Der wurdt suver hast net boud, en as der in went frij komt, dan is dy foar de jonge minsken.
En hja moatte dochs ek libje? Diuwke is in tige sunige hûshâldster, mar hwat giet der al net fuort oan branje en oare needsaeklike dingen? Men kin wol hwat sizze, mar it húshâlden kostet wyks hast trije kear sa folle gounen, as foar 1940.
Sadwaende is it al kleare earmoed by in bulte âlde minsken.
‘In keamer oan de foarein bouwe,’ hat Diuwke sein. Miskien sil dat de iennichste útwei wol wêze. Dan kin Jelle it tún noch hwat dwaen, ris in kear mei melke, jit hwat mei ûngetiidzje, en al sa hwat.
En mei trochbodzjen oan de ein ta, sille hja harren dan rêdde kinne. Mar dan sil it libben foar Jelle ek net it rêstich jounskoftsje jaen, lykas Diuwke him sa fan herten tatocht hie.
‘Dêr is ús âlde Dok jit,’ seit Diuwke. ‘Sjoch him dêr ris oankommen. Noch sa rjocht as in kears. En altiten stiet him it antlit like blier.’
Ja, sa is it. En smout prate kin de âld baes ek noch jimmer.
‘Ik roek jou kofje fan fierren al, Diuwke. En ik tochte, dêr moat ik mar op ta.’
‘Moai,’ sei Diuwke. ‘Ik soe krekt ynjitte. En der is ek jit in stikje koeke yn 'e tromp, foar ús allegearre.’ ‘En der is in segaer foar ús allebeide,’ sa liet Jelle der glimkjende op folgje.
Sa sieten hja al gau mei har trijen yn in noflik petear. ‘Ja,’ sei Dok, ‘ik haw de praktyk oerdien, lykas jimme witte. Mar ik mei it taforsicht op 'e skoalbern noch oanhâlde. Ik bin eins boppe de jierren, mar myn opfolger hat it oars al drokkernôch en it is him goed,