brune klûntsjes der yn. En in boardtsje fol snijde koeke...
Dan wie it daelk, oft men wer dat gefoel hie fan in Sneintomoarn thús, of by Pake en Beppe...
Sintimenteel? Miskien wol. Mar kin in minske dêr bûten? In Hollanner of in Grinslanner miskien. Mar in Fries?
Né, dy kin dwaen, oft hy der bûten kin. Mar yn syn hert libbet eat, dat longert nei soks, lykas in tateberntsje nei memme boarst...
‘Hwat in nocht, hwat in wille hawwe dochs troch de tiden hinne de Fryske dichters, de Fryske toanielskriuwers en de toanielspylders ús jown. Moasten wy dat net mear wurdearje?’ Dat frege Dok by it sluten.
En fan alle kanten waerd stil knikt. Op dy wize utert in Fries him meastal...
Fansels, nei it sluten moasten de measten noch efkes fan 'e flier. Alderearst skotse.
‘En de âlderen binne it earst oan bar,’ hie Dok sein. ‘Nou,’ sei Jelle, ‘dêr hearre wy noch net by, wol?’ ‘O, heden né, jitte lang net,’ andere Master.
En hja gyngen op de stuollen sitten, dy't nou yn in lange rige by it skut lâns set wiene.
Nou, dat sjen nei it skotsen! It wie noch hast moaijer as sels mei to dwaen. Master en Jelle seagen it hear tige oer.
‘Der is net ien by ûnder de sechstich, soe 't wol?’ frege Master.
Né, dat tocht Jelle ek net. En as der roppen waerd: ‘Famkes foar’, dan sloech dat op wyfkes, dy't meastal beppe wiene. Mar harren antlit stie krektlike blier, as dat fan in jongfaem!
Tusken it dounsjen troch, gongele Dok hwat by de