| |
| |
| |
Keapman
Jelle en syn kammeraet Pier kamen togearre út skoalle.
‘Nou bin wy mei gauwens trochleard, hin?’ sei Pier. ‘Ja,’ sei Jelle ‘wy binne ek al gau alf jier.’
‘Hwat wolste wurde?’ sei Pier. ‘Sille wy togearre mei de kuorren rinne?’
‘Hoe komste dêr sa by?’ frege Jelle.
‘Ja, nou, wy moatte dochs hwat. En om by de boer, dat liket my ek net alles ta. As wy bigjinne to suteljen, fortsjinje wy ek gau sa folle, oars net?’
‘Ja,’ sei Jelle, ‘dêr haste gelyk oan. Nou lit ús it mar ris bisykje.’
‘Dan moatte wy ús beide memmen daliks mar freegje,’ sei Pier. ‘As it harren nou mar noasket.’ En tige biret setten hja togearre de stap der yn; earst nei Pier syn Mem. Dy seach beide jonges earst al efkes forheard oan, mar doe kaem it resolút en koart:
‘Fan my mei it wol, tominsten, as Heit it goed fynt; en Jelle syn Mem fansels ek. Dêr moatte jimme nou earst mar hinne to freegjen.’
Mar dy wie sa flot net.
‘Hwer woene jimme dan mei sutelje!’
‘Nou,’ sei Pier, ‘ik tocht fan mei hânskrobbers en lúsjefers. Dat spul kostet ek net sa folle.’
‘Kom, dat is sa'n earme negoasje. Dêr rinne de bern út de Westerein ek mei, dy't hjir nou en dan op bleate fuotten en mei gatten yn 'e klean komme.
| |
| |
Ik wit net, wy moatte der yn elk gefal earst noch ris oer prate, meiïnoar.’
Dat foel dus net ta, mar... der waerd praet en oerlein, en... doe mocht it. Om mei alf jier al by de boer, dat griisde harren ek hwat oan, en sokke jonges to folle ledich rinne litte, dat koe dochs ek net? Doe moast der ynkoft wurde, fansels.
Nou, dêr hie Jelle syn mem wol aerdich each op. En hja koe inkelde winkellju to Ljouwert tige skoan. F'râl Harm Dieters, Kuhlmann, en de théhannel Dykstra. Hwant dat der hwat oars yn 'e kuorren moast, as hânskrobbers en lúsjefers, dêr wiene allegearre it gau oer iens.
De jonges hiene dat ek mar útsteld, om't se tochten, dat it hanneljen yn tige goedkeap spul foarfêst gjin greate stroppen jaen koe.
Der waerden twa kuorren oanret, en in greate en in lytse tromp.
Kofjebeane en thé mochten net yn 'e selde tromp, seine de memmen, hwant dan gyng de smaek der fierstofolle ôf. Dêrom kamen de kofjebeane apart yn in lyts trompke, en de thé, mei sûker, klûntsjes, pudding en mear fan dat spul yn 'e greate tromp. En yn 'e kuorren kaem stopjern, naeijern, dweilen, skûteldoeken, bân, kralen, spjelden, nullen, lapkes, wriuwersguod, tabak, en noch wit-hwat.
En dan fansels mear soarten fan tabak, kofjebeane, thé, ensafuorthinne.
Ja, en ek healpounen en pounen tabak, beide fan Takonis, fan de alderbêste, dy't Master smookte. Acht stûren it poun! Mar ek Reinouts van Haga, foar sawn stûren, en noch in oar soarte fan in kwartsje it poun, ek tige bêst fansels, mar dochs hwat minder. En doe't it hjerst waerd, kaem der noch
| |
| |
tabak by fan fjirtsjin sinten it poun. Dy wie net bêst, mar de boeren makken der wol tabakswetter fan, as de kij op 'e stâl stiene en luzen hiene. Yn ien kear wiene de bisten dat reau dan kwyt.
Earst hiene hja fan 'e tabak allinne mar healpounen, mar al gau learden se, manlju, dy't folle smookten, woene pounen hawwe. Fan ien poun bleau safolle fine rommel net oer, as fan twa healpounen, seine dy. Mar oaren, dy't de piip safolle net oan hiene, woene net mear as in healpoun tagelyk hawwe.
Der waerd in krite fêstlein fan seis doarpkes. Yn al dy doarpen wenne goekunde fan Jelle en Pier harren âlden, en dêr koene se dan freegje, hwat klanten se bisykje soene.
De earste reis gyng troch it eigen doarpke!
Dat barde op Sneontomiddei, hwant to'n earsten soene Jelle en Pier ek noch hwat op skoalle bliuwe, en it doel wie, om bûten de Woansdeitomoarn net mear as ien dei to forsomjen.
In keapman moast dochs ek hwat mear leare, as in lânwrotter?
