In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 32]
| |
In brulloft yn 'e WâldenTsjibbe Gearts mei dan al gau syn nocht fan 't bakken ôf hawn hawwe, syn leartiid by de Ikkerwâldster bakker Anders Foekes Halbesma (net ‘Halbersma’, lyk as Tsjibbe skreau) dêr't er as opslûpen feintsje in skoft tsjinne, hat foar him as skriuwer letter dochs ek in weardefolle boarne west. Wy tankje dêroan in kleurige en fleurige biskriuwing fan in brulloft yn de jierren '30 fan de foarige ieu dy't boppedat hwat sfearwurking èn details oanbilanget tige authentyk op de hjoeddeistige lêzer oer komt. Tsjibbe Gearts wie al in jierrich man doe't er dizze oantinkens ophelle; it stik, dat hjirûnder folget, is opnomd yn de ‘Friesche Volksalmanak’ 1897, mar hy biskriuwt it feest as wie it foar him juster bard. De dokumintaire wearde fan it stik is great, mar datselde kin sûnder mis sein wurde fan de bydrage dy't dit ‘tobinnenbringen’ leveret ta it byld fan de skriuwer sèls en syn ‘geastlike foarming’, dy't troch alderhanne lytse trekjes en binammen ek troch de kostlike opmerkingen yn de ‘taheakke’ frijhwat reliëf krije. Hoe hing ze me aan den hals die lieve bolle blonde,
Bij 't zwaaien door malkaar den dorschvloer in het ronde.
Bij 't kouten van den min.
Immerzeel: Hugo van 't WoudGa naar eind1
De wensten en gebrûken fan de Friezen ‘op it plattelân’, lyk as men wol seit, mar ik mien by de Fryske biwenners fan ús doarpen en de kontreijen der om ta, dy binne yn 'e lêste jierren al hurd foroare. Hwer't men yn 'e foarste helte fan dizze ieuwe fan âlder ta âlder oan fêsthâldde en neifolge, omdat it sa hearde, en sa moast, hat men yn 'e lêste helte farre litten, omdat it út de tiid rekke. Ja, hwat ieuwen lang in wenst en in gebrûk wie, | |
[pagina 33]
| |
is yn de lêste jierren by 't forfleine rekkene; en folle fan dy wensten en gebrûken binne sa fier al efterút rekke, dat mennichien dy't nou libbet der neat fan wit; en as men der him fan fortelt, it net iendris goed fetsje kin. Dat men 't nije sa gretich en flink foar it âlde ruile, kaem troch mear as ien foroaringe dy't Fryslân yn 'e lêste jierren ondergong. Dêr wie it forbetterjen fan de wegen foarearst. Boun men earst mei strjitwegen stêdden oan stêdden, gong de provinsje dêryn foar, mei gauwens folgen de gemienten. Al njonkelytsenwei bounen strjitwegen en kunstwegen de greatste doarpen oaninoar; mar it duorre net lang of ek troch lytsere doarpen slingeren moaije wegen, dy't sels gehuchten der yn opnamen. Dizze moaije wegen joegen oanlieding ta bouwen en ta útwreidzjen fan doarpen en doarpkes. Der kaem folle mear reed,Ga naar eind2 men wie net mear lyk as foarhinne op jinsels, d' iene naem fan d' oare oer; en sa kamen der oare bigripen onder de minsken, en in oare sjenswize. De jonkheit foaral liet de miening fan d' âlden farre en klamme har oan har tiid har brochte. Mar Fryslân mocht foar dy moaije wegen tankber wêze - it wie der net mei foldien. It frege spoarwegen. Sint de stoomwein rydt, komt Fryslân mear yn 'e rige mei Hollân en oare provinsjes. Wy komme mear onder frjemden en frjemden onder ús, en alwer fordwynt der folle fan ús Frysk folksbistean, alwer reitsje folle wensten en bigripen fan ús âlden en foarâlden efter de bank, en omklamme wy, hast as mei stoom, hwat de stoom ús bringt. Gjin hynzer mear foar de tsjernmoune; men bûtermakket nou mei stoom. Gjin hynzer draeit mear yn 'e moalkerij de moune; men groatmakket en moalket nou mei stoom. Sylskippen binne der jit bleaun; mar de minsken reizgje, amperoan fan en nei alle doarpen fan Fryslân, mei stoomboaten. Ja, ja, troch de stoom teach o safolle hinne, dat ús ieuwenlang bybleaun wie en ta Friezen hâldde. Mei men, troch de folle forbetteringen dy't it nije ús brochte, 't ien en 't oar foarútgong neame, och der is foar ús Friezen ek folle forlern gien, dat ús âlders flijde, nocht joech en libbenswille. Friezen en Friezinnen, âld fan dagen, dy't âld en nij bilibbe ha, fiele dat; en dy't jong binne kinne der in bisef fan krije as se yn Halbertsma's wurken lêze: ‘Miswier’, ‘De Jonkerboer’, en folle oare moaije stikken, hweryn ús, as op | |
