| |
| |
| |
De femylje ut Drinte. Omke Jouke oan it wurd
Neisimmer 1946.
Forline wike is der in briefke komd út Drinte. Joukeom en Wytske-muoi woene in Sneon en Snein komme, as it paste. It reizgjen koe nou wer better as in jier forlyn. Yn it earst nei de bifrijing wie it hast net to dwaen. Mar nou koe it moai gaedlik mei de bus. Yn Drachten oerstappe, dan kaem it net sa min út...
Dalik wie in brief werom gien. Omke en Muoike soene tige by tige wolkom wêze. Mar Diuwke stie der op oan, dat hja langer as ien nacht komme soene. Fan 'e Freed oan't 'e Moandei, dan wie it de muoite better wurdich. En dan koene hja goed útrêste, ear't it oan 'e weromreis ta wie.
En hwa wit, hoe lang as it duorje koe, ear't men inoar wer seach en to wurd kaem? Sibe koe him dochs wol in pear dagen rêdde? De kij rounen dochs yn it lân en hy koe by de buorlju ite...?
Sadwaende wiene Omke en Muoike Freedtomoarn delsetten komd. En al tige gau sieten hja by in pantsjefol kofje yn in noflik petear.
Beide âlde minsken wiene soun en goed, en gol en freonlik, lykas altiten. Muoike hie in sels-bakte Drintse mik mei nomd. Dy moasten hja hjir ek ris priuwe. Yn 'e oarlochsjierren, mei dat minne brea, wie hja sels wer oan it bakken rekke. En dat die hja nou noch wol in inkelde kear.
Diuwke foun dat fiersto mâl. Fij, sa'n wurk. Mar
| |
| |
doe't hja dy jouns elts in stikje krigen, founen hja it allergearre like lekker. Ja, dat skeelde gâns by de bôlle, dy't de bakker doe noch brocht.
Bûten it melken en kealleboarnen die Jelle dizze dagen net folle. En Jehannes liet blike, dat er ek selskipswiet wie. Greate stikken wurk kamen der dy dagen net ré.
De Sneontojouns rekke Omke wiidweidich oan it fortellen. Der wie sa folle bard, sûnt Jehannes en Willemke dêr de lêste kear west hiene. En alles waerd oereide. Dy jouns waerd it let, ear't hja op bêd rekken.
Omke koe tige fortelle.
‘In dei of trije foar de bifrijing waerden nochris Dútskers by ús ynkertierd. De gravers wiene doe al in skoftsje fuort. En de Kanadezen sieten al ticht oan Assen ta. Mar Assen en Grins moasten beide sa lang mûlk hâlden wurde, waerd der sein. Gjin minske bigriep it, hwant it wie nou wol to sjen, dat de poep it dochs forlieze moast. Mar ja...
Tsjin 'e joun kaem in Dútske luit. Hûs oan hûs safolle. De skuorre wie leech op in lyts klibke hea nei. Der siet noch in kuilbult, dat sadwaende koene de kij noch genôch krije.
Mar dat bekfol hea, dat der noch lei, dêr koene mar in stik of tsien soldaten yn. De oaren kamen yn 'e keamer. De kachel moast oan bliuwe. Hja koene wol oer de flier lizze.
Muoike siet fansels gâns oer it kleed yn noed. It wie it iennichste dat wy noch hiene. En dêr de soldaten op lizze, mar ek op omwâdzje.
De hiele nacht gyng it út en yn. It wiene by uzes allegearre jonge mannen. Tige jong. Hja hiene net
| |
| |
earder yn it fjûr west. It bigreate ús troch alles hinne. Sokke noflike jonges liken it.
De oare moarns waerd der yn 'e skuorre hwat iten. En de flesse der by. Doe moasten hja der op út. Jong en... ek noch fol moed. Hoe as dat kin, bigrypt men net. Mar it wie sa.
