soarch. Mar dochs, ik leau, wy moatte gewoan trocharbeidzje, sa lang as it mar in bytsje kin.
It is ek foar de jonge minsken better, dat hja alle wiken in joun op 'e repetysjes komme. Altiten thús sitte, dat kinne hja ek net...’
Dok tocht er krektallyk oer.
Mar hy woe ek noch efkes by Jelle en Diuwke harkje.
Doe't er dêr kaem, stiene Jelle en Jehannes noch yn it foarste fintsje to hekkeljen. Dat hie Dok al fan 'e dyk ôf sjoen en sadwaende wie er der daelk mar op ta wâdde.
Der wiene net folle siken, dat hy hie noch wol efkes tiid. Doe waerden de hekkel en de snijseine yn 'e fuoringe lein, en gongelen hja trijeresom nei it hiem. ‘Kom der efkes yn,’ bea Jelle.
En sadwaende sieten hja in amerij letter al yn drok petear.
‘Hwat tinkt jo der fan?’ sei Dok tsjin Diuwke.
‘Ja,’ andere dy, ‘wy hawwe der ek alris oer praet. My tinkt, gewoan trochspylje. De jonge minsken moatte dochs hwat hawwe.
En foar de âlderen is it ek in bêst ding, as hja der ris in joun útkomme. En dan om Krysttiid hinne útfiering.
Fan 'e wike haw ik mei Pytsje praet. Skelte sit der ek al tige oer yn, dat er aenst wol nei Dútsklân stjûrd wurde sil. Mar hy is hjir nou noch. En sokken binne der mear.
Fansels, de rjochte aerdichheit is der net mear oan. Mar it is foar de minsken, dy't djip yn 'e soargen sitte, noch nediger dat hja der ris út komme...’
‘En... hoe tinke de jonge minsken der sels oer?’ sei Dok tsjin Jehannes.