In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 10]
| |
Earmoed en bankettenFoar ús kennisse fan it lange en ynteressante libben fan Tsjibbe Gearts van der Meulen is foaral it brief fan bilang dat er yn 1900, tobeksjende op it doe ôfleine stik fan 't libbenspaed, skreaun hat oan de Fryske taelgelearde en kritikus dr. F. Buitenrust Hettema (1862-1922). Yn dat brief ommers eidet er syn hiele libben oer. Hy wit him noch it ien en oar to binnen to bringen út syn earste (!) libbensjier, mar komt ek mei gâns bisûnderheden út bygelyks syn feintejierren (de tocht troch Den Haech yn de koets fan prins Freark!), oer syn maetskiplike carrière, syn omgong mei de hegerein en binammen ek mei oare dichters en skriuwers, Fryske sawol as Hollânske. Dat er op hege jierren noch fol wurkdrift en plannen siet docht út de ein fan it brief wol dúdlik bliken. It brief jowt nammers net allinne nammen en feiten, mar is ek as selsportret bilangryk, foaral ek omdat Tsjibbe Gearts hjir en dêr (‘Ik harke to folle nei de flaeijers. Dat is myn ûnk west’) de selskrityk net mijt, al oerhearsket tankberens en soms opteinens as er tobektinkt oan de goede dingen fan 't forline. It brief birêst foar in part yn hânskrift yn de Provinsiale Bibliotheek; it oare part ha wy oernommen út dr. G.A. Wumkes syn ‘Paden fen Fryslân’ diel II, s. 200-204, omdat it origineel op 't stuit net to finen is.
Weledel zeergeleerden Heer Buitenrust Hettema Waarde Heer en Vriend, want ik ben uw vriend, ik wensch het althans te zijn. In langen tijd heb ik zulk een zware taak niet aanvaard, als aan U te schrijven over mij zelf. Toch moet het zijn, ik troost mij er mee dat ik aan een man schrijf, die 'k vertrouwen kan en daarom wáár mag en kan zijn. Mar leaver yn 't Frysk? oars net? 'k Bin berne 6 maeije 1824. 'k Haw jit in libben tobinnen- | |
[pagina 11]
| |
bringen oan 't hege wetter yn 1825. 'k Wit jitte hoe't heit, oan blokken hout, liend fan ús buorman, in hellingbaes, fan planken in batterij oer de flier makke hie, om de flier stie onder wetter en de widze, of leaver de glûpeGa naar eind1, dêr't ik yn lei, stie jit heger as de batterij. Mar ik wit der allinne dit fan dat heit my út de glûpe en oer de planken, op swiere blokken, nei mem op bêd brocht. Ik ha klear foar de geast hoe't de daem (njonken de, Trije bearzen' wennen wy) ûnder wetter stoe. 'k Bin dus mei in bêst geheugen geboaren. Mar der binne mear dy't in tobinnenbringen ha fan in jier âld. Fan twa jier binne der in hiele bult. Myn heit wie ûrwurkmakker. Ik wie en bleau de jongste fan fiif bern, allegearre jonges. Sels ha 'k seis jonges hawn. Nou jit trije. Twa lizze yn Amerikaenske groun, ien to Burgum op 't tsjerkhôf. Ien soan fan my is direkteur fan in bisûndere skoalle foar M.U.L. ûnderwiis yn Den Haech (Sljoidskoalle). Hy wie 2 jier op stúdzje to NaäsGa naar eind2. In oare soan is learaer oan 't gymnasium Willem III to Batavia. De tredde, myn opfolger yn 'e boekprinterij to Burgum. Yn 1857 bin ik troud mei Grietje Peereboom, dochter fan P. Peereboom, destiids kommissaris fan polysje to