Sjoch dêr in stik fan myn libben, nei wierheit to boek steld. Ik hoef der neat by to dwaen, neat ôf to nimmen. Ik bin wol gjin oergelovich minske, en ik hechtsje my yn folle dingen mear oan de leare fan Boeddha as oan de kristlike leare, dy't yn de rin fan jierren blike sil, dat gjin stek hâldt, mar as ik tink hoe nuver ús wei soms rint, hoe wûnder it iene jamk út it oare fuort komt dan tink ik wol ris oan de psalm nei de Hollânske biriminge: Wie wijs is merke die dingen
En geeft verstandig acht
Op 's Heren handelingen
Zo vol van liefde en macht.
Hwat preske my oan, doe't 't hast ûnmooglik wie om der to kommen, nei 't Boskhûs to gean om der Winkler to finen, om bigamy foar to kommen? Wie 't tafal, needlot of God? |
|