| |
| |
| |
Yn 't febryk
De staat verdrukt, de wet is logen,
De rijkaard leeft zelfzuchtig voort;
Tot het merg wordt d' arme uitgezogen
En zijn recht is een ijdel woord.
Makkers, ten laatsten male...
De molke wie troch de sinterfúzje, en Jelle holp mei by it skjinmeitsjen. Hy wie bliid, dat it gûnzjen fan 'e sinterfúzje en it slaen fan 'e riemmen oer wie. Dêr mocht er net oer.
De febryksmannen wiene hast allegearre read, en de molkûntfanger koe tige moai sjonge. As de doarren iepen stiene, dan makke syn lûd wol twa lokalen fol. En faek, as hy song, foelen oaren mei yn, mei namme de sinterfúzjeman en de bûtermakker.
De tsiismakkerij stie hwat mear op him sels, en dêr wiene de mannen ek sa polletyk hast net. De pikeljoad, mei hwat in frouljuslûdtsje song nochal ris it nijste lietsje:
En daar heb je Toontje solidair...
Mar dat woe der dochs net rjocht yn.
Hwat letter kaem de tredde tsiismakker, dat ek in tige sjonger wie, mei it lietsje op 'e drankwet:
Kuiper heeft zijn zin gekregen,
Want de drankwet is er door;
Leve Kuiper, hoort men brullen,
Door 't geheelonthouderskoor.
| |
| |
Alle kroegen worden kerken,
't Is jandorie God geklaagd,
Want de kellner brengt de bijbel,
Als je om een klare vraagt...
De twadde tsiismakker hearde oan 'e lytse tsjerke en koe sokke skimpskeuten net sa bêst útstean. Mar hy hâldde him meastal stil. En as it lietsje út wie, dan sette hy faek sels yn:
Moai sûnder weargea, binne de Wâlden,
Smûk skaedzjend beamtegrien, oeral yn 't roun...
En ja, dan songen de oaren ek mei; gjin lietsje waerd mei safolle ynmoed songen, as it Frysk Folksliet en de Wâldsang.
Ut it febryk wei groeide yn Fryslân yn dy jierren it soasjalisme, en Jelle koe him der ek skoan nei jaen. Mar as de mannen klagen oer to min fortsjinjen, nou dan tocht Jelle dochs ek faek, hoe't it by de lytse boerkes gyng, en ek by de measte greaten. Ja, de boeren wiene ûngelyk, dat wist Jelle wol, mar ‘De rijkaard leeft zelfzuchtig voort’, paste dat wol op harren? Och né, dy wiene der yn it hiele doarp net, Dûmny wie de rykste, tocht Jelle, en dan Master, tominsten as ryk wêzen de bitsjutting hat fan net to folle mei de hannen arbeidzje, en troch in oar earbiedige wurde.
It wie sa, dat it febryk wol hwat mear kânsen like to jaen, as it tsjinjen by de boer, mar it lean wie net sa folle heger, as fan in boerearbeider, tominsten fuortdalik net, as in folwoechsen arbeider yn it febryk kaem; en de dagen wiene lang.
Doe't Jelle sahwat in heal jier yn it febryk west hie, koe er sahwat is leechste lean fortsjinje, dat in fol- | |
| |
woechsen man krige. Hy wie jonger, mar hy hie ek in heal jier yn alle ôfdielingen leard...
F'râl by it tsiisdoekjen waerd der ornaris tige petearre. Fansels oer alles en noch hwat. Oer de hinnen, it hoekje bou en it brûken dêrfan, oer de leanen en de lange dagen, dat der arbeide wurde moast. Oer Domela Nijenhús, Piter Jelles en dokter Kuyper; ek gauris oer sollestearjen.
Stadichoan kaem it sa fier, dat der yn Fryslân net folle febriken mear by oprjochte waerden, mar bûten Fryslân jitte wol. En dêr koe in twadde bûtermakker, of twadde tsiismakker dan faeks sollestearje, as earste...
En yn 'e Fryske Wâlden wie foar in twadde tsiismakker doe ek in goede kâns om in trepke heger to kommen, hwant dêr wie men yndertiid bigoun mei allinne bûter to meitsjen en waerd noch al ris in tsiismakkerij oanboud. Troch-in-oar siet der net folle winst yn, mar mei de bargen is it gauris op en ôf, de iene tiid djûr en in heal jier letter neat wurdich.
