fûtere er al op Diuwke. Hy skamme him slim, dat er dêr hinne moast.
It lapke koste doe jitris tritich goune. Mar ien ding learde Jelle al. Der wiene gâns mear en ek gâns greater sûnders as hy. In hiele rige.
Nammers, dat der greater sûnders wiene, koe men ek yn 'e kranten lêze. Hwant in kearmannich ticht efter inoar waerd in hiel hûs leech stellen, fan skoalmasters of oaren, dy't mei fekânsje wiene. Yn 'e nacht waerd alles ophelle. En men foun de dieven net; allinne de printen fan 'e autobannen. Sok spul skynde daelk nei de greate stêd brocht to wurden en dêr forkoft.
En it tal ynbraken wie ek great. Faek hiene sokke mannen der sjitark by en brûkten it ek. It like soms hast Chicago. En dat yn ús lântsje, dêr't sok in misdied oars hast net foarkaem.
Yn it postkantoar en oare ryksgebouwen hongen warskôgings. Dêryn, waerden de minsken oantrune om net mear le leagenjen, to hucheljen en oare forkearde dingen to dwaen. Under de bisetting hiene dat deugden west, sa waerd der sein; mar nou net mear.
Ja, as sokke warskôgings nedich binne, dan moat der al gâns yn 'e tiis sitte. Ek yn holle en hert fan 'e minsken.
En it is krekt as mei in reaf jern; men hat it sa mar yn 'e tiis. Mar it kostet tiid en geduld om it wer út de tiis to heljen. Lange, lange jierren sil men iderkear wer yn 'e kranten lêze kinne fan guon, dy't yn 'e oarlochsjierren of letter fan it anker slein binne en it paed foargoed bjuster waerden.
Hwat binne der al in bult fan dy minsken yn it tichthús to lânne komd.