Hwat heger prizen foar de molke, dat like harren better ta. Mar... it Haechsk regear makke dêr gjin avesaesje mei. En hja moasten holpen wurde. Hawar, as it dan net fan 'e skeaf kaem, dan mar fan 'e bân. Greate gearkomsten fan hierboeren waerden hâlden. Fan Houten, Fan der Slús en Ebels wiene de mannen fan dy dagen. De Haech gong mei. De strop parte, dat waerd de útwei. Der kamen nije hierwetten en de hieren waerden omleech brocht.
F'râl yn Fryslân, mei syn bulte útwenjende lânhearren koene fierwei de measten hjir tige yn meigean. Mar... as Jelle op sa'n gearkomste wie en nei de sprekkers harke, dan fielde er dochs ek biswieren. De dingen waerden wol hwat ryklik fan ien kant biljochte, tocht him.
En sa tochten wol mear. Mar boer en koumelker, bakker en winkelman, timmerman, smid en ferver, elkenien waerd hast lid fan it boun. Hwant as de boer en de koumelker en de gernierkers neat fortsjinje, dan is it earmoede op it Fryske plattelân.
Dan is it ‘Earm Fryslân’.
Om 1900 hinne forskynde der al in krante fan dy namme. Tsjin 1930 gong it wer deselde kant út.
Dat moast keard wurde, hoe dan ek.
‘Ik lit my net as in ein deaslaen op it nêst’, sa spriek in boer út Baerderadiel.
Nié, dat woe nimmen. Mar it barde dochs wol. Lykwols, mear by hypteekboeren as by de hierboeren. Hwant mannich forhierder skikte mei de hier sa folle as er koe. Of joech alteast útstel.
By de hypteekbanken like soks minder to slagjen. En it regear holp wol mei om de hieren omleech to triuwen. Mar de eigen boeren mei faek grouwe hypteken moasten harren mar rêdde.