oan lân jitris neisjoen, en doe koe elk syn gong mar gean. Der wie in Hollanner, dy't Jelle en de oaren, dy't út Nederlân kamen, fan it boat helle...
Jonge, hwat seagen de measten op, doe't hja New York yn gyngen. Dy biëangjend hege wolkeskrabers, dy greate droktme op strjitte, dy elektryske trams, en dy lange rigen auto's, great en lyts, it wie in gejacht en gedoch, dat op 'e minsken skynde oer to slaen, hwant ek dyjingen dy't rounen, skrepten dat it hwat die, de iene hurder as de oare.
It wie al joun, doe't se goed en wol op strjitte stiene; sadwaende moasten se wol in nacht yn New York útfanhûzje.
En doe de oare moarns yntiids nei it spoar.
Jelle moast efkes fierder as de wrâldstêd Chicago, en dat wie in hiele sit. Oan Chicago ta koe hy noch mei kunde reizgje, dy't hy op 'e boat makke hie. Dat wie noch in bytsje gesellich, en de trein snuorre der tige oer. De iene moarns spoarden hja om healwei tsienen út New York en de oare moarns om fiif ûre wiene hja yn Chicago.
Dêr moast Jelle oerstappe, en kaem hy yn in trein, dy't hast op in boartersdinkje like, yn forgeliking mei de loki en de spoarweinen op 'e baen New York-Chicago.
Dit treintsje brocht him nei in doarpke yn 'e steat Illinois. En doe kaem it der jit op oan, hwant in bulte Ingelsk koe Jelle noch net; hy hie der al in bytsje fan leard, en dûmny's mefrou hie him der noch hwat by holpen, mar dochs...
Hy socht in útspanning op, dêr iet en dronk hy hwat en doe bitsjutte hy de man, of dy efkes foar him skilje woe, nei it adres, dêr't hy him forhierd hie as boerefeint.