De lieder kaem by Muoike to freegjen oft it ek smoarch wurden wie. Né, dat wie it net. Hjir en dêr lei in raeike hea, mar dat wie alles. Mar hy woe Muoike perfoarst in pear stikjes sânsjippe jaen.
Dy naem hja ek oan. Mar... hwat men nea tinke kinnen hie, doe't hja dy jonge jonges dêr sa hearich hinne rinnen seach, doe skeaten har de triennen yn 'e eagen...
Efkes letter stie buorman by ús. ‘Nou rint it om it lêste’ sei dy. Ja, dat koe elk sjen. Mar dy hie it gâns oars troffen as wy.
Dêr hie in keppeltsje west, dy't jierren oan it Eastfront striden hiene. Hurd en rau, en hjit der op om de Kanadezen op 'e hûd to kommen. It wie buorfrou kâld oer de rêch gien. En hja wie sa bliid as hwat doe't dy mannen ôfsetten.
‘It binne suver gjin minsken mear,’ hie buorfrou sein. Sa ûngelyk koe men it treffe.
De soldaten wiene de kant útset nei Assen ta. Mar hja kamen gau werom, en it like doe, as soene al dy kûltsjes oan 'e wei tusken Assen en Grins mei soldaten biset wurde. Dat wie de jouns.
Wy kroepen yn 'e kelder. As der sketten waerd, like dat noch it bêste plak...
Doe't it de oare moarns ljochter waerd, seach ik efkes troch in kier fan it gordyn. En dêr rounen Dútske soldaten flak foar it finster lâns. Hja gyngen efter it hûs yn 'e bidelte stean. It wie krekt, of soene hja
| |
| |
dêr stân hâlde.
As dat bard wie, dan soe der wol neat fan it hûs stean bleaun wêze, mar it roun better ôf. Hja bleauwen in skoftsje stean. Keardels as beammen, allegearre. Mar doe't ien in segret oanstekke soe, doe trillen him de hannen sa, dat men it op in distânsje sjen koe.
Efkes letter waerd der in kommando jown. Fuort, de Grinzer kant út! En dêr kamen mear, allegearre fan Assen ôf. Guon al sûnder wapens. Doe in skoftsje neat, en doe ynienen in jûchhei!
De Kanadezen wiene der. En doe? By de brêge leine fytsen. En de tassen sieten fol segretten. Hwat waerd der hurd romte yn makke. En... ek yn de fytsen. Dy waerden sa gau mûlk efterom brocht.
Sibe hie fansels ek al gau hwat doaskes segretten to pakken. Mar doe't er der ek in fyts wei helje soe, haw ik dat keard. De poep hie ús al in fyts ûntstellen, mar dy woe ik sa net werom hawwe.
Buorman hie ek al hwat segretsjes to pakken. Mar doe kaem ús buorwyfke der tusken. ‘Lit dat nou; ik bin sa bliid en tankber, dat wy der allegearre noch binne. Bidjer dy wille nou net...
Ja, sa tochten guon. Mar der wiene ek oaren.
Om in ûre of tsien seagen wy, dat de earste NSB-ers ophelle waerden troch jonge mannen fan mar sa'n tweintich jier. Elk in sjerp om 'e earm.
Nou, salang as it allinne NSB-ers wiene koene de measten dat wol ha. ‘Dy hawwe it mei de Dútskers hâlden,’ waerd der sein. En hoe't dat soms krekt oarsom wie, dat wisten hja ek net, fansels. Mar de twadde dei bigong it ‘oanbringen’.
Dy't in kwea freon hie, dy't er wol yn it lijen fiere woe, dy koe syn bêst mar dwaen. De BS hie fan
| |
| |
hegerhân it konsynje krige: ‘It is better, dat tsien goeden oppakt wurde, as dat ien forkearden frij bliuwt.’
Nou, der bleauwen dochs in protte forkearden frij. Mar der waerden ek in bulte goeden ophelle.
En just guon, dy't frij hwat skurf op 'e lea wiene, koene har der faek it bêste útwine.