[pagina 34]
| |
skilderijen, it oannimlike fan 't Fryske folkslibben foarhâlden wurdt, út de tiden doe't doarpen en doarpen en stêdden en stêdden jit skaet waerden troch wegen, dy't winters jamk onder wetter stiene, en simmers troch djippe spoaren en holle gatten, min to biriden wiene. Ik haw jit in tobinnenbringen út de tiden dat Burgum troch sokke wegen fan alle oare doarpen skaet waerd. Ja, sels fan de Burgumer Nijstêd en de Burgumer Daem. Ik kin my de tiid tobinnenbringe dat de daem by de iikmouneGa naar eind3 (nou oaljemoune) wol onder wetter stoe. Yn dy dagen wie Burgum ek lykas oare doarpen mear op himsels as nou, en sochten de minsken de wille bymekoarren, mear as nou, nou't men amperoan foar neat, rounom hinne komme kin mei spoarwein, boat of tram. Onder de boerestân en de boargerstân wie it in âlde wenst, dat men jouns waerm miel iet. Deis poatiten, earte, beantsjes, groat, koalraep en sa. Mar jouns, by sommigen om sawn, by oaren om acht ûre, dan kamen der ierapels op tafel. By follen mei droech spek yn 'e koekpanne bret, by oaren mei skiepflesk, of ek wol mei pikelflesk. Net allinne boeren, mar ek mennich boarger slachte hjerstmis in kou, en hie flesk yn 't fet. Mar oaren ieten ierapels mei seane moster en smoar, dat men fan de stêd meinimme liet, fan de kersraners. Hwat hat men al hwat to fordúdlikjen, sil jong Fryslân dit lêste fetsje. Mar sa iet elk jouns waerm miel, dêr koe in fatsoenlik minske dy't syn wurk goed die, net bûte. Kaem de winter yn 't lân en wiene de jounen lang, dan kamen jamk nei iten buorlju of goefreonen of famyljelidden, byeltsoar om in pantsjefol kofje. Der kaem in klontsje en in stikje koeke by, o hwat siet men dan smûk en moai om de hurd, hwerop dan in goed baggelerturf- en houtfjûr baernde. Hwat sieten de maniju dêr moai mei de fuotten op 'e plaet; wy as bern, as ús 't opbliuwen gund waerd, der op lytse skammeltsjes of stuoltsjes tuskenyn. Hoe moai sieten de froulju dêr by de tafel to naeijen of to breidzjen; de spinwiele waerd dan op side set. Hoe moai siet men dêr dan by 't ljocht fan in tútlampe, dy mei griene oalje it katoen fet hâldde, hwerfan nou en dan de kop mei 't lampetankje ôfknipt waerd. Dan sieten de maniju dêr to praten oer har deisk bidriuw, | |
[pagina 35]
| |
oer fette bargen of farske hjerringen, dy't men destiids, in ammerfol, sims in holle kroade fol, foar in skelling kochte, oan latsjes ophinge, en boppe de hurd rikke. Dan kamen se oan 't fortellen fan strange winters, fan hurdriders, en sims ek, en dêrta joegen de froulju, dy't mei lytse bern omtobden, jamk oanlieding, oer tsjoenderije. Elts doarp hie doe syn tsjoensters. Burgum hie, doe't 'k in lyts jonkje wie, trije. Fan tsjoenderije kaem men wol op foartsjirmerije, en dêrfan op spoekerije, en sa kofjedronk men dan ta dat it âlve, toolf ûre waerd. Us, as bern, waerd jamk al earder genacht sein. Mar dy kofjedrinkerijen nei 't jounmiel waerden fêstoan alle winters ôfwiksele mei, tominsten ien kear, nei-inoar ta to jounmieliten. To deale, dêr siet mear oan fêst. Elts hie yn syn stân freonen of migen dy't oer en wer yn in winter byinoar kamen to jimmetitenGa naar eind4. Heit kocht der meast in goes foar. In oar mestte in pear hoannen; in oar in knyn, in oar wer hie in drint (Drintsk skiep) slachte. Oaren retten it mei in skieppebil, wer oaren mei in bargekop. Mar elts dy't in bytsje koe, hie foar sa'n joun hwat dreechs. Dan kaem men om sawn ûre al byinoar. Earst hwat