In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 21]
| |
Britting, de gûchelder
| |
[pagina 22]
| |
verje hwat ik yn myn jonge jierren wol yn ús gea en dêr bûten bilibbe, heard en sjoen ha. Dy't mei my libje, of der nei my binne, kinne der har mei formeitsje as 't grappich rint, en 't kin har goed dwaen as de earnst oan 't wurd is. Ik byn my net oan oarder of tiid, nou ris wol ik stoarjes fortelle in sechstich jier lyn, dan ris wer út jonger tiden al nei't 't my yn 'e holle komt, mar sa dat it stik in hiel stik wurdt, mei in bigjin en in ein, mar ik kin der wol op rinne dat ik net altyd rjocht út en oan fortel. Licht gean ik jamk lâns omwegen, hast as Sterne yn syn Tristram Skandy,Ga naar eind1 net dat ik dy biromde man wol neiaepje, o né, mar omdat it my foarkomt dat ek op dy omwegen wol hwat to sjen is dat bisjen wurdich is. Myn earste stik draecht de namme: Britting, de gûchelder.
It sil nou lyn wêze, lit sjen - ik bin nou toneistenby 76 jier en wy telle nou 1899 - dan sil 't nou lyn wêze in 63 jier, ik wie doe in jonge fan in jier of tolf, doe kaem der op de Legewei (in rige huzen oan de wei fan Burgum ta Burgumerdaem) in wein oanriden mei ien hynzer der foar, mei in fuorman op it foartiksel en twa hwat frjemd klaeide minsken der boppeop. Fierder wie de boerewein biswiere mei bêdrêdding, net bare tsjep, mei in kiste twa trije, pakken en doeken mei guod, angelstokken en ik wit net hwat mear. Dit wit ik wol: dat yn ús each it foarnaemste wie, oan ien fan de kisten wie in greate trompet boun, wol hwat dûkerich, mar dochs in greate echte trompet, en in trompet hie yn myn each foaral, in greate bitekenis. Ik hie op Burgumer merke jamk sjoen hwat der al net oan it blazen op 'e trompet forboun wêze koe. De fuorman hâldde foar it hûs fan Peters (net Peter) skuonmakker en Antsje. Dêr waerd de wein lege en yn 'e hûs tôge en naem it frjemd klaeide pear har yntrek en doe ried de fuorman wer hinne dêr't er weikaem wie. Fan efteren kamen wy to witten dat de trompetman in lytse wike foarou by Peters en Antsje, in kom-yn foar him en syn wiif en birêddinge, bitinge hie. Dy Peters en Antsje wennen sahwat op it mids fan de Legewei, doe in âld hûs mei in reiden tek. Peters wie skuonmakker en skearder, Antsje, as se net yn 't waerm bêd lei en der om 'e bern út koe, roan mei de bolkoer, of as 't dêrfoar de tiid wie, mei bokkens. Ek koe se skoan turfloeije. Hja | |
[pagina 23]
| |
wie in mansheld. Om der hwat by to fortsjinjen hâldden se in húske fan hâldoan. Net mei sterke drank to forkeapjen, mar mei 't herbergjen fan merkereizgers en lietsjesjongers, dy't der yn myn jonkheit folle planteiter wiene as nou. Sok soarte fan lju founen by Peters en Antsje nacht en dei forblyf foar in dûbeltsje of hwat, fansels op har eigen kost, en 't bêd op 'e souder onder it reiden tek, wie fansels neat as strie. Dêr't de iene ôf krûpte, slepte d' oare wer op yn. Burgum-merkes wie de souder jamk to lyts om âlden en jongen, manlju en froulju trochinoar, to bergjen. Wie Peters fan aerd goed, froed en from as Socrates, Antsje wie in Xantippe, soms troch alles hinne. It is wol bard dat, as se goed los wie, en de divel yn hie, dat se heal, ja hiel de Legewei as op stelten brochte. ‘Peters' Antsje is los’, waerd der roppen en as wie der brân sa fleagen de minsken der op los. Wé! wé! dan, dêr't se it op munte hie. Mar ien kear ha 'k it sjoen waerd se mâl tatakele. Der wenne destiids to Burgum in man, dy neamde men Rienk-Ingelsman. Dy bynamme hie er krige omdat er yn 'e Frânske tiden troch de Ingelsken kriichsgefangene makke wie en dêrre fêst rekke. Letter, doe't Nap. I yn 'e nederlaech kaem waerd Rienk yn frijheit steld en koe er nei Fryslân torêchkeare. Dat die er ek, mar as troud man, hy hie yn Ingelân in Mary foun dy't him wol ha woe. Dêr't hja Ingelsk spriek en Rienk it ek hwat koe, krige hy de bynamme fan Ingelsman. Mary learde al gau safolle Frysk dat dy har der wol mei rêdde