Dy earste deis! It wie harren oplein, dat se earst nei de boerinne moasten dêr't de beide heiten folle yn 't wurk wiene. Dy hie fansels ek al heard, dat de nije firma oprjochte wie; dat giet sa mei sokke dingen, en tomear, as der om 'e gunst stike wurde moat.
De faem seach harren oankommen, en wie slop fan laitsjen.
Nou, doe laken beide jonges ek mar mei fansels. ‘Ja, dat hindert hjir nou neat,’ sei de boerinne, ‘mar by in oar moatte jimme dat net dwaen fansels, hwant dan tinke se dat jimme de gek der mei hawwe.’
| |
| |
Ja, dat hiene de memmen ek al sein. Mar it wie wol om to laitsjen, twa jonges fan noch gjin alf jier, en beide ek noch lyts en bihindich. De iene mei in greate koer en tromp oan it jok en de oare mei in lytsere koer yn 'e earm, en in lyts trompke mei kofjebeane yn 'e hân...
Dat hiene de memmen ek sa útfoun, hwant dan koene de jonges ris wikselje.
‘Nou en hoe giet it mei it forkeapjen?’ sei de boerinne.’
‘Wy hawwe noch nearne west; wy moasten hjir earst hinne, sei ús mem,’ wie it andert.
‘Mar jimme bin dochs al in pear huzen foarby kaem, ha jim dêr net oan west?’
‘Né, wy woene hjir ek leafst earst hinne.’
Nou dat noaske skoan.
‘Dan sil ik mar in goed bigjin meitsje,’ sei it minske. En hja koft de beide keaplju aerdich hwat ôf.
En doe fierder fansels.
In pear skoallekammeraten skelden harren út foar kuorkerinders, mar dêr koene se goed tsjin. En de earste dei wiisde fuort aerdich goed.
Beide keaplju sieten op 'e hûken krekt as bolrinderswyfkes. en feilden om bar út. ‘Moaije sûker, in stoater it healpoun!’
‘Klûntsjes fan fjirtsjin sinten, en moaije slypstientsjes foar sechstsjin en foar sawntsjin sinten.’
‘Thé foar tolf, foar fjirtsjin en foar sechstsjin sinten it ûns.’
‘Moaije reaven jern foar sechstsjin sinten. Lytse skûldoekjes foar seis sinten, en dy bliuwe ek moai wyt. Skier ketoen foar sawn sinten de jellen, mar it is inkelde breedte. Grize dweilen foar sawntsjin sin-
| |
| |
Twa lytse keaplju op 'e sutel.
| |
| |
ten, en moaije wite foar trije en tweintich sinten... ‘Ja, mar jimme moat net tagelyk, dan kin ik jim net folgje,’ sei in jongfaem, dy't húshâldster wie by har heit.
Né, dat wie ek sa, en dat learde ek al gau, mar fansels, as de iene oan it wurd wie, dan koe de oare him min stil hâlde. Dy woe dochs ek forkeapje?
De jouns waerd alles opskreaun. Mei de winst der efter. Oan 'e sûker waerd oardel sint fortsjinne, oan de klûntsjes twa sinten, oan 'e tabak trije sinten. Dat moast einliks in stûr wêze, nei de gongbere prizen, mar nije keaplju moatte wol in bytsje ûnder in oar. Oars komme se der net yn.
Fracht waerd der net rekkene; it measte hellen hja sels rinnende út de stêd. Dat joech dan meiïnoar sa'n fjouwer ûren bokseljen, mar dêr koene se beide wol tsjin, en mei lear ûnder de klompen hiene dy ek net folle to lijen. En dy reiskes koene jouns noch makke wurde, hwant de winkels yn 'e stêd wiene wit-hoe let noch iepen yn dy tiden.
En doe't alles in bytsje roun, fortsjinnen beide jonges elk yn treddel dei sahwat in daelder wyks. Harren heiten moasten lange dagen meitsje foar skraech seis goune wyks, en dêrneffens wie de fortsjinst mar bêst, founen de âlden.
Beide maten koene skoan opsjitte, mar in inkelde kear rekken se dochs wolris deilis. En... der waerden ek wolris fiten úthelle. En soms learden hja de minsken ek wolris fan in minder noflike kant kennen. Soks koe net útbliuwe fansels.
In âld-slachter, dy't al jierren smoar brocht, en soms in stikje spek of skieppeflesk, mar dy't syn affearen krekt oan kant dien hie, om boer to wurden, stie al
| |
| |
foarút as in bêste klant oanskreaun. Dat wie sa'n aerdich man, en dy koe sa gesellich prate, as er in kopke kofje by de jonges harren âlden dronk.
En de jonges moasten doe tsjin him sizze fan ‘Omke’, omt it ek noch in bytsje femylje wie.