kofje drinke mei in klontsje. Dan kaem it slokje op tafel. De manlju jenever mei bitter; en allegear út ien healfearntsje glês. De froulju ek sa, brandewyn mei sûker. Leave sei, hwer soe 't hinne as elts in romer ha soe. Wy as bern krigen lykwols elts yn in thékopke hwat jenever mei sjerp. Wylst as de manlju dêr swiet bitteren en út lange pipen dampen en rikken, hinge de izeren poat mei ierapels oan 't hael of ketting, oer 't goed baernende fjûr, om gear to sieden. Goes of bargekop wie allang bret, dy stie yn 'e briedpanne op in komfoar, foar 't kammenet oer de flier, en de stoofde reade koal, of de panne mei rys, of hwat it desert wêze soe, der njonke. As de ierappels gear wiene, waerden se ôfdreage, mar de earste flap fan dit gleone ierappelwetter waerd yn in stiennen plat pantsje dreage, hweryn moster en moal mei hwat kâld wetter oanlingd, op wachte. Mei 't hjitte ierappelwetter dêrboppe op to jitten krige men, sonder se op it fjûr to sieden, seane moster; en sonder seane moster soene ierappels mei bargekop net smeitsje. It slokje rekke nou fan de tafel; en de holle pantsjes fan grou ierdewurk, mei alderhanne spreuken der yn, waerden roun- | |
[pagina 36]
| |
set, en goes of bargekop of rikke bargeribben, kaem oan 't ein fan 'e tafel. Ut de briedpanne wei gong it nou oan 't partsjen en dielen. Elts krige yn syn pantsje. Dat ompartsjen wie in bihyplik krewei, dat troch de mem fan de húshâlding, hwer't de jimmetiterij wie, útfierd waerd. Wylst de mem dat die, diste in oar de ierappels op yn 'e greate panne mids op 'e tafel. Ien fan de froulju skepte de moster roun. De mem skepte der fet oerhinne by Ieppelfollen. In oarenien koppe wylst de lampe. De briedpanne kaem wer fan de tafel en nou wie 't oan 't iten ta, op it bidden nei. Pas op. Hoe lyts de lust ta bidden nou ek wêze mochte, de eagen waerden sletten, of men seach yn de pet dy't men foar 't gesicht hâldde, en wer opsette as de lytse jonge, dy't ek mei oan 't gastmiel soe, syn gebetsje oprabbele hie. Dan bigoan men de oanfal; en onder in froalik petear iet men in roun swiet liif. Nei it miel jit in pantsjefol thé mei 'n klontsje, en om in ûre âlve, toolf, skaette men woltofreden faninoar. Fan waerm miel jouns is nou by de boargerij gjin sprake mear; en fan sokke jouniterijen jit folle minder. O! hwer soe 'k bigjinne en hwer soe 'k eingje as ik biskriuwe woe hwat ús âlden en oerâlden flijde, mar hwerfan nou neat mear to finen is of bistiet. Nim de forljochting en de forwaerming fan de huzen, mar folle dingen mear - it âlde is hinnegien, 't is alles nij wurden. Nije dingen droegen nije nammen. Sa krige ús tael nije wurden dy't men net misse kin, sil men ús forstean. Nim ta'n eksimpel hwat ik lêsten lies. In kondukteur (kaertsjeknipper) komt om 'e kaertsjes to kontrolearjen yn 'e stoomwein, by in jongfeint, in Fries. ‘Ik haw in kaertsje foar hinne en werom’, sei de feint. ‘Wat zegt u?’ sei de kondukteur. ‘'k Ben een Hagenaar, ik versta jelui taal niet’. ‘'k Heb een kaartje voor heen en terug’, sei de feint doe. ‘O!’ sei nou de kaertsjeknipper. ‘U hebt een retour, spreek toch goed Hollands man! dan kan elk u verstaan’. Mar lykas by dy kondukteur woartelje der sa folle Frânske wurden, en wurden fan oare frjemde talen mids it Frysk, dat de tael dêrtroch sa forbastert, dat allyk as mei folle seden en wensten, ek de Fryske tael troch ús, lang sa suver net oan ús neiteam oerlevere wurde sil as ús foarâlden 't ús diene. Mar der oer prottelje jowt neat. De tiden bringe it mei; der is neat tsjin to dwaen. | |
[pagina 37]
| |
Mei hwat ik hjir tofoaren bring, siz ik neat nijs. Elts wit dat wol, mar ik kaem der sa ta, omdat ik in folksgebrûk biskriuwe wol, dat foar in sechstich jier yn 'e Dokkumer Wâlden bistie, mar dat, tink ik, ek wol útstoarn wêze sil.
