dat hja fan it dongjen en it fuorjen fan it fé folle mear witte as harren heit.
Mar dat sjongen, nou dat is mear bernewurk, en sadwaende bisykje guon altiten om der hwat bablegûchjes by to meitsjen. En... master Boskma kin tige mei de bern omgean. Mar dy greate jonges hawwe mear ûntsach foar in master fan ryklik fjirtich jier as foar ien fan sa'n goede tweintich...’
Dat wie allegearre wier fansels. Mar Dokter soe it dochs sa moai fine, as der op dit mêd hwat dien wurde koe...
Sadwaende waerd der ôfpraet, hja soene prikken yn it wurk stelle, om in sjongklaske to stiftsjen fan famkes en jonges boppe de tsien.
En dat soe yn 'e skoalle oefenje, fuort nei it middeiskoft. Dan hoegde it Master Boskma net folle tiid to kostjen. En Master Sytsma soe de bern op 'e Fryske les de wurden fan de ferskes leare. Dan koene hja dy ek better bigripe.
It tal soe wol net al to great wurde, hwant de bem, dy't hielendal net sjonge koene, mochten wol mei dwaen, mar dêr koe fansels net folle stipe fan útgean. En dy soene der ek wol net folle sin oan hawwe.
Mar Jehannes en Jitse en noch inkelde jonges koene wol aerdich sjonge en Tetsje, it niftsje fan Dok en noch in pear oare famkes songen suver en hiene ek wol hwat stim. En... der mochten ek wol in pear famkes by, dy't al fan skoalle ôf wiene...
Sa kaem der in bigjin. En Dok sei, syn suster woe de ferskes mei de muzyk der by wol mei in foech stinsel ôfprintsje...
Deselde wyks gyng it al oan.
En alle bern wiene it mei Master Boskma iens, it