In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 47]
| |
De bikearing fan Sijke LapeYn syn jongfeintejierren wie Tsjibbe Gearts yn it godstsjinstige tige sykjende. Sadwaende hoecht it jin gjin nij to dwaen dat er yn in gearkomste fan ôfskiedingsminsken bidarre. De bikearingsskiednis fan it minske dat yn ûndersteand stik oan it wurd is, is in ûnderdiel fan in rige artikels ‘Aan Dr. L. Wagenaar’ yn syn krante ‘Kanton Bergum Advertentie en Nieuwsblad’ fan 1886. Us stik is to finen yn it nûmer fan 29 maeije 1886. Oanlieding ta it skriuwen is de brosjuerestrild fan dy snuorje tusken Piter Jelles Troelstra en Lútzen Wagenaar. Tsjibbe fortelt dêr gâns yn oer eigen religieuze ûnderfining en ûntjowing. Hoe krekt Tsjibbe Gearts safolle jierren nei dato de wurden fan Sijke Lape werjown hat, die bliken op 13 augustus 1973, doe't Y. Poortinga fan St. de Bruin it forhael fan Sijke Lape opnaem, sa't dat troch in buorfrou fan syn beppe op it Surhústerfean forteld wie. It is omtrint gelyk, sels de ‘weismiter’ út Sijke har wurden kaem werom. De bikearing fan in turfskipper út Augustinusgea, dy't Tsjibbe krekt fan tofoaren yn deselde artikelrige meidielt, wist de Bruin boppedat hast krekt gelyk to fortellen. De turfskipper wie in âldomke fan himsels.
'k Zat eens te Augustinusga opgesloten in een boereschuur, aangezien burgemeester De With van Buitenpost, in naam der wet, aan Tamme Uiterdijk,Ga naar voetnoot1 toen een wedergeborene en rijk met Godsgeest bezielden verver te Twijzel, later predikant te Schoonhoven, verbood, Godsdienstoefening te houden. Geen mens mocht er in of uit. Binnen waren wij vrouwen, kinderen en mannen, zeker wei ten getale van tachtig, en de wet verbood alle samenkomsten boven de twintig personen, meen ik. Eigenlijk was 't een dwaze wet, maar Uiterdijk bukte er voor en sprak in de binnenkamer over de ver- | |
[pagina 48]
| |
drukking van Gods volk. Maar achter in de schuur, waar de oefening had moeten plaats hebben, zaten ook velen en daar was, evenals ik het in 1881 in een Kwakerkerk te PhiladelphiaGa naar voetnoot2 zag, de geest in een vrouw gevaren, die daar geestelijk licht verspreidde. Die vrouw kende ik van nog veel vroeger tijd. Toen reisde ze met bonte lappen op de kermissen, en zo kwam ze ook te Bergum. Ze woonde te Surhuisterveen en droeg daar de naam van ‘Sijke Lape’. Ze zal daar wellicht nog niet vergeten zijn. De woorden, die de vrouw sprak, waren, gelijk zulke woorden altijd zijn, (daarvan dus geen herhaling) maar haar bekeringsgeschiedenis zit mij te goed in 't geheugen, om ze hier niet mee te delen. Zo goed woordelijk. ‘Ja, hwat dat seit om fan de wrâld losskuord to wurden, om de Heare ta to bihearren, dêr wit ik fan mei to praten. Hwant o! dy wrâld hie my alhiel yn 'e macht. Ik wie, as siz ik it sels, in knap frommiske, en as de Heare in minske it moaije jowt, dan jowt de divel de idelheit. Gods wurd wie foar my in sletten boek, dêrom gong ik komselde nei tsjerke. Ik hie de gek mei Gods volk. Onder 't bidden tocht ik mear oan mysels as oan de Heare. Moaije klean en pronk wie myn winsk en my moai opdideldeintsje myn lust. Mar hoe min men op 'e wrâld fortrouwe kin. Ik krige in sibbe frijer en dêr soe ik mei trouwe. Ik wie alleman to ryk, dat giet dan sa. Wy merken en wy rieden, en maeije soe 't mei ús tagean. Alles wie klear, en hwat bart? Noch foardat wy geboadens hiene, komt myn frijer to stjerren. Dat die my sa oan, dat ik