Foar 'n sechstich jier forkearde ik, dy't heit foar bakker bistimd hie, as lytsfeint by in bakker to Ikkerwâld. Hy hjitte Anders Foekes Halbesma. Hy, syn wiif en bern, it wiene sêftaerdige, froede minsken, fan 't minniste gelove; dêrom ieten wy der moandeis jamk weakke krintebôlle mei sjerp. Dat wie dan fan âlde bôlle en swinemagenGa naar eind5, dy't de bolrinsters sneons oerhâlden hiene. Mar it wie swiet, tige swiet, weakke krintebôlle mei sjerpGa naar eind6. Yn 'e tiid dat ik der wie, soe der in suster trouwe fan ús frou de bakkerinne. Hessel Gearts Liebe hie geboadens; hja soe trouwe, ik mien mei in Annema, hwant út Annema's, Sikkema's en Halbesma's bistie destiids amperoan hiel Ikkerwâld. Resepsje - o fij, hwat wist men foar sechstich jier fan resepsje, sa'n ougryslik wurd koe gjin Fries of Friezinne ûnthâlde. Resepsje waerd der net hâlden, mar wol brulloft. De earste sneins yn 't lyts by de brêgeman -, de twade sneins yn 't great by de breid oan hûs. Mar beide brulloften wiene foar de neiste migen. Omkes en muoikes, neven en niften, fan hein en fier, en dêrby foarname freonen en kennissen. Myn baes hie fansels de leverânsje fan de bôllespullen, en ik seach mâl op hwat der al net bakt wurde moast; foaral foar it twade feest. Kuorfollen swiete en fine bôllen en pofkes. Ik stie der forsteld fan. Dat alles gong ús noas foarby. Mar dochs soene de tsjinstberen fan de famylje en freonen en bikenden fan it pear, út de legere stân, ek brulloft ha. De woansdeijoune foar de twade snein waerden wy útnoege by de brêgemans âlders, om der de jouns to kommen op gearjifte. ‘Gearjifte’ - ik hie dat wurd net earder heard. By ús to Burgum en dêr om ta, bistiet it net. Gearkomste wol. Mar gearjifte foun ik in moai wurd foar in brulloft. Jifte - gave -, gear - samen, dan lei der yn 't wurd gearjifte dizze sin: Wy breid en brêgeman togearre wolle jimme, ús goede freonen, bijiftigje, hwat jaen, ontheljeGa naar eind7. | |
[pagina 38]
| |
Hwat sa'n gearjifte yn 'e Dokkumer Wâlden bitekene wist ik net; it kaem my lykwols sa foar dat it op in gearjifte, net lyk as op in brulloft, net op in iterij útdraeije soe. Hwant wy hoefden der gjin bôllen of boltsjes foar to bakken, en der waerd ek by de útnoeging sein, de feinten en fammen moasten mar bitiid komme, fuort nei 't iten, om sawn ûre hinne. Fan de Geast ôf ta Driezum, ta de Falom ta, moasten gearjifters wei komme; hiel de Wâlden troch wennen geafreonen of migen fan breid en brêgeman en har âlders, en oeral waerd skript dat de boaden yntiids frijôf krigen. By de boeren waerd har op 't leksum lein, dat se foaral foar melken wer thúskomme soene. Om't ik net op de greatfeint hoefde to wachtsjen wylst dat dy hwat letter kaem, wie ik, mei ús faem, dy't mei my hinne gong, al ien mei fan de foarste yn 'e keamer, dêr't men gearjiftsje soe. It wie in greate romme foarkeamer, hwerút men, bihalve spegel en skilderijen en it kammenet, alle húsmeubels forwidere hie. It kammenet wie fan onderen biklaeid mei matten en in hynstetekken, om net skandelesearre to wurden. Yn d' iene hoeke, dêr't breid en brêgeman sieten, stie in grienfarve tafel; en oan de muorreside fan dy tafel stiene stuollen, mar fierder roun der in bank by de muorre lâns. Oan d' oare side fan de muorre al wer in bank oan 't kammenet ta. Dêr foarlâns in tafel, makke fan in ljedde, hweroer twa brede planken, en dan op skammels, tafelhichte. Yn 'e midden fan de keamer al wer sa'n lange tafel, en oan beide siden banken der by lâns. Ek fan de griene tafel ôf wer in lange tafel mei in bank der by lâns. It wiene allegearre banken sûnder rêchleuningen; sa kaem it my sa foar dat men jin wol wurch sitte koe. Op 'e tafels leine lange pipen, en stiene holle boarden mei tabak. Njonkelytsen, ja al moai ringen, kamen de gearjifters los. Om of oan de griene tafel skikten de neiste migen by 't jonge pear. Der om ta, of der neist oan, sochten de fammen plak. Wy as manlju flijden ús deun oaninoar (hwant de keamer blykte to lyts to wêzen), yn 'e midden en de lofterside oan de bihyplike tafels. Elts hie gau in lange piip stoppe, it oanstekkerskomfoarke gong fan hân ta hân, en ringen wie de keamer fol reek. Onder dit bidriuw brochten de tafeltsjinders ytlike dozinen | |