As de dreage molke nou foar in part fortsize waerd, dan hoechde alle dreage molke net omset to wurden yn bargeflesk en spek, en koe men mei de molke twa kanten út. En de measte direkteuren woene dy kant ek skoan út; hoe greater folk, hoe greater Kening, en as it febryk greater waerd, gong it traktemint fan de baes fan 't spul fansels ek gauris hwat omheech. Sa waerd fan forskate kanten in oantrún dien, om ek mear to tsiizjen.
As yn it febryk de iene of oare sollestant oproppen waerd, om ris oer to kommen, dan wie der de oare deis nijs. De bineaming, as dy al kaem, bleau faeks noch wol ien of twa wiken bynefter mar jonge, dy reis, en dat febryk, dêr wie oer to forheljen.
| |
| |
Doe't de twadde tsiismakker nei Hollân west hie, fortelde hy, dat dêr fette tsiis makke waerd. En dy koste in skelling it poun! Meast gong dy nei it bûtenlân, mar der wiene ek gewoane minsken, dy't sokke tsiis ieten! Dat wie oars as yn Fryslân; dêr ieten de gewoane minsken Fryske nageltsiis foar seis sinten it poun, en in arbeider kaem om in wrakke tsiis, of in koarste tsiis, foar fjouwer sinten it poun, of soms in stûr.
Fette tsiis waerd der einliks net makke yn de Fryske febriken fan doe. De nageltsiis wie altyd fan dreage molke, mei gjin greveltsje fet der yn, en de Goudse en Edammer tsiisfoarm waerd wol neimakke, mar ek faek fan dreage molke, of fan molke mei in hiel lyts kromke fet der yn.
Frankryk frege yn dy tiid tige weake tsiis, mei fet der yn. Nou in bytsje fet kaem der ek yn, mar om sokke tsiis tige weak to hâlden, moast der ek in protte waei yn bliuwe, en dochs mocht de tsiis net sûr, of wrak wurde. De koarste moast ek sa fêst bliuwe, dat de tsiis net alhiel út-in-oar sakke. En as dat allegearre slagge, dan krige men in tsiis, dy't foar twa tredden út ‘focht’ bistie....
Dat wie wurk fansels, mar it die de namme fan ús tsiis, en fan 'e febriken gjin goed.
Fryslân liet it doe yn dat stik fan saken raer lizze, en it wie f'râl oan de boeren yn Hollân, dy't meast sels tsiis makken, to tankjen, dat de namme fan dit produkt net alhiel troch de goate helle waerd.
Jelle bleau ek net sa mâlle lang yn it selde febryk, mar hy waerd al wer gewaer, dat oars en better, net itselde hoecht to bitsjutten.
F'râl yn in nij febryk rint earst alles minder, en dêr waerden lange dagen troch nedich. Yn it drokste
| |
| |
hûndert ûren yn 'e wike! En Sneins hast like lange dagen as yn 'e wike. Winterdeis wie it lykwols folle makliker. Dan wie der net folle molke. Mar dat naem net wei, dat der yn 'e simmer faken to folle fan de minsken frege waerd, f'râl yn 'e foarsimmer.
En doe't de foarsitter fan it febryk yn Maeije in tige moaije taspraek tsjin de leden hâlden hie oer koöperaesje (samenwerking), doe húnde de tsiismakker: as dy boeren nou mar ris in heale dei kamen om mei ús ‘samen te werken’, dan hiene wy ek nochris tiid om út to pûsten.
Mar yn 'e winter wie der mear tiid; dan waerd ek alles neisjoen en skjin makke en sa. En it tsjettelbikjen waerd ek sa folle as it koe dien yn tiden, dat it net al to drok wie.
Fjouwer jongkeardels diene dat meiinoar. Der wie doe noch mar ien tsjettel, en sadwaende moast it yn 'e nacht dien wurde. Dêr waerd fanwege it ryk taforsicht op hâlden, hwant as der to folle stien ynkomt, bringt dat gefaer mei. Mar dat brocht ek mei dat de tsjettel gleon hyt wie, as it bikjen bigong.
Dan siet men dêr mei in kearske op 'e fjûrgong, omtrint as in man op it hynder, mar de broek waera al gau sa waerm, dat men der wer út moast. Sa leine der hieltiid trije fan 'e fjouwer man boppe, en eltse fiif menuten waerd der wiksele.