LjouwertGa naar eind3. Fan jongs ôf oan flijde my it Frysk. Ik wie as tolfjierrige jonge jamk lêzer yn selskippen; de ‘Lapekoer’Ga naar eind4 koe 'k hast fan bûten, mar om sels yn 't Frysk to skriuwen kaem yn myn holle net op. Dat foroare yn 1847 doe't Harmen Sytstra to Burgum ûndermaster waerd. Hie er ûnder dy namme to Burgum kommen, ik hie gjin acht op syn komste slein, mar hy kaem der, omdat er miende dat er sa hjitte ûnder de namme fan Harmen Zijlstra en earst by syn trouwen blykte dat it Sytstra wêze moast. Ik wit jit skoan hoe bliid as er dêrmei wie; trochdat it him yn 't setten fan syn hantekening twa stippen útwoan, bisparre er dêrmei frijhwat inket, mar ek wichtiger reden hie 'r ta dy nammeforoaring. Mar om wer op myn forhael to kommen: ik koe Harmen Zijlstra as de skriuwer fan ‘Tsien tûzen út de lotterij’, dêr't ik my en oaren jamk mei formakke hie; ik seach út nei de komst fan de feint en hy kaem en ringen wiene wy bisibbe. Yn 'e omgong mei dy kenner fan en kamper foar ús tael moast ik bisiele wurde mei de lust om ek sels de hannen mei oan de liere to slaen. Och hie 'k mar better nei de ried fan dizze kundige freon harke, ik hie wiis dien. Ik harke to | |
[pagina 12]
| |
folle nei de flaeijers. Dat is myn ûnk west. De moaiste libbensjierren ha 'k mei Sytstra parte. Doe't myn broer yn 1849 nei Amearika woe mei oaren, woene se graech earst Ingelsk leare. Sytstra joech der les yn. Mei mear freonen naem ik ek les; ús wie 't foar leafhawwerij, letter - folle letter, doe't ik sels nei Amearika rekke, blykte hwat myn broer allang blykt wie, hwat wy net oan Sytstra forplichte wiene, mar sjoch dêr hoe't 'k oan 't Ingelsk kaem. Oan 't Dútsk rekke ik troch Romke van Reenen, in Kollumer dy't bineamd waerd ta master yn 't Earmhûs to uzes. Dy hie Dútsk leard en stelde my foar om les by him to nimmen. Sa bin 'k oan it Dútsk kommen, dêr't 'k my letter yn Amearika en ek wol yn Dútsklân mei rêdde koe. Fierders ha 'k oars gjin onderwiis hawn as hwat op 'e legere skoalle leard waerd. En doch kaem ik al jong mear mei de biskaefde wrâld yn kennis as men fan in earme boargerjonge tinke soe. Fjouwer jier nei de wetterfloed kamen wy fan Burgumerdaem ôf yn 't doarp to wenjen. Hwat in klear to binnen bringen ha 'k jit as seisjierrige jonge oan de Belgyske opstân. It fine fan de saek fette ik net, mar 'k wist fan snaphoannen en deasjitten. Nou wie 't net sa wûnder dat ik der yn dielde, en in ougriis fan fjochtsjen en soldaterij krige. Myn âldste broer, in stipe en steun foar myn âlden, in gnap horloazjemakker, dy't great bitrouwen bisiet, foel yn 'e reserve en moast soldaet wurde. O, hwat krytte ús mem doe. Hy is dragonder wurden as hie er noait op in hynzer sitten en mei hynzers omgien. Hy krige it heimwé, waerd siik, kaem foar rekken fan myn âlden fan Dimter ôf thús yn in illindige tastân en stoar ringen. Doe krytten wy allegearre. O, as wy yn 'e skoalle yn pleats fan leare pluksel meitsje moasten fan âld linnen, dan is op myn pluksel wolris in trien fallen. Mar yn dy dagen kaem skean oer uzes to wenjen ús notaris