dan dochs wer in kromke sju makke wurde.
Kjeld en honger; mar noch folle fûlder tyske de noed. En dy bineare allegearre, hwant hy wenne yn elk hûs.
Jitse wie thúskomd. Mar hy wie ek wer fuort gien, sa as it hiet.
Hwerhinne? Nei Utert seine guon. Né, nei Dútsklân, sa hiene oaren heard. Master-en-dy loeken oan 't skouder, as it harren frege waerd.
‘Wy witte it sels net,’ seine dy.
Mar dat wie net alhiel wier. Jitse en Jehannes wiene togearre op reis gien. ‘Hja sille wol ûnderdûkt wêze, ornearren guon...
Ja, sa wie it. En hja wiene tichte by hûs.
In eintsje efterút by Minne Dykstra lei in pream yn in reidpoel. En dêr hiene de trije jonge mannen hwat bêdguod, en net to min strie en tekkens yn tôge.
En der in souderke oer. Dêr moasten hja plat op it liif ûnder krûpe. En doe't hja sa in foech wenskûte fan de âld pream makke hiene, wiene hja noch dyselde jouns nei de puolle kloete.
De oare moarns hiene hja de pream om 'e bûtenkant hinne mei hantsjefollen reid ôfset. Nou sjocht nimmen dy pream mear. al soe er dêr flak by wêze.
Yn 'e moarntiid bringt de arbeider in skouke fol kouwedong nei de twadde fjouwere. As de skou leech is, dan hellet hy de trije jonges op. In pear âlde sekken wurde útlein, en dêr lizze hja dan plat op it liif op. En as Dykstra efter op 'e rûchskerne oan it wurk is, dan kinne hja mar rêstich flak oan 'e skuorre ta farre. Dan fansels gau yn 'e skuorre.
Om bar steane hja dan de mieddyk út to sjen. Mochten der mannen fan 'e Griene Pelysje oankomme,