| |
| |
| |
Hwat moat jim jonge aenst?
Mei dy frage wie Master Sytsma by Jelle en Diuwke komd.
‘Jim jonge’, dat wie Jehannes fansels. De tiid hâldt gjin skoft, en Jehannes wie nou ek al wer tolve jier wurden. En dan moat men winliken witte, hokker kant as it út sil.
Mar Jelle en Diuwke wisten it noch net. Hja hiene der wolris mei inkelde wurden oer praet, mar trochpraet wie it net. En dêrom wiene hja mar bliid, dat Master der oer bigong.
Jelle sei hoe't it wie. Hja wisten hast net. Jehannes koe fansels goed leare. En it boerewurk is al folle wrotten en wramen. En de fortsjinst is meastal lyts. Soe it mar net bêst wêze, dat Jehannes skielk nei Ljouwert gyng to learen om letter master to wurden? ‘Hwat tocht Master sels?’
‘Ja,’ andere dy, ‘dat kin bêst fansels. Tsjintwurdich mei dy skoalle-eksamens is der gjin inkeld risiko mear by.’
‘Foarhinne koene allinne jonges, dy't tige leare koene master wurde. Nou komt de midsmjitte der ek mei glâns. En dêr stiet Jehannes fier boppe. By libben en soun wêzen is foar sa'n jonge krekt út to rekkenjen, hoenear as er master wêze kin. Mar hwat seit hy der sels fan?’
‘Nou, winliken wol hy sels leaver yn 'e buorkerij bliuwe. Der sit in echt boerke yn. Hy hat nou al tige each foar in kou of in keal en sjocht better it goede en it tsjoede yn in kou as party folwoechsenen.
| |
| |
En it soe foar ús fansels ek wol moai wêze. Ik wie fiif en tritich, doe't wy troud binne. En as Jehannes fiif en tweintich is, dan bin ik al oer de sechstich. It is in kreas spultsje, hjir. As hy dat dan oernimme koe. Hy koe der stadichwei yngroeije.’
‘Ja,’ sei Diuwke, ‘dat is allegearre wier. Mar as hy dan letter ek sokke tiden trochmeitsje moat, as wy nou hawn ha? It wurdt nou wer hwat rommer, mar in jier of fiif efterinoar hat Jelle syn deihier trochinoar noch gjin goune deis west. En Jelle helle der noch mear út as de measten.
As Jehannes in wiif kriget, dat in bytsje mei dwaen wol, en hja treffe dan in tiid, lykas wy nou hawn hawwe, dan komt Jehannes yn 'e wurkforskaffing tolânne, dat is sa klear as in klûntsje.’
‘Ja,’ sei Master, ‘dêr hawwe jo gelyk oan Diuwke. In protte lytse boerkes tankje it tige mei oan harren frou, dat hja it bolwurke hawwe.
Tige sunich yn 'e húshâlding, soargje dat der neat om 'e nocht wei rekket, en yn drokke tiden mei melke en al sa. Dat is foar in lytse boer in stipe, dy't net to biteljen is.
Ik haw ús lytse boerkes heech, mar harren froulju faek noch heger, al binne der fansels ek oare...’
‘Hearst it wol, jonge? Goed ûnthâlde hear!’ sei Diuwke. ‘Ik moat ek nedich in nij bloeske hawwe.’ En hja lake hwat.
Mar Jelle bleau earnstich en sei:
‘Ik bin it, lykas meastal, mei Master iens. De âlde Jabik Cats wist it ek al. ‘It bêste reau út it bidriuw, dat is in frou, krektlyk as dou...’
‘Moai,’ sei Master, ‘dat binne wy dus wol iens. En hwat Diuwke seit, is in kant, om tige acht op to
| |
| |
slaen. Mar it komt der ek mei op oan, hokker wurk as Jehannes mei it measte nocht dwaen sil.
By my is skoallemasterjen tige moai wurk. En nammers ek de jounskoalle foar de lânbou. Mar dochs siz ik noch wolris tsjin de boereminsken: Ik haw op ien nei it moaiste wurk; jim it aldermoaiste.’
