binnendiken. Hwant de fûgelwrâld sei him mear, as it jeijen en fleanen op 'e greate strjitwei.
It wie dochs noch goed âlve ûre, ear't er by Omke-en-dy wie. Dy sieten noch to kofjedrinken.
‘Kom, wiest dêr al?’ sei Omke. ‘Nou, en thús alles goed? En in goede reis hawn? Kom, mar gau in sit.’ En Muoike skrepte al mei kofje en koeke foar him. Sibe sette syn doaske mei sigretsjes op 'e tafel.
Ja, as men sa sêft set wurdt, dan is men fan 'e earste amerij ôf dalik alhiel wer thús.
En sa gyng it Jehannes ek.
Foar iten fansels noch efkes yn it bûthús sjen.
Mar och hearken, hwat wie it tal kij bilune.
‘Ja,’ sei Omke. ‘Wy binne al fan fyftjin op acht. Wy moasten in protte greide ombrekke.
Ierappels bouwe en koalsied, en biten. En in hoekje hjouwer en weet. Sa is de greide gâns ynkoart. En om't der ek hast gjin kunstdong is, waekst der fansels ek folle minder gers.
Doe moasten der kij fuort. It muoide my al, mar hwat sil men. It is moatten. En it lân wurdt sa alhiel útrûpele. Hwant der wurdt in bulte úthelle, en fan dongjen komt net folle mear. Us poarsje kouwedong is nou fansels ek helte lytser.
Jimme binne fan dat winliken lokkiger as wy. Jimme lân leit to leech om to brekken. Mar jimme hawwe ek al kij leverje moatten fansels?’
‘Ja,’ sei Jehannes, ‘mar wy binne noch net sa fier ûnder ús tal fan 1940. En wv hawwe fansels de gaedliksten oanhâlden. As it net al to lang mear duorret mei dy smoarge oarloch, dan kin it mei ús fé noch hinnebruije...
It soe my ek muoid hawwe, as wy sa ynkoarte moatten hiene as jim. Mar jim hawwe wer foar, dat