Soms woe it bikjen heislike min, dat lei him dan oan it wetter, en ek wolris hwat mei oan 'e machinist, dy't net goedernôch soarge hie, dat der alle moarnen in soarte fan poeijer ynkommen wie, dat it oansetten fan stien tsjin gean koe. En as it tsjin de moarn roun en der jit gjin Ynspekteur to sjen wie, dan kaem der as de wjerljocht in potsje mei potlead by, om alles dêr hwat mei yn to wriuwen. As de Direkteur dan kaem,
| |
| |
wie it ornaris al heech tiid, dat de tsjettel wer fol moast, en ljochte dy efkes mei it kearske troch it mangat. Nou dat like dan kreas fansels, krekt in ynsmarde kachel, mar dat smarsel siet oer stikken tsjettelstien hinne fan komsa. Sa gyng it net altyd, mar it barde dochs wolris.
Ien kear hellen dy mannen it út, dat se gyngen to hofkesjongen, midden yn 'e nacht. It bikjen woe min, de tsjettelstien siet tige fêst, en it wie yn 'e lette neisimmer.
De fjouwer jonge mannen wiene stik foar stik sa earlik as goud, mar hoe en hwat, dat docht der net ta, mar hja rekken oer it hege skut mei in bêste Solarlantearne. Prommen, parren en iere apels waerden aerdich hwat meinommen, en goed weistoppe.
De dei wie noch net botte âld, doe wie de Direkteur syn húshâldster der al. Dat wie in âld fornim; hja seach trije, fjouwer kanten tagelyk út, en woe Jelle en de oare mannen wolris hwat freegje. En wol, of dy ek hwat fornaem hiene tonacht. Der wiene guon yn it tún west, en dy hiene gâns meinommen en... hja wist wol, dat Jelle en syn maten soks net úthellen, mar de buorfrou woe de pelysje der efteroan sette, en miskien koe de iene of oare oanwizings jaen. Der siet noch in stikje fan in blauwe seilbokse yn in spiker fan it skut...
Nou, de iene seach noch earliker as de oare; nimmen sei folle, mar der waerd hwat oan 'e skouders lutsen, en earst stiene alle fjouwer mei it antlit nei de juffer ta, sadat dy sjen koe, dat de seilboksen fan foaren allegearre hiel wiene, en doe kearden se harren tagelyk om, en gongen hja mei it gat fiks efterút stean, sadat de juffer tsjin fjouwer pear stuten tagelyk oanseach. Doe skrepte it minske mar gau om fuort,
| |
| |
en de masinist helle syn âld stikken broekje út it laed wei, en dat gong dalik ûnder de tsjettel. As de pelysje dan noch al kaem, wie der gjin biwiisstik. Nou dy kaem net, en dat roun dus goed ôf.
Mar de earste bûtermakker lies harren it leksum op. ‘Dan miene jimme soms ek noch, dat jimme great binne, en dan sokke ûndogenske kweajongesfiten. As it wer bart, en ik kom der efter, meitsje jim dan mar klear...’
De man hie gelyk, mar...
In wike of hwat letter moasten Jelle en Sytse mei de Direkteur nei de stêd, om tsiis oer to laden. It wie al joun, en hja fytsten sa hurd as it koe foar de wyn ôf. Alles gyng op 'e hinnereis goed, en doe't hja yn 'e stêd kamen, wie de tsiis al oerladen troch de mannen fan 'e stomboat.
Mar doe tsjin 'e wyn yn. Der lei tige skerp makadam op 'e wei, en Sytse syn bân koe der net tsjin. Doe rinne. Einliks seagen hja ljocht. Dat kaem út in lyts herberchje. Dêr op oan, en de fytsen mei yn 'e tapkeamer.
Om 'e tafel sieten wol in stik of seis jongkeardels, mar net ien fan allegear hie de iene of oare fortarring foar him. Hja sieten stil byelkoar to smoken. Nou, der wie ien by, dy koe in bân lapje, en it gong him ek tige handich ôf. De Direkteur, Sytse en Jelle dronken elts in kopke kofje, en de Direkteur woe de fytslaper ek bitelje. Mar né, dy woe neat hawwe. Nou, dan woe de Direkteur allegearre traktearje. Dat koe en... doe kamen de romers ûnder it swilk wei, dat oer de tafel lei, en der ek by del hong, foar it ljocht. Dy waerden doe handich leechstutsen en troch de kastlein wer folgetten.