Mar, nou't se om 'e gunst kamen, like de freonskip út to wêzen. Dat lei him meast oan 'e frou's kant. It minske gyng foar hwat in njirre, en as de beide keaplju it hiem opkamen, dan kloppe hja oan 't finster, en stie krekt salang to skodholjen, dat de jonges mar ôfsetten.
Ek oare tsjinslaggen bleauwen net altyd út. In kear kamen hja by in frou dy't tige sin oan in lapke hie. Der siet krekt genôch oan foar in boesgroentsje, mar om't it foar in jonge wie, koe hja it wol mei in heal jellen minder dwaen.
Mar Pier en Jelle hiene it leksum goed mei krige: oppasse, dat der gjin skealik lapke oerbliuwt, hjer; hwant dêr kin nimmen hwat mei.
Sadwaende waerd der ôfpraet, dat se de oare wyks in lapke meinimme soene lyk as de frou hawwe woe, dus in heal jellen lytser. Dat koene se dan yn Ljouwert wol fan in rôlle ôfknippe litte.
Mar, doe't se wer kamen, wie de frou it net mear nedich; hja hie yn 'e tuskentiid sels al in lapke koft en de beide keaplju bleauwen sitten mei in lapke, dêr't gjin manlju's boesgroentsje út koe. Letter is dat mar brûkt foar in bruorke, mar aerdich wie it dochs net.
Soks soe in folwoechsen man of frou net sa gau oerkaem wêze, mar sokke jonges doarst men hwat better oan. Dêr hiene hja ek wolris lêst mei, as se yn 'e stêd kamen. Se hiene dan faek forskate dingen nedich, en kamen der dan dames, dy't mar in lyts
| |
| |
boadskipke hiene, dan waerden dy earst holpen. En as der dan in stik of hwat efterinoar kamen dan wie soks wolris hwat fortrietlik.
Op in moarn doe't se wer in rounte om soene, reinde it dat it eazge. Efkes wachtsje dus. Mar it hâldde mar oan, en de jonges joegen net safolle om hwat reinwetter, mar de kuorren wiene fan boppen ek min alhiel wetterticht to hâlden, en sa soe it spul ek forreine kinne. Dat koe net fansels en de reis waerd in dei útsteld.
Nou, dat moast dan mei de klanten forpraet wurde, en de measten seine ek, dat hja it wol bigrepen hiene; it wie gjin reisber wae[...] juster.
Mar in rike boerinne, dêr't hja meast ien pakje thé fan sechstsjin sinten forkoften, stjûrde harren nou foarby. Hja hie op harren rekkene, sei hja, en trochdat se wei bleaun wiene hie hja sûnder thé sitten. Hja koe allinne mar keaplju hawwe, dêr't hja op oan koe...
Der wiene ek minsken, dy't de jonges noch wolris boadskippen mei joegen. As dat in briefke wie, dan wie dat gjin biswier, mar it wie ek wolris in pakje en soms gâns in gewicht. As hja der dan in ûre mei sjouwe moasten, dan smakke dat de beide bazen minder, hwant hja wiene al tige bipakt en biladen, en dan kaem soks der op ta.
Sa hiene de jonges soms wolris to kleijen oer guon fan harren klanten, mar se hellen sels ek wol ris forkearde fiten út. Mâlfarjen sit sokke jonges yn 't bloed sa't it liket.
By in bêste klant soe Pier in dweil útfeile. Hy lei op 'e knibbels en hâldde de dweil mei beide hannen op twa hoeken beet, sadat syn antlit der efter wei skûle.
| |
| |
‘Bêste dweilen, Pytsje,’ sei er. ‘Mar trije en tweintich sinten.’
En doe stiek er efter de dweil de tonge út. Jelle seach gau in oare kant út, en woe it spul hwat forbjusterje, mar de frou hie it al sjoen.
‘Ik sjoch wol, datst my de gek oanstekste,’ sei hja. It wie mar lokkich, dat it dêr mei ôfroun. Hja skynde noch al hwat fan jonges forneare to kinnen.
In oare kear kamen hja by in boer, en in famke, sahwat like âld as Pier en Jelle wie dêr oan it glêzewaskjen. Hja koe it net litte, en smyt harren mei hwat wetter om de earen. Mar doe setten de jonges op 'e amer ta, en hja krige ek har part. Dat wie mis. De boerinne sei, hja hoechden der net wer to kommen. Hja koene harren plak noch net, fansels. (Lykwols, in skoftke letter kaem dat âldergeloks wer yn oarder; ien fan 'e beide memmen hie doe mei de boerinne praet.)
Ornaris koene de beide keaplju it tige skoan meiinoar fine, mar it heakke dochs ek wolris in kear, en op in neimiddei, doe't se mar in ketierke rinnen mear fan hûs wiene, rekken se slaende deilis.