koe, mar gjin wurd woe har minder oan as it wurd: ik. Dat bleau by har jimmer I (Ai). It klonk komyk. Mar, oer dizze Ingelske Mary wie Peters' Antsje op in joun ris gear. Sa lang as 't by wurden bleau wie Antsje meast mâns, de ôfgryslike wurden fan Mary koene wy net forstean, mar 't foroare doe't by Mary it bloed sa heech op fleach, dat hja de hannen net thúshâlde koe. De hannen siz ik, mar 'k moast sein ha, de tûmen. Hja sette de tûmen yn 'e hannen en mei in ‘Goddam, ai shal di wol pakken’ fleach se op Antsje yn, en as grypte dy gau de tange, och hea, dat wie bûter oan 'e galge, doe't Mary op syn Ingelsk bigoan to boksen. Mei gauwens lei Antsje onder fuotten en 't gejammer: ‘Help! Help! hja formoardet my’, dindere huzen fier, en 't koe bêst wier wurden wêze, om't Ingelske Mary stie 't brûs op 'e | |
[pagina 24]
| |
mûle. En út har aerd wie 't sa'n deagoed minske. Men helle jit yntiids ús eksteur en in âldstint,Ga naar eind2 ek omsteanders joegen der har midden en sa rekke Antsje wer forlost. Mar hja hie 't wei en foar dagen lang. Mar wie Antsje in fûlburd, sa't 'k sei har man wie sêftaerdich. Hoe't er wol om syn wiif litte, gjin klachte kaem der oer syn lippen. En hwat wie hy, foar syn tiden, bilêzen. Hwat wie 'r bibelkundich. Doe't er jit feint wie, foar myn tiden fansels, ik haw dit fan myn heit, gong er by ús domeny FerfGa naar eind3 to fraechlearen. Mynhear Ferf, de oprjochter mei fan 't departemint Bergum der Maatschappij tot nut van 't Algemeen, wie in man folle fan syn tiden foar. Hy is foar ús doarp yn folle dingen ta'n segen west. Mar fan alle katechisanten dy't dominy hie, wie by de feinten gjinien dy't it heal of fearns sa fier brochte as Peters. Gjin frage hast waerd him dien of Peters joech der in goed andert op. Dat mynhear Ferf der mei ynnaem wie, is to tinken, en dat er de lonte dy yn Peters baernde ek yn wider wrâld as de katechisaesjekamer ljochtsje litte woe, wie de man ta'n eare, dêrom stelde er Peters foar, dat er sneins yn de eftermiddeipreek fan de stoel ôf Peters fragen dwaen soe, dy't syn learling dan, steandewei, bianderje moast. Doe't bikend waerd dat dit tagean soe, stroomde de tsjerke fol folk. Sels de ‘greaten’, sa as wy de adel en rikeljuwe neamden, woene der by wêze, en oars wie foar har de moarnpreek nôch. Us heit hat my jamk forteld hoe moai as 't soms gong, mar noait wie 't moaijer west nei heite sin as doe't dominy frege: ‘Wat leert Petrus ons in de Algemene zendbrief van Petrus, het derde kapittel, Petrus?’ Heit foun de fraech sa moai omdat it trijeris ‘Petrus’ sa frjemd of sa aerdich swietlûdich wie. Ik wol mar sizze krekt hast as J.A.A. GoeverneurGa naar eind4 it wurd ‘morgen’ yn syn aerdich blijspul: Mynhear sit foar syn lessener oan 't skriuwen. De barbier komt yn om mynhear to skearen. De skearder groet en seit: ‘Morgen’. Mynhear, dy't mei de rêch nei him ta sit, sjocht om en seit: ‘Morgen’. Mynhear fielt om it kin; him tinkt, it kin hjoed wol oergean it skearen en seit ‘Morgen’. De skearder is dat net wend en freget dêrom: ‘Morgen?’ Mynhear andert jitris: ‘Morgen’. Nou drost de barbier ou en seit: ‘Morgen’. Mynhear nimt de pinne wer op en grommelt: ‘Morgen’. | |
[pagina 25]
| |
Mar sa as dat ‘morgen, morgen’ it stik moai makket foun heit troch it wurd ‘Petrus, Petrus’ de fraech moai, mar ek jit om in oare reden. Doe't Peters opsteande anderje moast hwat Petrus yn syn earste briefkapittel de lju foarhâldde kaem it der op del, dat de troude froulju har manlju ûnderdanich en gehoarsaem wêze moasten en dêr't Peters sels nei trouwen tsjinoer it wiif kaem to stean as in nul foar de ien, of noch minder, foun heit dat fraechlearen yn 'e tsjerke onforjitlike moai. Mar as ik dominy wie, ik soe de moade wer ynfiere om mei de tsjerkgongers by wize fan freegjen yn forbining to kommen. It hoefden just gjin fraechlearders to wêzen, ik woe sa mar flotwei my nou ta dizze dan ta jinge harker of harkeresse rjochtsje mei in makkelike fraech hwerop elts dy't in bytsje harsens yn 'e holle hie, anderje koe. Dat soe de harkers de sliep út de eagen hâlde, nou! pas op. Dominy dochs stie as in Jupiter op 'e preekstoel mei de wjerljochtflitsen yn 'e hân, nimmen koe witte op hwa't er dy ôffjurje soe. Elts moast mar op syn iepenst wêze. Nou rjochte dominy syn fragen sa mar ûnforhoeds wei, wylst er har goed oanseach, hwant ek de froulju moasten der oan meidwaen, oan ien fan de harkeressen: ‘Wat deed Peters toen Jezus voor de hoge raad was, Gaatske?’ Dan soe Gaatske dêrop handich anderje: ‘Hij hieuw de dienstknecht een oor af, dominy’. Dan koe dominy sizze: ‘Het antwoord op mijn vraag vereert U Gaatske, bewijst dat het testament voor U geen mysterie is, zoals het voor velen - ik zal maar geen namen noemen - blijkt te zijn, maar nu vraag ik U Sibbeltsje, wat deed men met dat afgekloofde oor?’ Dan fansels soe Sibbeltsje sizze: ‘Men heeft het onder de dames verdeeld, dominy, vandaar dat ze altijd zo graag luisteren als er kwaad van een ander wordt rondgetoeterd’. Dan koe dominy dêr wer oer útweidzje en sizze: ‘Zeer correct mejuffrouw Sibbeltsje, uw antwoord is geheel overeenkomstig de waarheid en de historie, zoals dagelijks in 't maatschappelijk leven blijkt en door u zelf ook wordt bevestigd’. Troch har sokke moaije kompleminten to jaen, krigen de froulju rjocht nocht oan sok fraechlearen foar Jan en allemans gehoar, dat kin men taeste en fiele. | |
[pagina 26]
| |
Mar ek oan de hearen fan de skepping wijde dominy fragen. Dominy preke bygelyks oer Jonas, hoe't dy fan studint ta kandidaet yn de theology promovearre wie. Hoe't er doe der op út moast om syn ljocht op 'e kandler to setten, dêr't er danich tsjinoan skytskoarre, hoe't er in slûpeltsje meitsje woe en hoe't er doe nei in séreis fan trije dagen en trije nachten troch in walfisk to plak brocht waerd. ‘En nu vraag ik U mijnheer Blomfein, meester in de rechten, die ook aan de hogeschool uw opleiding hebt gehad, wat kan deze geschiedenis ons leren?’ Dan andere meester Blomfein fansels: ‘Dat het een student betaamt niet langer dan drie dagen en drie nachten onder water te gaan, dominy’. ‘Excellent!’ koe de dominy dan sizze. ‘Uw antwoord, mijnheer Blomfein, op ondervinding gegrond, zegt ons, dat U de hengel toevertrouwd is, om in troebele wateren te gaan vissen’. Op in oare tiid wer preke dominy oer Abrams offerhande. Dan lei er har út hoe't Abram mei syn jonkje Izak oan 'e hân moarns fan hûs gong, mei it offerark op in ezel laden. Woe er, dan koe er bygelyks freegje: ‘Baas Louw, gij een man in twaalf ambachten grondig ervaren, ik durf het U die overal verstand van heeft wel te vragen, waaruit bestond het offerark?’ ‘Hm, hm’, soe baes Louw wol sizze, ‘krekt wit ik it net dominy, mar ik soe tinke út in stik of tolf lange sponturven, hwat talhoutsjes, in fleske mei peteromoalje, in pakje lúsjefers, in houblok en in slingerbile’. ‘Perfect geantwoord’, koe dominy dan sizze, ‘en, daar de Bijbel het niet tegenspreekt, kunnen wy 't ook gerust voor waar aannemen’. Dan koe dominy syn preek wer forfolgje ta er sa fier kaem dat Abram mei soan en ezel oan de berch kaem hwerop de offerhande pleats ha soe en hoe dat er doe it offerark fan 't ezel naem en der himsels en syn soan mei bifrachte, wylst er it ezel yn it dal bliuwe liet. ‘En waarom liet Abram de ezel beneden in 't dal blijven, meester Van Houten?’ koe dominy dan wer oan in oar freegje. En Van Houten soe anderje: ‘Om de kiezers ta in eksimpel to tsjinjen, dat it net goed is dat men ezels yn 'e hichte bringt’. ‘Precies zo 't is, waarde meester Van Houten’, koe dominy dan wer sizze en der fierder oer útweidzje. Sikersonk, ik wol jo heechachte, ús allegear dierbere mynhear Sypkens, der oars net by oanhelje, mar as je mei de wisânsje fan ús achtbre dominy Ferf wer bigounen, dan | |
[pagina 27]
| |
soene der gau, sneinneimiddeis, wol helte mear minsken yn 'e tsjerke komme, as nouGa naar eind5.
