En, fansels, as der reboelje kaem, dan wie elk it leafste thús. Mar... it soe ek al nuver treffe, as der nou krekt hwat komme soe...?
Ja, sa tochten hja der allegearre oer.
En ûnder noflik petear fleach de dei fierders om. It wie al oer tsienen, ear't hja op bêd rekken, dy jouns. Jelle en Jehannes sliepten togearre op it bûthúsbêd. It bûthús wie al skjin en it lei dêr best. Jehannes foel dan ek daelk yn 'e sliep. Mar mei Jelle woe it net. It hie yn 'e kebine nochal waerm west. En de hiele dei drok prate en gâns mear kofje en smokerij as ornaris.
Hy wie hyt om 'e holle. De iene tekken hie hy al fan him ôfskoud. Mar sliepe, né hear. En hy lei mar to prakkesearjen.
As Diuwke nou mar gjin lêst mei de kij hie. It iene rier woe him altiten min krije litte. En as it hwat tsjinwjirre, dan kaem de molke net op 'e tiid oan 'e dyk...
Mar ja, dat moat syn hert nou mar ophelje. Kom nou sliepe...
En doe slagge it. In swiere sliep, mei dreamen net to min. Trochwiet fan swit waerd er wekker.
In skoftsje letter slomme er wer yn. Yn syn dreamen siet er wer yn 'e féauto. Jonge, hwat gie dat der snijsum út. Hwat rottele dat reau.
Doe wie it ‘Boem’... Jelle fleach oerein. Mar Jehannes ek. En Omke Jouke rôp: ‘Hja hawwe de brêge springe litten. Nou bin ik bang foar it slimste.’ Efkes letter stiene hja by in tropke mannen.
De slach wie fallen!
‘Dy forflokte poepen, ek!’ sei Jouke-om.
"Hwerom litte dy ús dochs net yn ús wêzen?’