Ek wie it wol foarfêst, dat hja nachts allegearre lang net thús sliepten.
Men koe it dus fan tinken wol hawwe, hoe't it der krekt foar stie. Mar de measten fregen nearne nei. En de mannen fan 'e ‘Landwacht’ knypten de eagen ek meastal ticht. It wie wol bikend, dat der party by wiene, dy't de Dútskers lang net skewielje woene yn sok soarte fan dingen.
En miskien wiene der ek wol guon, dy't der op rekkenen, dat de poep it wol gau forlieze soe?
Ek mei it each dêrop koe it better wêze, mar net tofolle lilke minsken to meitsjen.
Lykwols, by de Dútskers en ek by de ‘Landwacht’ wiene ek guon, dy't troch alles hinne wiene.
En by it ‘forset’ like goed. Der waerd ynbrutsen en stellen, allegearre om iten of klean, sa as it hiet. Mar it kaem ek foar, dat de lju, dêr't hja ynbrieken, deasketten waerden.
En soms wiene dat guon, dy't dochs oan 'e ‘goede kant’ stiene.
Dy lêste winter, dat wie hwat.
Spitich, spitich, dat de Ingelsken yn Septimber by Arnhem keard wiene...
Hwant hwat koe der noch net komme?
Hie Omke Jouke ek net skreaun, dat der Dútskers wiene dy't de kij safolle mûlk yn ‘feilichheit’ bringe woene efter de Ryn?
Dat soe sa hurd net rinne, hwant dan kamen de boeren allegearre yn opstân, mar dochs...
Mar kom; it bêste mar hoopje; gjin liuwen op 'e wei sjen. As dy tsjin de doar oan wrame, is it eardernôch om eangst to krijen.