[pagina 39]
| |
kopkes en pantsjes, dy't wy mar rounsetten, foar elts in reauke. Nou kaem men mei greate tsjettelfollen kofje, hweryn men de rjemme of molke fuort mar dien hie; dan wie men frij fan rjemskeppen. De klontsjes hie men der net yn dien, dy waerden yn holle boarden rounjown, hwat my tige fatsoenlik foarkaem. De kopkes fan breid en brêgeman wiene mei blomkes en grien forsiere; mar in oare forsieringe wie der net. Nou wiene wy onder seil, en it gong yn skimerjoun de sé yn. Elts like fol forwachtinge to wêzen, om der waerd hast neat sein; en as immen al hwat sei, dan wie 't tsjin syn neiste. Inkeld koe der om neat ris lake wurde. Mei 'e tiid kromp de skimerjoun sa yn, dat der ljocht komme moast; en lokkich foar dizze kear gjin tútlampen mei griene oalje, né, der kamen kersen op 'e tafels op kandelers, dy't men dêrta liend hie. Smoarkersen, fjouwer foar in dûbeltsje. Simen yn 'e wite rok, hwat er langer stiet hwat er koarter wurdt, dy forljochte ús. Om dy kers op 'e tiid to snuten krigen breid en brêgeman in snuter; wy moasten ús mar rêdde mei hwat flibe oan tomme en finger, en doch it dêrmei. Nou't wy inoar better sjen koene, kaem der libben yn 'e brouwerij. De fammen foaral waerden rumoerich, en de feinten mei. Der waerd grommele, praet en kofjedronken, of soe 't sa ivich bliuwe. Mar né, doe't elts syn kopke omkeard yn 't pantsje lei, waerd it théguod fan de tafel helle. Dêrmei kamen de tafeltsjinders mei hwer't men op longere hie, hwer't it nocht troch komme moast: mei de brandewyn. Breid en brêgeman krigen in karaft apart, en elts in romer mei blommen forsiere. Mar oars waerd de brandewyn mei sûker, mei in pypstalle der yn om om to rieren, yn dikkop en healfearntsje en yn bierglêzen, oan de foaroansittende oerlangd. Dy dronk der út en joech it syn buorfaem of buorfeint; en dat gong sa flink dat ik jamk fan myn lofter en rjochter buorman tagelyk in glês oan to krijen hie. De Kwakers wachtsje yn har forgearringe op 'e geast. Ik haw dat ris bywenne to Philadelphia yn Amearika; doe krige in frommiske de geast en hja gong opstean en preke mar ta. Mar hjirre? Mei de komst en nei 't gebrûk fan ‘spiritus’, krigen hjir manlju en froulju de geast. Ringen setten de froulju yn, en wy songen mei, en dêr rolle it hinne: | |
[pagina 40]
| |
Gij komt o stillen avond,
Weer tot ons in dit uur.
Wij zingen u een lofzang,
Hoe schoon zijt gij, natuur.
Gij natuur,
Gij natuur.
Troch myn goed tobinnenbringen koe ik alle fersen fan dit moaije âlde folkslietGa naar eind8. As dan oaren it slûpe lieten, sette ik mar wer yn, en o ja, dan koene d' oaren it ek wer; sadwaende krige ik fuort al bitekenis yn dizze rige, hwat my tige hage. Op dat liet folgen wer oaren; ek wol guods dy't hja koene, en ik net, en dy't 'k nou wol woe dat ik opskreaun hie. Mar doe't 'k ynsette: ‘Hier hew w' de Ruiter en de meid’, doe makke ik tankbre herten. Dêr koene se allegearre hwat fan, mar ikke, ik koe alle fersen en hja harken nei my, en songen mei. Nou, Anders Foekes' lytsfeint foel harren neat ôf. Ik wie yn 'e wolken. Ik dijde. Sa roan it froalik los, tadat it amper middennacht waerd. Doe gongen breid en brêgeman opstean; en dat wie in sein. Allegearre gongen wy opstean. Ik tochte, hwat sille wy nou ha? De gearjiftsters wisten it wol. It stoarme mei folle bombaerje de keamer út, it bûthûs lâns, op de telleGa naar eind9 oan. Oan smoken waerd net mear tocht. De telle waerd forljochte troch in baernende oaljelampe yn in lantearne, dy't oan 'e hoannebalken hinge; dy telle wie de dounsseale. Hie men nou hwat muzyk hawn, bygelyks in hânharmoanika, dan hie men Skotse-trije dounsje kind. Men wist doe fan hânharmoanika's neat ôf, en by gjin grevel muzyk wie govertsjen it bêste. Ik bispeurde al gau yn 't govertsjen, dat de úttocht nei de telle tsjinne om de pearen oaninoar to helpen. De feinten oan de fammen. Dan tsjinne 'k mei to dwaen, tocht ik, de mijen is himsels meastGa naar eind10, lies ik yn Halbertsma's wurken. Ik frege Anders Foekes buormans dochter, Jan Wigers Antsje, letter it wiif fan myn onforjitlike freon Harmen Sytstra; en it wie goed. Wy koene gearjiftsje. Fan ôfskaffers en sa hearde men destiids gjin praet. En jit folle minder fan alhiel-ûnthâlders, of kampers tsjin, Keuning Alkohol'; dêrfandinne kaem it fêst dat nei 't bal op 'e telle, dat wol hwat hie fan de Sabynske fammerôf, net alle brul- | |