‘Toe mar,’ sei Diuwke, ‘mei it boardtsje om en yn 'e pronk foar de klasse stean, of efter it kret yn it bûthús... Ik wit net.’
‘Ja,’ sei Master, ‘it iene liket gâns oannimliker as it oare. Mar dat is dochs mear de bûtenkant. Ik haw it ek tige drok. En dochs soe ik net mei de measte kollega's om wolle.’
‘Dat leau'k daelk,’ sei Jelle. ‘Doe't ik nei Ljouwert nei in kursus gyng, doe krigen we ek in pear ûre les fan sa'n jong baeske, dy't gjin oarder hâlde koe. Oan de iene kant bigreate it ús allegearre om him. Mar as it oan it mâloangean ta wie, dan diene wy allegearre mei. Dat gyng der dan sa heil en seil om wei, dat menhear Brinkman der soms tusken komme moast. Dêr woene wy wol foar om lyk! Mar as dy in ketierke fuort wie, dan wie de reboelje wer geande. En der binne ek legere skoallen, dêr't it krekt allyk tagiet. Sa'n Master docht foar it ûnderwiis syn earste goede died, as er mei pensioen giet. Mar dan hat er mear as fjirtich jier oan ien stik wei in bulte kwea dien. Jo hawwe niis ús Fryske boerefroulju yn 'e hichte stutsen, en dêr wie ik it tige mei iens.
Mar ik woe wol, dat it noch hwat mear wurdearre waerd, hoefolle as goede masters foar in doarp bitsjutte... Lykwols, it giet nou oer Jehannes. Sjoch as it wêze moat, dan kin er ek nei de HBS en letter nei Grins of Wageningen.
Tichte by Grins, en ek fuort by Wageningen, hawwe
| |
| |
wy femylje wenjen. Dy binne beide boer. En dêr kin er foar in bytsje mei ite en drinke.
Fansels, der komt noch gâns by. Mar as it moat, dan kin it. Wy binne wol wend, om der tige sunich bylâns. Hwat seistou Diuwke?’
‘Ja, by sounwêzen dan kin it,’ sei dy.
‘Mar dat is allegearre noch sa fier foarút. Hy is nou noch mar tolf jier. En hwat kin der yn in jier of seis in bulte foroarje. Ek by ús femylje yn Drinte en Gelderlân....’
‘Fryslân moat soargje, dat wy sels wer in hegeskoalle krije,’ sei Master. ‘De Hegeskoalle yn Frentsjer wie forneamd. Mar dy hat Napoleon ús ôfnomd. Dat wie koarn op 'e Grinzer moune, en De Haech en Grins krûpe inoar altiten op 'e side, as it tsjin Fryslân giet. Mar it is ús eigen sleauwens mei; wy wolle alles mei oannimlik praet klear krije. En dat giet nou ienkear net.
Wy moatte folle mear dieden stelle. Ghandi hat Ynje frij makke fan Ingelân troch stil forset. Dat is ek de wei foar de Friezen. Mar.... komme jim Sneintojoun to kofjedrinken? Dan kinne wy noch wol efkes oer Jehannes prate, hin?
Dan gean ik nou mar wer...’
‘Ja, hawwe jim al heard, dat Skelte wer oan it bakken is? Net foar himsels, mar by in flinke baes yn Ljouwert. Dat hat Dokter foar him yn oarder brocht. Dy hie ek alris mei ús bakker praet, doe't dy syn feint fuortrekke wie, mar ja, mei dy praetsjes doarst ús bakker it net oan.
Dat kostet my klanten, Dok; oars graech, hwant Skelte kin syn wurk wol. Mar wier, ik doar it net weagje, wy hawwe ek minne jierren hawn en it giet nou krekt hwat better. Né, it wiif doar der ek per- | |
| |
foarst net tsjin oan, mei him. Mar, as ik ris hwat yn 'e bakkerskrante sjoch, sil ik jo warskôgje.’
Nou, in wike twa letter waerd der ien yn Ljouwert frege. En om't Dok dy man ek noch sa'n bytsje koe, is dy der sels mei syn âld rottelreau hinne tein. En dat wie fuort klear. Skelte fytst nou hinne en wer. En Pytsje is sa bliid as in protter. Hy sels nammers ek...