Mar wy reitsje bjusterbaerlike fier fan de man mei de trompet ôf. Ik wie der al bang foar, âlde ljuwe en lytse bern binne jamk net bitroud allinnich to rinnen, sa mâl kinne se rounslingerje en dwale. Mar ik fyn honk wer, ik kom wer fan Britting op 'e tekst. Ja, Britting en syn wiif, of syn bysit - hwant sokke lju trouwe jamk yn 'e moanneskyn - hiene tsjin safolle wyks in ondertek foun by Peters en Antsje. Fansels op har eigen kost en biwassing, fjûr en ljocht. By it wurd biwassing moat ik dit der jit byfoegje: hoe'n fûlburd Antsje ek wêze mochte, hja wie sa sindlik as de brân. Onhuerigen, dy't yn lús en myt sieten, krigen, as Antsje it wiste, gjin plak op de souder, en as se it fornaem dat se ongearGa naar eind6 wiene, moasten se der út. En as ik siz op eigen kost, sjoch, Antsje hat it my sels wol forteld, lietsjesjongers en gûchelders dy't der Burgummerkes toefden biholpen har meastal mei kâld miel. Moarns kaem it op in rau of hwat aei mei sûker net oan. Switsersbrea mei tsjokke bûter smard der by lâns. Waerme molke der oer hinne. Op 'e dei gongen se nei de oaljekoekkreammen. Jouns jamk grauwe bôlle mei droech spek. Sjoch, sa koe men 't al sêft redde, oars net? Mar nou krigen se foar in lange tiid hûsbiwenners, nou kaem der njonken it fjurhurdtsje dêr't Antsje op kôke, in fjurpôt, dêr't frou Britting op siede en briede moast. Hwer't dy lju fan libje moasten, dêr frege Antsje net nei as hja har wykjild mar krige. Mar wy waerden al ringen gewaer hwer't dy lju fan libben. Sa 'k sei, hja kamen yn 'e lette hjerst. Spraetten har leger op de souder en doe't it klear wie foel dat Antsje neat ôf. De bêdstekkens wiene sa knap, dat Antsje tochte: as 't jild net losrint kinne se my dêr wol mei bitelje. De lekkens wiene like wyt en blank as Antsje harres. It ien en 't oare stimde Antsje nuet en freonlik tsjin har húsbiwenners. De angelstokken fan Britting krigen efter oan de muorre in feilich plak, mar nuver seach Antsje op dat der út ien kiste, dy't op 'e souder iepene waerd, in hiele heap netten en fûken kamen. ‘'t Is of jimme fiskerljuwe binne’, sei Antsje. Antsje waerd freonlik forsocht der neat fan tsjin in oar to reppen, dat se netten by har hiene; hja soene der sels goed by farre. Dat soe Antsje | |
[pagina 28]
| |
wol sjen. Nou, Antsje hie 'n konsjinsje as in tsiistsjettel, dy knypeage ris as woe se sizze: Ik ha 't bigrepen. Britting hierde in boatsje fan de skûtmakker op Burgerdaem, en mei koarten as wie 't dêrfoar alhiel gjin tiid yn de kâlde goare novimber skoude hy der mei syn angelstokken op út to fiskjen nei ôfgelegen sleatten en puollen, en dy wiene der folle mear as nou, en Britting kaem yn de neimiddei werom mei in blikken amer fol fisk fan alderlei soarte, mar - op dy amer wie in lid, sadat nimmen 't sjen koe. De minsken hiene fisk foar in wike nôch. Frou Britting brette se yn oalje brún en lekker, en Peters en Antsje dielden mei yn 'e weelde, en omkeard parten dy dan wer de Bremerske ierappels, doe tige bikend, en by de earme stân it iten omdat se mar in skelling it kuorfol kosten, mei Britting en 't wiif. It wie in groumoalige tsjokke ierappel en folle mei in hert deryn, dêrom waerden se ek wol ‘barge-ierappels’ neamd. Der wie jit in spreukje op dat de earmen mei minachtige tsjin dizze ierappel opdreunden: Bremerske aardappelen,
Daar moeten wij op kabbelen,
Die eten wij met mosterstip,
Alle avonden in ons klip.