de hear A. Alma. Syn âldste soan Pyt waerd myn skoallemaet, myn bernefreon, en dat boaske sa oan dat ik syn boartkammeraet waerd. Sa kaem ik, earme boargerjonge yn 'e rige fan tige by tige lju; mei de tiid krige ik mei Pyt en dy't der op folge privaetles. Jierren lang bleau dy freonskip steande. Sneins wie 'k der jamk de gast. To skeljen hoefde ik net, ik mocht der sa wol yn 'e hûs komme; de omgong mei dy foarname lju en bern bifoardere myn sin foar 't skoane en goede krêftich, en dêrtroch waerd ik in oare jonge as de | |
[pagina 13]
| |
measte boargerjonges. Ut myn aerd hie 'k hwat oars mei, dat men ‘vernuft’ neamt. Jimmer wist ik hwat nijs to bitinken, sels yn 't boartsjen. Wy hiene destiids in stjerrebosk yn west, in oerbliuwsel fan Galamastate; yn dat bosk boarten wy sneons, as wy frij wiene fan skoalle. Ik foun in moai spul út; tink ris ta; wy spilen mei inoar as jonges, de skiednis fan Josef. Doe't Van Speyk yn 'e loft fleach, makke ik dêr ek in boartersspul fan, dat eindige mei de herleving fan Van Speyk. En sa mar fuort. Dat ien en oar boun Pyt Alma oan my, en syn bêste âlden hiene gjin soarch dat ik mei al myn flinkens, hoe't der ek troch de Burgumers om lake waerd, ûndogense stikken útfiere soe, dy't gjin ljocht fordrage koene. O né, dêr wie ik net fan thús, mar libbenslang mei 'k tankber wêze foar de leafde my troch de heechachte famylje Alma wijd. Dy freonskip is steande bleaun ta har dea, en doe't 'k de ‘Leedsang’ op Dr. Halbertsma rymde en leanne waerd mei 't Evangeelje fan Mattheus, waerd dêrfan, my ta 'n eare, in feestlike joun makke. Ik stean jit jamk mei djippe fieling op de grêven fan dy heit en mem, myn woldwaners. Myn kammeraet Pyt en ik hâldden ek de freonskip oan, ta dat er it libben forlear as steatssekretaris fan Paramaribo. Yntusken wiene myn húslike omstannichheden sa. Yn 1849 gong myn broer mei wiif en bern nei Amearika en ik bleau der allinne mar oer om foar heit en mem to soargjen, dy't sa heech op jierren kamen, dat de dei nei kaem dat se 't fan my ha moasten. Lokkich hie 'k myn goede froede âlden leaf en foel my 't skrippen foar har neat swier, en dat skrippen foar myn âlden waerd segene lâns folle, noait tochte wegen. Ik bigoan in boek- en pompierwinkel, Carel Bretschneider to Ljouwert, o ûnforjitlike eale freon, hwat haste my yn folle dingen ta myn lok steund en ûnderrjochte. Myn boekwinkel, tank en lof ta yn 't grêf dêrfoar de famylje Van Sminia en FerfGa naar eind5, naem opgong. Jit kaem der hwat by. Troch myn broer út Amearika kaem ik mei de skipsrieders Van Es en Co, to Rotterdam, yn forbining. Ik waerd agent en 't slagge. Hûnderten fan emigranten sleaten har by my oan. Nou en dan moast ik nei Amsterdam en Rotterdam en Nijmegen en Arnhem; dat makke my hwat wrâldboargerskipeftich. Nuverige dingen ha 'k dêr wol bilibbe. Banketten ha 'k mei bywenne to Rotterdam, hwerby de | |
[pagina 14]
| |
