motyf west, om it rip noch hwat heger op to lûken. En der binne deaden fallen. It is ek bard, dat de iene boer de oare ôfbruid hat, dat Friezen ris wer tsjin Friezen stiene.
It leit foar de hân, dat ús folk yn opskuor komme moast, doe't de Poep ús oansei, dat de soldaten fan 1940 wer finzen nommen wurde soene. En dan is in soarte fan staking ek grif it bêste wapen, dat wy hawwe. Mar it is ek in tige nuodlik wapen.
It snijt it earst en it meast yn it libben fan ús eigen folk. Ik leau net, dat eltsenien him dêr goed rekkenskip fan jown hat. Dat is nou foarby; de ‘staking’ hat by de boer in wike duorre. En... by de post ien dei...
Nou wurdt der noch oer neipraet, en net troch allegear allyk. It Haed fan de itensdistribúsje, de hear Louwes, trunet ús hyltiten oan om alles yn to leverjen. Der binne oaren dy't miene, dat in goed Nederlanner safolle mûglik binefter hâlde moat. Hwat ‘swart’ forkoft wurdt, giet tominsten net nei Dútsklân,’ sa wurdt der sein.
Né, dat tink ik ek net. Mar... Louwes seit, dat der minder as tsien persint oer de grinzen giet.
Dy is fan bitinken, dat de Dútskers altiten wol bislach op har part lizze kinne, al soene de boeren der noch sa op út wêze om de boel to forrifeljen.
Ik leau, dat er dêr gelyk oan hat.
En sa is it ek mei it stellen fan distribúsjekaerten. Men seit, dat dy nei de ûnderdûkers ta geane. Mar it tal kaerten dat stellen wurdt, is wol tsien kear sa great as it tal ûnderdûkers.
Ek it I.K.O. (Inter Kerkelijk Overleg) is fan bitinken, dat wy safolle mûglik ynleverje moatte. Net om de Dútskers to geriven, mar om ús eigen minsken