Mar sa koe 't by Peters en Antsje wol in ierappel lije, yn ruil tsjin brúnbrette hertlike fisk. Ja, de lju wiene mei inoar ret. Wie de fisk amperoan op, dan skoude Britting mei syn angelstokken der wer op út en helle opnij in ammerfol. It miste noait. Ik haw him sels al ris yn 'e kolk lizzen sjoen to angelfiskjen, en 't wie oft er mids in iezing lei, en de fisken net wiis wiene, sa bieten se ta. Britting koe mar ophelje. Soms barde it ek wol dat it wiif mei gong to fiskjen, dan kamen se meastal jouns net wer thús, dan kaem moat jimme tinke der ek in kiste mei yn 'e boat. Freegje my nou net hoe of hwer dat se dan fisken, mar as de boat goed feilich oan lân lei en Britting en 't wiif tsjin in goed soad fisk by in boer dy't hwat efterôf wenne in nachtleger yn 't hea foun hiene, dan sutelen Britting en 't wiif elts mei in sek of blikken amer by de boerestreek lâns om fisk to forkeapjen. Sisa kamen Britting en wiif oan jild en oan iten. Us fiskers hiene it op dit pear min stean, mar Britting wist it | |
[pagina 29]
| |
sa wol oer to lizzen, dat nimmen him in fear fan de hûd blaze koe. Wy hiene doe in malkjende winter, hast as nou in jier twa, mar dochs yn january jit al in wike of trije sletten wetter, as wie 't net rydber. Dan kapte Britting gatten yn 't iis en lokke de fisken ta him, en woe dat alhiel net, dan gongen Britting en 't wiif der op út. Elts mei in sjou guod op 'e rêch en hy de trompet mei in tou foar 't boarst. Dan bleauwen se jamk wiken út. Dan sochten se yn lytse of greate doarpen in kastlein op dy't wolris in pretsje ha woe. Wie it akkoart sluten, dan stieken Britting en 't wiif har yn oeribele bontkleurige klean en as der dan in goed rige harkers op it gekletter fan de trompet nei harke, dan makke Britting bikend dat hjir arrivearre wie de biromde gûchelder Theophilus, hôfkunstner fan de kening fan Hannover en oare foarstlike hôven, dy't hjirre joun, op syn trochreis nei Eastenryk, op de seal fan Harm Fjurslach yn de Fjouwer Bargepoaten in representaesje jaen soe, bisteande yn wonderbaerlike toeren yn de hegere magy. Ensafuorthinne. Oanfang acht ûre presys. Entré fiifentweintich sinten. Nou, dan hokken der jouns al jamk in tritich, fjirtich minsken by inoar, soms ek wol ris folle mear, en dêr't it meastal goed foldie krigen se al hwat in rop en fortsjinnen se wol jild. Moarntojoun dan wie dochs op in oar doarp itselde. Sa fortsjinnen se jild siz ik en hâldden se jild, hwant Britting wie gjin jeneverman, om 't effen net. Man en wiif wisten fan byienhâlden. Ja, Peters' Antsje hie gjin soarch to hawwen dat se net ta forgoeding fan húslêsten komme soe. Hiene se dan einlings sa'n krite ôfgûchele, dan namen se wer har kom-yn by Peters en Antsje en dan helle Britting de kost wer út it wetter en namen de ljuwe har gerak der fan. Bûten de fiskers wiene se hjir gjin minske ta'n lêst. Ek bimuoiden se har mei nimmen en hja soene sonder smaed en haet by de Burgumers yn in goed oantinken biwarre bleaun wêze, hiene se 't oan 'e ein net alderougryslikst bidoarn.
