| |
| |
| |
In drama ut tuzen
It gyng goed mei Skelte' Pytsje. Lytse Tetsje hie earst in pear kear in ûrke thús west.
En nou de hiele middei al. En Pytsje hie tsjin har buorfrou sein: ‘Mei in dei twa moat it fanke alhiel wer thús komme, hear! It is foar jo to folle drokte sa. Wy steane dochs al tsjok by jim yn it kryt. En bûtendat.. it fanke is suver hast fan ús ôfwend. Hja is nou al folle leaver by jimmes as by uzes. Dat kin sa net troch gean...’
Dat hie buorfrou tajown. Alteast it lêste. Sa'n fanke mocht net to lang by har âlden wei.
Mar fierders? Pytsje moast net prate fan yn it kryt stean. Moarn de dei koe hja dochs ûnder fuotten reitsje? En dan kaem Pytsje dochs om har to helpen? Dêrom de tiid ôfwachtsje en mei de dokter oerlizze. As dy sei, dat lytse Tetsje sûnder biswier wer thúskomme koe, dan brocht hja Tetsje werom, en net earder. Wurk wie der suver net mei dat bern, hwant hja koe tiden en tiden stil sitte to boartsjen mei in âld poppe en in widske, dat hja meinomd hie.
‘Wrychtich wier, Pytsje, ik haw sels trije drokke bern. En as jim famke der by is, of net, dat fornim ik suver net. Wier, wy kinne der noch better in pear dagen mei wachtsje...’
Ja, dat wie ek sa. Mar Skelte moast wer nei de wurkforskaffing ta. En dokter hie sein, Pytsje moast it wol rêstich hawwe, mar lykwols hie hja dochs ek ôflieding nedich. En dat hie hy ek tsjin Masterske en by Jelle en Diuwke sein.
| |
| |
Nou, doe hie Masterske útsteld, Diuwke en hja soene mar in skoftsje togearre by har sjen.
Dat wie al bard, doe't Skelte noch thús wie.
Mar Masterske wie wol in gol en goedmienend minske, mar hja wie fiersto drok foar in healgammel minske, lykas Pytsje.
Dat hie Diuwke daelk wol fornaem. Nammers, hja hie der al bang foar west, doe't Masterske op it aljemint kommen wie mei it útstel om der togearre hinne...
Doe't hja in heal ûrke by Pytsje sitten hiene, krige dy al in opsette kleur.
En doe wie Diuwke tuskenbeiden komd, rêstich, mar resolút!
‘Wy stappe nou wer op’, hie hja sein. ‘Oars wurdt it Pytsje to drok. En wit jo, hoe't wy fierders dogge? Wy geane net wer tagelyk, mar om bar, dat is fan alle kanten better.’
Nou, Pytsje hie fansels hwat tsjinaksele. It wie har sa net to drok. Wier, wier net! Mar ja, hja hie wol leaver dat der twa kear ien kaem, as ien kear twa, hwant allinne wêze, dêr koe hja noch net sa bêst oer...’
Skelte moast nou ek wer nei de wurkforskaffing. Fan Moandeitomoarn oant Sneontomiddei ta.
En de earste deis, dat Skelte wer fuort wie, hie Diuwke mei Jelle ôfpraet, om ris wer by Pytsje to sjen.
‘Ja,’ hie Jelle sein, ‘dat moatste altyd dwaen. En doch it dy mar goed oan tiid, wy kinne wol tsjin ús Willemke sizze, dat dy út skoalle wei wol hwat by Masterske bliuwe mei. En Jehannes komt fansels daelk by my yn 't bûthús, as er thús is. Mar set in
| |
| |
goed brochje foar him klear, hwant sok folk hat altiten sin oan iten...’
Sa siet Diuwke nou by Skelte' Pytsje. Alles wie der allike kreas, winliken moaijer, as yn sa'n arbeiderswente paste.
Doe't hja beide rêstich sieten to breidzjen mei in pântsjefol thé foar harren, rekke it praet stadichoan better los.
Nammers, dat wie to tinken.
Hwant Diuwke wie tige evenredich en rêstich fan aerd. De stille kant neist, en tige bang fan rabjen en útfreegjen. En dochs ek wer net to stiif yn 'e omgong mei oaren.