De earste wiken gyng it tige nuver. It iene gyng tsjin it oare yn. Hja pakten ek in boer op, in eintsje fan uzes ôf. In boerefeint, dy't in jier twa earder mei spul by him wei rekke wie, hie him forklage.
Doe kaem buorman by my. ‘Dêr geane wy efteroan,’ sei er. ‘Wy witte beide, dat nimmen dy man hwat forwite kin.’
Wy nei de buorren ta. In kontroleur fan de CCD hie dêr de lieding. Wy koene him goed. It wie net sa'n slimme man, mar hy wie sels net sa tige skjin op 'e hûd. Hy hie him troch de Dútskers brûke litten, om by de boeren kij fan 'e stâl to heljen, as hja mar efkes mei de levering efter wiene.
Buorman die it wurd. ‘Dy man kin nou suver neat forwiten wurde. En Jouke en ik wolle togearre foar him ynstean.’
Wy krigen de man fuortynienen mei. Och hwat wie er bliid...
Mei ús nije boppemaster spande it ek tige. Dy wie yn 'e oarloch bineamd. En in ûnderwizer, dy't mei him op 'e nomenaesje stien hie, moast him forklage hawwe. Twa jonge mannen fan 'e B.S. op it skoallehûs ta. Aldergeloks wie de man net thús. Hy seach krekt by goekunde, hoe't it dêr wie.
‘Nou wy binne hjir mei in goed ûre wer. Siz tsjin him, dat er hjir op ús wachtsje moat.’ Sa teagen de beide jongkeardels fierder.
| |
| |
Masterske oan it skriemen. En har famke op 'e fyts fuort om har heit op to heljen. Dy waerd tige kjel, en makke gau, dat er thús kaem. Mar doe bitocht er him. En hy sette nei de pelysje ta. Dy oan it freegjen. Ja, hoe siet it, hie er lid west?
‘Né, mar ik haw al mei dien oan 'e winterhelp. Dat diene hja doe allegearre, mar it is my letter gauris om 'e snút wreaun.’
‘Nou, hja meije allinne leden en sa ophelje. En oaren dy't yn alles mei de Dútskers mei gien binne. Mar dat binne jo dochs ek net?’
‘Om't effen net; dat kin gjinien my forwite.’
‘Nou, dan geane jo mar rêstich nei hûs.’
‘En as dy jonge mannen aenst komme om my op to heljen?’
‘Dan sizze jo, dat ik sein haw, dat hja jo gewurde litte moatte.’ En de pelysje riek him ris flink út.
Master nei hûs. En in toarntsje letter, dêr kamen dy beide mannen al oan. Tige bot en ûnbiskoft. Mar doe't master sei, hwat de pelysje sein hie, doarsten hja him dochs net meinimme.
Lykwols, de oare deis, doe wiene der al wer twa. Dy kamen net fan de pelysje, mar fan in kommandant fan de B.S.. Dêr wie dy ûnderwizer doe hinne gien. Hy hie al heard, dat master noch thús wie. En hy woe it doe mar ris fan dy kant bisykje.
En master koe by heech en leech úthâlde, dat de pelysje sein hie dat hy thús bliuwe mocht, it joech neat.
‘Wy hawwe ús oarders ek! Meikomme!’ En hja skaeiden al mei it gewear om.
Mar tichte by de skoalle, dêr stie de pelysje. En master rôp oan him. En doe't dy alles yn 'e rekken krige, waerd er lilk.
| |
| |
‘Hwat is dat nou? As de iene seit fan thús bliuwe litte, en de oare hellet him dan dochs op, dan wurdt it ommers in gekkeboel. En der is ôfpraet, dat der nimmen bûten myn witten ophelle wurde soe. It is de earste deis al mâl genôch gien.
Gean nou mar mei master nei de kommandant ta, en siz, dat ik him frijlitten ha.’
