mânlju hawwe in dei fan fjirtjin ûren op 'e hûd sitten. Dan moat der in pear kear in romerfol by. Mar soargje yn 'e goedichheit, dat de tsjettels mei hite kofje net leech reitsje. En jow der om 'e pear ûre in stút mei tige bûter der op, by...’
Doe bigong it útriden fan it gleonhjitte hea.
As it fan 'e golle ôf op 'e wein smiten waerd, sloech de lôge der faek út. Mar fuortdaelk waerd de slang der dan ophâlden om it fjûr to dwêsten.
Siet der in foech weide op 'e wein, dan waerd dy der út riden. Der waerd in heablok fan yn 'e jister makke. Under it riden wei sloech de lôge der noch wolris út, mar dan waerd der in sinken amer fol wetter tsjin-oan smiten.
Yn 'e jister wie in peal yn 'e groun slein. Dêr wie in bûthúslantearne oan ophongen. En hoe tsjusterder it waerd, hoe spoekeftiger it allegearre like. Dy weinen hea, dy lôge, dy heal neakene minsken der omhinne. En de greate jonges op 'e eftergroun.
Nei ûren fan arbeidzjen like it slimste oer to wêzen. It hea dat op 'e weinen smiten waerd, fleach net mear yn 'e brân. It wie noch wol omtrint swart, mar men koe it net mear tusken de hannen fyn wriuwe, lykas it earste.
‘Hou mannen, efkes skoft. Earst noch ris in hap ite en dan efkes ûtrêste. En dan ris wer sjen.’ Sa sei baes Anders.
Ja, dat woene hja allegearre wol graech. Hwa't sitte koe, gyng sitten. En de oaren hongen hjir en dêr tsjin oan. De kofjetsjettels diene jitris de rounte.
Op de klampe hea, dy't der noch siet, lei greate Ele. In ûnbidich sterken keardel, dy't ek mei it ark omgean koe. Mar nou wie er deawurch. Nammers, dat wie mei de oaren ek sa.