Hoewol't wy to Burgum wol goed wisten dat Britting gûchelder fan birop wie, hie er hjirre syn kunsten net fortoand, mar doe't it 1 april waerd, doe't de merken wer bigoannen, doe achte Britting om foardat er Burgum forliet it goed de Burgumers yn 'e gelegenheit to stellen him to biwonderjen. Hy liet in list skriuwe fan yntekening en dêr waerd ien mei by- | |
[pagina 30]
| |
lâns stjûrd, hjir woe er net mei bonte klean en trompet it doarp lâns. Wy hiene hjir destiids adellike ljuwe en ek in hopen oare foarnamen en dy tekenen meast allegearre tsjin in entré fan tsien stûren de earste en in skelling de twade rang. De foarstelling soe pleats ha op 'e boppekeamer fan de harbarch de Trije Bearzen. Dan kaem op de bipaelde joun in great selskip en ek in treflik selskip. Lju fan 't boppeste buordtsje folden de earste, en boargerstân en jonges, dêr't ik ek onder rekkene wurde moat, de oarde rang. Britting wie net yn in hânswoarstepak klaeid, hy wie yn 't swart mei in wyt oerhimd foar, frij treflik as in hear, en syn wiif wie juffrou. Hja lieten sjen dat se meidwaen koene. Britting iepene de soirée mei kunsten mei kaerten, en dat die er wol moai. Doe mei ynstruminten. Doe't er in pankoek yn in hear syn hoed oer de kêrs bakte, doe't er in jonge in slot op 'e mûle die, doe't ‘klein Janneke’, in houten poppe dy't wol hwat fan in kegel hie yn 't oanklaeijen ynienen wei waerd en letter út in troud hear dy't gjin bern krige, syn bûse weikaem, o dat wie allegearre moai. Mar de lêste toer soe de moaiste jit wêze fan allegearre. Trochdat der onkosten oan forboun wiene, frege Britting frijheit om dêrfoar in ekspresse ynsamling to hâlden. Syn wiif soe mei in faes roungean, elts koe jaen hwat er woe, mar it moaiste fan de grap soe wêze, dat hwat men joech, soe troch Britting libben makke wurde. Frou Britting kaem mei de moaije koperen faes roun, wylst Britting syn ark ynpakte. Elts joech, dat giet dan sa. Doe't de jeften ynsammele wiene sette it wiif de faes op 'e tafel en nou soe de bûter jild jilde. Nei folle poehei en praet tilde Britting it lid fan de faes en liet ús sjen dat der neat yn wie. Syn wiif soe 't jild wol stil weimoffele ha, tocht er, of it koe wêze dat it al yn libben foroare. It lid kaem wer op 'e faes. Britting bigoun op 'e trompet to tûtsjen. Mei 'e tiid wer it lid fan de faes, it libben kaem net gauwernôch foar 't ljocht. Britting rearde der mei syn gûchelstaf yn en ja - dêr kaem it. Der sprong in grouwe kikkert út de faes op 'e tafel en fan de tafel oer de flier en op dy kikkert folgen der wol fiifentweintich, it wie oft de Egyptyske kikkertspleach herhelle waerd. De earste rang dames dy't foaroan sieten fleagen op | |
[pagina 31]
| |
en krongen jammerjendewei nei de trap. Oaren folgen en sa kaem it dat troch it opkringen de foarsten foelen, by de trappen del rollen en har bisearden. Hwant ek de hearen, ja wy allegearre, fleagen nei de trap. Hwat wie ougrysliker as op kikkerts to traepjen? Men skodde Britting de fûst ta, skopte syn tafel omfear. It folts wie razend en de kastlein net minder, hwant yn 'e haest reage men tafels omfear. Wynglêzen en flessen yn gruzeleminten, der wie jit net bitelle. Elts seach de herberch út to kommen en hûs op to sykjen.
Hoe't Britting en 't wiif har kom-yn by Peters' Antsje wer birikt ha wit ik net, mar dit wit ik wol: yn 'e nacht waerd Willem Klaver, ús fuorman yn dy dagen, opkloppe. Der waerd in boerewein mei in hynzer hierd. Yn 'e nacht waerd der pakt en laden en foar't de sinne wer omheech riisde wiene Britting en 't wiif fier Burgum út. En it wie goed, har libben wie hjir yn gefaer. Sa eindige hjir it forbliuw fan Britting en syn wiif to Burgum en dêrmei eindicht myn forslach der oer en fan ek.
Burgum 24 febrewaerje 1899 |
|