Inkelde wiken forlyn hie yn Ljouwert in sprekker west, in kopstik út de lânbouorganisaesjes.
En dy hie der op oanstien, dat der bûter troch de margarine mingd wurde moast. Dan kaem der in kear romte.
Mei de weet die men winliken dochs krektgelyk? De moalfebriken moasten de weet yn it binnenlân opkeapje en dy troch it bakkersmoal minge, dat út it bûtenlân kaem.
En nou wiene de greate bouboeren dêr aerdich mei holpen. Wolnou, sa moast it mei de bûter ek om de priis fan de molke to stypjen! Dêr wie ek tige yn 'e hannen klapt. En... foar in part wiene it deselde boeren. Doe wiene hja foar, en nou wiene hja tsjin it trochinoar knetsjen fan bûter en margarine?
Och né, dat wie it net. De boeren sochten om in Moazes, dy't harren út it lân fan de fordrukking liede woe en koe.
Hoe't dat moast, dat wisten hja net, en dat koe harren ek net safolle skele. As der mar hwat barde... Né, hoe dat moast, dat wisten de boeren net. En harren lieders ek net, sa as it like. En dat wie wol spitich. It weetwetsje hie de weetprizen moai omheech holpen. Mar fierwei de measte boeren hiene der neat oan. Miskien ien op 'e tsien. En dat wiene dan f'râl de greate boeren op 'e Grinzer klaei. En... wie de man, dy't dit wetsje gearstald hie, sels ek net in Grinzer boer fan komôf? Hwat moast men dêr nou fan tinke?
En oare lytse wetsjes? Dat wie in tizeboel. In tizeboel wie it ek yn 'e hollen fan party boeren.
It wetter stie heech oan 'e dyk. De boeren wisten it net mear. Hja forsloegen yn de soargen. Hja rounen fêst.