champanje net mijd hoefde to wurden, mar 't frjemdste aventûr, om 't sa to neamen, is dit west, dat ik troch in rike Amearikaenske boarger, dy't tige fan my hâldde doe't er my hjir kennen learde, in nacht as gast logearre oan 't paleis fan Prins FrearkGa naar eind6, yn Den Haech. Doe binne wy jit to riden west mei in reau fan de Prins. Fjouwer hynzers foar de koets, in graef - ik mien Van Limburg Stirum - as earste stalmaster fan de Prins op 'e bok, njonken him de twade stalmaster. De Amearikaen en ik yn 'e koets. Heger ha 'k it yn libben noait brocht. De eftermiddeis soe Prinses MarieGa naar eind7, doe in moai jongfaem, nou Prinses von Wied, en allang mem, út to riden. Ik wie der jit by dat it reau ynspand waerd. Doe kamen der seis hynzers foar de koets. De joun moasten wy nei de skouboarch, dêr't ik altyd bliid om west bin, om't ik kaem to sitten net fier fan de Keningin, Prinses fan WürttembergGa naar eind8. O, o! hwat makke dat minske in ympresje op my. Hwat hie dat minske in majesteit oer har. Wûnderbaerlik. Ja, by har dea koe 'k it sizzen fetsje fan RenanGa naar eind9, dat mei har de ienichste foarstinne fan bitekenis yn de njoggentjinde ieu hinnegien wie en as ik yn Den Haech stean foar it stânbyld fan de forneamdste wiisgear dy't der ea libbe hat, yn Nederlân, ik mien Spinoza, dan fleane myn gedachten jit daelk nei foarstinne Sophie, Prinses fan Württemberg; troch har dwaen kaem dit stânbyld der. Hja fette de greatheit fan SpinozaGa naar eind10. Mar ik reitsje út 'e koers. Troch dy emigraesje die 'k wrâld- en minskekennis op en 'k fortsjinne der goed jild mei en mei eare. Hwat binne der folle yn Amearika my jit tankber. 'k Haw folle biwarre foar ousetterij. Trijehûndert goune waerd der ien kear foar my dellein, as 'k in maetskippij helpe woe de lju yn myn lân, mei lêzingen to hâlden, lân oan to smarren. Ik haw it Judaslean wegere en myn lânslju warskôge foar dy jildôfsetterije. Ik tankje God dat ik sokke sinnen hie, nou rêst der segen en gjin flok op myn fortsjinst. Troch dy lânforhuzingen en de boekwinkel, koe 'k njonkenlytsen myn âlden in moai en in bêst libbentsje jaen, better as se it ea hawn hiene. Muoilik dat in swarte wolk de libbensjoun fortsjustere. Mem krige de knobbeljicht. Mem waerd in lijer en hoe minder as se waerd hoe leaver ik se hie. 't Forstân bijoech har, mar ik bleau har alles, dat blykte my klear, krekt foar har dea jitte. Ik hie efkes slept, ik wekke | |
[pagina 15]
| |
nachten en nachten by har, mar 'k hie efkes slept, en doe't 'k wer by 't ledikant knibbele en oer har hinne bûgde, kaem der in blide laits op har wêzen as woe se sizze: nou ha 'k dy wer. Dêrmei loek de dea har eagen ticht. Dy freonlike laits wie 't lean foar myn leafde har wijd. It lean wie great. Nou 'k hjirfan skreau, tink ik mei tankberens oan de famylje van SytzamaGa naar eind11. Alde mefrou de Douairière van Sytzama, stjûrde mem wike yn wike út alle dagen bêst iten. Jonker Baron J.G.W.H. van Sytzama, troud mei freule S. de With fan Bûtenpost, wiene myn bêste buorlju en freonen, en dy freonskip bleau by alle wikseling sa lang bistean, ta de dea der in ein oan makke of makket. Jonker Mr. Sytzama it jit rjochter to Zutphen. Nei memme dea bigoan ik om trouwen to tinken. Troch