Molke, ierappels, weet, koarn en fleis, it die allegearre in goede priis. Dat wie gâns oars as yn de tritiger jierren, doe't men it spul net kwyt koe en der hast neat foar ynbarde.
En hwa't gjin wurk hie? Dy koe frijwillich nei Dútsklân gean en dêr in goed lean fortsjinje. Jonges fan 'e ambachtsskoalle, dy't noch nea fêst wurk hawn hiene, al sieten hja ek tsjin 'e tweintich jier oan, dy krigen nou harren kânsen.
Jonge ûnderwizers krigen mei help fan de Ynspekteurs jit hwat extra lessen yn it Dútsk. En dan koene hja yn Dútsklân oan 'e slach komme. F'râl as dy knapen út Grinslân, Drinte, Oerisel ensfh. kamen, gyngen se faek mei nocht oer de ‘gruppe’. Oan 'e oare kant fan 'e grins waerd in taeltsje sprutsen, omtrint allyk, as hja thús wend wiene.
Foar de Dútskers arbeidzje? Hast gjinien iggewearre der tsjin. Foar de oarloch moast dat. Immen dy't yn 1938 of 1939 wurk krije koe yn Dútsklân, en dat wegere, dy forspile hjir syn rjocht op útkearing. En... de oarloch wie foar ús nou dochs ôfroun?
Hwat dy greate lannen woene, dat moasten hja sels witte. Mar dêr hiene wy dochs neat mear mei to meitsjen?
Hwer wiene dy bleaun, doe't it tiid west hie om ús to helpen? En doe't yn dy fjouwer dagen fan swiere oarlochsneed de radio ús bliid makke mei alle help, dy't al ûnderweis hiet to wêzen út Frankryk en Ingelân wei? It wie nou saek om de ried fan Ginnerael Winkelman to folgjen.
Der wie gjin kar; wy moasten mei de Dútskers oer de wei. Hwa't nei Londen flechte wie, koe maklik prate.