Wie it wûnder dat Pytsje har hert iepene, en har útpraette tsjin dizze Diuwke? Né, ommers? Hwant út Diuwke har hiele wêzen spriek in soarte fan famkesbidêstens oan de iene kant. Mar ek waerme tagedienens, lykas men dy op 'e Fryske doarpen safolle fynt...
It wie in hiel relaes wurden.
‘Pytsje en Skelte hiene langer as fjouwer jier forkearing hawn. Hy wie bakkersfeint. En hja it iennichst fanke fan in smid. In broer holp har heit.
Njonkenlytsen waerd der oer boaskjen tocht en praet. Mar it foel net ta, om sa fier to kommen.
It leafst wie Skelte mastersfeint yn in great bakkersbidriuw wurden. Dan wie men wis fan in wyklean, en de tiden wiene sa, dat men dêr it bêste mei klear wie.
Mar ja, sa tochten de measten der oer. En as der in plakje iepen kaem, dan stiene der net tsien, mar faeks fjirtich of fyftich klear. Sadwaende wiene dy kânsen al tige lyts.
En doe wie der yn in wâlddoarpke in bakkerij to
| |
| |
keap oanbean yn 'e krante. Der wie nei fornaem en it like net sa min. It wie gjin greate affearen, mar der siet dochs in stikje brea yn, as it hwat meirinne woe. En de priis wie net al to heech.
Dat wie doe oangien, mar foar in great part mei liend jild. Dat wie wol to krijen, mar de âlden oan wearskanten moasten boarch wurde.
Ja, dat koe net oars. Mar har Mem hie sein: ‘Nou reitsje wy winliken troch jim yn 'e noed. En dyn broer ek noch, hwant dy moat letter de smidte oer hawwe. Ik hoopje al, dat alles goed giet. En ik wit wol, dat jim beide fiks en sunich binne. Mar mei moed der op ta. It sil wol goed komme...’
Ja, de earste pear jierren gong it ek goed. Hja koene de rinte skoan opbringe. Mar doe't lytse Tetsje kaem, frege dy har útris fansels ek. Sadwaende koe der net tofolle ôflost wurde.
Tsien dagen nei de berte fan har lytse Tetsje hie hja wer yn 'e winkel stien. Dat kaem by de húshâlding, en Skelte moast fansels alles sels dwaen; bakke, mar ek sutelje. En altiten tige gnap en skjin foar it ljocht komme. Dat koste mear oan skuon en klean as by de measten, mar ek mear oan waskjen, en hiel en skjin hâlden.
Sadwaende hie hja it wol tige bannich hawn, like goed as Skelte sels, mar it hiene dochs moaije jierren west.
Doe kaem de delklits fûleindich nei foaren. Wie it foarhinne wenst, dat hast alle froulju op Freed of Sneon in koeke koften, of in heal poun koekjes, nou sei de iene nei de oare dat ôf. Wier, wier, it koe net mear lije. In pakje twibakken waerd ek al lúkse. En op party fan dy wâldspultsjes bigong de boerinne wer as fan âlds sels har brea to bakken.
| |
| |
Doe waerd it in wrakseljen yn 'e hope, dat it wolris wer better wurde soe. Der wiene wiken, dat hja omtrint fan inkeld âlde bôlle en brea libben. De slachter sei: jimm' kleije, dat de boerkes neat mear keapje, mar jim dogge sels leau'k ek al krektlyk, net?’
Mar ja, hwat moasten hja oars?
Op it lêst kaem it sa fier, dat de rekkens fan moal, krinten en oare dingen net mear bitelle wurde koene. De âlde lju hiene doe wer holpen. Mar it like sa tsjuster, en sa koe it dochs net troch gean?
Doe kaem der ien om to freegjen, oft de bakkerij ek to keap wie. Né fansels. Hwant hwat moasten hja dan sels? Nou, yn elk gefal, hy woe in bod dwaen. En dan hiene hja fjouwer wike tiid om der oer to tinken en to praten...
Doe wiene der brieven fuort stjûrd nei syn âlden en nei har âlden. Hwant it wie sa, dat hja dêr yn dy tiid alhiel fan ôfhongen.