de hear Eberts, greathandeler en fabrikant fan fearren pinnen en letter yn stalen pinnen ek, dy't 'k to Ljouwert by Bretschneider kennen learde, kaem ik yn kennis mei de famylje Peereboom to Bolswert (Pa wie earder boekhandeler en in freon fan Eberts). Sa troude ik syn dochter. Myn heit mocht jit de earste triomfen bilibje, dy't Waling Dykstra en ik mei 't jaen fan 't Winternocht bilibben. Ek seach heit jit syn genaemt, ús âldste soan, Geart, dêr't syn herte sa oer hinge. Wy mochten heit ta syn ein woldwaen en leafha. Sûnder lijen, pine en smerte hat dy goede man ús forlitten. Trije winters haw ik mei Waling Dykstra Winternocht jown. Doe kaem de post fan brievegearder to Burgum fakant. Myn wiif en myn skoanâlden achten dat in goede post foar my. It die great fjouwerhûndert goune. Ik liet my oerhelje, hoewol tsjin myn sin, ik achte my net geskikt foar in post alhiel net nei myn aerd. Mar tank myn freon Mr. Baron van Sytzama, doe ús boargemaster, waerd ik brievegearder. Ik tink altyd mei smert oan de tiid dat ik dit wie. Ik, it frije en blide libben wend, yn de wide wrâld, troch de emigraesje en 't Winterjounenocht, waerd in slaef. Slaef fan 't publyk en slaef fan de administraesje. En ik, de skriuwer fan: ‘Myn suchten en myn sangen’, hwerop ik safolle moaije brieven krige hie, fan ús earste letterkundigen en fan Fryske edellju; ik, de skriuwer fan ‘Mâl út, mâl thús’, en folle oare stikken dy't it folk flijden, ik moast my ôfpinigje mei 't opmeitsjen fan moannesteaten; o, hwat wie 't my in lêst. Hiene we | |
[pagina 16]
| |
der noch mar it brea mei woan, mar dat like neat, it húsgesin dijde út, ta seis jonges, dan in faem der by en ... in traktemint fan f 4,50. Dêrfoar fan de moarn ta de joun yn 't span. Ik moast der wer by ûrwurkmeitsje en dêr wie hast gjin tiid foar. Noait ha 'k myn libben en bistean mear forwinske. De wrâld waerd my hast to krap, omdat net allinnich ik deis op 'e dyk wêze moast, mar ek myn beide âldste jonges, soene wy dwaen hwat my opdragen waerd to dwaen. Tink ris ta: ik moast doe allinne dwaen, hwer't nou in postdirekteur, in klerk en trije brievebistellers mei bilêstige binne. len kear, op in sneon, weage ik it om in ûrwurk út 'e toer fan Earnewâld torjochte to bringen, sûnder forlof to freegjen, út myn post to gean. In falske Judas fan in hear to Burgum, dy't moai mei my omgong en my doch net lije mocht, omdat er wist dat ik mei syn kweade praktiken bikend wie, telegrafearre myn fan hûs wêzen oan de ynspekteur. Dizze stjûrde syn biamte, en doe't 'k de joune, deawurch, thúskaem, waerd my dúdlik hwat my wachte. Godtank, machtige freonen yn Den Haech, binammen Jonker Baron B. van Heemstra, dêr't ik freonskip mei hâldde, ik krige in earfol ûntslach. Ik in ûntslach. Ien edelfrouwe to Burgum sei tsjin de adjunkt-ynspekteur, dat - as wie 't tûzen goune, hja 't jaen soe, as ik bleau. Us notaris fan dy dagen woe neat minder wêze of dwaen. Ik bisiet it bitrouwen fan heech en leech. Jit libje der earme memmen, dy't har soannen dy't soldaet wiene, tsien stûren stjûrden, dêr't ik fyftjin of