Wurd foarôf
In datum is wolris oanlieding om jin yn it wurk fan in skriuwer út it forline to fordjipjen. Sa is it ús gien, doe't de hûndertfyftichste forjierring fan Tsjibbe Gearts van der Meulen syn bertedei yn it sicht kaem. Njonken Waling Dykstra hat er sûnder mis de wichtichste folksskriuwer fan syn generaesje west. ‘In pear en net in pear’, wjergaders én tsjinpoalen: de iene bisteklik en bistindich, de oare wyldseauwich en fantastysk; de iene ynbannich, de oare mei it hert op 'e tonge, dat wiene Waling en Tsjibbe.
‘Ald en Nij’, dy greate, bûnte samling, is fan 1907-1911. It waerd njonkenlytsen tiid om wer ris wurk fan sines foar de hjoeddeiske lêzer tagonklik to meitsjen. Dêrfoar liken ús de ‘wiere forhalen’ it gaedlikst ta. Net allinne dat Tsjibbe hjir as skriuwer gauris op syn bêst is, hy jowt ek in skat fan ynformaesje oer himsels en eigen geastlike ûntjowing, mar binammen op it stik fan kultuerskiednis en folkskunde út 'e foarige ieu. Der sit ek aksje genôch yn, sels de ‘thriller’-eftige eleminten ûntbrekke net. As de ûndertitel it oer ‘wiere forhalen’ hat, dan slacht dat fansels net op ‘In droom’, mar dizze geastige munstering fan 'e Fryske skriuwerspersoanlikheden woene wy de lêzer net ûnthâlde. In pear forhalen ha wy in oare titel jown as se oarspronklik hiene. Yn de koarte taljochting dy't wy oan elk stik foarôfgean litte, is dat forantwurde.
It wurk fan Tsjibbe Gearts wie op alderhanne manieren stavere. It is mei de Iduna-stavering bigoun en mei de Selskipsstavering, sa't dy oan 1945 ta gongber wie, ophâlden. Hwat fan de Wâldfries hat der altyd trochhinne skynd. Wy hawwe bisocht om in bytsje fan dy kleur to biwarjen.
F. Dam
Y. Poortinga