Tsjibbe Gearts krige de fuotten pas goed ûnder it gat as printer en as útjower fan de Burgumer krante. Syn agintskip foar steamboatmaetskippijen dy't op Amearika foeren, hat er it ek goed mei hawn. Doe't er njonkenlytsen it spul mear op syn soannen stean litte koe, krige er lins foar syn skriuwerij.
Likegoed hat er fan syn feintejierren ôf in fruchtber auteur west. Sûnt 1847, doe't de Fryske foarman en skriuwer Harmen Sytstra as ûndermaster to Burgum kaem en freonskip mei him sleat, wie Tsjibbe Frysk skriuwer, al wol dat net sizze, dat er letter noait hwat yn 't Nederlânsk makke hat. Unbigryplik dat in man mei safolle bislommeringen safolle skriuwe kinnen hat. ‘Ik haw noait op roazen gien’, stiet der earne, ‘mar ik moat sizze dat my dat ek net moai talike, hwant as ik in roas sjoch (al is 't ek in moai jongfaem) dan tink ik jit altyd om toarnen’. Hy litte oan ‘ôfdwalinge des geestes’, seit er sels, mar op skriuwen koe er him yn alle omstandichheden konsintrearje. Op reis bygelyks, likefolle oft it op 'e Sudersé of op 'e Oaséaen wie. Mar ek wol as er yn 'e nacht weitsje moast fanwege sykte yn 'e húshâlding.
Omtrint alle genres hat er bioefene. Lyryk, lietteksten, foardrachten, forheljende rymstikken, opera- en oratoriumteksten, oersetting út Goethe's ‘Faust’, alles hwat mar yn dichtfoarm foarkomt. Ek alderhanne soarten proaza fynt men ûnder syn wurk: biskôgjende artikels, geastige taspraken by hurddraverijen en oare gelegenheden, forhalen, hiele rigen, mar noait in folsleine roman, al biwiist er mei ‘Fen 1856 oan 1859, of în great trije jier, ho is 't moglik?’ (1860) dat er mâlle skoan in frij gearstalde plot opsette kin. Folkskundich materiael bringt er mei Waling Dykstra gear yn ‘In doaze fol âlde snypsnaren’ (21882). Mei ‘Moaije blommen fen ùs Frysce letterkroane’ (1879) stalt er faeks wol de wyldste blomlêzing gear dy't oait makke is. Wyld kin er it by tiden ek fortoane op it toaniel. Hy hat in foarleafde foar it heechkomyske en foar it melodramatyske, mar hy bisit in ynstinkt foar it toanieleffekt. Hy en Waling Dykstra binne dan ek de greate pioniers fan it Fryske folkstoaniel. Syn ‘Mâl ût, mâl thûs’ fan 1859 is it earste Fryske spylstik.
De journalistike ynslach oppenearret him al lang foardat