Fan beide kanten wiene Heit en Mem beide oerkomd. En der waerd gâns oer redendield en útwreide, mar hja koene net ta in útdragene saek komme. Fansels, der moast nou alle wiken jild by. Mar it koe ek better wurde, is 't sa net? En as hja it meiïnoar sa lang útsjonge koene, nou...
Doe kamen de boeken der by. En dy leagenen net. Dêr blykte út, dat it noch alle moannen minderoan wurden wie. Hoe leech soe it djiptepunt lizze kinne? En dêr kaem by dat de affearen fan beide âldelju ek al neat opsmieten. It kaem der dus op del, dat der altiten mar ôfgong. En dat der fan gjin inkelde kant hwat by kaem...
Dy Sneintojoun fûstken de âlde lju tige mei harren ôf. Frâl moed hâlde en noch mar ris oer sliepe. En skoanheit soe der ris nei fornimme, oft dy man, dy't
| |
| |
it keapje woe, wol solide wie. Miskien doogde dy alhiel net, en dan wie de hiele saek fuort fan 'e baen. Winliken soe dat it bêste hast wêze, hwant dan hoegde gjin bislút nomd to wurden...
In foech wike letter wie der in brief kommen fan Pytsje har heit. Dy man, dy't der om west hie, wie wol fortroud.
En hja woene it alhiel oan Skelte en Pytsje oerlitte, mar it wie neffens de tiid fan doe noch net sa'n min bod. Hja hoegden der net sa folle ap sitte to litten, en hja wisten ek wol, dat der oan gjin ien fan beide kanten iild siet.
As hja it nou forkoften, dan wie der oan beide kanten al hwat skea, mar dat koe noch wer ophelle wurde. En... as it letter wer hwat better like, dan wisten Skelte en Pytsje dochs ek wol, dat hja fan beide kanten wer like goed holpen wurde soene?
Mar... hja moasten it frâl en bileaven sels witte en bislute.
Doe wie Skelte noch op in Snein nei syn âlden fytst. En dy doarsten der ek al net folle mear fan sizze. Sadwaende kaem it der op del, dat al dat oerliz harren noch har lêste bytsje moed binommen hie.
De man dy 't keapje woe, krige in briefke. As hy woe, mocht er wol in kear komme to praten.
En doe waerd er op it uterste ferge fansels. De bakkerij waerd forkoft. En de âlden en de skoanâlden fan Skelte wiene elk sa'n twa tûzen goune earmer wurden. Dat wie in great part fan itjinge hja yn in libben fan iverich arbeidzjen en sunich libjen oergarre hiene. It hie wol sûr west, mar dochs hiene hja doe de holle jouns wer rêstiger dellizze kinnen, al hoe't it harren ek bigreate hie om de jongelju.
‘En wy founen doe in foech arbeidersklintsje en
| |
| |
Skelte kaem yn 'e wurkforskaffing... En nou witte jo alles fan ús,’ sei Pytsje.
‘In drama út tûzen...’ En doe bigong hja to skriemen.
Ja, in drama út tûzen. Diuwke liet har efkes stil útskrieme. En doe lei hja streakjend de hân op Pytsje har hannen. En hja fielde, hoe hjit oft dy wiene.
Ja,’ sei hja doe. ‘Jimme hawwe al in swiere sile lutsen. Hwat binne wy dan noch lokkich. De lêste twa jier hat Jelle noch minder fortsjinne as de helte fan it lean yn in wurkforskaffing. En sa is it foar de stôk wei op mei ús lytse boerkes. Mar wy hâlde it noch. En it is it lêste jier jitte minder wurden. Mar as it regear de lytse minsken hwat holpen hie, ear't hja alles kwyt wiene, hwat soe dat folle better west hawwe.
It koste folle minder jild. En it bisparre safolle ûnk en leedzje. Wy moatte it fiersto fier wei hawwe. Hie Fryslân selsbistjûr, dan rounen sokke dingen faeks folle better, en ek noch mei gâns minder kosten en gedoch...
‘Mar hwerom binne jimm' hjir eins hinne forfearn?’ ‘Ja,’ sei Pytsje, ‘dat sil ik ek noch mar forhelje, hwant jo prate der dochs net oer. En jimm' soene it nammers ek wol hearre.
Mar... it is winliken in twadde drama.’