Nou, doe nei dy kommandant ta. Ja, dy wist ek net krekt, hoe as it sitten hie. En de oanbringer like him bitrouber ta. ‘Mar jo geane dan mar wer nei hûs ta,’ sei er tsjin master.
‘Dêr bin ik bliid om,’ sei master, ‘mar kinne der nou moarn ek noch in pear oaren komme? Soene jo my net in briefke skriuwe kinne dat ik sjen litte kin?’
Dat gyng oan. En wrychtich, it blykte nedich to to wêzen. Hwant de oare moarns wiene der wer twa om him op to heljen. Doe wie master gâns dryster wurden.
‘Hwa hat jimme stjûrd?’ sei er.
‘Dat hoege wy net to sizzen, mar it is net de earste de bêste,’ sei de iene. ‘En kom nou mar gau mei.’ Doe kaem master mei it briefke op 'e lappen.
‘De pelysje hat sein, dat jim my net ophelje meije. En jim eigen kommandant hat my dit briefke jown. Dus jim dogge it op eigen manneboet? En sil ik jimme nou ek sizze hwa't jimme stjûrd hat?... Siz mar tsjin him, dat er it oars bisykje moat.’
‘Oft dat sein is of net, dat wit ik fansels net,’ sei Omke Jouke, ‘mar in setsje letter is it foar de fjirde kear bisocht. Mar doe is it nochris mislearre.’
‘Ja,’ sei Jelle. ‘It skynt rounom nochal nuver gien to wêzen. Mar wy hawwe der hjir net sa folle fan fornomd. Hjir binne al in pear ophelle, mar dy wiene
| |
| |
gau wer los. Mar dy sille wol in boete krije, nei't se sizze.
En dan dy greate mannen fansels. Dêr sil yn Drinte ek wol raer mei omsprongen wêze.’
‘Ja,’ sei Omke, ‘wy hawwe der tige om lake, mar ik koe it dochs ek wer net goed krije. De Kommissaris en de Boargemaster hiene hja yn de stêd fuortynienen oan it kleed útslaen. Sa bitochten hja foar de iene dit en de oare dat..’
‘Mar diene dy mannen dat dan sa mar?’
‘Jo moatte rekkenje, de gummikneppels waerden net sparre. En as men dêr in kear tige mei omseame is, nou...’
‘En binne der in protte boeren oppakt?’ frege Jehannes.
‘Dat wie wakker ûngelyk. Op it iene doarp leine hja in hiel oare mjitte oan as op it oare. In doarpke tichte by uzes, dêr sieten de briefkes op mear as in tredde part fan 'e buorkerijen.’
‘Hokker briefkes?’ frege Willemke.
‘Pompierkes, dêr't op stie “RIJKS EIGENDOM”. As de boer ophelle wie en de frou net, dan kaem dat briefke der soms wol op, en soms ek net. Mar as hja beide ophelle wiene, dan kamen in pear fan dy jonge mannen, om oarder op saken to stellen.
Dan waerd der in “bihearder” oansteld. Dy moast dan buorkje. En dy rekkene der al sahwat op, dat hy aenst de pleats oer krije sil. Mar as men dat buorkjen fan party fan dy mannen sjocht, nou sjedêr!
It naeit der in koerts út. Ek as de boer de pleats letter wer kriget, dan hat er der in rare gisel mei makke. It saneamde “Beheersinstituut” bringt fuort al 2% yn 'e rekken. En dan komt der it buorkjen fan sa'n stikje nijboer by.
| |
| |
Net sa fier fan uzes ôf hawwe hja yndertiid in man oppakt, dy't in pear pleatskes forhiert. Dy waerd ek ûnder bihear steld, fansels.
Op it iene pleatske siet in boer, dy't lid west hie fan 'e N.S.B. Dêr is troch it bihearsinstituut dalik in oarenien op set. En hwa?
Deselde, dy't de eigner oanbrocht hie!