Mar doe moast Sytze witte, hoe't de romers dêr sa
| |
| |
gau weimoffele wurde koene. Om it fjouwerkant fan 'e tafel hinne, in pear hânbreedte ûnder it blêd, siet in kreas listke. Sette men dêr de romers op, dan hong it swilk der oer hinne, en wie gjin romer to sjen... Dy jouns kamen de Direkteur, Sytse en Jelle net sa ier thús, en se hiene tige traepje moatten, mar fierders wie dan ek alles yn oarder.
In hoartsje letter hie de Direkteur in akkefytsje, dat minder ôfroun. Der waerd in nij tsiispakhûs by it febryk boud, en dat skeat net rjocht op. En it bigong al tsjin 'e Maitiid to rinnen, dat sadwaende barnde it op 'e neil. Op in Freedtomiddei kaem de baes thús, en... doe leinen de fjouwer timmerfeinten heal dronken yn 'e spuonnen to sliepen. Dalik waerd de oannimmer opbelle en in goed heal ûre letter, wie dy der op syn motor.
En doe namen de oannimmer en de Direkteur de feinten tige ûnder hannen. Mar hwat barde in skoftsje letter?
Doe moast de Direkteur yn 'e omkriten fan Stienwyk wêze, mei noch in kollega fan him. Dêr metten se ien fan dy timmerfeinten, en de Direkteur frege him it paed en sei ek, hoe let as hja dy joune wer by 't spoar wêze moasten. Ja, dat koe jit goed hinne en werom, andere de feint, en dy wiisde harren de wei nei Frederiksoard.
Doe't de beide Direkteuren werom kamen, wie it neare nacht, en ticht by Stienwyk waerden hja oanrand. Beide waerden fan 'e fyts ôfskuord, en biljochte mei in fytslantearne. En... doe waerd Jelle syn Direkteur dêr ôfbruid, lyk as him noch nea earder yn syn libben bard wie. Skoppe en mei de folle fûst yn 't antlit tramtearje, de ein wie der fan wei. De man hat wol in wike kreupele, en seach der út,
| |
| |
as in bokser nei de foarstelling. En... de oare barde niks; dy waerd allinne fêst hâlden. It wie in keppeltsje heal dronken jonge mannen, mar allegearre frjemden. Nou, dêr rekke de marsjesjé efteroan, mar dy koe niks útfine.
It soe wol bard wêze troch ‘De zwarte bende’ sei hy. Dat wie in ploech tige rouwe mannen, dy't elken-ien ôftichelen, as hja der in liif fol jenever mei fortsjinje koene. Der waerd tocht, dat de timmerfeinten in pear flesfollen jown hiene, om sa wraek op 'e Direkteur to nimmen....
Yn 'e selde snuorje moast Jelle him oanjaen foar de tsjinst. Dêr moast in frije dei foar nommen wurde; oars soe Jelle spulbrekker wêze, en dat woe er foar syn âlde skoalkammeraten lang net. En bûtendat, hy hie der ek wol sin oan.
De moarns, al yn tiids, setten se ôf; tige sjonge en balte fansels, en alle herberchjes oan. En dan mei de lange piip yn 'e holle wer fierder. En by de boeren oan, om 'e piip to stopjen. Jelle brûkte gjin sterke drank, mar de oaren wol. Lykwols dy bleauwen ek wol aerdich fris. De kastlein seach ek wol, hokker folk er foar hie, en soe syn spul op sokke dagen wol hwat fortinje. Dêr die er dan teffens goed wurk mei, en reinwetter is net djûr.
Yn 't gemeintehûs moasten hja in skoftke wachtsje, en doe gyng it dêr al gau oan it mâljeijen en oangean. Dêr skynde de Boargemaster gjin nocht oan to hawwen, hwant dy kaem as in snoek troch in doar sjitten en grypte ien fan de jonges yn it boarst. Hy fûtere flink en praette oer in pear dagen op brea en wetter. De jonges stiene suver forbûke. Dy hiene der net om
| |
| |
tocht, dat de Boargemaster harren dat bytsje oangean sa kweaôf nimme soe.
De stilte sloech der daliks yn, mar doe't hja klear wiene, setten hja hurd ôf. En hja founen dat earste trammelantsje, dat einliks dochs oan 'e soldaterij fêst siet, neat net aerdich.
Jelle, hat it ‘apepakje’ nea om 'e lea hawn, mar Pier wol, en tusken '14 en '18 hat him dat jierren fan syn libben koste... Jelle wie bliid, dat hy der sa foar wei rekke, mar koe it dochs net goed krije, dat de iene alles, en de oare neat fan dy lêst to toaijen krige...
|
|