Nou oant sjen dan mar?’
‘Hast der ek sin oan, om letter nei Ljouwert om to learen?’ sei Diuwke in pear dagen letter tsjin Jehannes.
‘Ik wit net; hwer foar dan?’ hie dy andere.
It wie op in jountiid. Hja hiene krekt hwat iten, en Jelle woe fierder mar hjeljoun meitsje.
‘Ja,’ sei dy, ‘hwer foar. Hwer hast winliken it measte sin oan?’
‘Moast sizze fan fédokter, Jehannes. Letter kij better meitsje en hynders en hounen en sa,’ sei Willemke.
‘Lêsten sei Dokter Hornstra ek, dat de fédokter it moaijer hie as hy.’
‘Soa al?’ sei Diuwke. En mear kaem der net fan. Sa'n pyst fan in jier of tsien, dat dy sok praet al hie. Ja, it wie wier. Alde dokter Hornstra hie in njirre fan in âld wiif by him hawn. Der mankearre har hast neat. Mar in snaffel as in skjirre en in greaten rabskûtel.
En doe hie de âld man sein, dat er better fédokter wurde kinnen hie. ‘Kij en hynders binne gâns gaedliker yn 'e omgong as party minsken,’ hie hy sein. Doe wie dat minske ôfset en hja hie oan 'e buorlju forteld, hoe't dy âld keardel har oer de snút slein hie. Dy hiene dat fansels fierder forteld. En de earste
| |
| |
dagen bleauwen Jan en alleman by it minske stean om to freegjen hoe't it nou gyng? En stéfêst kaem der efter oan: ‘En hwat sei dokter Hornstra der fan?’ Nou, doe hie hja stadichoan yn 'e rekken krige, dat hja fan al dy meifielende fregers foar de kroade riden waerd. En doe't de skoallebern ek noch bigongen to freegjen, doe snuorre hja elkenien fierders ôf. Famkes lyk as Willemke bigripe alles noch net, mar hja hearre al in hiele bulte...
‘Ja,’ sei Jehannes, ‘as ik leare moat, dan wol ik it leafst fédokter wurde. Mar ik woe leaver by Heit yn 'e buorkerij bliuwe.
Dan sit ik ek al folle tusken de kij yn. En as Heit dan nou en dan in Fryske inter of twinter keapet om dat sels to bilearen, dat is ek grif moai wurk.
By Master Sytsma stie koartlyn in jonge boer. Dy sei, dêr koe ek noch wol in sint oan fortsjinne wurde.’
It kaem der hwat wis en hast âldmannich út; mar sokke jonges hat men in bulte, nammers by de lytse boer. Hwant dêr wurdt it hiele bidriuw by de tafel trochpraet. En bûtendoar heakje sokke mannen der dan by oan...
Mar Willemke wie noch mar in skoallefamke.
‘Ja heit, en dan in lyts seaske der by. En dan Jehannes en ik togearre. Yn “De Boerderij” stiene ek printsjes fan fammen, dy't mei de hynders túgden... Mei ik dat ek? Ja Jehannes, dou moast boer wurde wolle. Moaije kij, en in moai hynderke en in seaske.’ ‘Ja, en dêr ús Willemke mei yn,’ sei Heit.
‘Nou dat witte wy dan wer, Jehannes, hin?’
‘Ja,’ sei dy. ‘Nou just net om dat hynderke en dat seaske. Mar ik wol it leafst boer wurde. En dan earst nei de lânbouskoalle, om hwat mear to learen.’
| |
| |
Fierders waerd der net oer praet. Op dat stuit tominsten net. Mar de Sneintojouns frege Jelle oan Master Sytsma, oft dy der mei Jehannes oer praet hie. Hwant ik leau net, dat er dit al fan himsels hat,’ sei Jelle.
‘Né,’ sei Master. ‘Mar hy hat it ek net fan my. Mar ik sjoch jim Jehannes en ús Jitse de lêste tiid gauris by Jabik fan Minne Dykstra. En dat is krekt sa'n wis boerke. In broer dêrfan is in jier of fiif âlder. En dy giet nei Ljouwert, nei de lânbouskoalle.
