gen. En hy hie net fierder west as oan 'e doar ta. Dat wie alles; in lyts skarreltsje.’ Sa stammere Jehannes mei sin...
Né, it wie perfoarst net om in faem, dat er earder fuort gien wie.
Nou, dat wie dat.
Mar doe't Jehannes in pear dagen letter nei it sjongen let thús kommen wie, waerd der alris wer kloarke en pinfiske.
En jit in pear dagen letter rôp Ynse Molkfarder tsjin Jehannes: ‘Ik moast dy de groetenis dwaen fan Pyt fan der Wal, hear. Dat liket mar skoan, net? In fanke as in lôge. As ik tweintich jier jonger wie, dan soe ik der noch om stykje wolle, sjedêr...’
‘Ik hie it wol tocht,’ sei Willemke. ‘Dy apen fan jonges, net?’
Diuwke en Willemke stiene togearre op 'e strjitte en hearden alles.
Diuwke glimke wiis, en sei: ‘Nou, jim hawwe ek wolris in tuskenbeurtsje hawn, net?’
‘O, heden, ja. Wy kinne ús wol rêdde bûten harren. Dat sille hja gewaer wurde.’
‘Nou, dêrom,’ sei Diuwke.
Yn 'e rin fan 'e twadde wike krige Jehannes in brief fan Jitse. Hy kaem Sneontomiddei thús.
En hwat tocht Jehannes der fan, om mei koarten nei it hynstekonkours to Ljouwert?
Soe dat net in tige moaije dei wurde kinne?
Jehannes neamde it by de tafel.
‘Ja,’ sei Jelle, ‘dêr soe ik ek wol sin oan hawwe. En jim Mem ek wol, tocht ik.’
‘Dan sil it wol it bêste wêze, dat Willemke it melken