foar skuld forkeapje. Mar dat barde daliks net; dy klits kaem yn 'e tritiger jierren.
Tusken tweintich en tritich gyng it yn 'e measte lannen al sahwat allyk. Yn 'e oarlochsjierren wiene de prizen omheech gien, en net sa'n bytsje. En de soldaterij koste in protte jild.
En der kaem in leger fan amtners om alles to regeljen. Dat moat yn sokke tiden hast wol. Mar alles kostet slompen jild, en hwer moast dat wei komme? Och, dat is sa maklik. Hwant it regear makket in kêst of wet, en dan kin de minister fan 'e pongsaken mar jild printsje litte.
Kin er noch net roun komme, dan komt der noch in wetsje by, en wurdt der jit hwat jild by printe.
Sa giet it sokke tiden troch. En dan wurdt alles djûrder, om't der mear jild makke wurdt en der wurdt mear jild makke, om't alles djûrder wurdt.
It giet krekt as mei in skip, dat foar it anker wei slein is, en dêr't it roer ûnklear fan rekke is; it driuwt foar wyn en stream.
Foar de oarloch wie der in anker en in roer, hwant it jild siet oan it goud fêst. De bank moast doe it jild tsjin goud ynwikselje, as soks frege waerd. Mar dat wie yn 'e oarloch oars wurden. Doe mocht der folle mear jild printe wurde, as troch it goud dutsen wurde koe.
Nei de oarloch moast dat foroare wurde. It jild moast wer oan it goud fêst-ankere wurde.
En doe wiene der lannen, dy't oan it jild in legere wearde joegen; soks barde yn België, yn Frankryk en mear lannen.
Mar Ingelân woe werom nei deselde wearde as foar 1914 en yn Hollân skynt men meastal net oars to doaren en to kinnen, en to wollen, as yn Ingelân.