Oars is it al folle de boer syn eigen skuld, as er it net foarinoar hâlde kin. Mar as in forneamd man it dan folle minder docht as ien fan harren, dan kin ek elkenien sjen, hoe slim as it der foar stiet...
Yn dy tiden kaem master Sytsma in kear by Jelle oan. Jelle hie noch by him op 'e jounskoalle gien om hwat lânboukunde op to dwaen. En sûnt dy tiid wie der altiten in bytsje in bân bleaun.
Né, master woe der net yn. Jelle wie dochs nei it lân? Ja, dat tocht er al. Mar Diuwke moast him de groetenis dwaen. En Jelle moast dit krantsje ek ris lêze. Nou, dat wie goed fansels.
En f'râl, om't master it sein hie, joech Jelle him dêr de jouns mei stúdzje by del.
Nou, dat mocht ek wol, hwant it wie hwat droech iten, dat er optsjinne krige. In birekkening fan in Grinzer boer, by de boeren noch forneamder as Ebels. F'râl by de bouboer en de gernierker. Hwant it stikje yn dit blêd wie fan Dr Oortwijn Botjes, in man dy't doktere oer ierappelsykten en al sa. En de birekken dy't er joech, dy sloech op syn eigen pleats. Elk koe it neigean. En it eintsjebislút? As der gjin hier rekkene waerd fan dy bêste klaeigroun, en de arbeiders soene in skelling yn 'e ûre fortsjinje, dan moast der jild op ta...
Jelle hie it measte forstân net fan 'e bou. Mar krekt, as moast it sa wêze, yn dy dagen kaem femylje út it Bilt in Snein to iten. En doe oer alles prate en birekkens opsette.
Doe kaem Jelle mei it krantsje op 'e lappen.
‘Ja,’ sei syn neef. ‘Sa wie it krekt.’ En hy woe dat krantsje wol graech mei hawwe om it syn buorlju lêze to litten.
Nou, dat koe fansels tige skoan.