Dy man is mar in wike mannich fêst-hâlden. Mar doe hie er it bihear sels noch net wer yn 'e hannen. En hy skynt nou 12 jier fêst to sitten oan in hierder, dy't him sûnder reden yn it kamp prakkeseard hat.’ ‘Moast men sokken net sjitte?’ sei Jehannes.
‘Ja,’ sei Omke, ‘it is al mâl tagien. Witte jimme al, dat Sibe ek noch ophelle west hat?’
‘Sibe?’
‘Wis al, mar dêr hawwe wy dochs net bot oer yn noed sitten.
Dat wie sa. In ein fierder wiene de man en de soan beide ophelle. En dy frou wie in muoike fan ús buorfamke, dêr't Sibe moai iens mei is.
Nou, doe't dy dat hearde, bigriep hy wol, dat dy frou dea-forlegen sitte soe mei it melken en sa.
‘Sil ik der hinne gean, hwat tinkt heit?’, sei Sibe. Nou, wy tochten beide al, dat hy der wol tige om birabbe wurde soe, mar dy kij moasten dochs molken wurde. Dat sadwaende Sibe der hinne.
Doe't er dy jouns efkes thús west hie, seach ik him op 'e dyk stean mei in pear oare jonge mannen. It die letter bliken, dat dy him warskôge hiene. As hy der jitris hinne gyng to helpen, dan moast er him mar ré hâlde, Mar dêr praette er mei my net in wurd oer. Efkes letter seach ik him by it buorfamke stean to mûskopjen.
| |
| |
En de oare moarns foar melken kaem dy by uzes it hiem op rinnen.
‘Nou gean ik fan 'e moarn mar mei jo to melken. Dan kin Sibe ús muoike helpe,’ sei hja tsjin my.
Nou, goed fansels. Mar hy wie mar krekt thús, dêr kamen al twa oansetten. Sibe moast mei. Hy wie gau werom, mar doe hawwe Sibe en dat buorfamke in pear dagen togearre thús molken. En ik holp dat fromminske.
Sa lang oant der oare help wie. En hja founen my tink to âld om op to heljen. Tominsten hja hawwe my rinne litten.
Mar to âld wiene hja oars ek net gau. In eintsje fan uzes ôf ried in platte molkwein lâns. Dy siet fol mei âlde mantsjes, dy't in skoftsje lid west hiene, nei't sein waerd. Der wie in man fan 73 jier by. Dy sprong ûnder it riden wei fan de wein ôf en yn de feart. Hy woe him sels forsûpe. Nou, dat is net trochgien, fansels.
En hja hawwe him in wike-mannich letter ek mar wer los litten. Der wie him lokkich neat fan oerkommen. Hy sit nou lykwols gâns yn noed, hwant hja hawwe syn sparbankboekje hâlden. Dêr stiet al syn rykdom op. Hy wie yn 'e hûs by in soan, en bitelle der altiten in kromke kostjild. It is to hoopjen, dat er dat boekje mar gau wer kriget. De âld stakker hat gjin kwea dien. En hy sit der gâns oer yn.
Yn dy dagen haw ik ek in kear nei in dokter yn Grins west. In man, dy't mei my opfytste, forhelle, dat Linthorst Homan, dy't yn it earst fan de bisetting lieder wie fan ‘De Ned. Unie’, de jouns to foaren ophelle wie. Dy moast doedestiids dingen sein en dien hawwe, dy't nou wer opikkere wiene. Nou, dat hie'k winliken net forwachte.
| |
| |
En efkes letter sei dy dokter, dat it ek net sa wie. Mar der waerd gâns om him hinne rabbe. Hwat noch komme koe? Party minsken sizze, dat sa'n kommune net langer as in pear wike duorje kin. It soun forstân komt dan wer boppe. Mar... men forjit, dat de iene de oare de kop gek praet. En... der binne fierstofolle, dy hawwe der bilang by, dat it noch in skoftsje mâl giet. Dan bliuwe dy stikeme forrieders bûten skot. En oaren kinne stelle, safolle as hja wolle. Sa sei dy dokter. En hy hat gelyk krige ek.