by de muorre hast op fleach. Hwant hwat is 't gefal? In onwedergeboaren minske siket syn treast en bihâld by de wrâld en as dy wrâld him dan ûntsinkt, sinkt er sels ek, krekt as in skipper op in lek boat, dat nei de djipte giet, de skipper sinkt mei. Nou ik wie amperoan sljocht fan rouwe; myn afgod sonk yn 't grêf, en ik forwinske binei ús leaven Hear dat er my dit tastjûrde. Ik wie doe acht-en-tweintich jier, en fielde wol dat it myn tiid waerd, soe 'k oan de man, en nou him sa misse to moatten! Hwerom moat it sa? Dat frege ik tûzen kear. Doe krige ik gjin andert op dy frage, mar dat kaem in toarn letter. Hoe, dat sil ik jimme sizze. Ik klamde my mei 'e tiid wer oan 'e wrâld fêst en seach troch kreas-wêzen en pronkjen opnij feinten to lokjen. Sa 'k sei, ik gong selde nei tsjerke, mar ik bigoun dêryn to foroarjen, ik tocht: hâldst dy hwat froom, | |
[pagina 49]
| |
dan komt der licht in bidêst froom âldfeint om dy. Hwat in goddeloas monster wie ik foar it each des Hearen! Hoe koe de Heare my duldzje? Nou wie 't ris op in sneintomoarn by 't winter. Ik tsjinne destiids by boargerljuwe. Ik wie bitiid op. Ik wie fan plan, omdat ik in nij jak krige hie, ris pronkmoai nei de Ham nei tsjerke to gean om my biwûnderje to litten. De feart wie sletten mei iis, en foar uzes hienen wy, lyk as allegearre om ús hinne, in bit, om der wetter út to heljen, to waskjen en to plaskjen, lyk as dat giet. It wie in stille bielderige moarn. De moanne ljochte jit oan de locht en dêr waeide gjin sigentsje. It frear in bytsje, oars soe men oan in simmermoarn tocht ha. “Dat trefste”, sei ik yn mysels, “hjoed moai waer, hwa wit hwat fortuten as dyn nij jak docht”. Ik naem de bile en kapte it bit iepen en smiet de iisskotsen op 'e kant. Sa lei ik foaroer by it bit to mimerjen en sa seach ik yn it wetter myn eigen bield. “Nou”, sei ik, “dou biste to knap om in weismiter to wurden”, en it wie krekt of hearde ik in stimme dy sei: “dat biste”. En sa't ik jit myn bield yn 't wetter sjoch, seach ik samar ynienen njonken dat bield, de gedaente fan myn frijer dy't yn 't grêf lei. Krekt sa klear as ik mysels seach, seach ik Melle. Ik waerd sa mâl, dat ik de holle opskuorde en útrôp: “Och Heare!” En doe't ik opseach, seach ik op 'e side by 't bit dan sa'n allerfreeslikste gedaente stean. In gedaente, sa as Job bisochte, en de Heare Jezus yn de woestine. “Né”, sei de divel, net de Heare, mar my. Folgje dyst leaf haste’, en sûnder dat ik der hwat tsjin dwaen koe, wie 't of ik forlamme. As lei ik op 'e knibbels, ik waerd as foaroer treaun en ik foel foaroer yn 't bit. Hie ús buorman ek net bitiid op west, en nei 't waer sjoen, ik wie fêst fordronken, mar dy fleach op it bit oan. Hja hawwe my yn 'e hûs tôge, mar twa etmalen lei ik sûnder my amper forroere to kinnen. Mar hwat der doe net yn myn siele omgien is, dat is mei gjin pinnen to biskriuwen. Doe is de striid bigoun tusken de Heare en de divel. Doe kaem it der op oan. Doe waerd dat idele, yn 'e sonden bistjurre hert brutsen. Doe learde ik de Heare Jezus to sykjen. Binaud haw ik it hawn, mar de Heare is baes wurden. Nou fiel ik hwerom alles lâns sa'n wei moast. De middels dy't de Heare oanwendde wiene hurd, mar hy moast ek in stielen herte brekke. Dat is brutsen en sa bin ik troch Gods genade, dielgenoate wurden fan Syn gerjochtichheit en sil ik ienkear diele yn de hearlikheit, dy't | |
[pagina 50]
| |
God yn 'e Himel foar syn bern iepenhâldt. |