Hindrik fan Houten, in soan is fan in lânarbeider. Hy is berne yn it easten fan Grinslân.
Syn âlden hawwe harren stadichoan omheech wrot, oant hja in soarte gernierkersbidriuwke bibuorkje koene.
De soan kaem op 'e kweek. Hy koe tige leare en brocht it safier, dat er ien fan de heechste posten yn 'e Haech krige.
Mar ek dêrre forgeat hy de boereminsken net. En al yn 1920 skreau hy in boekje, om it regear, it folk en de boerestân to warskôgjen.
Mar dat waerd doe net safolle achtslein. Mei de tritiger jierren kaem alles krekt út, lykas Jan Smid foarsein hie.
Leanen, lêsten, en prizen fan de greate trusten wiene fêstlein. Dy koene net mear nei ûnderen. Dat hoecht ek net, ûnder ien bitingst: it regear moat dan ek soargje, dat de prizen fan molke, ierappels, weet, koarn, rogge, hjouwer, biten en flaeks net to folle sakje kinne. Hwant dy moatte de leanen en lêsten drage kinne. Oars wurdt it greate earmoede op it plattelân...
Nou, nou't alles nei komt, hwat hy foarsein hat, wurdt dat boekje lêzen en bisprutsen.
En nou is der yn Drinte al in nij boun oprjochte, in boereboun. Dat wol hawwe, dat op alles, dat ynfierd wurdt, in soarte fan ympost lein wurde sil, krekt hegernôch om in gaedlike priis to krijen en to hâlden. Alles kin by de grins ynoarder makke wurde, en de bidriuwen kinne gewoan troch buorkje... As it hiele saekje yn 'e nacht stilwei yn oarder brocht wurde koe, soe nimmen it de oare deis fornimme.
En de boer soe bitelle wurde neffens deselde hichte as de oaren... Sa lei Master it út.