Mar lokkich, dat hja Linthorst Homan rinne litten ha. En leau mar, dat dy handich genôch is, om mei in bytsje fordrach wer tusken de oare greate mannen yn to krûpen.
In boer dy't syn buorkerij kwyt rekket en in skoalmaster, dy't syn baen forspilet, dy binne der folle minder oan ta.’
‘Ja,’ sei Jelle, ‘Master Sytsma hie it lêsten ek oer sa'n gefal. In bêste master, en hwat him forwiten waerd hie suver neat om 'e hakken. Mar ik bin bang, dat hy der nea wer tusken komt. It moast krekt wêze dat hja dea om sokke mannen forlegen reitsje.’
‘Ja.’ sei Omke, ‘dan giet it krekt as by it spoar en de pelysje. Dêr geane hja mei de lichte hân oer hinne. Hwant as hja alle spoarlju oppakten, dy't net fuortynienen yn goedens mei stake woene, dan koe der gjin spoar mear ride. En fan 'e pelysje is der hast net ien, of hy hat yn de earste jierren de Dútskers yn alles tsjinne. En faeks in poarsje Joaden oppakt. Mar ja, men miende doe allegearre, dat dy yn greate barakken yn Dútsklân gearbrocht waerden. En sa sieten hja hjir dochs ek al in skoft.
Hoe grousum de Joaden bihannele binne, hearde men net earder as nei de bifrijing.
| |
| |
De Joadske Ried hat fansels ek net better witten, hwant oars hie dy de Dútskers net holpen by it fuortstjûren fan har eigen Joaden.
En sa is der in hiele bulte, dêr't efternei tige op lekskoaid is. Ginnerael Winkelman, Dr Colijn, Linthorst Homan, Yngenieur Louwes en oaren, hawwe dingen sein, skreaun en dien. dêr't hja nou hurd oer fallen binne. En it slimst fan allegearre Kees Staf. Mar hja hawwe dien, hwat hja doe foar it folk fan Nederlân it bêste achte hawwe. Itselde moat sein wurde fan in protte gewoane boargers en boeren.
Dêrfan sitte nou in poarsje yn 'e kampen yn honger en sykte. En de gummikneppel wurdt der omraken brûkt, wurdt der sein. En hoe't de froulju dêr bihannele binne, dêr kin men yn it bywêzen fan jonge minsken net oer prate.’
‘Hoe is it mei dy man gien, dy't bonnen fan 'e Dútskers krige foar sterke drank, om't er harren sa bêst bitsjinne? Dy hawwe se fansels ek daelk efter stikeltried set?’ Sa foel Jehannes der tuskenyn.
Omke lake! En doe sei er: ‘Né, dy man hawwe se bineamd as rjochter yn in tribunael.’
‘Nou, it moat net mâlder wol?’, sei Diuwke.
‘Hoe koene se soks dwaen?’
‘Och ja, sokke mannen hingje yn kloftsjes oaninoar. En hja hâlde elkoar de hân boppe de holle. In kammeraet fan him, hat nochal nuvere brieven skreaun oan 'e S.D. En dêr binne ôfskriften fan nomd en goed biwarre. Mar gjin ien doar dy brûke. Dy man sit fansels ek al yn suveringskommisjes en sa...’, andere Omke.
‘Nou, dan sil it dêr by jimme allegearre wol tige suver wurde,’ narre Diuwke.
‘Ho, ho! Tinke jimme, dat it hjir safolle better giet?
| |
| |
Dat sil grif wol gûl om goarre wêze. As Fryslân syn eigen saken bioarderje kinnen hie, dan wie it hjir grif better gien.
Mar Fryslân hat mei Grinslân en Drinte deselde boppebaes hwat it suverjen oangiet. En... dy hat foarhinne sels lid west fan 'e NSB.’