Jimme wiene oan 't fjochtsjen as jonge hoannen, sei in arbeider letter tsjin Jelle, en de âlden skynden dêr ek efter kommen to wêzen.
Dat wie in raer ding! Op sa'n manear soene hja gau út 'e gunst wêze, en... doe waerd bisletten, dat de firma moast mar ûntboun wurde.
Dat barde dan ek. Alles waerd tige yn goedens oerlein, en der waerd ôfpraet, hja soene elk om 'e oare wike de krite rinne.
Dat koe krekt as de greate koer en de greate tromp mei oerliz pakt waerden, mar de kofje yn it lyts trompke moast dan dochs noch apart bliuwe.
| |
| |
De mannen wiene lykwols twa jier âlder wurden en dus navenant sterker. Doe die it bliken, dat it aerd út-inoar roun; Jelle roun altiten as in ljip en Pier naem it hwat kalmer op, en praette hwat langer by de minsken. Licht mochten de froulju it leafst oer Pier, dy't moai wiis riddenearje koe, mar yn it forkeapjen makke it dochs net folle forskil.
Mar it wie dochs sa, dat Jelle net sa'n bulte nocht mear oan 'e affearen hie, en doe't er in kear by de boerinne oan 'e Feartshoeke kaem, sei dy, hja moasten in nije lytsfeint hawwe.
Jelle kaem rounom, en nou woe hja wol, dat dy dat hjir en dêr sei.
Nou, dat koe wol fansels. Hy forhelle dat dy jouns thús, en sei der heal gekjeijend by: ‘Dêr moast ik mar hinne.’
En... hwat er alhiel net forwachte hie..., dêr gyng Heit daliks op yn. Mem wie der tsjin, mar Heit foun, Jelle waerd nou mei gauwens fjirtsjin jier, en dat by de dyk rinnen, dêr fielde er einliks ek net foar. Jelle hâldde him great; hy hie der net oer prakkesearre, dat it sa rinne soe, mar om nou to sizzen, dat er dochs folle leaver hwat thús bliuwe woe, né, dat kaem him ek yn syn eare, miende er.
En sadwaende rekke Heit nei de Feartshoeke, en waerd Jelle dêr bistege as lytsfeint foar tritich goune yn it jier; boppe de kost fansels. En mei Krysttiid in wike útfanhûzjen.
Dat waerd om nijjier hinne ôfpraet. Mem soe him forgees biwaskje en bilaepje, en dan koe hy fan dy tritich goune noch wol hwat oersparje, waerd der ornearre.
Sadwaende waerd Jelle keapman ôf, en de saek
| |
| |
gyng op in jongere telch oer. Mar dat barde fansels net earder as mei âlde Maeije.
En dy Maitiid koe er to'n earsten syn hert jitris tige ophelje oan it aeisiikjen. Dêrfoar krige er mear tiid, as ea earder it gefal west hie, omt der as boerefeint wol net safolle mear fan komme soe.
Nea hat hy it swalkjen troch it lân moaijer foun, as doe.
Mar dat wie it dochs net allinne. As de ljurkjes omheech kliuwden en dêrby sa ynmoai songen, as de âld hij oer it lân saeide en dûkele, as de skriezen harren sjongsum grito rôpen, en de tsjirkjes harren tútú, nou, dan gyng him it hert iepen. Toarst krige er niea yn it lân; dan kôge er mar op sûrstallen. Dêr waerd de mûle fris en wiet fan. Mar honger! As er in hiele moarn omswalke hie, dan iet er Aken en Keulen op...
De boeren fûteren wolris; f'râl as it moarns hwat rypt hie, hiene dy der mar it mier oan, dat der sa drok yn it lân omroun waerd. Dat joech mar swarte paden yn 'e greide, en dêr rekke it gêrs troch efterop. Mar it lân forbiede, dat diene hja dochs ek net; dat soe harren ek kwea-ôfnomd wêze. Aeisiikjen wie in soarte fan sport, en dêr moast earm en ryk syn part fan nimme kinne.
En jouns waerd der nochris aeisocht, mar dan yn 'e einekuorren. Yn Leechterp wiene sa'n soarte fan doarpseinen, en elk, dy't in lyts bytsje bûten it doarp wienne, lei in mannich einekuorren út.
As it hwat goed gie, dan krigen se dêr in skoftsje wol sa'n stik of seis, sawn einaeijen yn. De lêste lêch mochten de eintsjes fansels útbriede, mar yn it lêst fan Maertmoanne en yn Gersmoanne krigen Jelle en
| |
| |
syn bruorren en susters Sneintomoarns elk in heal einaei op it brea. Dat wie dan in hiele pré fansels. En it aeifandeljen sels wie ek moai wurk.
|
|