Fan elk hiem kamen hja op 'e fyts ôfsetten. Midden yn it doarp kamen hja byinoar. En dan gyng it yn kloften en kloftsjes de dyk lâns. En njonkelytsen seach men de bussen yn jimmer greater tal riden.
‘Nou der komme wol minsken, soe 'k sizze,’ sei Diuwke.
‘Ja,’ sei Master, ‘sille wy ris riede? Dy't der it tichtste by komt, mei op 'e weromreis traktearje.’
‘Mar men kin se dochs net telle, wol?’
‘Né,’ sei Master,’ mar ik kin de hear Fan der Wielen efternei wol freegje. Hja witte it wol oan de kaertsjeforkeap.’
Doe gong it op in rieden. En Master mocht traktearje. Dy hie ret fan tweintich tûzen.
It greatste part kaem út Drinte. Mar ek út Grinslân kamen in poarsje. En Fryslân, Oerisel, Gelderlân, Noard- en Súd-Hollân, Sélân en Brabân smieten meiïnoar gâns op.
It wie, as soe der gjin ein oan komme. Party minsken fan utens hiene dy nacht yn Drinte sliept, meast by de boeren dêr. Nea earder en nea letter hawwe Jelle en Diuwke safolle boeren en boerinnen út alle kriten fan it lân byinoar sjoen, as dy dei.
Yn de sânstouwing fan de Rolder Boerdinnen wie de hiele romte fol timmere mei lange banken. Mar noch koene hja allegearre skraechwurk plak krije. En dat naem gâns tiid. Lykwols, der skynde op rekkene to wêzen. Hwant krekt op 'e tiid waerd de gearkomste iepene mei in krêftich wurd fan Foarsitter Oldenbanning.
‘Wy binne der op ferge om ús út to sprekken foar of tsjin de korporative steat,’ sa sei hy.
‘Mar it leit net op ús wei, om us dêr oer út to litten. Wy dogge net oan polityk. Wy bodzje foar it plakje