mear fan makke. Oan hjoed ta bliuwe se my tankber. Wie 'k myn post kwyt, mei it hongerlean der oan forboun, myn goede namme hie 'k bihâlden, fan alle tiden stie men klear my to helpen, it ûnk wie gjin ûnk, it waerd in segen, nou koene myn jonges yn pleats fan strjitrinders to wurden, op skoalle bliuwe en leare. Ja, al myn seis bern waerden jonges dy't klonken as klokken. Moasten wy trije forlieze, hoe hurd it is, dêryn moat in âlder birêste. Dit foegje ik der jit op ta: De Judas troch hwa't myn fal as brievegearder biwurke waerd, haw ik dat dwaen noait wreekt, mar de NemesisGa naar eind12 hat it dien, hy is sonken, foracht by de wrâld, foar altyd. As boekhandeler krige ik al jamk ris drukwurk to leverjen. Nou't ik foar it fak libje koe jit folle mear. Myn goede freon LavermanGa naar eind13 to Drachten wie myn printer. Hy stelde my, doe't | |
[pagina 17]
| |
ik der om frege, op 'e hichte fan de boekprinterije. Troch tuskenkomst fan ús nommele freon, de eale gelearde hear W. ZaalbergGa naar eind14 to Dimter, kaem ik ek dêrre by in boekprinter yn 'e lear. Ik koe in hânparse keapje en bitelje. De hearen Johan EnschedéGa naar eind15 to Haerlim, troch my noait to heech to rommen, joegen my ûnbipaeld kredyt ta twatûzen en ien hûndert goune ta. Ik krige in bêste boekprintersfeint fan Edam. In krante, dy't 'k mei bihelp fan ús notaris en oare foarname hearen út ús pleats, bigoun wie út to jaen, koe yn pleats fan to Ljouwert to Burgum printe wurde. De segen rêstte op de ûndernimming. Ik bin yn 't lyts bigoun. Ik sprong net fierder as de stôk rikte. Ik bitelle ôf sa hurd as mooglik wie. Noait ha dy nommele hearen Enschedé my dreaun. Hja bitrouden my wol en oant hjoed ta binne wy freonen. Ik bin mei 'n hânparse bigoun en yn 1899 mei twa snelparsen eindige. Doe krige myn soan W.A. van der Meulen de saek en nou libje myn wiif en ik yn ús libbensjoun, tankber en tofreden togearre. Om jild byien to gearjen ha 'k gjin oanlech foar hawn, om lokkigen to meitsjen is myn lust en libben west en bleaun en 't komt wer thús. Bûten ien forhael, dat foarkomt yn lduna 1850 of dêromtrint, titele ‘Fen der ierde en fen der ljocht’, dêr't hwat wiers ûnder rint, wit ik net dat ik ea hwat boekstavere haw, mysels oanbilangjende. Yn ‘Swanneblommen’ stiet wol hwat ik bilibbe haw, mar dat stiet der ek by. Ut myn libben haw ik folle oerslein, bygelyks dat ik bifreone wie mei Jan van BeersGa naar eind16, troch myn Braga-eftigensGa naar eind17. Ik wist sa de jongfeintedreamen nei to bauwen, dat de Flaemske dichter der niget oan hie. Sjoch hjir jit in fers fan in rym, dat ek lyk as ‘De sike Jongfeint’ oerrint fan sentimintelens. Ik leau, dat ik it hele fers jit haw, mar dit ken ik út 'e holle (it stik spilet by 't winter): Toch zijn ze schoon die lange hemelnachten
Als heel de hemel open is en klaar,
Net of natuur een ruime tempel waar,
Waar alles samensmelt in één gedachte
In één gedachte, die van God getuigt,
Want Hij toch spreekt in glans van maan en sterre;
Ik ben de Heere van nabij en verre,
In wien al 't levend schepsel dankend juicht.