En nou is it mei sokke dingen meastal ien fan beiden: it set him hoe langer hoe fêster, as it bettert fansels oer. Litte wy mar stil in skoftsje tiid dwaen.
Us Jitse hat it ek al oer fédokter wurden. As dat oangiet, soe it wol moai wêze, as hja letter togearre nei Utert koene. Mar as Jehannes yn 'e buorkerij bliuwt, en Jitse wurdt fédokter, dan kinne hja dochs letter ek noch wol in bult oan inoar hawwe. Hwant dy twa dat binne mar greate spitsen...’
De joun forroun fierders meast yn noflik praet. Jelle forhelle, dat it pûdtsje mei molkjild stadichoan wer hwat tsjûker waerd. En de kunstdong en it féfoer wiene ek beide omheech gien, mar it sykhelle dochs gâns rommer, as it west hie.
Master tochte, dat de boeren wol hwat to tankjen hiene oan it iggewearjen fan mynhear Smid en syn mannen.
‘Mar de tiid is ek oan it foroarjen,’ sei er.
‘Der komt gjin oarloch, wol?’ sei Diuwke.
‘Nou, dat tocht ik fuort noch net. Mar... der hinget wol hwat yn 'e loft. Doe't Hitler it fordrach fan Versailles oan flarden skuorde, skynt gjinien him dat botte kwea-ôf nommen to hawwen. Mar de lêste tiid boazet it al oan.
| |
| |
Dy reis nei München, dy leit party minsken, f'râl yn Ingelân tige heech. Dêr hat Chamberlain hinne west foar Ingelân. En Daladier foar Frankryk. Doe't dy út de fleanmesine stapten, fleach in Dútske mem op Daladier ta. Hja sloech him de hannen om 'e hals en tute him op 't antlit.
Sa bliid wie dy, dat dy beide mannen komd wiene, hwant nou soe it grif frede bliuwe...
Dêr hawwe de kranten nochal oer skreaun. Der binne in bulte minsken, dy't tige graech frede wolle. Yn alle lannen. Mar f'râl yn Dútsklân en Ingelân binne ek party oaren.
En men seit dat Amearika de boel mear ophiset as delbêddet. Mar it is sokke tiden ek sa, dat de iene krekt oarsom seit as de oare. Sadwaende witte wy der sa'n bytsje fan. Wy kinne net oars as it bêste hoopje.’
‘Ja,’ sei Masterske, ‘dat dogge wy allegearre. Mar as it al oangiet, dan kinne wy der ek noch wol bûten bliuwe? Yn 1914 is it ús ek krekt foarby gien?’
‘Wis,’ sei Master, ‘dat kin ek. En it hat foar alle lannen ek in bulte foar as der in lyts lântsje tuskenyn leit, dat net mei docht. Sa'n lântsje kin faek in bulte dwaen om it lijen, dat út de oarloch fuortkomt, hwat draechliker to meitsjen.
Lykwols... mei dy fleanmesines en sa is de kâns, dat ús lântsje der yn bihelle wurde soe, dochs wol great. Mar ik soe sizze, frou, skink noch in kear yn, as de kanne noch hwat opjaen wol.
En dan stekke Jelle en ik ek noch ris in goede sigaer oan. Dat kinne wy nou yn elk gefal noch krije.
Yn Napoleon syn tiid smookten de minsken hjir blêdden fan hagedoarnen, boskbeijen en folle gjin
| |
| |
genôch. Mar in smookstokje mei in bledtsje út Deli derom smakket grif better.’
‘Ja,’ sei Jelle, ‘as men út dy tiden lêst... Mar nei 1914 sieten wy ek al wer gâns yn 'e lytse loege. En de oarloch sels... Soe der wol ea hwat troch forbetterje kinne? De iene kin de oare miskien delslaen. Mar as dy letter wer in kear oerein klattert, dan is men ommers wer like fier...? Mar kom, dêr prate wy net mear oer. It sil wol komme, sa't it moat...’
En... sa kaem it.
|
|