dyk alris om, wakker pratend togearre. En Jehannes forhelle Jitse njonkelytsen ek, hoe't Willemke him yn 'e mûle hongen hie.
‘In bêst fanke, mar krekt in kat, as men har efkes tonei komt. Bitink dy noch mar ris, jonkje. Astou har joun noch to wurd wolste, dan meistou dy wol efkes goed op it skerp sette.
Ja, Nynke kin ek fan har ôffjurje, mar dy is dochs sa fûl en skerp hast net as Wil. Mar it kin ek bêst wêze, dat hja al yn 'e rekken hawwe, dat wy joun mei har prate wolle. En dat hja krekt dêrom wol thús bliuwe.’
Lykwols dat barde net. It wie al net sa ier mear, doe't hja de fammen metten, mar dy kamen dochs.
‘Kom, dat treft,’ sei Jitse ‘Jehannes wol tige graech efkes mei Nynke prate. Syn gewisse is net to suver leau'k. Sille wy salang de oare kant in eintsje útrinne, Wil?’
‘Neat gjin forlet fan,’ andere Willemke. ‘Ik soe sizze, rin dou mar leaver in eintsje mei dat niftsje fan dyn kostfrou. Dêr kinne wy dochs lang net tsjin munsterje, wol?’
‘Krekt,’ sei Nynke. ‘En as Jehannes dan mar nei Pyt fan der Wal reizget, dan bin jimme beide klear. Om jim binne wy net forlegen; mien dat mar net.’ ‘Nou né,’ sei Jitse. ‘En ik wol ek net sizze, dat wy perfoarst om jim forlegen binne. Mar jim gean ús al fier boppe dat niftsje fan 'e kostfrou. En ek boppe Pyt fan der Wal. Dat wit ik wol fan Jehannes.
Dêrom woe Jehannes jerne efkes mei Nynke prate. En ik mei Willemke. Dat mei dochs wol?’
Nou, de fammen hâldden har noch in skoftsje ôfkearich. Mar Jitse bleau tige freonlik; en Jehannes evenredich en wolmienend yn syn praet, krige Nynke al