[pagina 41]
| |
lofters wer nei foaren teagen. Ytlike feinten achten it better mar rêst to nimmen yn 't hea. En wrychtich, it wie of 't hea der foar kanapé delflijd wie. Nou, dy feinten wiene ek as onbistoarne widners; hja hiene gjin faem frege, sadwaende waerd der nin trien om falle litten. Mar wy, fan hwa't men mei Walter ScotGa naar eind11 hast sizze koe: ‘Hy is as feint fan hûs ôf gien, en komt as man werom’, wy kamen as pearen wer yn 'e keamer, oan ús tafels en op ús banken, en alwer oan de brandewyn mei sûker. En nou wie 't of men yn side foel, sa stil wie 't earst; hwant sjoch, it krêftige sjongen fan nijsGa naar eind12, gong nou oer yn 't sêfte patsjen. Hiene iennige losse feinten net hwat rumoer makke, en wiene dy net bigoun mei pypstallen to smiten (en folle fan de lange pipen wiene allang yn gruzelemint, sadat der stallen mei 't blikje op to feijen wiene), dan hie men hast tinke kind dat wy as Kwakers to wachtsjen sieten op 'e geast. Mar ek fan dat oanienwei tútsjen krigen sommigen, sa 't skynt, har bikomst. Alteast ytlike fammen, dy't mei brede en mei smelgouden earizers pronken (en in smelgouden earizer wie doe al in pronk), dizze fammen, dy't miskien op in sjongselskip hwat mear leard hiene as de sulveren-earizer-draechsters, setten yn, en ytlike foarname feinten diene mei, en dêr rôlle it deftich hinne: ‘Ik heb nu voor mijn zonden’, ensfh.
Us mem wie in from minske. Doe't 'k mar in bytsje lêze koe moast ik mem, as hja jouns by de wiele siet to spinnen, foarlêze út; ‘De gouden trompet blazende: Alarm, Alarm ten Oordeel’Ga naar eind13 en yn ‘e, Lofzangen Israëls’. O ik kin der jit hiele brokstikken fan út de holle. Mar sa hie 'k al jong in bisef oer hwat hillich wie, en dat men de Heechste to nei komt mei it hillige oan d' idelheit to pearjen; dan wurdt it spotten, en spotten is sûnde. Ik harke dus mâl op dat men sa'n fromme sang fan HazeuGa naar eind14 op dizze gearjifte oanhelle. Ik sei dêrom ek tsjin myn faem: ‘Sokke sangen foegje hjir neat, tinkt my.’ ‘Bring jo har dan mar wer fan de wize’, sei myn faem. ‘Help my dan’, sei ik, en dat sei 'k ek tsjin de pearen njonke ús. Hwant, dat giet sa, as men sa'n sang ynset, wol men der leafst net allinne foar opstrûpe. Hja woene my wol helpe en ik sette yn: | |
[pagina 42]
| |
‘Daar was laatst een meisje loos’,
en o hearink, it wie rekke. De gesangen binne net flinkerGa naar eind15 troch de Ofskiedenen út de tsjerke reage, as Hazeu út dizze gearjifte. Dêr't ik fan, meisje loos' ek alwer alle fersen koe, wie 't jit to moaijer. Nou rolle de sang wer tusken de patsjes lâns; mâltjirjendewei waerd 't njonkelytsen healwei trijen sahwat. Doe gongen breid en brêgeman op nij opstean, en dat wie in wink foar ús allegearre om op to stean; en dêrmei gongen wy foar de twade kear 't bûthús lâns nei de telle, dêr't de lantearne jit altyd oan de hoannebalken hinge to baernen, en de sliepers skimerich biljochte, dy't der yn 't hea leine, as jufferkens in de roazen', lykas Toon poep tsjin Saskemuoi sei, op har reis mei Pibe, nei de jichtmastersGa naar eind16. Mar hwat der doe barre soe, dêrfan hie 'k nea hwat heard, sjoen of lêzen, sels yn Robinson Crusoë net by de wylden. Fan govertsjen wie nou gjin praet mear. Alle pearen waerden hjir ontpeare. Breid en brêgeman bihearden inoar net mear. In feint waerd de pet ôfskuord, en oer dy pet moasten de froulju springe. Sims oer trije petten of mear. Wylst waerd dizze of jinge jongfaem ek wol mûtse en earizer fan de holle ropt (floddermûtsen kamen op 'e gearjifte net foar) en dêroer moasten de feinten springe. En onder dit dwaen stie earne wer in ploechje fan fjouweren, mei de hannen oanmalkoar: ‘Moeder mag ik eens in uw kamertje kijken?’
en dan seine de fammen dy't meidiene: ‘Ja, mei skoane poaten’.