‘Nou moat jo ophâlde Omke. Dat is dochs net wier?’ ‘Wis is it wier. Hy hat yn 'e tritiger jierren lid west. Nou hie er foar de ynfal fan 'e Dútskers al bitanke. Mar neffens de kranten en sprekkers is dy lear fan it nasjonael-soasjalisme sa forkeard, dat immen, dy't him der ea mei ôfjown hat, gewoanwei in barbaer wêze moat.
Dêr komt noch hwat by. Doe't dy man sels lid wurden wie, moast er oaren der ek wol ta oantrúnje. En as dy doe ek lid wurden binne? Dan kin er nou rjochtsje oer syn eigen kornútsjes fan doe. Ja, dy tribunalen en suveringskommisjes...
It is sa, dat der ek wol goede en earlike minsken yn sitte, mar de bêsten binne der bûten bleaun. En der binne ek al guon, dy hawwe harren wer tobek lutsen. As it sa noch efkes troch giet, dan is it tsjêf mei noch hwat kerltsjes nôt der tusken...’
Jehannes en Willemke binne nei boppen gien. Under prate hja noch efkes troch. Omke forhellet noch fan it hongerjen en de dysentry yn it kamp, en hoefolle minsken der al forstoarn binne.
En, dat de jonge froulju harren oan 'e wachten forkeapje foar in mûlfol iten.
‘Mar, Omke, soe dat allegearre wier wêze? Dan moatte wy ús dochs allegearre skamje, dat soks yn ús lân barre koe?’
‘Ja, fanke, wy moatte ús allegearre skamje...
Dy't misdien hat, dy moat straft wurde. Mar sa mei
| |
| |
it net. En neffens hwat ik der fan sjoen ha, dan binne der op elke tsien wol acht, dy't der nea hinne moatten hiene. Dat weacht swierder as al it oare.
Mar dat wolle hja nou net mear tajaen. Hwant dan soene hja ek tajaen moatte, dat hja sels mis west hawwe. En dat de oanbringers yn it tichthûs moatte. om't dy dingen bisward hawwe dy't sa net wiene.’ Doe't hja dy jouns - tige let - krekt op bêd leine, sei Diuwke: ‘Omke is der fan oertsjûge, dat alles wier is hwat er forhelle hat. Mar ik wol it net leauwe.’
‘Né,’ sei Jelle. ‘Ik wol it ek net leauwe. Mar soene wy it ek leauwe moatte? Ik hie leaver hawn, dat de âld man ús dit allegearre net forhelle hie.
Men is der suver fortrietlik en mismoedich fan. Hast krektlyk as doe't in omke fan ús ris tige dronken west hie. Ynse molkfarder fortelde dat doe mei alle omballingen der by yn it skoft fan de gearkomste fan Doarpsbilang, mar ik woe der net nei hearre. It wie ús omke dochs?
Mar ja, as der safolle forkeard gien is, dan moat it regear soargje, dat alles sa folle mûlk yn oarder brocht wurdt. As der ûnrjocht sitten bliuwt, jowt dat in kwea sté, dat him letter grif wer oppenearje sil.
It wie jin it noflikst as der oer sokke dingen alhiel net mear praet of skreaun waerd. Mar it regear moat oantrune wurde, om rjocht to lûken, hwat jit skean en bryk leit. En dy oantrún moat út it folk sels komme. Dêrom mei de domper der net op set wurde. Miskien bart der hwat yn 1950. Dan sil der wol in feest makke wurde, om't wy dan fiif jier frij binne en der soe dan oan fêstheakke wurde kinne, dat in bulte ûnrjocht goed makke wurdt...’
| |
| |
‘Ja,’ sei Diuwke, ‘mar dat duorret noch hast fjouwer jier. Moatte dy minsken dan sa lang op har rjocht wachtsje?’
Eilaes, as Diuwke witten hie, hoe't dat gean soe...
|
|