‘Fortel it my dan letter mar ris, as jo wolle,’ sei Diuwke. ‘Oars wine jo jo ynienen tofolle op, ha'k soarch.’
‘Ei, né, dit kin der noch wol by. En it is it bêste, dat jimme nou alles mar witte.’ En Pytsje forhelle fierder:
‘Yn 'e tiid, dat de bakkerij krekt forkoft wie, kaem
| |
| |
Mussert yn Drachten to sprekken. Der waerd tige ûngelyk oer dy man praet. Guon rounen tige heech mei him. Troch oaren waerd er forspijd. En doe kaem in lyts boerke by Skelte en frege him, oft hy mei nei Drachten woe?
En dat die Skelte. Dat boerke hie altiten in goede klant fan ús west, en syn frou stie nea by ús yn it boek, al hiene hja it ek al net rom. It wiene tige bêste minsken.
As Skelte noch bakker west hie, dan hie er net mei gien. En dat sei er ek tsjin dy man.
‘Né,’ sei dy, ‘dat bigryp ik wol. En dan soe ik jo ek net frege hawwe. Mar jo binne nou frij. En it giet jo miskien ek wol krekt as my, dat jo him dochs sels wolris hearre wolle. En dan hiene wy selskip oaninoar...’
Sa wie dat doe gien. En Skelte hie winliken net fan doel west, der op it wurk oer to praten, mar der wiene in pear, dy hiene ek hinne west. En dy fregen de oare moarns al gau, oft it hwat foldien hie?
Nou, doe hie Skelte dêr op andere.
Der wiene dingen sein, dêr koe hy it net mei iens wêze. En dat Jan Klaessenspul mei in swart unifoarm, greate learzens en al sa, dat lei him alhiel net. Mar der wiene ek wurden sprutsen, dêr moast elkenien it, tocht him, wol mei iens wêze.
Dat lêste, dêr waerd tsjin ynlein fansels. Immen, dy't dêr noch hwat goeds yn fine koe, wie ta weismiten keard. Sokke faksisten moasten mei team en neiteam útroege wurde. En der kamen fûsten omheech.
Doe wie de opsichter tuskenbeiden komd. ‘Allegearre de snaffel ticht, oars slút ik jim fuortynienen út...’
Skelte hie him tige bidimme, mar sûnt dy tiid wie er
| |
| |
der oer en tofolle. En in pear dagen letter, doe't er nei it wurk syn âld fyts krige om nei hûs, doe wiene beide bannen stikken snijd. Doe hie er noch trije ûren rinne moatten, hwant it wie ryklik in ûre fytsen.
‘En,’ sei Pytsje, ‘ik siet mei iten to wachtsjen. En op it lêst siet ik tige yn noed. Doe gyng ik de buorren efkes yn; dêr stiene in pear manlju, dy't ek yn 'e wurkforskaffing wiene. Doe frege ik, oft hja ek wisten, hwert Skelte sa lang bleau? Earst waerd der hwat gniisd.
En doe sei ien fan harren: ‘Hy sil wol soldaet by Mussert wurden wêze. Dêr hearre jimm' dochs by, net?’
Earst bigriep ik it noch net rjocht, en ik sil wol hwat forheard opsjoen hawwe. Doe bin ik, sa hurd as ik koe, nei hûs gien.
By de doar kaem de oare man my efternei. ‘Hark ris, Pytsje, der is neat mei jou man. Hy hie leau'k mankemint oan 'e fyts of sa.
En der binne in stik of hwat mannen, dy sitte him dwers, om't er in kear nei Mussert west hat. Dat binne de greatste skreauwers en mâltjirgers, en dêr doarre de oaren net tsjin yngean. Ik ek net, hwant dan krije wy itselde lêst, dat Skelte nou hat. Hjoed snije hja in bân kapot. En moarn giet der in stien troch de ruten.
Ik mei Skelte graech lije, en it bigreatet my tige. As jimme in kâns krigen, moasten jimm' sa gau mûglik forfarre. Siz dat mar tsjin Skelte. En sit nou mar net mear yn noed; hy komt nou grif gau...’
De oare Sneins seagen wy dit hûske yn 'e krante to hier stean. En... myn broer hat hjir hinne west om it foar ús to hieren...’
|
|