jonges. Hja meitsje inoar alhiel oerstjûr. En by dat oanjaen fan de iene troch de oare giet it lang net allegearre om 'e suverens.
Oergunst, âld skeel en sok soarte fan dingen spylje tige mei.
Ik soe Jitse folle leaver hwat mei fédokter Terpstra de boer op gean litte, as ik jo wie. Dan leart dy jonge noch hwat en Terpstra kin der geriif fan ha. Jitse kin him yn in bulte dingen wol hwat hantlange, en hy kin ek in auto ride.
Terpstra hat krekt sa'n âld rottelwein as ik; dy wol better pûste en stinne as ride. En de bannen min, fansels. Jitse kin dan de âld wein ek hwat mei neisjen, en ris in bân mei plakke, en al sa.
Dat is net sok moai wurk, mar sadwaende docht er faeks mear nut as nou. En lykas ik sei, hy leart der ek fan.’
Sadwaende waerd Jitse feintsje by fédokter Terpstra. Alteast, to'n earsten.
Jehannes fortelde dat thús ûnder kofjedrinken.
‘Nou,’ sei Jelle, ‘dan ha ik harren fan 'e moarn togearre it lân útstekken sjoen by de buorlju.
In kou mei kopsykte tink. De bisten rinne dêr op bijarre lân, en dêr skynt it gers to geil to wêzen.
Ik tochte al, hwa't dat wêze mei? Terpstra is sa'n mânske keardel, en Jitse is net sa great en nochal bihindich.
‘Dus in fédokter mei in fédokterske’ sei Jehannes. ‘Ei jonge né,’ sei Jelle. ‘In man kin fédokter wurde en in faem fédokterske.
En dat kin dan noch op twa wizen. Hja kin nei Utert op stúdzje gean. En hja kin it ek wurde mei in akte fan it gemeentehûs.’