Dan krige dy de earmen fan syn pear rjochts en lofts, oer de holle, en wie hy yn 'e keamer. Dan frege in twade itselde, en krige itselde biskie, en wiene hja der alle fjouwer yn, dan sprongen hja alle fjouwer as nochteren keallen mei-inoar oer de telle, wylst men lûd balke: ‘Hier hew wy de kattedans,
Hier hew wy de kattedans’.
Sims hie men dy kattedâns op fiif, seis siden fan de telle tagelyk, wylst it oer pet of mûtse springen syn gong ek gong. En onder al dit gedoch fleach eltse feint nei de faem, dy't er | |
[pagina 43]
| |
patsje woe, en de faem die fan desgelikens. O, 'k wit jit sa bêst hoe't de breid my, doe in loebes fan in sawntjin jier, de earmen om 'e hals sloech, en patte dat it klapte. Mar ek har brêgeman makke fan de gelegenheit om jitris to frijen mei hwa er graech winske to frijen, syn wurk. It wie de lêste kear fan syn libben, dat er it sa rom hie. Eltse feint wie hjir as in Turk yn syn harem, mar al syn odaliskes hiene itselde rjocht. Nin feint mocht de faem warre, dy't mei him winske to frijen. Of 't in skrikkeljier wie né of ja, dêrnei frege men op 'e gearjifte net. Hwat wie my dat dêr in libbentsje op 'e terskflier. Mâlder waerd it jit doe't onder dizze frijerije de lantearne útgong. Der kaem in tsjusternisse; mar de tsjinstbren foroaren dy gau yn in skimermoarn, troch de skuordoarren iepen to dwaen, en ringen in oare lantearne op to hingjen. De gearjifte hie nou dan ek it heechste punt birikt. Wol folgen wy jitris as pearen, breid en brêgeman nei de keamer, dy't der net bare freonlik mear útseach, hoewol der in pear nije kersen de nacht seagen to rekken. Né, it wie der gjin tréwes mear. Nou jit mar hwat oars. Der út, net mear nei de telle, mar yn 't hôf, yn 't dauwige gers jitris in in govert yn 't great. Dat wie 't slot fan dit feest, dêr't ús safolle to drinken, en gjin brok om to iten jown wie. Nektar en gjin ambrosyn, o goaden op 'e Olympl hoe hiene wy 't úthâlden. Wy skaetten. Breid en brêgeman waerd fan follen de hân jown en lok winske, mar oare seinewinsken wiene har ek net wijd. Eltse feint dy't in bytsje op syn punt en earGa naar voetnoot17 stie, brocht syn faem nei hûs. Ik mines ek. Of alle fammen en feinten, dy't dit op 't brea lein wie, foar 't melken wer thús wiene, wol ik net leauwe. De sliepers bygelyks yn 't hea sil 't, as hja melkfeinten wiene, wol ontkomd wêze. It tobinnenbringen oan dizze gearjifte wie my sa klear bybleaun, dat ik tochte: lit ik 't ris biskriuwe. Komt yn it boek: ‘Fryslân en de Friezen’Ga naar voetnoot18, de biskriuwinge fan sa'n gearjifte út de Dokkumer Wâlden foar, - dizze is fan immen dy't it meimakke hat. | |
Taheakke op it foarige.Fan itjinge ik dêr yn ikkerwâld bilibbe, sil ik my twa dingen jimmer mei swiet nocht tobinnenbringe. Ienkear makke de minniste dominy fan Damwâld myn baes en har in bisite. Ik | |
[pagina 44]
| |
siet der ek by; en doe sei de frou sa: ‘Dy man’, dêr miende hja my mei, ‘moast ek mar dominy wurde, dy sit altyd yn 'e boeken’. ‘Zo, houdt ge van lezen?’ frege dominy, dy't miende ik, him ‘De Jong’ skreau. Ik sei: ‘Ja mynhear’, en sa kamen wy oan 't praten. Nuver sil er fêst opharke ha, dat ik, sa jong jitte, amperoan alle wurken fan A.F. SimonsGa naar voetnoot19 lêzen hie, en dêrfan wiste to fortellen; en dat ik de satire fette; ûnder oaren wist ik jitte fan de Antike en de Moderne HeliconGa naar voetnoot20 to praten. Ek fan âlde Grykske wizen wist ik folle, ja doe hast mear as nou, fan Seneca en Socrates. Ek fan Cicero, en oaren. Dy wittenskip hie 'k snapt út boeken dy't in bilêzen widdou to Burgum my liende. Dat wurk, dat út withoefolle dielen bistiet, hjit: ‘Toneelen uit het rijk der geesten’Ga naar voetnoot21. De skriuwer lit dy âlde biromde ljuwe yn 't ryk fan de