| |
[pagina 18]
| |
Is dat net Jan van Beers-eftich? Ik haw nuttich west foar dizze weake dichter. Lês mar syn ‘Oarloch’. To deale! der kaem krêft yn it liet. Mei CremerGa naar eind18 kaem ik yn 'e kunde doe't er to Dokkum ris foardroech. In oangenaem tobinnenbringen is der by my fan oer. Ek haw ik fan him jit brieven, mar ik wit nou sa net hwerre. Mei Van LennepGa naar eind19 rekke ik yn 'e kunde troch myn ‘Klaesje Seuvester voor 't draaiorgel’. Doe't men Klaesje op it toaniel bigoun to fortoanen roun it yn 't gekke. Doe skreau ik Van Lennep, dan koe der ek wol in liet fan foar it oargel. It gong oan, mar eilaes, ear't it út wie, wie Van Lennep stoarn, dat my altyd rouwet. De geastige Van Lennep hie der it hert oan ophelle en dat hawwe tûzenen dien. By de Van Lennep-totoanstelling foar ytlike jierren kaem myn Klaesje - wy wiene yn in amerij 500 kwyt - foar. Yn it Nijs fen 'e Dei en folle oare kranten waerd it priizge. It is echt komyk foar dy't de roman lêzen ha. Ik haw it foar in wykmannich op de Kinderdijk myn selskip, allegearre mei de roman bikend, foardragen. It stik à la Albert Bakker, mei print it earst foardragen. to Burgum op it Nut, is letter in salonstik wurden yn 'e rikelju's kastielen en slotten. Oeral waerd ik der mei forsocht. Dan siet ik de jouns mids edellju en jonkfrouwen en ik krige harren leaf en ik haw harren jitte leaf en hja hawwe my fuortholpen. O, ik kin noait in sosialist wurde yn dy sin, dy't mannigen-ien deroan bynt. Lokkich yn de Klaesjetiden, dat ik fan jongs-ôf oan mei de hege stân forkeard hie. Ik fielde der my thús en dat doch ik jitte. Ik haw oan 'e Fryske adel myn opera ‘Jan en Janke’Ga naar eind20 (it bêste dat ik ea skreau yn myn eagen) opdragen. Setten hja dat ris op muzyk, o hearlikheit, hwat wie dat moai. Lokkich, it stik stiet boppe de tiid. It kin barre, dat men it yn Drachten opfiert as blijspul mei sang. Dat kin ek. Dat stik biwiist de krêft en hearlikens fan it Frysk. Foar 'e winter wol Van der Velde to Ljouwert jit yn it ljocht jaen: ‘In oproer yn 'e skoalle yn 1797 to Burgum’Ga naar eind21. De haedsaek is wier bard. In troch en troch komysk stik en dochs allegearre op wittenskiplike groun. Ik haw it foardragen to Ljouwert op it Frysk Selskip. As ik soun bliuw komt yn 1901 de oankundiging fan myn ‘It stoatersk dasspjeldtsje’Ga naar eind22. It wurdt nou dea tocht, mar it sil libje. Net om spile to wurden, | |
[pagina 19]
| |
mar om sjen to litten, hwat rjocht en wet is, en hwat it net is. Ik haw der forskate bioardielingen oer, mar der binne mar twa by dy't de wiere sin fette ha. Dy bioardielingen wurde printe. Ek komt it stik út de middelieuwen, dat to Stiens net foldie, mar to Grins fette is, yn 1901 wer op 'e trommeGa naar eind23. Dat stik en ‘It stoatersk dasspeldtsje’ sille ergernis jaen lyk as de ‘Vorstenschool’Ga naar eind24 jaen sillen hie, hie de skriuwer it printsje litten sa't er it foardroech, mar hy draeide út romsuchtGa naar eind25, sa waerd troch de idelens Multatuli in stumper en ‘Vorstenschool’ in flauwichheit. Ek dêroer kom ik yn 1901 oan it wurd. It wit der mear fan as ien. Ik bin mar in swak, âld man, mar de kou by de hoarnen fetsje, al is 't myn dea, dat doar ik dwaen. Under in skûlnamme haw ik by myn witten nea of sa goed as net boekstavere, sels al wiene it dingen, dy't my letter rouden, ik haw se tekene. |
|