deltsje fielt him foar syn acht jier! Frjemd, hat er dat fan Jelle, of fan har? Men seit wolris, dat men jinsels pas kennen leart, as men jins bern goed acht slacht. Mar ja, soms skynt it aerd fan in pake of beppe, of fan noch in staech fierder tobek, him ek wolris to oppenearjen.
Nou ropt er wer. Noch lûder as niis. Hja giet nei it bêd ta en leit him efkes de hân op 'e holle.
Sjesa! Nou wurdt er rêstiger. Oars soe er Willemke ek noch wekker meitsje kinne, en dat moat nou mar net.
Ja, Willemke mei har flaeikjend: ‘Ik bin Memme greate faem, nou?’
En dan wol hja yn alles mei helpe en rêdde.
Dêr sil hja ek ûnwennich fan wurde, as dy mei in goed jier nei skoalle kin. ‘Dan krij jo it rom, minske’ sei buorfrou koartlyn.
Mar hja mei der net om tinke. It giet har allegearre fiersto hurd. En is dat winliken net it bêste biwiis, dat hja it noch net sa min hat? It giet sunich by de kant lâns, mar pronkje en mei moai guod piele, dat hat har nea sa bot lein. As alles kreas is, dan is it dochs ek goed? Der binne froulju dy't leafst in keamer fol moai guod hawwe wolle, om der alle dagen op om to wriuwen en to boarsteljen.
En as dan de man by forsin in stap yn dy moaije keamer set en him in heastûk út 'e sokken falt, dan is it mei sokke froulju oan it malbearen ta. Dat men aerdichheit oan 'e hûshâlding hat is fansels tige skoan, mar sa soe hja dochs net kinne.
Dan forgriemt men earst it jild om dat moaije guod to keapjen. En letter de tiid om it glêd en skjin to hâlden.
Mar ja, as men jerne moai guod lije mei, dan is it