Utert hinne. Hy hie serzjant west yn 'e Oast, en hie sadwaende hwat mear bigryp oer sokke dingen. It waerd dy jouns letter as oars, ear't de minsken op bêd kamen. En, doe't hja ûnder de tekkens kroepen, wie it hert harren swier...
Op Sneon, de alfte, waerd Fryslân biset. In lyts hoekje by de ôfslútdyk foel der bûten. Dêr waerd fûl fochten, mar it slagge de Dútskers net, om der troch to brekken.
Pinkstersnein en Pinkstermoandei 1940. Gjin Pinksterwille, lykas oare jierren. Elk heukere by hûs en hear om. Hwa't it dêr net langer hurde koe, roun in eintsje it lân yn, of bisite efkes by sibben of freonen tichteby.
De fleanmasines en it sjitten, de kant út nei Harns, tsjûgen beide hjeldagen fan de kriich, dy't wreed op ús delfallen wie. Neare geroften diene de rounte.
Dútske froulju, dy't hjir nei 1918 tsjinne hiene, sieten by de piloaten yn 'e fleanmesines, om dy it paed to wizen, waerd der sein. En de NSB-ers hiene de Dútske legers holpen...
Oaren seine, dat alle NSB-ers wiene al dea sketten. Dy hiene allegearre op in list stien en wiene fuort dy earste Freed oppakt.
It koe beide tagelyk fansels net wier wêze. Mar sa giet it yn tiden dat der mar op los eamele wurdt, en de iene noch mear forhelje wol as de oare...
De Tiisdeitomoarns sloech it yn as de wjerljocht: de Keninginne is oerstutsen nei Ingelân.
En dyselde jouns noch kaem Ginnerael Winkelman foar de radio:
Nederlân hie kapituleard.
De Dútske fleanmasines hiene de loft allinne. Nederlân hie mar inkelde, tige âldmoadrige masyntsjes.