âlden sa gau forjitte kinne. Tominsten, as hja it sels nei it sin hawwe...’
‘Nou,’ sei Master, ‘dan geane wy mar. Ik bin bliid, dat alles al hwat saksearret. En as wy hwat dwaen kinne, dan steane wy ré, hear!’
Dat sei Jelle ek noch in kear. En tsjin de buorfrou sei hy: ‘As jo it lyts fanke ris in dei kwyt wolle, of langer, bring dy dan mar by uzes, hear. En as der ien fan jim eigen by is, dat hindert ek neat. Jo sille it húshâlden foar Skelte syn frou dochs ek noch wol dwaen moatte. En it ien mei it oar koe it jo ek to drok rinne. Jo moatte der sels ek net by ûnder fuotten reitsje... En ik wit foarfêst, dat myn frou der krekt allyk oer tinkt, as ik...’
En, ja, dat die ek al gau bliken.
Hwant doe't Jelle thús alles forteld hie, wie Diuwke bliid, dat hy dit oanbean hie.
Fan de bakkerinne hie hja heard, dat it Skelte syn wiif hwat mealde.
‘De holle rint har troch; hja kin it net foarinoar hâlde...’ hie dy sein.
En as Skelte nou thús bleau, en harren buorfrou holp hwat mei, dan wie alles yn 'e hûs sa rêstich as it koe.
De buorfrou hie dokter ek noch frege, oft it net better wie, dat Skelte' Pytsje in wike nei it sikehûs brocht waerd? Mar dat like dokter alhiel forkeard ta. Rêstich by har man thús en it lyts fanke fan de flier. En as hja hwat better wurdt, dan soargje, dat hja ris immen hat om mei to praten. Sa tocht dy der oer.
En fansels, yn sokke dingen moast men inoarren sa folle as it koe helpe.
Dat hie Diuwke forhelle yn 'e tiid, dat Jelle syn brochje bihimmele en in pântsjefol thé opdronk.