geasten tsjininoar prate. Mar ek kaem dominy, fêst mei binijing, to witten, dat ik de ‘Ruïnen’ fan VolneyGa naar voetnoot22 koe, en lêzen hie; en hwat jit frjernder wie, dat ik dy fan de minniste dominy fan Feanwâldsterwâl, to lien hawn hie. Dominy sei, dat ik him mar ris opsykje moast; hy woe wol ris mear mei my prate. Mei dat forsyk wie 'k forgulde. Ik sochte dominy op, en waerd freonlik onthelle; mar doe barstte der in bom los tsjin Volney. Dominy brocht my onder 't each dat Volney, in Frânskman, gjin oar gelove koe as 't Roomske, en sa hie er, nei de folle fantasijen dy him de Roomske tsjerke foarhâldde, forbân sjoen tusken hilligen en stjerren oan de loft, en sa wie foar him de tsjerke in ruïne wurden. Hie er it reine evangeelje, de leare fan Jezus, en Jezus sels better kend, dan hie er nea skript de tsjerke ôf to brekken. Hy hie net tocht dat syn kollega Bouman my sa'n forkeard boek to lêzen jaen koe. Mynhear soe my ek in boek to lien jaen, en ik mocht dat ek wol hâlde, it lêzen dêryn soe my mear goed dwaen as de ‘Ruïnen’ fan Volney. It boek dat er my joech, hie er sels opmakke, en dêrom skeat der wol in eksimplaer oer, tink ik. It wie in soart fan bibelske RevalentaGa naar voetnoot23, foar alle moarnen yn 't nochteren. Myn kost wie 't alhiel net, mar 't wie in goed boek, lyk as der folle binne. Mar ik bleau dominy tankber, en 'k hie al wer hwat leard. Hwat my mear in swiet oantinken jown hat, is dit: sneons eftermiddeis hie 'k frijôf; dan roun ik al gau ris nei Dokkum, de stêd fan ús komôf hwant ús oeroarre wie oaljemounder | |
[pagina 45]
| |
to Dokkum, en dêrnei drage wy ús fan: Van der Meulen. Echt Dokkumers oars, net? To Dokkum kaem ik yn 'e kunde mei Schaafsma de boekforkeaper, en ik mien, dêrby stêdsboade. Dy âlde hear wie in tige freonlike man, mar ik hie mear oan syn soan, in jongfeint fan myn jierren. Dy is letter de heit wurden fan Master Schaafsma, lid fan de Twade Keamer, en kantonrjochter to Burgum. Nou dan, dy mynhear syn heit en ik waerden freonen; en trochdat hja in bibliotheek hâldden, hie 'k hjir kar fan boeken. De jonge hear Schaafsma hie folle op mei: TassoGa naar voetnoot24, It forlerne of forloste Jeruzalem, mei Voltaire, De Chateaubriand, Jean PaulGa naar voetnoot25, ensfh. Dy moast ik yn 't Nederlânsk allegearre kennen leare. Men kin tinke hoe't wy inoar foegen. Sneins wie ik der ek wolkom by dy ljuwe, en sneintojouns brocht de jongehear Schaafsma my wer in ein op myn reis nei lkkerwâld. Hwat in wille joech my dy freonskip mei dy Schaafsma! Ja, ik tink wol ris: as ik al dy freonen en freondinnen, dêr't ik mei bisibbe libbe ha, dy't my wol diene, dy't 'k leaf hie, hjir jitte wer om my forgearje soe, dan moast my al in great plak yn 'e himel ôfstien wurde. Dat is wier. Mar trochdat ik sa'n lêstlust hie, wie 'k to dom om sneins mei 't ikkerwâldster jongfolk my to formeitsjen, yn: pik op 'e stien, of hwa fierst stappe koe, of hwat flinke spullen se al mear by de ein hiene. Ek oan 't ‘strúnjeijen’, sneintojounen, hie 'k gjin nocht, al die 'k it wol ris mei. Dan wiene wy yn in hiele klibbe feinten, en dan gong it fan ikkerwâld nei Driezum. By amperoan alle huzen dêr't fammen wennen dy't frijers ha koene, wie 't hou. Sims barden der lytse skandalen, sims ek net; mar tomûk waerden der dan feinten út ús rige wei; en dy wiene de frijers, foar hwa't, op in ôfsprutsen merk, de doarren iepene waerden, en dy't dan dêr de nachts bleauwen to frijen. Dat wie it doel fan 't strúnjeijen. Mar trochdat dizze dingen my net bikoarden, en ik folle siet to lêzen, seagen de ljuwe yn my immen, dy't wol geskiktens hie om ôfskieden dominy to wurden, of divelbander. Wie 'k mar ien fan beiden wurden, ik hie 't fierder yn 'e wrâld brocht as nou. |
|