it oare Nederlân fier foar, mar ek it bûtenlân.
Lykwols die it ek hjir yn 'e frjemdte bliken, hokker bêste féboeren de Friezen trochstrings binne; hja krigen aerdich hwat mear molke yn 'e amer as de Yankees, en koenen dêryn foar master opspylje.
De measte Yankees dêr wiene gjin bêste boeren.
Der waerden ek noch in stik of trije oare soarten fan kij hâlden. Ien fan 'e boeren út dy omkriten hie allinne Yerseys; moaie lytse bistkes. F'râl de kealtsjes fan dat skaei wiene alderivichst moai guod.
De Yerseys jowe gjin greate mielen molke, mar it fet is heech.
Der waerden in bulte bargen mest; dy kosten dêr net folle oan foer, mar mei de prizen gyng it faek tige op en del, noch mear as yn Fryslân, om't it spikkelearjen de Amearikanen yn it bloed sit, en de greate eksportslachterijen wiene der wolris op út om de boeren to min to biteljen.
De molke gyng dêr foar de konsumpsje nei Chicago, en waerd opkoft troch de greate molkynrjochtings. Nou, dy prebearren ek wol ris om in sint to min to biteljen, en sadwaende rekken de boeren dêr wolris oan it staken.
In earste kear roun dat mar skoan ôf; mar in twadde kear krigen de boeren de delklets.
De hearen setten doe greate tankwagons efter de treinen en hellen de molke út fierder kriten wei.
Ja, yn dat stik fan saken wie it dêr ek al net better as hjir. Yn Nederlân hat in boer ek nea folle to sizzen hawn, mar it mei-in-oar oparbeidzjen wie dêr soms noch greater poepetoer as hjir.
Jelle hat ek wolris tocht, dat soks mei kaem, om't de boeren dêr sa ûngelikens fan aerd en nasy binne.