to meitsjen. En hja hie ek oanbean om nei iten noch to kommen om to skûtelwaskjen. Mar dat woe Jelle net lije.
Dat koe hy dochs like goed dwaen? En oars Jehannes.
Sa fortelde Diuwke mei in bulte tagedienens foar Dok en Pytsje.
Mar hja is dochs ek tige bliid, dat hja nou alles sels wer sahwat dwaen kin. Jelle hie der op oanstien, dat hja Pytsje freegje soe, oft dy noch ien of twa Freedtomoarnen it rûchste wurk hwat oan 'e kant helpe woe. Mar fierders rint it allegearre wer gewoan. En Willemke soe nou wol gau wer del komme.
Masterske fortelde, dat Jitse noch yn Utert wie, mar hy hie skreaun, dat er tige mei koarten thús komme woe. It learen wurdt tsjintwurdich dochs neat mear, en it is dêr in greate tsierderij yninoar om.
Nammers, hy hat dy forklearring fan loyaliteit foar de bisetter oer, ek net tekene. Beide bruorren Louwes hawwe der tige op oanstien en doe sei Sytsma ek al: soe'k mar dwaen, as ik dy wie, jonge.
Mar Jitse wie bang, dat er dêr letter noch wol ris lêst mei krije koe.
Nou, Sytsma sei, Jitse moast it dan sels mar witte.
En nou is it sa, dat de poep it yn Frankryk en Itaelje al hurd sitte litte moat. As it nou noch mar foar de winter ôfrinne mei.’
Ja, sa tocht Diuwke der krektallyk oer.
‘En hwat sizze jo fan 'e bern?’ sei Masterske.
‘De bern? Hoe woene jo sizze?’ andere Diuwke. ‘Nou ja, it is allegearre neat as hwat bernespul, fansels. Mar lêsten, doe't Jitse in deimennich thús west hat, gongelen Jehannes en Jitse wakkere drok. En Jabik Dykstra wie der ek al folle by.